Renswoude

(Trochferwiisd fan Renswâld)

Renswoude (betsjutting: Rhenen-s wâlde, út de tiid dat dit grûngebiet noch by Rhenen hearde), is in gemeente en plak yn de provinsje Utert mei 5.759 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS).

Renswoude

It kastiel Renswoude
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
boargemaster Petra Doornenbal-van der Vlist (CDA)
sifers en geografy
haadplak Renswoude
grutste plak Renswoude
ynwennertal 5.759 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 307 / km²
oerflak 18,51 km²
● wêrfan lân 18,40 km²
● wêrfan wetter 0,11 km²
tal doarpen 1
ferkearsieren
skiednis
oprjochte 1795
oar
netnûmer 0318
postkoade 3927
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.renswoude.nl
Topografyske gemeentekaart fan Renswoude

Sûnt 2010 is de gemeente oansletten by it gearwurkingsferbân Regio Foodvalley, tegearre mei de gemeenten Barneveld, Ede, Rhenen, Skerpenseel, Veenendaal en Wageningen.

Al yn 855 waard Renswoude as silva Hrenhem (it Rhenenske wâld) neamd yn in oarkonde. De delsetting Renswoude is lykwols lang sa âld net. Dy ûntstie eigentlik pas om 1400 hinne. Renswoude bestie doe út in fersterke hûs, de Borgwal neamd, en in oantal ferspraat lizzende pleatsen. Yn 1638 stifte Johan fan Reede in doarp by it eardere Borgwal. Dat bestie út de hjoeddeiske Doarpsstrjitte, mei dêrlâns wat lintbebouwing. Dêrnjonken ûntstienen der noch twa efterwegen, de hjoeddeiske Molestrjitte en de Tsjerkestrjitte. Ek liet Van Reede it kastiel Renswoude (1654) en de koepeltsjerke (1639, nei in ûntwerp fan Jacob van Campen) bouwe[1].

Yn 1674 waard Renswoude in saneamde "Hooge en vrije hearlikheid," in gebiet mei in eigen ûnôfhinklike rjochtspraak. Ut dy hearlikheid waard yn 1795 de gemeente Renswoude foarme. Pas yn 1818 waarden de grinzen fan de gemeente offisjeel juridysk fêststeld, al wie it al iuwen dúdlik hoe't de grinzen rûnen.

Resinte skiednis

bewurkje seksje

Plannen foar grinswizigingen en gemeentlike weryndielingen hawwe in promininte rol spile yn de skiednis fan de gemeente Renswoude. In wichtige grinswiziging wie op 1 jannewaris 1960. Doe ferlear Renswoude grutte stikken fan har grûngebiet oan Veenendaal en Skerpenseel. It gie dêr ûnder oare om de Emminkhuizervenen. Dit gebiet besloech ûngefear 150 hektare.

Yn 2008 wiene der plannen en diel Renswoude yn by in nij te foarmjen fúzjegemeente besteande út de gemeenten Skerpenseel, Renswoude en Woudenberg. Dy plannen waarden yn 2011 lang om let fan tafel smiten.

De gemeente hat 5.642 ynwenners (2022) en in oerflak fan 18,52 km². Binnen de gemeentegrinzen lizze gjin oare kearnen. Renswoude is mei dat ynwennertal de lytste gemeente yn de provinsje Utert, en boppedat ek ien fan de lytste gemeenten yn Nederlân. De befolking is de lêste tsjien jier mei goed 8% groeid. Yn dyselde perioade wie der yn de hiele provinsje in groei fan ek goed 8%; Renswoude hat dus in trochsneed groeipersintaazje. Dy groei is net stadichoan gien; oant en mei 1995 skommele it ynwennertal om de 3.700 en dêrnei waard ynienen de sprong makke nei de 4.000 ynwenners. Dat hie benammen te krijen mei de realisaasje fan de nije wyk Spikhorst, yn 1995.

Renswoude is ynearsten de lytste selsstannige gemeente yn de provinsje Utert. Al jierren binne der plannen foar in gearfoeging mei Woudenberg en Skerpenseel. Dy gemeenten lykje dêr wol wat foar te fielen, it kolleezje en de gemeenteried fan Renswoude lykwols net. Op 26 septimber 2007 wie der in referindum mei as ûnderwerp de selsstannichheid fan Renswoude. Mei in persintaazje fan 83,7 wie de opkomst heech. 98,4% fan de kiezers stimde foar selsstannichheid, 1,6% tsjin. De maatskiplike wjerstân tsjin in twongen fúzje mei Woudenberg en Scherpenzeel bliek ek út in fakkeloptocht yn 2008 by de harksitting fan de provinsjes Utert en Gelderlân, wêrby't 1.500 fan de 4.600 ynwenners harren ûnnocht uteren tsjin de fúzje. Dit wylst yn de gemeenten Skerpenseel en Woudenberg mar inkelde boargers by soksoarte harksitings kamen.

Renswoude bliuwt foarstanner fan selsstannichheid. De gemeenteried is unanym fan miening dat de gemeente der bestjoerlik én finansjeel goed foarstiet. Dat it bestjoerlik goed giet, bliek ek út de bestjoersûndersiken fan it ministearje fan BZK. Wat de finansjele situaasje oanbelanget stiet Renswoude der finansjeel folle better foar as de buorgemeenten Woudenberg en Skerpenseel dy't elk miljoenen ferlearen oan it Ice-Save debâkle. Renswoude is ien fan de pear gemeenten yn Nederlân dy't noch in eigen wenningbedriuw hat. It eigen wenningbedriuw hat in stille reserve fan sa'n EUR 70 mln.

De gemeente Renswoude sjocht op lange termyn, yn it eventuele gefal dat taken net mear selsstannich dien wurde kinne, mear heil yn in frijwillige gearwurking mei Veenendaal (± 62.000 ynwenners) as yn in twongen fúzje mei de 2 buorgemeenten Woudenberg en Skerpenseel (meiïnoar ± 21.000 ynwenners). Op 9 maart 2010 hat de Twadde Keamer it wetsfoarstel ta weryndieling fan Renswoude, Woudenberg en Skerpenseel kontroversjeel ferklearre. De weryndielingsproseduere waard dêrmei stilset. De kâns dat de fúzje dochs noch trochgiet is dêrmei folle lytser wurden.

Foarsjennings

bewurkje seksje

Yn Renswoude binne twa tsjerken, in supermerk en in pear oare winkels. Der binne ek twa tankstasjons, in badmintonferiening, in fuotbalferiening, in sportskoalle, in follybalferiening, in gymnastykferiening, in muzykferiening, in oranjeferiening en in tennisferiening. It doarp leit mids plattelân en bosk. It doarp hat wat bekendheid omdat it op ferkiezingsjûnen as ien fan de earste gemeenten de útslach bekend makket, yn kompetysje mei oare lytse gemeenten as Skiermûntseach en Rozendaal.

De lokale radiostjoerder Midland FM is rjochte op Renswoude, Skerpenseel en Woudenberg, de lokale tv-omrop Dorp en streek tv, is rjochte op Maarn, Maarsbergen, Renswoude, Skerpenseel, Woudenberg, Rhenen en Elst.

Renswoude hat twa ûnderwiisynstellings, beide protestantsk-kristlike basisskoallen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. WOLLESWINKEL, EGBERT, Renswoude. Geschiedenis en architectuur: Monumenten-Inventarisatie Provincie Utrecht, Zeist: Utjouwerij Kerckebosch 1998, 185 siden.

Utert
 
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden
  ·   ·