Pinewood Toronto Studios

De Pinewood Toronto Studios binne in studiokompleks yn Toronto, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario, dêr't de opnamen foar films en tillefyzjeprogramma's plakfine. It bedriuw waard yn 2006 oprjochte en is ûnderdiel fan 'e Britske Pinewood Group, dy't ek studiokompleksen yn Ingelân, Dútslân en oare lannen besit. Yn 'e Pinewood Toronto Studios binne films as Kick-Ass 2 en Suicide Squad opnommen en tillefyzjesearjes as Star Trek: Discovery.

Pinewood Toronto Studios
algemien
hist. namme Filmport
nasjonaliteit Kanadeesk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Toronto (Ontario)
oprjochte 2006
eigner Bell Media
mem Pinewood Group
offisjele webside
pinewoodgroup.com/studios/pinewood-toronto-studios
kaart
Pinewood Toronto Studios (Toronto)
Pinewood Toronto Studios
Lokaasje yn Toronto.

De Pinewood Toronto Studios waarden yn 2006 oprjochte yn 'e Port Lands-krite fan Toronto, in earder yndustrieel gebiet oan 'e igge fan 'e Ontariomar, dêr't op dat stuit al in stikmannich lytsere studiokompleksen fêstige wiene. Foartiid wie dy lokaasje yn gebrûk by oaljemaatskippij Imperial Oil, en it moast gâns ôfgroeven wurde om 'e miljeufersmoarging op te romjen. De bou fan it studiokompleks, dat de namme Filmport krige, waard yn augustus 2006 mei úteinset.

Yn 2009 waard it kompleks oernommen troch de Britske Pinewood Group, dy't yn Ingelân û.o. de Pinewood Studios en de Shepperton Studios besit, njonken oare studiokompleksen yn Dútslân, de Dominikaanske Republyk en Maleizje. Filmport waard yn it ramt fan 'e oername omneamd ta de Pinewood Toronto Studios. Yn maart 2018 kocht Bell Media, yn oerlis mei de Pinewood Group en it gemeentebestjoer fan Toronto, in mearderheidsbelang yn 'e Pinewood Toronto Studios, mei as doel om 'e krappe studioromte yn Toronto en omkriten út te wreidzjen troch nochris 16.000  oan it kompleks ta te foegjen.

Fasiliteiten

bewurkje seksje

De Pinewood Toronto Studios beslane in totaal oerflak fan 4,5 ha, dêr't 11 soundstages op boud binne dy't yn grutte útinoar rinne fan 930  oant 4.300 m². It grutste sounstage fan it kompleks wie oant 2016 ek it grutste soundstage fan hiel Noard-Amearika. Yn novimber 2020 waard oankundige dat der 5 nije soundstages mei in mienskiplik oerflak fan 9.500 m² oan 'e Pinewood Toronto Studios tafoege wurde soene (sadat it totale tal soundstages op 16 komme soe). Dêropta soed er ek 5.400 m² oan kantoarromte tafoege wurde en 1.400 m² oan wurkplakken foar it meitsjen fan dekôrs foar de filmsets.

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Pinewood Toronto Studios opnommen binne:


Yn 'e Pinewood Toronto Studios binne ek ferskate tillefyzjesearjes opnommen, lykas Beauty and the Beast (2012-2016), Good Witch (2015-2021), Star Trek: Discovery (fan 2017 ôf) en Star Trek: Short Treks (fan 2018 ôf).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.