Police Academy: Mission to Moscow
Police Academy: Mission to Moscow, ek bekend as Police Academy 7: Mission to Moscow, is in Amerikaanske komeedzjefilm út 1994 ûnder rezjy fan Alan Metter, mei yn 'e haadrollen Charlie Schlatter, David Graf en Leslie Easterbrook. De titel betsjut "Plysjeskoalle: Op Misje nei Moskou". De film is it sânde en lêste diel fan 'e Police Academy-filmsearje, en folget as sadanich op Police Academy 6: City under Siege, út 1989. It ferhaal folget in groep eksintrike plysjes ferbûn oan in pleatslike plysjeskoalle as se troch de Russyske plysje yn Moskou te help roppen wurde om ôf te weven mei in kopstik fan 'e Russyske maffia. Police Academy: Mission to Moscow krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, en waard mar hiel beheind útbrocht yn 'e bioskopen.
Police Academy: Mission to Moscow | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Alan Metter | |
produsint | Paul Maslansky | |
senario | Randolph Davis Michele S. Chodos | |
kamerarezjy | Ian Jones | |
muzyk | Robert Folk | |
filmstudio | Warner Bros. | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Charlie Schlatter David Graf Leslie Easterbrook | |
byrollen | Michael Winslow G.W. Bailey Claire Forlani George Gaynes Ron Perlman | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 26 augustus 1994 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 83 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $10 miljoen | |
opbringst | $126.247 | |
filmsearje | ||
filmsearje | Police Academy | |
● foarich diel | Police Academy 6: City under Siege |
Plot
bewurkje seksjeKonstantin Konali, in kopstik fan 'e Russyske maffia, wasket jild wyt mei de ferkeap fan in tige ferslaavjend fideospultsje, The Game. Hy set kompjûterekspêr Adam Sharp yn om in nije ferzje fan it spultsje te ûntwikkeljen, wêrmei't hy eltse kompjûter hacke kin dêr't The Game op spile is. Sa hopet er tagong te krijen ta de kompjûtersystemen fan banken en oerheden. De Russyske plysje besiket wanhopich om Konali tsjin te kearen, mar rint almar wer efter de feiten oan. Presidint Boris Jeltsin jout de Moskovyske plysjekommandant Aleksandr Nikolajevitsj Rakov opdracht om help fan bûtenôf yn te skeakeljen.
Rakov is in pear jier lyn op in ynternasjonale plysjekonferinsje yn 'e kunde kommen mei Eric Lassard, de kommandant fan in plysjeskoalle yn 'e Feriene Steaten, dy't sels yn it ferline alris in oanfarring mei Konali hân hat doe't dy syn aktiviteiten besocht út te wreidzjen nei Amearika. Dat hy nimt kontakt mei Lassard op, en nûget dyselde út om in taakgroep fan syn bêste minsken gear te stallen en oer te kommen nei Moskou. Lassard kiest foar de misje út: de wielderige mar bikkelhurde ynspekteur Debbie Callahan, de troch fjoerwapens obsedearre brigadier Eugene Tackleberry, de elts lûd imitearjende brigadier Larvell Jones, de ambisjeuze en eigenwize haadynspekteur Thaddeus Harris en de bêste rekrút fan 'e nijste lichting fan 'e plysjeskoalle. Dat is net de oan hichtefrees lijende kadet Kyle Connors, mar dyselde is wol tige handich mei kompjûters. Hy hackt it systeem fan 'e plysjeskoalle, en om't er wol sin hat oan in reiske nei Moskou, ferfangt er de namme fan 'e bêste kadet troch dy fan himsels.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
By oankomst op 'e lofthaven fan Moskou wurde Lassard en syn team ûnthelle troch kommandant Rakov, dy't harren oerdraacht oan 'e soargen fan ynspekteur Joeri Talinsky. As tolk en gids wurdt de jonge, tsjeppe plysjefrou Katrina Sergejeva oan it selskip tafoege, op wa't Connors op slach fereale rekket. De knoffelige Lassard stapt by it ferlitten fan 'e lofthaven yn 'e ferkearde auto en bedarret op in begraffenis fan in him ûnbekende Rus, wêrnei't er mei nei hûs nommen wurdt troch de famylje. Om't de lju net witte wat se mei him oan moatte, litte se him mar by harren útfanhûzje. Lassard, fan wa't ûnder de bêste omstannichheden al net folle útgiet, fielt him, nettsjinsteande in taalbarriêre dy't kommunikaasje frijwol ûnmooglik makket, daliks thús by de famylje en ûndernimt út himsels gjin stappen om syn team werom te finen.
Talinsky, dy't as de dea is dat it him oanrekkene wurde sil dat er fuortendaliks al ien fan 'e Amerikanen kwytrekke is, keapet yn it hotel dêr't it team húsfêste wurdt, in pikkolo om. Dy nimt dêrop syn yntrek yn 'e hotelkeamer fan Lassard, en ropt eltse kear as der oankloppe wurdt dat er op it húske sit. De oare teamleden, dy't it nuvere hâlden en dragen fan 'e kommandant wol wend binne, merke neat fan syn ôfwêzigens.
Underwilens freget Katrina oan Connors om foar har in goed wurdsje te dwaan by Talinsky. Har lang útstelde fakânsje is op 'e nij útsteld fanwegen it besyk fan 'e Amerikanen, en sy hat in prima ferfangende tolk fûn, in obese plysjefrou dy't daliks nei Connors lonket. Connors, dy't Katrina net kwyt wol, makket by syn praatsje mei Talinsky kompliminten oer Katrina, mar seit neat oer fakânsje. As se dat letter ûntdekt, nimt se him op in jûn mei nei in sirkusfoarstelling, dêr't se him by wize fan wraak as frijwilliger opjout om mei te dwaan oan in optreden fan in stikmannich clowns.
By it ûndersyk nei Konali witte Callahan en Conners de organisaasje fan 'e maffiabaas te ynfiltrearjen: Callahan as syn de nije faam fan Konali, en Connors as in nije trewant. Connors ûntdekt dat Konali in nije ferzje fan The Game ûntwikkelet en wat er dêrmei fan doel is. Om dêr bewiis foar te finen dat sterk genôch is om Konali efter de traaljes te krijen, is lykwols fers twa. In undercoveroperaasje ûnder in balletfoarstelling rint troch tadwaan fan Harris alhiel yn it hûndert, en as de Amerikanen úteinlik Konali arrestearje wolle om't se miene dat er temûk in sjek jûn hat oan in wapenhanneler dy't njonken him sit, docht bliken dat it in bydrage is foar in goed doel.
It hiele ûndersyk nei Konali rint dêrtroch averij op om't it dyselde no net mear ûntgean kin hoe't de plysje him op 'e hakken sit. It Amerikaanske team wurdt troch Talinsky oardere om binnen fjouwerentweintich oeren it lân te ferlitten. Foar Connors is dat wol ferfelend, mei't er krekt Katrina safier krigen hat dat se him ferjûn hat foar syn eardere bedroch, wêrnei't se in earste tút útwiksele hawwe. Underweis nei de lofthaven wurdt Callahan ûntfierd troch de trewanten fan Konali, dy't alhiel fereale op har rekke is. De oare teamleden sette de efterfolging yn, en foar it earst lit Harris ris wat liederskipskapasiteiten sjen. Se spoare de ûntfierders op yn in filla dy't eigendom is fan Konali. Dyselde hat him ûnderwilens al ôfjûn nei it restaurant dat er as dekmantel foar syn kriminele aktiviteiten brûkt. Tsjin 'e tiid dat it team de filla binnenfalt, hat Callahan harsels al befrijd en ôfweefd mei Konali syn trewanten.
Underwilens giet Lassard mei de famylje by wa't er útfanhûzet út te iten, by tafal yn it restaurant fan Konali. As Lassard eefkes nei it húske sil, nimt er de ferkearde doar en komt it kantoar fan Konali binnen. Dyselde ken him wer en falt him oan. It duorret in skoftke foar't Lassard foar it ferstân hat wa't er foar him hat, mar dêrnei oermasteret er Konali en arrestearret him. No't de maffiabaas de finzenis yn draait foar ûntfiering, is kommandant Rakov tige tefreden oer de help fan Lassard syn team. By in seremoanje op it Reade Plein kriget de kommandant fan him in ûnderskieding opspjelde.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
kadet Kyle Connors | Charlie Schlatter |
brigadier Eugene Tackleberry | David Graf |
ynspekteur Debbie Callahan | Leslie Easterbrook |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
brigadier Larvell Jones | Michael Winslow |
haadynspekteur Thaddeus Harris | G.W. Bailey |
plysje Katrina Sergejeva | Claire Forlani |
kommandant Eric Lassard | George Gaynes |
Konstantin Konali | Ron Perlman |
ynspekteur Joeri Talinsky | Gregg Berger |
kommandant Aleksandr Nikolajevitsj Rakov | Christopher Lee |
Adam Sharp | Richard Israel |
pikkolo | Vladimir Dolinsky |
famyljehaad | Nikolaj Pastuchov |
âldwyfke mei tas yn it park | Marija Vinogradova |
nijslêzeresse Lindsay | Pamela Guest |
nijslêzer Ed | Stuart Nisbet |
nijsregisseur | David St. James |
Irina Petrovskaja | Allyn An McLerie |
homoseksuele Moskovyt | Lonnie Burr |
presidint Boris Jeltsin | Aleksandr Skorochod |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjePolice Academy: Mission to Moscow waard regissearre troch Alan Metter nei in senario fan Randolph Davis en Michele S. Chodos. As produsint wie Paul Maslansky by it projekt belutsen foar de filmstudio Warner Bros. Foar de film wie in budget beskikber fan $10 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ian Jones, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Robert Folk. Fan 'e oarspronklike cast fan 'e Police Academy-filmsearje diene inkeld George Gaynes (kommandant Lassard), Michael Winslow (brigadier Larvell Jones) en David Graf (brigadier Eugene Tackleberry) oan dizze lêste film mei; sy wiene de iennichste akteurs dy't yn alle sân films te sjen binne.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Police Academy: Mission to Moscow fûnen plak op lokaasje yn Moskou yn 'e hjerst fan 1993. It wie de earste Amerikaanske komeedzjefilm dy't dêr filme wurde mocht nei de fal fan it Izeren Gerdyn en de ynstoarting fan 'e Sovjet-Uny. Der waard in sêne opnommen op it Reade Plein, en oan 'e sêne mei de balletfoarstelling wurke it echte Bolsjoj Ballet mei. Yn oktober 1993 moast de produksje tydlik stillein wurde omreden fan 'e út 'e hân rinnende de Russyske Konstitúsjonele Krisis. It as gefolch dêrfan troch in tankbombardemint skansearre rekke Wite Hûs fan Moskou (it parlemintsgebou) is yn ien sêne fan 'e film op 'e eftergrûn dúdlik sichtber.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Police Academy: Mission to Moscow waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 26 augustus 1994 yn premiêre yn 'e Feriene Steaten. Oars as de eardere dielen fan 'e Police Academy-searje liet Warner Bros. dizze sânde film inkeld út yn in tige beheind tal bioskopen draaie foar't er fierders direkt-op-fideo útbrocht waard.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Police Academy: Mission to Moscow oer it algemien negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Police Academy: Mission to Moscow in goedkarringspersintaazje fan 0%, basearre op 7 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet de film in goedkarringspersintaazje fan 11%, basearre op 4 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjePolice Academy: Mission to Moscow brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten (it iennichste lân dêr't de film yn 'e bioskoop te sjen wie) $126.247 op. Dy tige behindige opbringst wie net sasear it gefolch fan 'e ympopulariteit fan 'e film, mar fan 'e kar fan filmdistributeur Warner Bros. om 'e film mar yn in tige beheind tal bioskopen draaie te litten. Der waard foar keazen om 'e rest fan it budget fan $10 miljoen werom te fertsjinjen fia ferhier en ferkeap op fideo.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Police Academy: Mission to Moscow
- (in) Ynformaasje oer Police Academy: Mission to Moscow yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Police Academy (filmsearje) | |
---|---|
Police Academy (1984) • Police Academy 2: Their First Assignment (1985) • Police Academy 3: Back in Training (1986) • Police Academy 4: Citizens on Patrol (1987) • Police Academy 5: Assignment Miami Beach (1988) • Police Academy 6: City under Siege (1989) • Police Academy: Mission to Moscow (1994) |