Nijfûnlân

(Trochferwiisd fan Nijfûnlân (eilân))

Nijfûnlân (Ingelsk: Newfoundland; Frânsk: Terre-Neuve; Iersk: Talamh an Éisc; Mikmak: Taqamkuk) is in grut eilân foar de kust fan noardeastlik Noard-Amearika, dat mei de regio Labrador, op it fêstelân, de Kanadeeske provinsje Nijfûnlân en Labrador foarmet. Teffens is it it sintrale diel fan Atlantysk Kanada, dat bestiet út Nijfûnlân en Labrador en de Kustprovinsjes.

Nijfûnlân
Newfoundland
flagge wapen

(ûnoffisjele flagge)
gjin offisjeel biedwurd
lokaasje yn Kanada
algemien
ôfkoarting NF (ferâldere)
lân Kanada
status (jier) regio fan Nijfûnlân
en Labrador
(1583)
haadstêd St. John's
grutste stêd St. John's
offisjele taal Ingelsk (de facto)
sifers
ynwennertal 479.105 (2006)
befolkingstichtens 4,3 / km²
oerflak 111.390 km² (ynkl. lytsere eil.)
108.860 km² (it haadeilân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC -3½
webside (gjin offisjele webside)
Utsjoch op Bottle Cove Cave.

Nijfûnlân wurdt alhiel omjûn troch de Atlantyske Oseaan. Yn it noardwesten skiedt de smelle Strjitte fan Belle Isle it fan Labrador. De haadstêd, St. John's, leit alhiel oan 'e oare, súdeastlike kant fan it eilân, op it Avalonskiereilân. Oan 'e súdkant skiedt de Cabotstrjitte Nijfûnlân fan Kaap Bretoneilân, dat ta de provinsje Nij-Skotlân heart. Nijfûnlân leit dwers foar de mûning fan 'e rivier de Saint Lawrence, en skept sa de Saint Lawrencebaai, dat de grutste riviermûning fan 'e wrâld is. Mear nei it súdeasten ta, deunby de Nijfûnlânske kust, lizze yn 'e Atlantyske Oseaan de eilantsjes Sint-Pierre en Miquelon, dat it iennichste oerbleaune Frânske gebietsdiel yn Noard-Amearika is.

Yn 'e prehistoarje waard Nijfûnlân bewenne troch Yndiaanske folken fan 'e Dorsetkultuer, mar doe't it yn 'e alfde iuw foar it earst troch Jeropeänen besocht waard (yn 'e foarm fan 'e ekspedysje fan 'e Iislânske Wytsing Leif Eriksson), wie it nei it skynt ûnbewenne. Neitiid moatte dan de Beotûk-Yndianen har der nei wenjen set hawwe, want dy holden der ta doe't it eilân om 1500 hinne oandien waard troch fiskerslju út Portegal, Spanje (benammen Baskelân), Frankryk (benammen Bretanje) en Ingelân, dy't ôfkamen op 'e ûnbidige iezings kabeljau yn 'e wetters foar de Nijfûnlânske kust.

 
Ferfallen huzen oan 'e Nijfûnlânske kust.

Yn 1497 waard it eilân troch de Italjaanske ûntdekkingsreizger yn Ingelske tsjinst John Cabot (Giovanni Caboto) besocht. Yn 1501 waard de kust fan it eilân yn kaart brocht troch de Portegeeske bruorren ûntdekkingsreizgers Gaspar en Miguel Corte Real. Yn 1583 waard Nijfûnlân yn besit nommen troch sir Humphrey Gilbert, út namme fan 'e Ingelske Kroan. Dêrmei wie it de âldste Ingelske koloanje. Yn 1809 waard Labrador, op it fêstelân, dat earder ta Kebek heard hie, by Nijfûnlân foege. De Nijfûnlânkoloanje bleau lange tiid op himsels, en ûntjoech him yn 1907 ta it selsbestjoerende Dominion Nijfûnlân, dat pas yn 1949 by Kanada foege waard. Yn 2001 waard de namme fan 'e provinsje, dy't oant dy tiid ta altyd "Nijfûnlân" west hie, feroare yn "Nijfûnlân en Labrador".

Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2006 hie Nijfûnlân doe krapoan 480.000 ynwenners, wat delkomt op 91% fan 'e provinsjale befolking, al makket it eilân mar sa'n 30% fan it provinsjaal grûngebiet út. Nijfûnlân hat in oerflak fan 111.390 km² mei de lytsere oanbuorjende eilantsjes ynbegrepen, of fan 108.860 km² as inkeld it haadeilân rekkene wurdt. Dat makket it ta it op trije nei grutste eilân fan Kanada en it op fyftjin nei grutste eilân fan 'e wrâld. De befolkingstichtens is 4,3 minsken de km². Dêrby libbet mear as de helte fan 'e ynwenners op in protsje op it súdeastlike Avalonskiereilân, dêr't û.m. de haadstêd St. John's leit.

It grutste part fan 'e eilânbewenners is fan Ingelsk, Iersk of Skotsk komôf, wylst de Frânsktalige minderheid, de Franko-Nijfûnlanners, sa'n 5,5% befolking fan 'e útmeitsje. Yn 'e njoggentjinde iuw waard der njonken Ingelsk en Frânsk op Nijfûnlân ek in protte Iersk sprutsen; it eilân hie doe syn eigen Ierske dialekt, it saneamde Nijfûnlânsk-Iersk, dat sûnt útstoarn is. Angelsaksyske Nijfûnlanners beskôgje harsels (en wurde troch de rest fan 'e Kanadezen beskôge) as in apart slach folk. Op it Kanadeeske fêstelân wurde grappen oer de Newfies (sa't de bewenners fan it eilân neamd wurde) ferteld, min ofte mear sa't yn Nederlân wol Belgemoppen ferteld wurde. By de folkstelling fan 2006 joech 38% fan 'e befolking as etnisiteit "Nijfûnlanner" op. Der liket in Nijfûnlânsk nasjonalisme yn opkomst, mei as ien fan 'e wichtichste symboalen de grien-wyt-rôze trijekleur.

Wat de lânseigen befolking oangiet, de oarspronklike Beotûk-Yndianen binne yn 'e koloniale tiid útstoarn. De lêste folbloed-Beotûk stoar yn 1829 en de lêst bekende healbloed-Beotûk yn 1919. De Mikmak-Yndianen, dy't har pas nei de kolonisaasje troch de Ingelsen (út Nij-Skotlân wei) op Nijfûnlân nei wenjen setten, meitsje tsjintwurdich 3,2% fan 'e befolking út.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.