Room (film út 2015)
Room is in Kanadeesk-Iersk-Britsk-Amerikaanske ûnôfhinklike dramafilm út 2015 ûnder rezjy fan Lenny Abrahamson, mei yn 'e haadrollen Brie Larson en de sânjierrige Jacob Tremblay. De film wie basearre op 'e roman mei deselde namme fan Emma Donoghue, dy't ek ferantwurdlik wie foar it senario. It ferhaal giet oer in jonge frou dy't al sân jier finzen holden wurdt troch in ûntfierder en ferkrêfter, mei in fiifjierrige soan dy't yn finzenskip te wrâld kommen is. As se witte te ûntsnappen, folget in drege oanpassing oan it libben yn frijheid. Room waard foar it earst fertoand op it Filmfestival fan Telluride en wie letter ek te sjen op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. De film krige rûnom loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy, fral foar it aktearjen fan Larson en Tremblay. Larson wûn foar har rol sawol de Oscar as de Golden Globe foar bêste aktrise.
Room | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Lenny Abrahamson | |
produsint | Ed Guiney David Gross | |
útfierend produsint |
Emma Donoghue | |
senario | Emma Donoghue | |
basearre op | de roman fan Emma Donoghue | |
kamerarezjy | Danny Cohen | |
muzyk | Stephen Rennicks | |
filmstudio | Filmnation Entertainment Telefilm Canada Film4 Irish Film Board Ontario Media Development Corp. Element Pictures No Trace Camping Duperele Films | |
distribúsje | Elevation Pictures (Kanada) StudioCanal UK (Br. Eilannen) A24 (Feriene Steaten) | |
spilers | ||
haadrollen | Brie Larson Jacob Tremblay | |
byrollen | Joan Allen Sean Bridgers William H. Macy Tom McCamus | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Kanada Ierlân Feriene Keninkryk Feriene Steaten | |
premiêre | 16 oktober 2015 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | dramafilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 118 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $13 miljoen | |
opbringst | $35,4 miljoen | |
prizen | 1× Oscar 1× Golden Globe 1× BAFTA Award 1× SAG Award 9× Canadian Screen Award 7× Irish Film & TV Awards |
Plot
bewurkje seksjeYn Akron, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, libje de 24-jierrige Joy Newsome en har 5-jierrige soan Jack yn in neat te skjin, mar tige stevich boud en lûdticht túnskuorke, dat se 'Keamer' neame. Se diele in bêd, húske, bad, tillefyzje en in hiel behindich kokenhoekje. It iennichste 'finster' is in skylight dat ûnberikbere heech yn it dak sit, en dêr't se inkeld de loft troch sjen kinne. Se wurde finzen holden troch in man dy't se 'Old Nick' neame, in bynamme dy't Joy him jûn hat om't se syn wiere namme net wit ("Old Nick" is eins in Ingelsktalich eufemisme foar de duvel).
Old Nick hat Joy sân jier lyn, doe't se santjin jier wie, ûntfierd, en ferkrêftet har op deistige basis wylst Jack yn in kleankast mei lûvredoarren sliept. Old Nick is de biologyske heit fan Jack, mar hy sjocht net nei de jonge om. Foar in diel komt dat om't Joy him en Jack aktyf útinoar besiket te hâlden. De iennichste yn- en út-gong út Keamer is in stielene befeiligingsdoar dy't inkeld iepenet nei it yntoetsen fan in koade. Old Nick is de iennichste dy't dy koade ken.
Joy besiket yn dy sitewaasje om optimistysk te bliuwen foar har soan, mar se lijdt oan malnutrysje en hat riten fan depressiviteit. Se hat pinemûle oan in kies om't se nea nei de toskedokter giet, en ek hat se oanhâldend pine oan in pols, dy't Old Nick ris brutsen hat as bestraffing doe't se him yn it begjin fan har finzenskip mei it swiere lid fan it wetterreservoir fan it húske te liif gie. Se hat Jack besocht te beskermjen troch him wiis te meitsjen dat Keamer alles is wat der bestiet, en dat de rest fan 'e wrâld inkeld foarkomt op 'e tillefyzje.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Op in dei, as Old Nick mar in diel fan 'e boadskippen bringt dêr't Joy om frege hat, krije se wurden. Old Nick hellet nei har út troch te sizzen dat se gjin idee hat wat der yn 'e wrâld omgiet. De ekonomy is yn resesje gien en hy is syn baan kwytrekke. Hy wit net oft er yn 'e takomst Joy en Jack noch wol op dizze wize ûnderhâlde kin.
Letter dyselde jûn, nei't Old Nick seks hân hat mei Joy en by har op bêd yn 'e sliep fallen is, wurdt Jack yn 'e kleankast wekker. Nettsjinsteande it feit dat syn mem him hjitten hat om yn 'e kleankast te bliuwen salang't Old Nick yn Keamer is, wurdt nijsgjirrigens him oermânsk. Hy slûpt de kast út om Old Nick fan tichteby te besjen. Old Nick wurdt wekker en besiket hoeden om kontakt te meitsjen, sa't men bygelyks in skrutene hûn oanhellet. As Joy wekker wurdt, giet de grize har oer de grouwe by it sjen fan 'e ynteraksje tusken Jack en Old Nick. Se raast tsjin Jack dat werom gean moat yn Kast, en slacht ûnderwilens de útstutsen hân fan Old Nick fuort. Hy bestraft har troch har seare pols te ferbûgen en har hast te smoaren, en de oare moarn docht bliken dat er de elektrisiteit yn Keamer ôfsnien hat.
Hoewol't de stroom, nei't Joy en Jack in dei yn 'e kjeld sitten hawwe, der wer op komt, beslút Joy dat it net sa trochgean kin: se moat sjen dat sy en Jack ûntsnappe. Dêrfoar moat se Jack earst útlizze dat se him yn it ferline net altyd de wierheid ferteld hat. Keamer is net alles dat der is, krektoarsom: der bestiet dêrbûten in hiele wrâld. Jack reägearret earst mei ûnleauwe en ûnbegryp, folge troch lulkens as syn wrâldbyld op 'e kop set wurdt. Uteinlik wurdt er nijsgjirrich wat der oan 'e oare kant fan 'e muorre sit as Joy him útleit dat in muorre altyd twa kanten hat.
Joy stoppet Jack op bêd mei alle tekkens en klean oer him hinne dy't se hawwe. Se siedt wetter en leit him hjitte wiete handoeken op it gesicht oant er der suver fan gloeit. As Old Nick wer komt, makket se him wiis dat Jack troch de kjeld, doe't de stroom ôfsnien wie, koarts krigen hat. Har hope is dat er it jonkje nei it sikehûs bringe sil, dêr't Jack de autoriteiten warskôgje kin, mar Old Nick seit inkeld ta om medisinen keapje te sillen dy't er de folgjende deis bringe sil.
Dêrop rôlet Joy Jack op yn Tapyt, en oefenet mei him om him te learen en bear dat er dea is. As Old Nick de oare deis weromkomt mei de medisinen, spilet Joy de roujende mem. Se fertelt him dat er te let is, dat Jack dy nachts stoarn is. Se smeket him om it stoflik omskot fan 'e jonge mei te nimmen en op in moai plak mei in protte plantegroei te begraven. Old Nick trapet deryn en nimt de tapytrôle mei Jack deryn mei nei bûten ta. Hy leit him yn 'e laadbak fan syn pick-up en set ôf om in gaadlik dumpplak te finen.
It wie de bedoeling dat Jack him no sels út tapytrôle rôlje soe, wachtsje soe oant Old Nick stilhold by in krúspunt, út 'e pick-up springe soe en de earste de bêste persoan oanklampje soe dy't er seach. Jack hat troch de bewegings fan 'e auto lykwols muoite om út 'e tapytrôle te kommen, en as it him úteinlik slagget om himsels te befrijen, is er sa oerweldige troch alles om him hinne, dat it him suver tefolle wurdt. As de pick-up stilhâldt by in krusing, springt er út 'e laadbak, mar Old Nick sjocht him yn 'e efterútsjochspegel en komt him efternei. Jack is suver raar fan al it nije en komt net fier foar't Old Nick him te pakken hat. Mar in tafallige foarbygonger dy't in grutte grânzgjende rottweiler útlit, fertrout de boel net en komt tuskenbeiden. Ut eangst foar de hûn en it drigemint fan 'e man om 'e plysje te skiljen, lit Old Nick Jack los en naait út.
De man mei de hûn bliuwt by Jack oant de plysje komt. In freonlike froulike plysje wit út syn wifeljende antwurden op har fragen foar it ferstân te krijen wat der oan 'e hân is. Troch syn beskriuwing fan 'e bewegings fan 'e pick-up as de auto om 'e bocht gie, kin frij sekuer de buert fêststeld wurde dêr't it hûs fan Old Nick stean moat. Dêrnei begjint de plysje in massale syktocht nei in túnskuorke mei in skylight. Sa wurdt Joy op 't lêst fûn, en tegearre mei Jack wurdt se nei it sikehûs brocht dêr't se ferskjinne en fersoarge wurde en de nacht trochbringe. Underwilens hâldt de plysje de flechtsjende Old Nick oan en arrestearret him.
De oare deis wurdt Joy weriene mei har âldelju, Robert en Nancy Newsome, dy't yn 'e tuskenlizzende jierren skieden binne. Robert wennet no oan 'e oare kant fan it lân, wylst Nancy yn harren âlde hûs gearwennet mei har freon Leo. Joy en Jack lûke by Nancy en Leo yn. It docht al rillegau bliken dat Robert Jack net as pakesizzer akseptearje kin, mei't him eltse kear dat er de jonge sjocht, de ferkrêfting fan syn dochter tebinnenbrocht wurdt. Hy giet werom nei hûs en hat fierders gjin kontakt mear mei Joy en Jack.
Eltsenien sit yn oer Jack syn oanpassing oan 'e echte wrâld. Hy wol yn 't earstoan inkeld tsjin syn mem prate, en sprekt de winsk út om werom te gean nei Keamer. Meitiid begjint dat lykwols te feroarjen. Ynstee is it Joy dy't de measte muoite hat om har wer oan in libben yn frijheid oan te passen. Se wrakselet mei lulkens en depressiviteit, lijt ûnder in posttraumatysk stress-syndroom en makket oanhâldend rûzje mei har mem. Om 'e sikehûsrekken en bykommende kosten te beteljen, stimt se yn mei in fraachpetear mei de presintatrise fan in bekend praatprogramma, mar dêrtroch rekket se geastlik noch mear yn 'e put as de frou har freget oft it net better west hie as se Old Nick fuort nei de berte fan Jack frege hie om 'e poppe te fûnling te lizzen, sadat er in normaal libben hawwe koe. Oerweldige troch skuldgefoelens besiket se neitiid selsmoard te dwaan troch in oerdoazis medisinen yn te nimmen, mar Jack fynt har op 'e tiid en se wurdt nei it sikehûs brocht dêr't har mage leechpompt wurdt.
Dêrnei wurdt besletten dat Joy alteast tydlik opnommen wurde moat yn in psychiatrysk sikehûs. Jack bliuwt efter by Nancy en Leo. Hy mist syn mem, mar har ôfwêzigens wurket as katalysator foar syn oanpassing oan syn nije libben. Hy bout in relaasje op mei syn beppe Nancy en mei de tige geduldige Leo. Ek komt er yn 'e kunde mei Leo syn hûn Seamus (dy't earder earne oars ûnderbrocht wie om't Jack yn 't earstoan syn ymmuniteit opbouwe moast), en hy slút freonskip mei Aaron, in jonge út deselde strjitte. Om't er troch de ferhalen dy't Joy him ferteld hat oer de bibelske held Simson (waans krêft ferbûn wie oan syn lange hier) mient dat syn lange hier de boarne fan syn krêft is, lit er it troch syn beppe ôfknippe om it op te stjoeren nei Joy. As dyselde letter wer thúskomt, seit se dat dat geskink har dertroch sleept hat.
Op fersyk fan Jack bringe Joy en Jack, ûnder begelieding fan 'e beide plysjes dy't it earst by Jack wiene, foar de lêste kear in besyk oan Keamer. Jack fynt it mar nuver, want hy hat it gefoel dat Keamer krompen is. Hy konkludearret dat it net echt Keamer wêze kin, sa mei de doar iepen. As Joy him freget oft er wol dat se de doar ticht docht, tinkt Jack dêr eefkes oer nei, mar antwurdet dan fan nee. Hy en Joy sizze farwol tsjin Keamer en geane fuort.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Joy Newsome | Brie Larson |
Jack Newsome | Jacob Tremblay |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Nancy Newsome | Joan Allen |
"Old Nick" | Sean Bridgers |
Robert Newsome | William H. Macy |
Leo | Tom McCamus |
plysje Parker | Amanda Brugel |
plysje Tom Grabowski | Joe Pingue |
dokter Mittal | Cas Anvar |
praatprogrammapresintatrise | Wendy Crewson |
Produksje
bewurkje seksjePreproduksje
bewurkje seksjeDe Iersk-Kanadeeske auteur Emma Donoghue skreau de roman Room, dy't yn 2010 publisearre waard. Noch foar't se in útjouwer foar har boek fûn hie, wurke se it al om ta in senario, mei't se derfan oertsjûge wie dat it úteinlik ferfilme wurde soe. Nei de publikaasje fan 'e roman ûntfong se in grut tal oanbiedings fan filmmakkers om dat te dwaan, dy't se lykwols ôfwiisde op grûn fan kreätive mieningsferskillen. Regisseur Lenny Abrahamson skreau har, nei't er de roman lêzen hie, in fanbrief fan tsien bledsiden wêryn't er har besocht oer te heljen om har roman ferfilmje te litten, net wittende dat se al in senario skreaun hie. Nei it lêzen fan dat brief besleat Donoghue dat se einlings de persoan fûn hie om 'e langferwachte film te meitsjen.
Yn 2012 brochten Abrahamson en Donoghue in wike troch yn har hûs yn London (Ontario), dêr't se tegearre it senario op 'e nij beseagen en hjir en dêr oanpasten. Behalven as senarioskriuwer wie Donoghue ek as útfierend produsinte by de produksje fan Room belutsen, en se waard sadwaande behelle yn alle wichtige beslissings oangeande sawol skript as film. Abrahamson sei letter yn in fraachpetear dat Donoghue derfoar soarge hie dat de filmproduksje subsydzje fan 'e Kanadeeske oerheid krigen hie. Donoghue wie ek dejinge dy't derop oankrong om 'e opnamen yn Toronto te dwaan, dat in 'Amerikaansk' útsjende stêd is, mar in 'freonliker' plak foar Jeropeeske filmmakkers om te wurkjen as yn 'e eigentlike Feriene Steaten.
Room waard úteinlik in ko-produksje fan Kanada, Ierlân, it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten. It wie in ûnôfhinklike film produsearre troch Ed Guiney en David Gross foar Filmnation Entertainment, Telefilm Canada, Film4, de Bórd Scannán na hÉireann/Irish Film Board, de Ontario Media Development Corporation, Element Pictures, No Trace Camping en Duperele Films. Der wie in budget fan $13 miljoen foar de film beskikber.
Casting
bewurkje seksjeFoar de haadrol fan Joy Newsome waarden troch de makkers fan Room de aktrises Emma Watson, Rooney Mara, Shailene Woodley en Mia Wasikowska yn omtinken nommen. Uteinlik waard Brie Larson yn dy rol cast nei't in bekende fan Abrahamson him oanret hie om ris nei har eardere film Short Term 12 te sjen. Yn tarieding op har rol wûn Larson advys yn fan in trauma-ekspêr en in fiedingskundige. Ek gie se op in beheinend dieet en mijde se sinneljocht.
Foar de rol fan Jack keazen de makkers fan 'e film úteinlik foar de sânjierrige Jacob Tremblay út Vancouver. Tremblay sei letter yn in fraachpetear dat de rol foar him net dreech wie om't er in lokkich jonkje spile, dat him alhiel ûnbewust wie fan it sinistere aard fan syn libbensomstannichheden. Mei't er te jong wie om it hiele senario te lêzen, waard eltse sêne, foar't de opname begûn, hielendal mei him trochnommen. Hy droech in prúk makke fan minsklik hier. Neffens Joan Allen, dy't Jack syn beppe Nancy spile, brochten Larson en Tremblay yn 'e trije wiken foarôfgeande oan it begjin fan 'e opnamen in soad tiid mei-inoar troch om in hechte bân op te bouwen.
Allen sels arrivearre letter yn Toronto, dêr't se koart mei Tremblay yn 'e kunde kaam, mar fierders by him wei bleau, om't er foar de opnamen net te noflik yn 'e omgong mei har reitsje moast. Om har ta te rieden op har rol gie Allen net te rie by memmen fan echte ûntfierde bern; ynstee putte se, nei eigen sizzen, út in persoanlike ûnderfining út it ferline, "yn in winkelsintrum doe't myn dochter lyts wie en ik omseach en fan it iene momint op it oare wie se fuort." De akteurs ymprovisearren in lyts diel fan 'e tekst. Donoghue sei dêroer letter dat se op dy wize "spraakpatroanen skoepen dy't natuerliker klonken as ik ea skreaun hawwe koe, en guon geniale nije tekstregels optochten dy't yn 'e film opnommen waarden."
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen fan Room, dy't úteinsetten op 10 novimber 2014 en einigen op 15 desimber fan dat jier, waarden dien yn 'e Kanadeeske stêd Toronto. Se fûnen foar it meastepart plak yn 'e Pinewood Toronto Studios, dêr't yn in soundstage ien inkele filmset fan 'e keamer dêr't Joy en Jack yn finzen holden wurde, boud waard troch produksje-ûntwerper Ethan Tobman.
De keamer meat 3.40 m by 3.40 m, en om 'e filmcrew en harren kamera's en oare apparatuer deryn passe te litten, wie elts ûnderdiel fan 'e ynrjochting útnimber, de wanden ynbegrepen. Om't regisseur Lenny Abrahamson en kameraregisseur Danny Cohen lykwols woene dat de kamera altyd opnaam fan in punt yn 'e keamer, befûn de lins him altyd binnenyn de set, ek as de rest fan 'e kamera derbûten stie. By de opnamen yn 'e keamer wiene der soms wol acht kameralju mei Larson en Tremblay yn 'e set.
Om't de sênes yn 'e keamer filme waarden foar't de rest fan 'e film opnommen waard, seach de crew der yn 't earstoan nei út om klear te wêzen mei de benaude en bekrompen wurkromte. Doe't se lykwols bûtendoar filmje moasten, die bliken dat se earst muoite hiene om har nei sa'n skoft yn stilte binnendoar oan te passen oan it hjerstwaar, it ferkear en alle folk op 'e strjitte.
Postproduksje
bewurkje seksjeDe filmmontaazje waard nei ôfrin fan 'e opnamen yn Dublin dien, dêr't filmeditor Nathan Nugent der fiif moannen mei besteld wie. Ta de postproduksje hearde ek de filmmuzyk, dy't Stephen Rennicks foar Room makke.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Room waard yn Kanada fersoarge troch Elevation Pictures, yn it Feriene Keninkryk en Ierlân troch StudioCanal UK, en yn 'e Feriene Steaten troch A24. De film wie op 4 septimber 2015 foar it earst te sjen op it Filmfestival fan Telluride, en waard letter ek fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, dêr't er de publykspriis wûn, en op it BFI Filmfestival fan Londen. Room iepene op 16 oktober yn in beheind tal bioskopen yn 'e Feriene Steaten, en wie fan 23 oktober ôf yn 'e Kanadeeske bioskopen te sjen en fan 15 jannewaris 2016 ôf yn 'e bioskopen yn it Feriene Keninkryk en Ierlân. Op 1 maart 2016 kaam Room út op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeRoom krige fan 'e filmkritisy rûnom loovjende resinsjes. Sa neamde Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film "it ymposantste stikje filmmakkerij dat ik yn 2015 sjoen haw, en ien fan 'e bêste films fan it desennium." Todd McCarthy, fan 'e The Hollywood Reporter skreau oer Room: "Oer it generaal nommen is it in fertsjinstlik skot rjochte op in dreech te reitsjen doel, mar de echte lof komt de haadrolspilers ta […]." Yn it tydskrift Rolling Stone skreau Peter Travers: "Alles dat jo hoege te witten is dat jo fan 'e optredens fan Larson en Tremblay ûnderstboppest wêze sille. Tremblay is in berne-akteur dy't gjin ferkeard dwaan kin. En Larson, dy't sa goed wie yn Short Term 12, is geweldich, en fynt hjir in manear om yn Joy har kwetste psyche troch te kringen dy't jo it hert brekke sil."
Yn 'e Kanadeeske krante The Globe and Mail skreau Barry Hertz: "Room is in film fan petiterich lytse wûnderkes." Hy fûn de film opblierkjend en priizge de aktearprestaasjes fan sawol Larson as Tremblay. Yn 'e Toronto Star neamde Linda Bernard Room "like leafdefol as beëangstigjend." Donald Clarke fan The Irish Times joech de film, dy't er omskreau as "om kâld fan te wurden" fiif fan fiif stjerren. Hy konkludearre: "Uteinlik is it in film dy't in beskate mjitte fan optimisme oer wit te bringen yn 'e faaiste omstannichheden. Dat is in prestaasje fan formaat." Yn 'e Irish Examiner neamde Daniel Anderson Room "in folslein unyk ferhaal", mar ek "somber" en "dreech om oaren oan te rieden". In ôfwikende miening wie Kyle Smith fan The New York Post tagedien. Hy skreau: "It skript […] makket neat dúdlik oer hokfoar ynterne skea immen oprinne kin troch sân jier lang finzen holden te wurden: op it wite doek liket it wol as sit Joy der gewoan in bytsje trochhinne."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Room in heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 303 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Benammen troch it geweldige wurk fan Brie Larson en Jacob Tremblay is Room in ûnferjitlik grouwélige – en ûntsjinsisber beleanjende – ûnderfining." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 43 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeYn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht Room yn 'e bioskopen $14,7 miljoen op en yn alle oare lannen en territoaria $20,7 miljoen. Yn totaal kaam dat wrâldwiid del op in opbringst fan $35,4 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $13 miljoen makke de film in winst fan $22,4 miljoen minus marketingkosten.
Prizen
bewurkje seksjeRoom wûn in grut tal prizen. De film waard yn 2016 nominearre foar fjouwer Oscars, wêrûnder dy foar bêste film. Brie Larson wûn de Oscar foar bêste aktrise. Hja wûn ek de Golden Globe, de BAFTA Award, de Screen Actors Guild Award en de Critics' Choice Award foar bêste aktrise. Room wûn sân Irish Film and Television Awards, wêrûnder dy foar bêste film. Ek wûn de film njoggen Canadian Screen Awards, wêrûnder de prizen foar bêste film, bêste regisseur (Lenny Abrahamson), bêste senarioadaptaasje (Emma Donoghue), bêste akteur (Jacob Tremblay) en bêste aktrise (Larson).
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |