Meidogger oerlis:Swarte Kees/Argyf6
Request for translation. Yanka Kupala and Yakub Kolas
bewurkje seksjeWarm greeting from Belarusian Wikipedia! This year we celebrate 130. birthday of Belarusian great poets en:Yanka Kupala and en:Yakub Kolas Could you help us to translate articles into your unique and honourable language? Thank you in advance!--Rymchonak 16 jan 2012, 12.56 (CET)
Topside
bewurkje seksjeGoeijûn. Yn 2011 sille wy it plan wer oppakke foar de stjerartikels, topside neamd op ús wikipedy. Earder is de side wikipedy:topside al oanmakke, wêr't alle topside bymekoar te stean komme. Hjoed haw ik de side wikipedy:kandidaatsiden makke, hjir kin troch de meidoggers stimd wurde oer of't in side al as net de namme 'topside' fertsjinnet. Graach soe ik fan jo hearre wat jo tinke fan it plan en of't der noch op- en oanmerkings binne. Jo kinne jo kommentaar hjir spuie. J'88 3 jan 2011, 20.57 (CET)
Topside logo
bewurkje seksjeGoeie Kees! Foar de Topsiden woenen wy graach in gouden pompeblêd hawwe, is werris wat oars as in stjerke. No haw ik fan Commons in pompeblêd helle en folslein goud makke, mar ik bin sels net heul handich mei dat soarte saken. Ik leau dat jo yn it ferline wol dwaande west binne mei kaartsjes en dat soarte saken. Soene jo ris sjen wolle of jo in gouden pompeblêd meitsje kinne foar de topsiden? Freonlike groetnis, J'88 4 jan 2011, 11.35 (CET).
- Dei J., tank foar it stelde betrouwen. In pompebledsje past folle moaier op ús wikipedy as in stjerke. Ik ha oan de gong west mei oare kleuren en soks slagget wol, mar net sa dat in glânseffekt ûntstiet. By it troch jo bedoelde stjerke is wurke mei meardere soarten giel, mar soks slagget my net. Op himsels is it goudgiele stjerke ek wol goed tinkt my It kin letter altiten ferfongen wurde troch in noch bettere as dy beskikber komt. Ik sil nochris om my hinne freegje oft der ien is dy't soks oanmeitsje kin. Groetnis,
--Swarte Kees 9 jan 2011, 08.07 (CET)
- Goeie Kees. Ik haw de side dy't jo rekommandearren besjoen, mar kin net in goeie kleur útkieze. Se hawwe allegear wol wat. Misskien dat wy it yndied hjir earst mar by litte moatte. It sjocht der aardich út en yn de takomst kin it yndied sa feroare wurde. Tank foar de muoite yn elts gefal! J'88 9 jan 2011, 19.39 (CET)
Tank
bewurkje seksjeTank foar jo reaksje! Ik ha it oanpast. Groetnis, J'88 14 jan 2011, 19.48 (CET).
Utlizzen fan triedsjes
bewurkje seksjeJo hawwe der yn elts gefal foar soarge dat de drompel om mei te dwaan foar my ferlege waard. Drewes 23 jan 2011, 18.35 (CET)
- Goed om te hearren. En jo hawwe sels ek al wer wat triedsjes útlein foar oaren. Groetnis, --Swarte Kees 23 jan 2011, 18.37 (CET)
Sjipsop
bewurkje seksjeJo hawwe ek oeral ferstân fan. Gr. Drewes 27 jan 2011, 23.06 (CET)
dûbele siden
bewurkje seksjeJûn Kees, ik ha sjoen datsto twa kear deselde siden oanmakke hast Duerswâlder Heide en Duerswâldster Heide. Gr. --Geoffrey 30 jan 2011, 18.50 (CET)
- se wienen suver hast gelyk, tank foar it omtinken, groetnis, --Swarte Kees 30 jan 2011, 22.46 (CET)
Goedejûn Swarte Kees, neffens my hasto twa deselde siden oanmakke, nammentlik Stichting Alde Fryske Tsjerken en Stifting Alde Fryske Tsjerken. Groetnis fan MeinRei 6 feb 2011, 20.13 (CET)
- Tige tank MeinRei, it is wat mei al dy tsjerken,--Swarte Kees 6 feb 2011, 22.34 (CET)
Kategory Side fan de wike 2011
bewurkje seksjeGoeiejûn Kees,
Ik tink dat ik wit hoe't it komt dat dêr hielt in blok by de side van de wike komt troch de kategoryen. Der sit wytromte tusken it Lês mear en de kategory. Ik ha oant en mei wike 19 de wytromte fuorthelle, ris sjen as it no goed giet. It kin ek wêze dat der nei de kategory noch ris op enter drukt is en dat der dus nog in wytrigel nei de kategory stiet.
Braaid
bewurkje seksjeIk sil it oersette. Groetnis. Drewes 27 mrt 2011, 17.52 (CEST)
Carottaplaatsjes
bewurkje seksjeMoai wurk Kees! In Wikywrâldprimeur!. Drewes 11 apr 2011, 17.50 (CEST)
Ynfoboks/Saturnus
bewurkje seksjeGoejûn,
Ik ha krekt efkes dwaande west mei it meitsjen fan in universele ynfoboks foar planeten. Ik hoopje datsto de ynfoboks brûke wolst en kinst. Sis it mar at ik der noch wat oan feroarje moat. Mei de groetnis --Kening Aldgilles 13 apr 2011, 22.42 (CEST)
- Bêst genôch, tige tank, --Swarte Kees 13 apr 2011, 22.57 (CEST)
Disclaimer medyske side
bewurkje seksjeGoejûn, Ik seach datsto hjoed dwaande wiest mei siden oer sykten. Soesto tenei de disclaimer {{Disclaimer medyske side}} foar medyske siden brûke wolle? Tank yn 't foar. --Kening Aldgilles 18 apr 2011, 00.41 (CEST)
Carotta
bewurkje seksjeNeikommende tekst ha'k fan myn meidoggersside fersetten net de oerlisside: Goeie Kees, De teory fan Carotta is op it earste gesicht fremd en ropt reaksjes op. Mar net alle reaksjes " tsjin" binne allegearre goed yn it ramt fan Wikipedy. 82.157.34.172
- Dei 82.157.34.172, sa sil ik jo earst mar neame, jo hawwe josels ommers net as meidogger bekend makke. Jo hienen jo opmerking by fersin op myn meidoggersside setten, mar foar oerlis hawwe wy dizze Oerlisside. Ik haw jo opmerking dêrom efkes op dit plak setten. Tsja dy Carotta hat in omstriden opfetting, faak ropt soks fûle tsjinstanners en fûle meistanners op, elk siket syn eigen wierheid. Op himsels is soks net slim, de wrâld bestiet ommers net út ien wierheid. It is saak elkoar romte te jaan. De wikipedy hat hjir ek gjin miening oer, se wol allinnich beskriuwe. Sjoen de wizigings fan de lêste dagen en de skiednis op nl: oer Carotta liket it my tiid foar wat oerlis, en sok oerlis heart dan [hjir] thús. --Swarte Kees 3 maaie 2011, 10.06 (CEST)
(Be)lestich
bewurkje seksjeJûn Kees, ik wie fan doel in stikje te skriuwen oer de Vijf Speciën (histoaryske belesting). Mar, hoe set je speciën oer? Spesjen, spesiën, speesjen? Witte jo it? Drewes 15 maaie 2011, 22.38 (CEST)
- Tsja, dêr neame jo wat: Speesjes soe de timmerman sizze, mar it komt der foar myn gefoel wol it tichtste by. Spesiën soe ek kinne of speciën stean litte. Fiel jo frij óf lis it foar oan it Taalburo fan de Fryske Akademy. Fan pduijff@fryske-akademy.nl hie ik lêstendeis binnen in dei antwurd. Groetnis, --Swarte Kees 15 maaie 2011, 22.51 (CEST)
Roelof en Marit Bouwmeester
bewurkje seksjeGoeiejûn Swarte Kees Myn kompliminten foar it regeljen fan de ôfbylden goed wurk Gr, Wikiice 21 jun 2011, 21.51 (CEST)
Strjitten yn Marrum
bewurkje seksjeGoeiemoarn Kees, Soene jo binnenkoart ris nei dit artikel sjen kinne? Strjitten yn Marrum ik haw it idee dat it noch yn it Nederlânsk stiet. Gr Wikiice 24 jun 2011, 07.41 (CEST)
- Komt yn de bus,--Swarte Kees 24 jun 2011, 07.48 (CEST)
Bosmanhûs
bewurkje seksjeDei Kees. Dat artikel op States en Stinzen fan Leemburg rattelt oan alle kanten. Ek dat Op't Veld-ferhaal haw ik fraachtekens by. Hawwe jo tafallich dat boek fan P.N. Noomen yn'e hûs? Dat moat Leemburg syn boarne wêze. Ik bin wol benijd nei Noomen syn boarnen. Goetnis Drewes 2 july 2011, 12.23 (CEST)
- Dei Drewes, ik kin Leemburg wolris oanskriuwe, 'k haw in skoftlyn in soad kontakt mei de man hân en hy fynt it grif wol moai om wer ris yn de matearje te dûken. Soenen jo noch wat krekter oanjaan kinne wat der krekt rattelt yn it artikel? --Swarte Kees 2 jul 2011, 13.15 (CEST)
Hoi Kees,
Myn fragen en opmerkings:
- FC4; upt Felt gued yn 1511, (*1) Opfelde zaete yn 1543), dat yn 1698/1700 mei Wibalda ien gebrûksienheid foarme. - Fraach: hat dêr ea wol in pleats (fan belang) west, of wie it allinne lân? En: soe it Hûs Bosman dan as in fuortsetting yn de bouskiednis fan ‘up’t Felt gued’ beskôge wurde meie?
- liet hy oan de noardside fan it doarp yn 1674 it hûs Bosman op in omgrêfte terrein mei (yn 1832) plaisierwater, tuin, gracht en singel bouwe. - De beide Schotanuskaarten jouwe Hûs Bosman sûnder grêft oan de noardrâne fan de terp. Earst op de kadasterminút is de plaisiertún mei grêft en dobbe te sjen (Drewes hat beide noch kend), op it perseel efter it oarspronklike perseel dêr’t Hûs Bosman stie.
- Leemburg syn beskriuwing fan de lizzing fan de bygebouwen doocht mar foar in part. De kadasterminút is dêr dúdlik oer (sjoch oerlis).
- Sawol Herma van den Berg as Van der Aa hawwe gjin ferbân lein tusken Bosman en ’Opfelde zaete’ (mar dat seit net alles).
- Mooglik hat hjirop de adfertinsje fan 1850 betrekking, wêryn ferkeap op ôfbrak oankundige wurdt fan in bûtenpleats yn Mitselwier (Wumkes H, 237). – Likernôch 1850 is der in nij wagen- en stalhuis (omskriuwing út 1900) boud op benei it plak fan de ‘broeibakken’ oan de súdgreft. Wêrom at it hûs der al ôf wie? It kin der ek neat mei te meitsjen hawwe wit ik wol, mar it makket my nijsgirrich.
Groetnis Drewes 2 jul 2011, 14.45 (CEST)
- Moai dúdlike fagen Drewes, nijsgjirrichheid is op't lêst eat dat ús as meidoggers driuwt. Ik haw Jan Leemburg niis oanskreaun, sa gau at ik wat hear lit ik it witte. Ik set dit Oerlis foar it gemak efkes ek by it Bosmanhûs, dan hoech ik der net alle kearen tusken te sitten. Groetnis, --Swarte Kees 2 jul 2011, 15.56 (CEST)
- Boppesteand Oerlis giet hjir fierder. --Swarte Kees 2 jul 2011, 16.01 (CEST)
- Moai dúdlike fagen Drewes, nijsgjirrichheid is op't lêst eat dat ús as meidoggers driuwt. Ik haw Jan Leemburg niis oanskreaun, sa gau at ik wat hear lit ik it witte. Ik set dit Oerlis foar it gemak efkes ek by it Bosmanhûs, dan hoech ik der net alle kearen tusken te sitten. Groetnis, --Swarte Kees 2 jul 2011, 15.56 (CEST)
- Tanke foar dyn muoite Kees. Drewes 2 jul 2011, 16.35 (CEST)
sinjatuer/sinjatuur?
bewurkje seksjeSoe it dêrom net slagje wolle. Om't ik it ferkeard skreaun ha?
- Dat soe my sterk lykje, al kin ik dêr net goed oer oardiele --Swarte Kees 12 jul 2011, 08.16 (CEST)
Wikiice 12 jul 2011, 08.11 (CEST)
- Wat it ek is se steane no wer op de wisklist. As ik der ea efter kom wêrom it net slagje wol. Doch ik wer ris in poging. gr, Wikiice 12 jul 2011, 08.18 (CEST)
Drokte
bewurkje seksjeGoeie Kees, Jo hawwe it grif drok, mar Abel fan Denemark, soe dat foar de Kryst noch wat wurde? Drewes 17 jul 2011, 16.57 (CEST)
- Abel hat foar de krystdagen Alfred Rust (Roest) útnoege..--Swarte Kees 18 jul 2011, 10.51 (CEST)
Alde kaarten
bewurkje seksjeGoeie Kees. De beide atlassen fan Schotanus en dy fan Eekhoff binne online te rieplachtsjen op Tresoar. Groetnis. Drewes 7 aug 2011, 22.03 (CEST)
Reade Hoa(r)ne
bewurkje seksjeIk bin al tiden op syk nei de lokaasje fan Reade Hoarne oan de oare kante kop-Middelsee. Hat Gildemacher dêr ek wat oer? Yn 'e Wâlden 26 aug 2011, 12.17 (CEST)
- Heul apart, mar yn it boek stiet neat oer Reade Hoarne. Wy hawwe op de wikipedy al : dit, mar dêr giet it jo grif net om..(?) Groetnis, --Swarte Kees 26 aug 2011, 12.25 (CEST)
- Neffens wat ik ea lêzen haw, soe it útbuorrentsje op de tsjinoerstelde hoeke fan Swarte Hoanne (ea is fan Hoarne Hoanne makke) wêze moatte. Dus op de oare hoarne fan de middelsee. Dat read soe te krijen hawwe mei it stees plonderjen en yn brânstekken fan it buorrentsje troch ûnrant/kapers op see. Ik haw it spitigernôch - it is ommers in moai ferhaal - nea fine kinnen.Yn 'e Wâlden 26 aug 2011, 14.55 (CEST)
fertaling
bewurkje seksjeMidje, ûndersteande fraach hie ik ek al steld op de oerlisside mar dêr is noch gjin reaksje op kommen.
Dizze wike bin ik begûn mei it Gymnastyk op de Olympyske Simmerspullen mar no sit ik mei de fertaling fan in oantal wurden. Kin se net rjocht fyne in it wurdboek. Kin immen hjir ris efkes nei sjen?
It giet om:
- Paard Voltige;
- Tumbling; (salto's meitsje op in lange matte) sit sels sterk oan tûmmelje te tinken as fertaling.
- Zijwaardse Sprong;
gr, Wikiice 25 sep 2011, 13.37 (CEST)
- It wie foar Zantema en Visser harren tiid dat dêr stiet it net yn.. Ik soe se sels leau'k mar stean litte, myn twadde kar ferfryske yn Foltiizje, Tommelje/Tûmelje en Sprong Sydwerts en as tredde in nij optocht wurd. Dan sille der wol Rerecten komme moatte. Jo soenen de fraach ekris oan dit Taalburo fan de Fryske Akademy foarlizze kinne: taalburo(apesturtsje)fa.knaw.nl; Hindrik sijens sil grif wol wat fan him hearre litte. Groetnis, --Swarte Kees 25 sep 2011, 14.03 (CEST)
- Ik soe foar foltiizje kieze. Analooch oan prestiizje. It tiidwurd prestearje ken eins twa haadwurdútgongen mei in eigen betsjutting, nammentlik prestaasje en prestiizje. Dat "voltige" giet oer wikseljen, krekt as foltaazje oer it wikselen fan de steam giet. Dan soene jo op foltiizjehynder/ hynderfoltiizje en it tiidwurd foltearje komme. Sa is de saak wer rûn. Yn 'e Wâlden 26 sep 2011, 16.38 (CEST)
- Tankewol foar de reaksjes :-) ik ha it oanpast, as immen noch wat tsjinkomt, graach in reaksje op Wikipedy oerlis:Putsje/Olympyske Spullen. - Wikiice 27 sep 2011, 08.16 (CEST)
- Ik soe foar foltiizje kieze. Analooch oan prestiizje. It tiidwurd prestearje ken eins twa haadwurdútgongen mei in eigen betsjutting, nammentlik prestaasje en prestiizje. Dat "voltige" giet oer wikseljen, krekt as foltaazje oer it wikselen fan de steam giet. Dan soene jo op foltiizjehynder/ hynderfoltiizje en it tiidwurd foltearje komme. Sa is de saak wer rûn. Yn 'e Wâlden 26 sep 2011, 16.38 (CEST)
Willebrord fan Schaumburch
bewurkje seksjeDei Kees, ik kom der efter dat Willebrord fan Schaumburch deselde is as Wilwolt fan Schaumberch en stel foar de siden ynelkoar te skowen. Sille wy fan Willebrord mar in redirect meitsje? --Geoffrey 25 sep 2011, 13.57 (CEST)
- Bêst genôch, it wie my ûntgien. Fiel jo frij,--Swarte Kees 25 sep 2011, 14.04 (CEST)
Artikels oer Snits
bewurkje seksjeJo hawwe it mar drok
Hanenburch twaris
bewurkje seksjeSoene jo in tuskenwiki meitsje wolle foar de namme Hanenburch? Hy is der as hotel yn Snits, mar hjoed hat ek it buorskip ûnder Feankleaster de offisjele buorden Hanenburch krigen.Yn 'e Wâlden 13 okt 2011, 19.54 (CEST)
Hoe moat dat Kees? Drewes 13 okt 2011, 20.29 (CEST)
- Dien, hjir wie ferlet fan in trochferwiisside.--Swarte Kees 13 okt 2011, 22.53 (CEST)
- Tige tank.Yn 'e Wâlden 14 okt 2011, 11.23 (CEST)
stavering
bewurkje seksjeMoarn Kees, soesto de stavering foar my hifkje wolle yn de Grutte Fryske Oarloch en is it, it soen of de soen? Gr. --Geoffrey 23 okt 2011, 11.44 (CEST)
- Goeie, Geoffrey. IK sjopch der aanst nei iten wol efkes nei. Zantema hâldt it op 'de' soen, --Swarte Kees 23 okt 2011, 12.23 (CEST).
Bêste Kees,
Ik ha de side Technology bewurke. Reden wie de dizenige taal en de nuvere ferbannen dy't der leinen. Neffens my hasto in part fan de ynformaasje fan de Nederlânske Wikipedy ôfhelle. Under de kop 'Algemeen' ha se wol hiele algemiene ynformaasje delset en ferbannen lein dy't lang net allegear hurd te meitsjen binne. Sa fûn ik dinkjes as technology en identiteit wol wat fier socht en hie nei myn betinken gaadliker west foar in opinystik yn in tydskrift (mei in wiidweidigere ûnderbouwing). Miskien wolsto de side no nochris neilêze en sjen oft der ek noch wat dinkjes better (dúdliker) kinne. No hoopje ik fansels wol dat it sa better is ;-) Groetnis --Kening Aldgilles 30 okt 2011, 20.58 (CET)
- Dei Aldgillis, it stikje is der aardich fan opknapt. 'k Hie yndie hast alles oersetten fan nl: De list mei foar in Wikipedy needsaaklike ûnderwerpen wie destiids sá lang dat ik oan redaksjewurk net takomd bin. Ik wie al bliid dat dy list mei ûnderwerpen klear wie (Klear wie Kees..). Moai dat jo der no wat better nei sjoen hawwe. Groetnis, --Swarte Kees 30 okt 2011, 21.28 (CET)
Doëngastate
bewurkje seksjeBêste Kees. Op de oerlisside frege ik: lykas op in soad oare plakken om de eardere Middelsee ek bard is. - Soe it net hjir Lauwerssee wêze moatte (fansels jildt it ek foar de Middelsee)? Drewes 1 nov 2011, 18.29 (CET)
- Dei Drewes, ja, ik hie it wol lêzen, mar wit der eins neat oan by te dragen. It is wol sa dat in soad polders om de Middelsee troch de mûntsen droechlein binne. Oft se ek polders om de Lauwerssee oanlein hawwe soe ik net witte.--Swarte Kees 1 nov 2011, 18.34 (CET)
- Kees. De muontsen fan Gerkeskleaster hawwe harren grif net dwaande hâlden mei ynpolderjen fan parten fan de Middelsee. Har kleaster lei ommers sawat oan de Lauwerssee, dêr't it wetter fan har stee geregeldwei bedriigje moatten hat. It soe my gjin nij dwaan at it besteansrjocht fan it Gerkeskleaster no krekt bestie út it oanwinnen fan lân (fean op klaai) op de útrinners fan de Lauwerssee. Faaks hie Leemburg in minne nacht hân doe't er syn stikje skreau. Gr. Drewes 1 nov 2011, 19.06 (CET)
- Jûn Drewes. No leau ik net dat de relaasje mei dyselde mûntsen bedoeld wurdt. Yn it stikje is mear sprake fan in algemiene fergeliking mei it polderwurk fan mûntsen yn it algemien. Dat ynpolderwurk is yn Fryslân benammen bekend troch de polders om de Middelsee hinne. Faaks moat it wat dúdliker omskreaun wurde yn it stikje.--Swarte Kees 1 nov 2011, 19.14 (CET)
- Kees. De muontsen fan Gerkeskleaster hawwe harren grif net dwaande hâlden mei ynpolderjen fan parten fan de Middelsee. Har kleaster lei ommers sawat oan de Lauwerssee, dêr't it wetter fan har stee geregeldwei bedriigje moatten hat. It soe my gjin nij dwaan at it besteansrjocht fan it Gerkeskleaster no krekt bestie út it oanwinnen fan lân (fean op klaai) op de útrinners fan de Lauwerssee. Faaks hie Leemburg in minne nacht hân doe't er syn stikje skreau. Gr. Drewes 1 nov 2011, 19.06 (CET)
Wikipedia article traffic statistics
bewurkje seksjeHoi Kees, sjoch hjir [1], de moast lykwols yn de brouwser de namme fan it artikel feroarje. De Fryske taal stiet net yn it pop-upke. Gr. --Geoffrey 1 nov 2011, 20.03 (CET)
- Danke Geoffrey, in nijsgjirrige side, en nea witten dat dy bestie. 'k Sil der earstdeis ris better nei sjen.--Swarte Kees 1 nov 2011, 23.02 (CET)
Fernijde haadside en in fernijd haadtema
bewurkje seksjeIk ha in de haadside en it haadtema fernijd. Sjoch ek de diskusje op de oerlisside. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 25 nov 2011, 14.10 (CET)
Willem Barents
bewurkje seksjeHoi Kees, soesto de stavering hifke wolle fan Willem Barents? Ik haw it artikel fieder útwreide mei benammen ynfo fan :nl en soe der graach in side fan de wike fan meitsje. --Geoffrey 27 nov 2011, 17.40 (CET)
In kâld bierke foar dy!
bewurkje seksjeMei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 28 nov 2011, 21.58 (CET)
- Ik slút my hjir folslein by oan. Wikiice 29 nov 2011, 09.46 (CET)
Mystyk
bewurkje seksjeJûn Kees, soesto de side Mystyk ek nochris hifkje wolle? Gr. --Geoffrey 15 des 2011, 22.46 (CET)
Konsept temasiden
bewurkje seksjeBêste Kees,
Ik ha efkes mei dyn konsept temasiden dwaande west. Ik ha myn krityk [[Oerlis:Tema:Haadtema|hjir]] delset. Miskien kinsto der sels efkes nei sjen en dan tegearre ien foar ien de temasiden ferbetterje? It is wol sa dat de temasiden bêst skoattele wurde kinne. De ûnderdielen dy't út en troch bewurke wurde moatte kin ik dan wol mei in apart berjocht nei de temaside ta keppelje. Dy berjocht skoattelje ik dan net en kinne fan elkenien bewurke wurde. Groetnis --Kening Aldgilles 30 des 2011, 16.48 (CET)
Kategory: Frysk Reedrider
bewurkje seksjeGoeiemiddei,
Wêrom ha jo de kategory Frysk Reedrider leeghelle?
Gr, Wikiice 3 jan 2012, 13.54 (CET)
- Dei Wikiice, In reedrider is ien dy't op redens rydt en 'Frysk reedrider' bestiet neffens my net. Is it ien dy't yn Fryslân berne is? (mar as it berteplak net bekend is, wat dan..) Of is it ien dy't no yn Fryslân wennet? En wurdt dy Frysk rider-ôf as dejinge straks wer bûten Fryslân wennet? Of is it ien dy't Frysk praat? Of is it ien dy't yn de Fryske jeugdploech riden hat? Of ien dy't in Fryske namme hat? Is ien út de Stellingwerven in Frysk rider? In dúdlike grins is ferhipte min te lûken. Mar, en dat wie de haadreden: no't der hieltiten mear riders by Thialf trene en tydlik wenje om it Hearrenfean hinne ( in foarbyld is Margot Boer, mar der binne wol mear) is it meitsjen fan ûnderskied hast net te dwaan. En as Jorrit Bergsma foar Kazachstan riden hawwe soe, is hy dan noch in Frysk Reedrider? Om gjin ûnderskied meitsje te hoegen ha'k se dêrom allegear "Reedrider" neamd en sitte se allegear yn ien Kategory. Mar as jo in goed ûnderskied meitsje kinne fyn ik it bêst, der moatte ommers net tefolle minsken oer de Kategoryen gean oars wurdt it in soadsje. iel jo frij,
Groetnis, --Swarte Kees 3 jan 2012, 19.32 (CET)
- Ik gean altyd út fan berne yn Fryslân en dêr lûk ik de grins. Al meitsje ik wolris in útsûndering foar guodens dy't berne binne bûten Fryslân mar Fryske alden hawwe. Want oars soe de Nederlânske reedrider ek net bestean ensf... Gr, Wikiice..
Goeie Kees,
Kwa Carotta haw ik in ekstra byld der tusken nifele en om't ik tocht dat der oars tefolle plaatsjes yn steane, haw ik ien fuort litten. Ik haw no ^under de bylden in ^underskrift skreaun. Sjoch nochris nei de arguminten fan Adelheid op de diskusjeside. Neffens my is it POV, allegearre s^under boarnen en suggestyf en ad hominem. Ik soe ' twifel' fuortlitte, krekt as de Ingelske en Dútske Wp.
Rjochtenútfierder
bewurkje seksjeHoi Kees, Ik bin kwalik noch aktyf op WikipedY, mar bin noch al [Rjochtenútfierder] (burokraat op oare wiki's). Net dat ik dêr fan te lijen haw, mar ik liket my better as ien fan de wól aktive brûkers dat finkje efter de namme kriget. Faaks wolle jimme efkes oerlizze wa't dat wurde moat(te). Bauke
- Dei Bauke, jo kinne soks better efkes op de Oerlisside mei de oare behearders beprate.--Swarte Kees 8 jan 2012, 22.52 (CET)
De Nederlannen
bewurkje seksjeGoeie,
Hjoed ha boartsjende bern oan it artikel De Nederlannen sitten, Ik haw it al probearre werom te draaien. Soene jo efkes sjen kinne as dat goed gongen is? Gr. Wikiice 9 jan 2012, 17.16 (CET)
- 'k Ha der niis efkes nei sjoen, it soe no goed wêze moatte.--Swarte Kees 9 jan 2012, 17.29 (CET)
In de krant
bewurkje seksjeBeste Swarte Kees, aan Luxwoude ben ik helaas nog niet toegekomen. Ik wilde je hierbij echter wijzen op dit overlijden. Misschien goed om te verifiëren en dan zijn artikel hier aan te vullen?
Met vriendelijke groet, Notum-sit 9 jan 2012, 22.24 (CET)
- Hendrik Gosses de Jong echtg. van Adeleid Janssen is Fyntyn. Drewes 9 jan 2012, 23.38 (CET)
- It giet hjir yndie om Fyntyn, syn widdo hat it befêstige.--Swarte Kees 10 jan 2012, 16.32 (CET)
List fan musea yn de provinsje Fryslân
bewurkje seksjeBêste SK,
Ik haw de namme fan de side List fan Fryske museu feroare yn List fan musea yn de provinsje Fryslân. As it inkeld Fryske musea wêze soenen hie de list wol folle grutter west. Groetnis --Kening Aldgilles 15 jan 2012, 21.20 (CET)
- Jo ha gelyk, mar 'provinsje'kin der wol tuskenút, dus 'List fan musea yn Fryslân'. --Swarte Kees 15 jan 2012, 21.21 (CET)
- Soe de list folle langer west ha as it om 'Fryske musea' giet? As jo of oaren my noch oan oare musea yn Fryslân helpe kinne, hiel graach, want ik meinde dat ik se sa stadichoan sawat allegear hie.--Swarte Kees 15 jan 2012, 21.33 (CET)
- 'Fryslân' is in Europeeske regio dy't folle grutter is as ús provinsje. Ik bin dêrom fan betinken dat net ien dy namme samar ta-eigenje mei. Dat de provinsje dat wol docht is fan lyts belang, de wittenskip stiet ommers los fan politike besluten. Om betizing foar te kommen is it meitsjen fan in ûnderskie belangryk.
- De list soe neffens my in aardich stik langer wurde as alle Fryske musea derop komme soenen. Earst mar per gebiet (provinsje Fryslân, Noard-Fryslân ensafh.) en letter mar fierder sjen. Groetnis --Kening Aldgilles 15 jan 2012, 21.39 (CET)
- Net om it ien oft oar, mar dan soenen de "List mei.... Heechste gebouwen/Joadske begraafplakken/fuotbalferienings/Gemeenteflaggen/Wetternammen", en sa noch wol in rychje, allegear it efterheaksel ...."yn de provinsje Fryslân" hawwe moatte..En dat net allinnich: elke kear as wy it oer in Fryske hurdrider hawwe soenen, soe dat in "hurdrider út de provinsje Fryslân" wurde moatte en wurdt in "Frysk akteur" dan in "akteur út de provinsje Fryslân"? Fan my mei it, mar it is net wurkber, --Swarte Kees 15 jan 2012, 23.00 (CET)
Slach by Bomstersyl
bewurkje seksjeJûn Kees, asto der tiid oan hast, soesto dan de stavering fan dizze side eefkes hifkje wolle. Gr --Geoffrey 25 jan 2012, 22.30 (CET)
Moddergatske Buma's
bewurkje seksjeGoeie Kees. Moddergatske rêdingsboaten wol ik wol wat oer skriuwe no't jo it op it aljemint bringe, mar net ear't ik dêr in plaatsje fan haw! Frysk Skipfeartmuseum hat in plaatsje wit ik en jo hawwe konneksjes mei dy lju. Moat foar alle kykjes apart tastimming frege wurde? Gr. Drewes 27 jan 2012, 20.29 (CET)
- Ja foar elk plaatsje is tastimming nedich. Ik sil Meindert Seffinga wol efkes oanskriuwe. --Swarte Kees 27 jan 2012, 21.22 (CET)
- Earst mar tige tank. Drewes 27 jan 2012, 21.26 (CET)
- It Skipfeartmuseum hat gjin printsjes fan de Moddergatske reddingsboat. Harren advys is om efkes kontakt op te nimmen mei de minsken fan Museum It Fiskershúske.--Swarte Kees 30 jan 2012, 18.34 (CET)
- Earst mar tige tank. Drewes 27 jan 2012, 21.26 (CET)
Grenoble
bewurkje seksjeanonymously, but better version for this page : Grenoble.
90.37.114.73 13 feb 2012, 22.42 (CET)
- Dat sizze jo wol, mar soks is in kwestje fan smaak. Wy binne hjir net wend dat guons der sûnder oerlis samar yn batse mei feroarings.--Swarte Kees 13 feb 2012, 22.46 (CET)
Frysk Kampioenskip Hurdfytsen
bewurkje seksjeSjocht der mar kreas út. Wikiice 21 feb 2012, 14.13 (CET)
Commons
bewurkje seksjeDei Kees, ter ynformaasje: op Commons hat immen in fraach oan my steld, wêr't jo faaks ek wol op reageare wolle (sjoch hjir). Groetenis, Wutsje 23 mrt 2012, 19.45 (CET)
- (in man in man, in wurd in wurd).
Eemsmond
bewurkje seksjeGoeie Kees,
Wy skriuwe al Iemsmûn. Jo hawwe it allegeduerigen oer Eemsmond. Dy earste doocht grif net. Ien fan beide: Iemsmûning of Eemsmond? Groetenis. Drewes (talk) 30 mrt 2012, 18.06 (CEST)
- Wat net doocht, soe ferbettere wurde moatte. As in Fryske namme ynboargere is, lykas Dimter, soe de Fryske namme oanhâlden wurde moatte (mar dat is in persoanlike miening, Aliter sjocht dat bygelyks oars). As de Grinslanner namme Frysk oandocht nim ik dy Grinslanner namme wolris oer. Mar ien line lûke falt net ta op dit flak.--Swarte Kees (talk) 30 mrt 2012, 18.36 (CEST)
- Yn't generaal mei jo iens op dat mêd. Iemsmûn(ing) is grif by ús net wenst, de gemeente hat ommers benei gjin skiednis. Dat ik haw gjin muoite mei Eemsmond. Drewes (talk) 30 mrt 2012, 18.47 (CEST)
Alfred Rust
bewurkje seksjeGoeie Kees, ik wie it stikje fergetten. Fraach: myn Dútsk is in soarte fan Bargedútsk, soene jo it oersetten dien meitsje wolle? Groetenis, Drewes (talk) 1 apr 2012, 15.33 (CEST)
- Myn Dúts wurdt troch de bargen net iens ferstien,--Swarte Kees (talk) 1 apr 2012, 15.58 (CEST)
Temasiden2
bewurkje seksjeSjoch Oerlis Aldgilles: hjirre.
waard stiften of waard stifte
bewurkje seksjeJûn Kees, wat is no de goeie stavering: is it: "it doarp waard stiften" of "it doarp waard stifte". --Geoffrey (talk) 22 apr 2012, 21.28 (CEST)
- Ik soe sizze stifte, de ekstra -n liket my in Hollânsk ynslûpsel dat der by my ek gauris ynslûpt...--Swarte Kees (talk) 22 apr 2012, 23.22 (CEST)
- Zantema seit stifte. Drewes (talk) 23 apr 2012, 17.52 (CEST)
Hagemann
bewurkje seksjeNoed
bewurkje seksjeKees wie fan 2007-2012 aktyf op dizze wikipedy? Dat soe my bot muoie. Drewes (talk) 8 jun 2012, 15.56 (CEST)
- Spitich. --Geoffrey (talk) 8 jun 2012, 17.09 (CEST)
- Foar de Fryske Wikipedia soe it tige spitich wêze. Wit immen hjir mear fan?Yn 'e Wâlden (talk) 12 jun 2012, 11.00 (CEST)
- Dat soe yndied tige spitich wêze!!! MeinRei (talk) 12 jun 2012, 12.32 (CEST)
- Wêrom net mear aktyf? Kom gau wer online, soe ik sizze! Dyn bydragen hawwe ús Wikipedy hiel bot holpen. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 13 jun 2012, 18.27 (CEST)
- Dat soe yndied tige spitich wêze!!! MeinRei (talk) 12 jun 2012, 12.32 (CEST)
- Foar de Fryske Wikipedia soe it tige spitich wêze. Wit immen hjir mear fan?Yn 'e Wâlden (talk) 12 jun 2012, 11.00 (CEST)
Flagge Vriendenkring van Oosthem en Nijezijl
bewurkje seksjeDizze flagge is makke yn opdracht fan de "Vriendenkring van Oosthem en Nijezijl" troch de Hr terluin ut beetsterszwaag, ik soe graach sjen dat dat troch jimme fermelden wurd, sa dat alles en eltsenien rjocht dyn wurd!
Groetnis Arie Hitzert, nammens de VHON
Blindevink
bewurkje seksjeBeste Kees.
- Allereerst excuses dat ik u in het barbaarse Nederlands benader. Mijn kennis van het Fries schiet helaas zwaar tekort en gaat niet veel verder dan woorden als (~fonetisch) klunen, fierlejeppen, ontsjen, jiskefet, tsjoch, heit en mem. Ik verbaas mezelf dat ik boven een handvol uitgekomen ben. Wordt blindevink in het Fries echt in navolging van de Angelsaksen los gespeld? Kan best. In nl:Blindevink is dat ook lange tijd onterecht zo geweest.
Eetse Berjocht:Smiley ZeaForUs (talk) 9 okt 2012, 19.19 (CEST)
Blinefink hie it wêze moatten Kees. ~Kin je fan tinken wol hawwe. Drewes (talk) 9 okt 2012, 19.48 (CEST)
Langernôch duorre
bewurkje seksjeBêste Kees,
As jo meiïnoar gearwurkje (moatte) giet soks fansels lang net altiten like goed. En somtiden bokt it slim. Mar oan hurde wurkers hat ús wikipedia no ienris altiten fierstente koart. As jo dit stikje lêze, dan soene jo nochris oerwaagje kinne en pak jo wurk hjir wer op.Yn 'e Wâlden (talk) 10 okt 2012, 11.18 (CEST)
- Ik slút my fan herte by de Wâldman oan! Groetnis Drewes (talk) 10 okt 2012, 17.11 (CEST)
Verdronken land van Saeftinghe pagina
bewurkje seksjeBeste Kees, helaas spreek ik geen Fries... Wel heb ik de Nederlandstalige website afgelopen half jaar sterk uitgebreid. Mocht je tijd en energie hebben om deze naar het Fries te vertalen zou ik dat erg leuk vinden: http://nl.wikipedia.org/wiki/Verdronken_Land_van_Saeftinghe
B.v.d. met vriendelijke groet, Saeftinghe kenner (talk) 5 mrt 2013, 11.09 (CET)
Hallo Swarte Kees, zou je er een probleem mee hebben de file te vervangen door een file die zich op commons bevindt? --> File:Eppie Dam.jpg Lotje (oerlis) 20 apr 2018, 16.42 (CEST)
- @Lotje: Ik antwoord je even, omdat Swarte Kees niet meer actief is op Wikipedy. Is die foto mooier dan de prachtfoto die we hebben? Drewes (oerlis) 20 apr 2018, 16.56 (CEST)
- @Drewes: niet mooier, net dezelfde maar ik heb hem vervolledigd met de info die zich hier bevindt. Zo kan iedereen hem gebruiken. Dacht ik. :) Lotje (oerlis) 20 apr 2018, 16.59 (CEST)
- @Lotje: O sa, doe maar dan. Drewes (oerlis) 20 apr 2018, 17.01 (CEST)
- @Drewes: niet mooier, net dezelfde maar ik heb hem vervolledigd met de info die zich hier bevindt. Zo kan iedereen hem gebruiken. Dacht ik. :) Lotje (oerlis) 20 apr 2018, 16.59 (CEST)
- Hallo Swarte Kees, ben je terug? Da's fijn. :) Lotje (oerlis) 22 jul 2018, 16.06 (CEST)
- Ik haw sin om foto’s by jo artikels te pleatsen. Lotje (oerlis) 22 jul 2018, 16.20 (CEST)
Hallo Swarte Kees, ik had een paar afbeeldingen gevonden van Tjitske en Folkje de Vries, misschien kan je er hier wat mee aanvangen. Lotje (oerlis) 23 jul 2018, 10.43 (CEST)
Bronvermelding
bewurkje seksjeBeste Swarte Kees, ik zie dat je het artikel Laurens ten Cate hebt vertaald. Dat mag natuurlijk best. Maar je moet er dan wel een bronvermelding bijzetten; in gevolge de licentie is dat zelfs verplicht. ("You must give appropriate credit, provide a link to the license, and indicate if changes were made. You may do so in any reasonable manner, but not in any way that suggests the licensor endorses you or your use. ")
Op Gerben Abma (ook uit het Nederlands vertaald) heb ik zelf een keer zo'n bronvermelding toegevoegd. (link)
Is het misschien een idee om een sjabloon te maken - zoals anderstalige Wikipedia's dat ook hebben - en dat sjabloon toe te voegen aan vertalingen? De Nederlandstalige versie van het sjabloon kun je hier vinden. Muijz (oerlis) 7 nov 2021, 11.47 (CET)
- Tsjonge, dat is in bewurking fan tsien jier lyn.. De boarnefermelding stie der destiids al by: yn de sideskiednis stiet hjir by 11 jannewaris trije kear oanjûn: (oanfolling fan nl:). Dus oan de ferplichte boarnefermelding is wol foldien. Mar omdat de boarnefermelding net by de boarnen op de side stie, en it altyd better kin, haw ik der niis noch by setten dat in diel fan :nl komt. Eare wa't eare takomt. En noch bedankt foar jo foarbyld by Gerben Abma. Ik bin hjir as bewurker al in skoft lyn ôfheakke, en doch hjir mar komselden mear wat. It idee om in oersettingssjabloan te meitsjen kin dêrom better oan oaren foarlein wurde. Swarte Kees (oerlis) 7 nov 2021, 15.49 (CET)