Sokaogon Tsjippewa Mienskip

(Trochferwiisd fan Mole Lake-troep)

De Sokaogon Tsjippewa Mienskip (Ingelsk: Sokaogon Chippewa Community) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten. Dizze stamme stie foarhinne ek wol bekend as de Mole Lake Troep fan Boppemarder Tsjippewa (Mole Lake Band of Lake Superior Chippewa). De leden binne etnyske Odjibwe (ek wol Tsjippewa neamd). De Sokaogon Tsjippewa Mienskip beskikt oer in eigen Yndianereservaat yn it noardeasten fan 'e steat Wiskonsin. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn it doarp Mole Lake.

Sokaogon Tsjippewa Mienskip
Ingelsk Sokaogon Chippewa Community
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Wiskonsin
haadkertier Mole Lake (Wiskonsin)
etnisiteit Odjibwe
ledetal 1.500 (2015)
oprjochting 1934
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat Mole Lake Yndianereservaat
lokaasje noardeastlik Wiskonsin
oerflak 19,8 km²
ynwennertal 500 (2015)
offisjele webside
www.sokaogonchippewa.com
kaart
Sokaogon Tsjippewa Mienskip (Wiskonsin)
Sokaogon Tsjippewa Mienskip
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Wiskonsin.

Skiednis bewurkje seksje

De namme 'Sokaogon', dat "Peal yn 'e Mar" betsjut, giet werom op in peal (Ingelsk: post), mooglik in ferstienne beam, dy't yn earder tiid yn 'e deunby leine Post-mar stie. Yn 'e krite dy't troch de Sokaogon Tsjippewa Mienskip bewenne wurdt, fûn yn 1806 de Slach by Mole Lake plak tusken de Odjibwe en de Dakota, wêrby't mear as fiifhûndert krigers it libben lieten. Hjoed de dei stiet op it plak fan dy fjildslach, deunby it doarp Mole Lake, in tinkteken yn 'e berm fan 'e snelwei Highway 55.

De Mole Lake-Tsjippewa binne in histoarysk folksdiel fan 'e Odjibwe. Hja hearden ta de ûndertekeners fan it earste Ferdrach fan La Pointe, dat yn 1842 troch guon Odjibwe-troepen mei fertsjintwurdigers fan it regear fan 'e Feriene Steaten sletten waard. Yn 1854 ferlearen de Mole Lake-troep en de St. Croix-troep lykwols harren rjocht op federale erkenning om't se by it twadde Ferdrach fan La Pointe net fertsjintwurdige west hiene. Boppedat gie de akte fan besit fan it eardere Yndianereservaat fan 'e Mole Lake-troep ferlern by in skipbrek op 'e Boppemar.

 
It tinkteken foar de Slach by Mole Lake, yn 'e berm fan 'e snelwei Highway 55 yn it Mole Lake Yndianereservaat.

Pas ûnder de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje, fan 1934, wisten de Mole Lake-troep en de eastlike helte fan 'e St. Croix-troep harren te reorganisearjen. Yn 1937 slagge it de Mole Lake Troep fan Boppemarder Tsjippewa, sa't de stamme doe hiet, lang om let en win ûnder lieding fan it opperhaad Willard Ackley syn federale status en reservaat werom.

De leden fan 'e Sokaogon Tsjippewa Mienskip binne aktyf yn it rispjen fan wylde rys yn 'e moerassige kriten yn en bûten harren reservaat. It rjocht fan 'e Yndiaanske stammen fan noardlik Wiskonsin om dat ek te dwaan yn 'e wyldernis, bûten harren eigen gerjochtichheid, waard yn 1983 fêstlein yn it fûnis yn 'e rjochtsaak Lac Courte Oreilles Band of Lake Superior Chippewa Indians v. Lester B. Voigt.

Oan 'e ein fan 'e 1960-er jierren waard der deunby it Mole Lake Yndianereservaat fan 'e Sokaogon Tsjippewa Mienskip sink- en kopererts yn 'e grûn oantroffen. Neitiid waard fêststeld dat it dêrby om ien fan 'e rykste fynsten op dat mêd yn 'e skiednis fan Noard-Amearika gie. It plan om der in myn te fêstigjen (de saneamde Crandon-myn) om 'e erts te eksploitearjen, mette lykwols fûleindige wjerstân fan miljeu-aktivisten, de Sokaogon Tsjippewa Mienskip en de oanbuorjende Forest County Potawatomy Naasje. Dêrtroch ûntstie in kontroversjele ympasse dy't goed tritich jier oanhold, oant de beide stammen yn 2002 in rjochtsaak foar it Amerikaansk Heechgerjochtshôf wûnen dy't eksploitaasje fan 'e Crandon-myn ekonomysk ûnoantreklik makke. Dêrnei koene se de myn yn 2003 opkeapje foar $16,5 miljoen oan jild dat se fertsjinne hiene mei harren respektivelike kasino's, sadat plannen foar eksploitaasje fan 'e myn foargoed tsjinholden waarden.

Demografy bewurkje seksje

De leden fan 'e Sokaogon Tsjippewa Mienskip binne etnyske Odjibwe (Ojibwe), ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd, dy't ta de subgroep fan 'e Boppemarder Tsjippewa hearre. De Odjibwe foarmje in grut Algonkwynsk folk dat yn it gebiet fan 'e Grutte Marren yn sawol de Feriene Steaten as Kanada libbet. De Sokaogon Tsjippewa Mienskip is ien fan 22 ûnderskate stamme-organisaasjes mei federale erkenning dy't yn 'e Feriene Steaten de Odjibwe fertsjintwurdigje. Neffens gegevens út 2015 hie de stamme doe sa'n 1.500 leden.

Reservaat bewurkje seksje

De Sokaogon Tsjippewa Mienskip hat in eigen Yndianereservaat, it Mole Lake Yndianereservaat, dat yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin leit. It bestiet út in stikmannich net opinoar oanslutende perselen grûn yn Forest County. Yn totaal hat it reservaat in oerflak fan 19,8 km². Neffens gegevens út 2015 wennen der doe likernôch 500 minsken yn it reservaat, wat delkomt op in trêdepart fan 'e leden fan 'e Sokaogon Tsjippewa Mienskip. It haadkertier fan 'e stamme is fêstige yn it doarp Mole Lake, dat ûnder de gemeente (town) Nashville falt.

Bestjoer bewurkje seksje

De Sokaogon Tsjippewa Mienskip wurdt bestjoerd troch in stammeried dy't by mei geregelde tuskenskoften op demokratyske wize holden ferkiezings keazen wurdt troch de leden. De stamme runt in eigen kasino, it Mole Lake Casino and Bingo, mei't men op reservaatlân net bûn binne oan it steatsferbod op gokken dat yn Wiskonsin fan krêft is.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.