Legere Lânbouskoalle
De Legere Lânbouskoalle wie in foarm fan beropsûnderwiis út de tweintichste iuw, dy't foarm krige yn 1921.[1] Op it hichtepunt hie Fryslân sa’n 26 legere lânbouskoallen.
Skiednis
bewurkje seksjeLânbouûnderwiis
bewurkje seksjeDe ‘Maatschappij van Weldadigheid’ naam yn 1823 it inisjatyf om in lânbouskoalle te begjinnen yn Wateren. It 'opvoedingsinstituut voor den landbouw' die wol in tal lânboukundige proeven mar it waard nea in modelskoalle, mei omdat der gjin learlingen fan bûten oannomd waarden. Yn 1860 waard it ‘Instituut voor de Landbouw’ opheft.
Yn 1863 waard de Wet fan Thorbecke op it middelber ûnderwiis oannomd. De wet regele it ûnderwiis op de destiidske hegere boargerskoalle. De wet late ta de oprjochting fan trije agraryske skoallen yn Watergraafsmeer, Warffum en Wageningen. It jild bleau foar de gemeenten en ynstellings lykwols in probleem sadat de lânbouskoallen yn Warffum (1874) en Haren (1871) ticht giene. It Ryk naam dêrom de Gemeentlike Lânbouskoalle en de Hegere Boarger Skoalle yn Wageningen oer en makke dy ta de lang winske Rykslânbouskoalle. De nije Rykslânbouskoalle waard op 18 septimber 1876 feestlik iepene.
Nei de lânboukrisis fan 1880 waard troch in kommisje ûndersyk dien nei de lânbou yn Nederlân. De minne steat fan de lânbou, it efterbliuwen fan de ûntwikkeling en te min fakkennis waarden as oarsaak sjoen. It late noch net ta de advisearre oprjochting fan winterskoallen en winterkursussen. Wol kaam it yn 1892 ta de beneaming fan in ‘Ynspekteur foar it middelber ûnderwiis, belêste mei it tafersjoch op de lânbouskoallen’.
Yn 1904 waard de Rykslânbouskoalle ferfongen troch fjouwer selsstannige ynrjochtingen, allegear yn Wageningen. Dizze skoallen waarden de Ryks Hegere lân-, Tún en Boskbouskoalle, de Rykslânbouskoalle, de Rykstúnbouskoalle en de Ryks Hegere Boarger Skoalle. De Ryks Hegere Lân-, Tún- en Boskbouskoalle krige yn 1918 it predikaat Lânbouhegeskoalle.
Winterskoallen
bewurkje seksjeIt regear makke yn 1893 jild frij foar de oanstelling fan rykslânbouleararen. De rykslânbouleararen waarden belêste mei de lânboufoarljochting, it hâlden fan foardrachten, it oplieden fan ûnderwizers foar de legere akten lân- en túnbouûnderwiis en it hâlden fan tafersjoch op de jûnkursussen foar lân- en túnbouûnderwiis. Guon rykslânbouleararen krigen letter in taak as direksjelid fan lânbouwinterskoallen.
Deiûnderwiis
bewurkje seksjeFoar 1893 wie allinnich sprake fan jûnskursussen, mei de oprjochting fan de lânbouwinterskoallen kaam der ek deiûnderwiis. Nei de Earste Wrâldoarloch kamen de earste ‘legere lânbouskoallen’. De legere lânbouskoalle wie in fjouwerjierrige oplieding dy’t folge op it sânde jier fan de legere skoalle. It wie in parttime oplieding. Yn it earste jier waard twa dagen yn de wike nei skoalle gien en yn de dêrop folgjende jierren ien dei yn de wike. Nei acht jier leger ûnderwiis waarden learlingen daliks talitten ta de twadde klas. De lânbouskoalle yn Aldeberkeap wie yn 1922 de earste Nederlânske Lânbouskoalle. [2] It lânbouûnderwiis wreidde him bot út. Deiûnderwiis stie heger oanskreaun as kursusûnderwiis. It lespakket bestie earst út 24 oeren mar yn 1968 waard dit 35 oeren wyks. Yn 1955 hiene fan de Fryske bedriuwshaden yn lân- en tunbou âlder as 35 jier resp. 37 en 55% lânbouûnderwiis folge. Fan de jongere bedriuwshaden 70% (mear as 50% deiûnderwiis). Fan de meiwurkjende soannen fan 25 jier en âlder wie dat 85%, 50% sels deiûnderwiis. Op de grutte bedriuwen wie de belangstelling it grutst. Oersjoch fan it tal bedriuwshaden mei in lânbouoplieding yn Fryslân per bedriuwsklasse yn 1955:
- 0,5 ha. - 18%
- 5-10 ha. - 33%
- 10-20 ha. - 48%
- 20-30 ha. - 63%
- >30 ha. - 73 %
De Fryske Maatskippij fan Lânbou en it Fryske Kristlike Boeren- en Túnkersbûn joegen algemiene lânboukursussen (twa winterhealjierren mei soms in tariedende of oanslutende tredde kursus). Dêrneist wiene der spesjale lânboukursussen, melkerskursussen (hânmelken), oplieding fóarmelkers, masinaal melken, hân- en fakfeardichheid, motor- en traktorkennis, lânboumasines, spuitsje, plomfeehâlderij, ferloskunde, feefieding, hynste- kij- en lânboukunde. Begjin 1957 hiene de 25 legere lânbouskoallen (3 roomske, 11 kristlike en 11 net-konfesjonele) 1760 learlingen. De learlingen wiene benammen boeresoannen (noch gjin 10% lânarbeiderssoannen, 5% bûten de lânbou steanden). It tal learlingen fan de legere lân- en túnbouskoallen en algemiene lân en túnboukursussen wie yn it noarden leech.
De belangstelling foar túnbouûnderwiis wie nei ferhâlding grutter as dy foar lânbou. Der wiene fjouwer lânbouwinterskoallen (trije ryksskoallen yn Ljouwert, Snits en Drachten en ien kristlike yn Dokkum) mei 318 learlingen (1956-1957). Yn Ljouwert begûn yn 1954 in bysûndere hegere lânbouskoalle (1957 11 diplomearren, 1956 68 learlingen.
It ûnderwiis wreide him nei 1954 út mar it legere lânbouûnderwiis groeide net. In 1954 wiene yn Fryslân noch 25 legere lân- en túnbouskoallen, yn 1964 28 en yn 1973 11. Yn 1964 wiene der 1589 learlingen, yn 1973 717 en yn 1973/1974 817 (it leger beropsûnderwiis telde yn 1973/1974 yn Fryslân yn totaal 15.975 learlingen, it algemien fuortset ûnderwiis 27.220). De skoallen dy 't ferdwûnen wienen op It Amelân, Skylge en Boalsert, Easterwâlde, Reduzum Mitselwier en Berltsum. Yn 1972 begûn in taname fan it tal learlingen (yn 1974 gemiddeld 31 learlingen yn de earste klas). It tal learlingen fan boerekomôf wie yn 1974 46%. Yn 1957 waard it ûnderwiis oan de Middelbere Lânbouskoalle en de Ryks Lânbouwinterskoalle reorganisearre. De Middelbere Lânbouskoallen giene fierder as Hegere Lânbou Skoalle, de Ryks Lânbouwinterskoalle waard ta Middelbere Lânbouskoalle.
List fan legere lânbouskoallen
bewurkje seksjePlak | Fan | Oant | Adres | Bysûnderheden |
---|---|---|---|---|
Aldeberkeap | 1921 | 1967 | [3] | |
Bakkefean | ±1946 | 1963 | fusearre mei Drachten | |
Balk | 1930 | 1974 | Wilhelminastrjitte 68 | kristlik [4] |
Beetstersweach | 1954 | 1967 | Commissieweg 3 | fusearre mei Drachten |
Berltsum | 1965 | 1971 | ek túnbou | |
Boalsert | 1932 | 1966 | Gasthuissingel | |
Bitgummole | ±1955 | 1965 | ||
Bûtenpost | nei 1948 | Foarstrjitte, letter Prof. Wassenberghstrjitte | kristlik | |
Burgum | 1949 | 1966 | kristlik | |
Dokkum | 1949 | 1968 | earste kristlike winterlânbouskoalle | |
Drachten | 1922 | 1955 | ||
Easterwâlde | 1936 | 1972 | ||
Frjentsjer | 1927? | 1990? | Willem de Swijerleane 4 | |
It Hearrenfean | 1928 | 1990 | Skâns, letter Coehoorn van Scheltingawei 3 | 1990 |
Kollum | 1949 | |||
De Lemmer | 1943 | 1965 | [6] | Nijbou yn 1958 |
Lies (Skylge) | 1949 | 1972 | ||
Lippenhuzen | 1944 | |||
Mitselwier | 1927 | 1972 | Stationswei 23 | |
Mearum/Ferwert | 1939 | 1963 | fusearre mei Drachten | |
Moarrewâld | 1953? | 1968 | ek lokaasje yn Rinsumageast | |
Nes (It Amelân) | ±1972 | opgien yn in skoallemienskip | ||
Reduzum | 1946 | 1968 | De Greidhôf - Haadstrjitte | |
Sint Nyk | 1949 | 1994 | roomsk | |
Snits | 1942 | 1959 | ||
Steggerda | 1930 | 1962 | Ryks/roomsk? | |
Surhústerfean | 1949 | 1964 | fusearre mei Drachten | |
Warkum | 1949? | 1973 | kristlik | |
Wolvegea | 1942 | earste lessen yn Nijlemmer, nijbou yn 1951 en útwreiding yn 1958 | ||
Wytmarsum | 1970 | 1991 | Gysbert Japikswei | fusearre mei Snits |
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|