Niïhau

(Trochferwiisd fan Niihau)

Niïhau (Ingelsk: Niihau, útspr.: ['ni:haṷ], likernôch: "nii-hau"; Hawaïaansk: Ni‘ihau, útspr.: ['niʔihɐw], likernôch "ni-y-huh-û") is it westlikste en lytste fan 'e sân bewenne eilannen fan 'e Hawaï-arsjipel, in eilannegroep dy't yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan leit. Niïhau hat as bynamme the Forbidden Isle ("it Ferbeane Eilân"), mei't it priveebesit is dêr't besikers mar hiel beheind talitten wurde. It eilân is in ûntwyk ferskate bedrige biste- en plantesoarten, en teffens foar it Hawaïaansk, dat op Niïhau de gewoane omgongstaal is, wylst it yn 'e rest fan Hawaï weromkrongen is ta húslike fermiddens of, faker noch, hielendal net mear sprutsen wurdt. De iennichste delsetting fan betsjutting op it eilân is Pu‘uwai.

Niïhau
In loftfoto fan Niïhau, wêrby't men fanút it noardeasten op it súdwesten ta sjocht.
In loftfoto fan Niïhau, wêrby't men fanút it noardeasten op it súdwesten ta sjocht.
polityk
soarte gebiet eilân
lân Feriene Steaten
steat Hawaï
haadplak Pu‘uwai
grutste plak Pu‘uwai
sifers
ynwennertal 170 (2010)
oerflak 180 km²
befolkingstichtens 0,9 / km²
oar
tiidsône UTC –10
simmertiid gjin simmertiid

Niïhau hat in totaal oerflak fan 180 km², en mjit 30 km fan noardeast nei súdwest by 10 km fan noardwest nei súdeast. It tichtstbye eilân is it ûnbewenne eilantsje Lehua, in seefûgelreservaat dat op mar 1,1 km ôfstân leit. It tuskenlizzende wetter hjit it Kumukahi-kanaal. Fierderôf nei it noardeasten leit it gruttere eilân Kauaï oarekant it 28 km brede Kaulakahi-kanaal. De rest fan 'e Hawaï-arsjipel leit folle mear nei it súdeasten ta. It heechste punt op Niïhau is de berch de Paniau, dy't mar 390 m boppe seenivo útstiket. Krekt as alle Hawaï-eilannen is Niïhau oarspronklik foarme troch fulkanyske aktiviteit; it eilân omfiemet de restanten fan ien (no deade) fulkaan, dy't oan 'e eastkant alhiel ynstoart is en dêr as in púnfjild op 'e boaiem fan 'e Stille Oseaan leit. Mei in âldens fan 4,9 miljoen jier is Niïhau geologysk jonger as it mear eastlik leine Kauaï.

 
De lizzing fan Niïhau yn 'e Hawaï-eilannen.

Mei't Niïhau yn it reinskaad fan Kauaï leit, is it eilân relatyf drûch. Boppedat hat it gjin hege bergen dy't de rein fan 'e passaatwinen losmeitsje kinne. Sadwaande is Niïhau foar syn rein ôfhinklik fan winterstoarmen, wêrby't waarsystemen út it noarden de krite fan Hawaï ynkringe. As sokke stoarmen ferskate jierren efterinoar útbliuwe, kin dat op Niïhau grutte drûchte ta gefolch hawwe. Dat wie bgl. it gefal yn 1792, doe't de Britske ûntdekkingsreizger George Vancouver it eilân besocht en ferlitten oantrof. Him waard ferteld dat de bewenners fan Niïhau fanwegen oanhâldende drûchte oerstutsen wiene nei Kauaï om oan 'e hongerdea te ûntkommen. Ornaris, lykwols, hâlde ferskate djippe sinkgatten yn it fulkanyske stiente fan Niïhau genôch reinwetter fêst om it eilân troch de drûge simmerskoften hinne te helpen.

Floara en fauna

bewurkje seksje

Dy sinkgatten wurde op it eilân oantsjut as marren en foarmje in moerasbiotoop foar ferskate seldsume fûgelsoarten, wêrûnder de Hawaïmerkel, de steltklút en de Hawaï-ein. Niïhau is ek in ûntwyk fan krityk belang foar de sterk yn syn fuortbestean bedrige ‘ōlulu (Brighamia insignis), in Hawaïaanske blom út 'e ûnderfamylje Lobelioideae, en foar de Aylmer robinsonii, in lytse palmbeam dy't op it eilân lânseigen is. Fierders wurdt ek de krityk bedrige Hawaïaanske mûntserobbe yn grutte oantallen oan 'e kust fan Niïhau oantroffen.

 
In Hawaïmerkel.

Niïhau wie lange tiid frijwol beamleas, sa't bgl. de Britske ûntdekkingsreizger James Cook yn 1778 fêststelde, mar yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw en it earste trêdepart fan 'e tweintichste iuw plante de doetiidske eigner fan it eilân, Aubrey Robinson (de pake fan 'e hjoeddeiske eigners), sa'n 10.000 beammen yn 't jier, wat net inkeld it reinwetter better fêsthold, mar ek mear rein opwekke. De famylje Robinson hat ek eksoaten op it eilân yntrodusearre, wêrûnder elandantilopes, moanneskiep, speetsbokken, wylde swinen en ferwyldere domestisearre skiep. Dizze keppels soargje foar ynkomsten trochdat se brûkt wurde as jachtwyld by safary-toerisme.

Niïhau waard lang regearre troch rivalisearjende ali‘i (haadlju). Kahelelani wie de ierst bekende fan dy ali‘i, wylst Kā‘eokūlani, in haadman fan it noardlike part fan Niïhau, yn 'e achttjinde iuw de earste wie dy't it hiele eilân ûnder syn hearskippij feriene nei't er syn súdlike rivaal Kawaihoa ferslein hie. Neitiid kaam Niïhau ta it keninkryk fan Kauaï te hearren. De ûntdekking fan 'e Hawaï-eilannen, troch Britske ûntdekkingsreizger James Cook, yn 1778-1779, hie yn 't earstoan net folle ynfloed op it libben op Niïhau.

 
De kliffen oan 'e noardeastkust fan Niïhau.

Yn 1795 ferovere Kamehameha de Grutte, de kening fan it eilân Hawaï, troch syn oerwinning yn 'e Slach by Nu‘uanu it eilân Oähû, wêrnei't er it Keninkryk Hawaï útrôp, in nij lân ûnder syn eigen hearskippij. Kauaï en Niïhau bleaune dêr lykwols noch lang bûten, mei't Kaumuali‘i, de lêste kening fan Kauaï, de selsstannichheid fan syn keninkryk fyftjin jier lang wist te bewarjen. Twaris riste Kamehameha in ûnbidich grutte armada fan kano's út foar in ynfaazje fan Kauaï, en twaris rûn dat besykjen op 'e non, de iene kear troch in swiere stoarm en de oare kears trochdat der in epidemy ûnder syn krigers útbriek. Om't troch Kamehameha syn militêre oermacht de úteinlike ferovering fan 'e beide noardwestlike eilannen ûnûntkomber liek, besleat Kaumuali‘i yn 1810 lykwols om troch ûnderhannelings ta oerienstimming te kommen. Fan gefolgen waard er doe in fazal fan Kamehameha de Grutte.

Yn 1815-1817 besocht Kaumuali‘i om troch geheime ûnderhannelings mei de Russysk-Amerikaanske Kompanjy syn keninkryk mei útlânske militêre stipe wer fan it ryk fan Kamehameha los te weakjen. Doe't lykwols oan it ljocht kaam dat de Russysk-Amerikaanske Kompany by dizze ûndernimming bûten it witten fan tsaar Aleksander I om hannele hie, rûn it hiele spul op 'e non. Nei de dea fan Kamehameha de Grutte, yn 1819, liek der in nije kâns foar de ûnôfhinklikens fan Kauaï te kommen, oant keninginne Ka‘ahumanu, de widdo fan Kamehameha, kening Kaumuali‘i twong om mei har te trouwen. By de dea fan Kaumuali‘i, yn 1824, hold syn keninkryk sadwaande op te bestean en kamen Kauaï en Niïhau gewoan by de rest fan Keninkryk Hawaï te hearren.

 
In groep eilanners yn 1885, te Pu‘uwai.

Yn 1864 kocht Elizabeth McHutchison Sinclair (1800-1892) it eilân Niïhau foar $10.000 yn goud fan kening Kamehameha V. Ta de betingsten fan 'e oankeapoerienkomst hearde in klausule wêryn't de nije eigner en de bewenners fan it eilân taseine har ynsette te sillen foar it behâld fan 'e Hawaïaanske taal. Tsjin 1875 wennen der sa'n 350 lânseigen Hawaïanen op Niïhau, dy't dêr libben fan it hoedzjen fan 20.000 skiep. Yn 1915 sleat Sinclair har pakesizzer Aubrey Robinson (1853-1936) it eilân ôf foar hast alle bûtensteanders. Yn 1924 ferhierde er in stikje grûn oan 'e kust oan 'e Amerikaanske Marine. Robinson wie fierders benammen aktyf mei it plantsjen fan beammen. By syn ferstjerren gie it famyljebesit oer yn 'e hannen fan syn soan Aylmer Robinson (1888-1967), dy't it by syn dea oerdroech oan syn jongere broer Lester Beauclerk Robinson (1901-1969). Nei de dea fan Lester syn frou Helen Matthew Robinson (1910-2002), kaam Niïhau úteinlik yn it besit fan 'e hjoeddeiske eigners, Lester syn soannen Bruce en Keith Robinson (b. 1941).

Under de Twadde Wrâldoarloch krige de Japanske oanfal op Pearl Harbor, op it eilân Oähû, foar Niïhau noch in sturtsje. By wat no bekendstiet as it Niïhau-ynsidint, stoarte in Japanske bommesmiter dy't op 'e weromreis fan Pearl Harbor fan koerts rekke wie, op Niïhau del. De piloat oerlibbe it en waard troch de eilanners finzen nommen, mar wist te ûntsnappen en terrorisearre it eilân in wike lang oant er op 'e nij finzen nommen en deade waard. Dit ynsidint joech oanlieding ta it doedestiden populêre Amerikaanske ferske You Can't Conquer Niihau, Nohow. (De titel is oer te setten as "kinst Niïhau op gjin inkele manier feroverje", wêrby't gebrûk makke wurdt tusken de gelikense foarm fan 'e namme 'Niïhau' en it Amerikaansk-Ingelske sprektaalwurd nohow, "op gjin inkele wize".)

 
Marinepersoneel arrivearret per helikopter op Niïhau. Op 'e eftergrûn is yn 'e fierte it ûnbewenne eilantsje en seefûgelreservaat Lehua te sjen.

Likernôch 80% fan it ynkommen fan Niïhau is ôfkomstich út 'e pacht dy't de Amerikaanske Marine betellet foar in lytse militêre ynstallaasje boppe-op 'e hast 400 m hege kliffen fan it eilân. Fierders wurdt in protte jild fertsjinne mei juwiellen dy't de bewenners fan Niïhau meitsje fan saneamde pūpū, lytse skelpkes dy't by 't winter oanspiele op 'e strannen fan it eilân. De halskeatlingen (lei) dy't dêrfan reaun wurde, is sa'n fraach nei dat de Hawaïaanske gûverneur Linda Lingle de lei pūpū o Ni‘ihau (skelpehalskeatlings fan Niïhau) yn 2004 by wet beskerme tsjin ferfalsking. Ien inkele, op komplekse wize reaune halskeatling fan dit soarte kin tûzenen dollars opbringe.

Foarhinne wiene de measte bewenners fan Niïhau yn 'e tsjinst fan 'e Ni‘ihau Ranch, in feepleats dêr't kij en skiep holden waarden. Dat bedriuw wie lykwols suver de hiele tweintichste iuw troch ferlieslijend, en waard yn 1999 einlings opdoekt. Fierders waard foarhinne ek wol houtskoal fan kiawehout eksportearre, mar dat waard troch goedkeapere Meksikaanske houtskoal út 'e merk prize. In diel fan 'e eilânbewenners is no wurksum op fiskkwekerijen yn 'e marren, dêr't harder fan 4 oant 4½ kg kweekt wurdt foar de ferkeap oan restaurants op Kauaï en Oähû. Sûnt 1987 wurdt der wat oan toerisme dien, en kinne beheinde oantallen besikers in helikopter- en strântoer fan in heale dei op Niïhau meitsje. Dêrby is der lykwols gjin kontakt mei de eilânbewenners en de akkomodaasjes binne tige sober. Sûnt 1992 fine der ek jachtsafarys plak.

Niïhau foarmet yn 'e mande mei it gruttere buoreilân Kauaï en de ûnbewenne eilantsjes Ka‘ula en Lehua de county Kauaï. It countybestjoer hat syn sit yn Kapa‘a, op Kauaï. It Amerikaanske Folkstellingsburo dielt Niïhau foar statistyske doelen as in selsstannige ienheid yn mei Lehua.

Niïhau stiet derom bekend dat it in tige konservatyf oard is en foar it meastepart op 'e Republikeinske Partij stimd. Sels yn 2008, doe't de Demokratyske presidintskandidaat de op Hawaï berne Barack Obama wie, stimde Niïhau yn grutte mearderheid foar syn Republikeinske tsjinstanner John McCain.

 
Oanspield ôffal op it strân fan Niïhau.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Niïhau doe in befolking fan 170 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 0,9 minsken de km². By de folkstelling fan 2000 hie it eilân noch 160 bewenners. Frijwol alle eilanners binne lânseigen Hawaïanen en sprekke it Hawaïaanske dialekt fan Niïhau en Kauaï as memmetaal. Dat wykt ôf fan it haaddialekt fan it Hawaïaansk trochdat de [k] en de [l] op 'e noardwestlike eilannen útsprutsen wurde as [t], resp. [ɾ] (in koarte r). Taalkundich ûndersyk hat útwiisd dat it noardwestlike dialekt tige behâldend is, en dat de standertútspraak fan [k] en [l] krekt in gefal fan klankferskowing is. Niïhau is it iennichste eilân fan 'e Hawaï-arsjipel dêr't it Hawaïaansk de normale omgongstaal is. It iennichste plak fan betsjutting op Niïhau is Pu‘uwai, dêr't frijwol de hiele befolking wennet.

Guon fan 'e eilanners ûnderhâlde harsels mei jacht of fiskerij, wylst oaren fan in útkearing libje. Der hoecht op it eilân gjin hier betelle te wurden foar bewenning, en der mei frij jage wurde. Niïhau hat gjin tillefoans, gjin ferhurde diken, gjin wetterlieding en gjin motorisearre ferfier. It iennichste wetter is reinwetter, foar ferfier wurde hynders en fytsen brûkt, en alle elektrisiteit wurdt opwekke mei sinnepanelen. Niïhau is yn prinsipe ferbean terrein foar eltsenien, útsein de fêste bewenners en dy har famyljeleden en eksplisyt útnûge gasten, en fierders oerheidsfunksjonarissen en marinepersoneel. Dêrfandinne dat it eilân de bynamme fan the Forbidden Isle ("it Ferbeane Eilân") krigen hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.