Tsjerke fan Skettens
De Tsjerke fan Skettens is in protestantsk tsjerkegebou yn Skettens en ien fan de trije tsjerken fan de PKN-gemeente Skettens-Skraard-Longerhou.
Tsjerke fan Skettens | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Skettens | |
adres | Van Osingawei 3 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1864 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39429 | |
offisjele webside | ||
Facebook PKN-gemeente |
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1865 boud as herfoarme tsjerke en ferfong doe de let-midsiuwske tsjerke fan Skettens. Nei alle gedachten hat it ôfgraven fan de terp de ferfanging fan de doe al brekfallige âlde tsjerke needsaaklik makke. De eardere sealtektoer wie al yn 1816 ôfbrutsen en ferfongen troch in diels stiennen diels houten toer. Fan dy toer bleau in stien ta oantinken oan de bou bewarre. Nei de nijbou fan de tsjerke folge efkes letter de bou fan in nije toer yn 1877. Op it skip fan de tsjerke stiet in wynwizer út 1732 mei de inisjalen fan de tsjerkfâlden, dy't noch op de âlde tsjerke stien hat.
Yn 2015 waard útein set mei in grutte restauraasje fan de tsjerke.[1] By de restauraasje fan de tsjerke, de earste yn de skiednis fan it 19e iuwske gebou, waard yn it begjin fan 2017 in grêfkelder fan trije meter by trije meter ûntdutsen mei de omskotten fan fjouwer minsken. Ien dêrfan is de ealman Skelte Hotzes fan Aysma (1578-1637), dy't fjirtich jier tsjinne hie yn it Fryske leger en ferstoar yn de striid tsjin Spanje by it belis fan Breda. De grêfkelder is restaurearre en iepen foar besichtiging. In pear jier earder die út ûndersyk al bliken dat de helm en de degen, dy't al jierren oan de muorre fan de toer hongen, fan de kolonel wiene. De mear as fiif kilo swiere helm wurdt tsjintwurdich bewarre yn it Nasjonaal Militêr Museum fan Soest. Tagelyk mei de restauraasje fan de tsjerke is der yn de toer in romte ferboud ta in gelegenheid dêr't oernachte wurde kin, om sa mear ynkommen te generearjen foar it behâld fan de tsjerke.[2][3]
Allinne it oargel fan de tsjerke en inkelde grêfsarken binne oanwiisd as monumint. It tsjerkegebou sels is gjin monumint.[4]
Ynterieur
bewurkje seksjeDe ienfâldige preekstoel stiet yn it trijesidige koer fan de tsjerke. Oan wjerskanten fan de preekstoel hingje twa buorden mei de nammen fan de dûmny's dy't yn Skettens en Longerhou tsjinnen. Bûten de dooptún steane twa hearebanken.[5]
Eartiids waarden yn de tsjerke de bewenners fan Osingastate te rêste lein. In tal sarken lizze oer de flier, wêrfan't de âldsten út de twadde helte fan de 16e iuw stamme. De moaiste sark is dy fan Sybrand fan Osinga en Atke fan Aggema út 1621, dêr't hja libbensgrut op binne ôfbylde.
Yn it ramt fan in renovaasje fan de tsjerke waard yn 1762 in dûbelsidich boerd foar boppe de tagong fan de tsjerke makke, mei oan de iene side de Tsien Geboaden en oan de oare kant de wapens fan de grytman, dûmny en tsjerkfâlden.[6] It boerd hinget tsjintwurdich yn it koer fan de tsjerke fan Longerhou.
De klok yn de toer fan de tsjerke waard yn 1948 troch Van Bergen yn Heiligerlee getten, nei't de âlde klok yn 1943 troch de Dútsers foardere waard om dy om te ranen foar grûnstof.[7]
Oargel
bewurkje seksjeYn de tsjerke stiet in twamanualich oargel fan Petrus van Oeckelen. It ynstrumint waard boud yn 1891. Oare oargels yn Fryslân fan Van Oeckelen binne te finen yn de tsjerken fan Akkrum, Harns, Bitgum, Wurdum en Oentsjerk. Yn de rin fan de tiid is der neat oan it ynstrumint feroare. De kleur fan it front wie oarspronklik swart.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|