Lac Seul Earste Naasje

(Trochferwiisd fan Lac Seul Reservaat 28)

De Lac Seul Earste Naasje (Ingelsk: Lac Seul First Nation; Odjibwa: Obishikokaang) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it westen fan 'e provinsje Ontario. Dizze 'earste naasje' (in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep) waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1873, en hie neffens gegegevens út 2008 doe mear as 2.800 leden, dy't etnyske Odjibwe binne. It haadkertier fan 'e Lac Seul Earste Naasje is fêstige yn it plak Hudson.

Lac Seul Earste Naasje
Ingelsk Lac Seul First Nation
lânseigen Obishikokaang
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Ontario
haadkertier Hudson (Ontario)
etnisiteit Odjibwe
ledetal 2.837 (2008)
oprjochting 1873
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Lac Seul Reservaat 28
lokaasje westlik Ontario
oerflak 239,1 km²
ynwennertal 872 (2011)
offisjele webside
lacseul.firstnation.ca
kaart
Lac Seul Earste Naasje (Ontario)
Lac Seul Earste Naasje
Lokaasje yn Ontario.

De namme fan 'e stamme, Lac Seul, is Frânsk foar "iensume mar", en is ôflaat fan 'e mar Lac Seul, dêr't it reservaat fan 'e stamme oan grinzget. Dy beneaming is lykwols wierskynlik in foute oersetting fan 'e Odjibwe-namme fan 'e mar, it argayske Obishikokaang, dat eins safolle bestjut as "fersmelling fan it wetter dêr't rûnom weymouthdinnen groeie" (yn modern Odjibwe: Obaazhingokaang).

De Lac Seul Earste Naasje is sitewearre yn it mânske Kenora Distrikt fan noardwestlik Ontario, sa'n 56 km noardeastlik fan 'e stêd Dryden.

It reservaat fan 'e Lac Seul Earste Naasje is it Lac Seul Reservaat 28 (Ingelsk: Lac Seul 28 Reserve; Odjibwe: Obishikokaang), dat oan 'e súdlike igge fan 'e mar Lac Seul leit. It hat in totaal oerflak fan 239,1 km², en wurdt bestjoerlik oan hast alle kanten omjûn troch it Unorganisearre Kenora Distrikt (d.w.s. it gemeentefrije part fan dat distrikt), behalven yn it súdeasten, dêr't it grinzget oan it stedsje Sioux Lookout. It reservaat omfiemet trije wenkearnen. Frenchman's Head is berikber oer de wei en leit likernôch 40 km noardwestlik fan Sioux Lookout. Whitefish Bay is sûnt koarten ek oer de wei berikber en leit op 50 km fan Sioux Lookout, wylst Kejick Bay, dat oer de wei, oer it wetter en troch de loft berikber is, dêr sa'n 60 km fan ôf leit.

De leden fan 'e Lac Seul Earste Naasje binne etnyske Odjibwe (Ojibwe), ek wol bekend as Tsjippewa (Chippewa), in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep is yn 'e krite fan 'e Grutte Marren fan Kanada en de Feriene Steaten. De stamme hie yn 2001 2.837 leden, wêrfan't neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 872 permanint yn it reservaat wennen. Fan 'e trije wenkearnen fan it reservaat hawwe Frenchman's Head en Kejick Bay beide in befolking fan krapoan 400 minsken, wylst yn Whitefish Bay likernôch 100 lju wenje. Histoarysk wie der in fjirde wenkearn, Canoe River, mar dêrfan binne de ynwenners yn 'e 1970-er jierren ferfearn nei Kejick Bay. It haadkertier fan 'e Lac Seul Earste Naasje stiet yn Hudson, in plak fuort bûten it reservaat dêr't in protte leden fan 'e stamme wenje.

Histoarysk ûntstie de Lac Seul-troep nei alle gedachten om't Odjibwe-Yndianen har nei wenjen setten yn 'e neite fan 'e hannelspost fan 'e Hudsonbaaikompanjy, dy't oan 'e noardkant fan Lac Seul fêstige wie. Fuort dêrnjonken stiene oarspronklik sawol in roomske missypost as in anglikaanske tsjerke. De Odjibwe fan 'e mienskip dy't him oan 'e igge fan Lac Seul foarme, ûnderholden harsels mei fiskerij, jacht en pelshannel mei de keaplju fan 'e Hudsonbaaikompanjy.

Yn 1873 waard it Ferdrach Nû. 3 sletten, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten. It Ferdrach Nû. 3 besloech de súdwestlike hoeke fan Ontario en it uterste súdeasten fan it oangrinzjgende Manitoba. Ek de Odjibwe fan Lac Seul sleaten har by dizze oerienkomst oan. Under de betingsten fan Ferdrach Nû. 3 krigen hja harren reservaat tawiisd en beholden se it folle gebrûksrjocht fan harren folle gruttere tradisjonele wengebiet, wat benammen fan belang wie oangeande jacht en fiskerij. Mei it oangean fan dit ferdrach waard ek formeel de Lac Seul Earste Naasje as offisjele stamme-organisaasje troch de Kanadeeske autoriteiten erkend.

Yn 1929 boude Ontario Hydro in keardaam by Ear Falls yn 'e rivier de English, dy't fan Lac Seul in opslachmar makke foar de produksje fan hydro-elektrisiteit. Dêrtroch gie it wetterpeil fan 'e mar oansjenlik omheech, mei as gefolch dat it doarp Kejick Bay op in eilantsje kaam te lizzen en ôfsnien waard fan Whitefish Bay, op it fêstelân. In fierdere stiging fan 'e wetterspegel troch tanommen aktiviteit te Ear Falls twong yn 'e 1930-er jierren in grut tal Odjibwe-gesinnen om te ferhúzjen nei hegere grûn.

Yn 'e iere 1970-er jierren ferfearen fierders frijwol alle ynwenners fan Canoe River en guon lytsere útbuorrens nei Kejic Bay, fanwegen de skoalle dy't dêr doe boud waard. Ek Whitefish Bay ferlear yn dy snuorje in grut part fan syn befolking oan Kejic Bay. De skoalbern út Frechman's Head wiene oanwiisd op 'e Pelican Indian Residential School, in ynternaat, wylst se yn Hudson of Sioux Lookout nei skoalle giene. Pas yn 1978, doe't der in ferhurde wei tusken Frenchman's Head en Sioux Lookout oanlein waard dy't it hiele jier rûn begeanber bleau, waard it ynternaat sletten.

De Lac Seul Earste Naasje wurdt besjoerd troch in opperhaad en in stammeried mei acht sitten. Sawol opperhaad as stammeried wurde troch de leden fan 'e stamme by demokratyske ferkiezings keazen. Fan 'e riedsleden komme fjouwer út Frenchman's Head, trije út Kejick Bay en ien út Whitefish Bay. De Lac Seul Earste Naasje is in lid fan 'e Unôfhinklike Earste Naasjes Alliânsje (Independent Earste Naasjes Alliance) binnen it gearwurkingsferbân fan 'e Nishnawbe Aski Naasje.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.