Represaille by Dunegea
De represaille by Dunegea wie in represaillemaatregel fan 'e nazys ûnder de besetting fan Nederlân troch Dútslân yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Dêrby waarden yn 1945 by it doarpke Dunegea, yn súdlik Fryslân, tsien finzenen stânrjochtlik eksekutearre nei in aksje fan it Fryske ferset.
Dieverij en wraak
bewurkje seksjeBegjin 1945, yn in tiid dat iten oeral krap wie, sochten leden fan it Wasserschutzkommando IJsselmeer op De Lemmer, in ûnderdiel fan 'e Dútske Wasserschutzpolizei, de wide omkriten ôf nei fiktaalje. Sa kamen op 16 maart de Dútske plysjes Foppe Kootstra en Paul Platt by de pleats fan Michiel en Sytske Zonderland yn Dunegea, oan 'e westkant fan 'e Tsjûkemar, dat doedestiden yn 'e gemeente Haskerlân lei. Dêr wie krekt in ko slachte yn oanwêzigens fan leden fan it Fryske ferset. Kootstra en Platt namen it fleis yn beslach en setten ôf mei grutte bouten efterop 'e fyts, wylst se slachter Frans Spijkerman meifierden as gizelder. Nei koart ûnderling oerlis setten de fersetslju de efterfolging yn. Der folge in wapene treffen, wêrby't Spijkerman befrijd en it fleis weromhelle waard. Kootstra en Platt bleaune dea efter yn 'e greiden.
Represailles
bewurkje seksjeRepresailles fan 'e kant fan 'e besetter lieten net lang op har wachtsje. Alle oanwêzigen, boer en boerinne ynbegrepen, moasten fuortendaliks ûnderdûke, en de pleats fan 'e Zonderlands waard dyselde deis noch troch de Dútsers platbaarnd. De folgjende deis, 17 maart 1945, waarden tsien finzenen nei de rikjende ruïne ta brocht. Njoggen fan harren wiene fersetslju. It gie om Jelle Boersma út Ketlik, Hotze Brouwer út Haskerhoarne en dy syn ûnderdûker Thomas Kuurstra út Harns, Wiepke Hof út Ychtenbrêge, Jeen Hornstra út Wikel, Yde Bouke Yntema út Himmelum, Roelof Knol en Albert Koopmans út Ychten en heit en soan Siebe en Dirk de Ruiter út Aldehaske.
Hja wiene eins út 'e finzenis Crackstate, op It Hearrenfean, op transport steld nei Kamp Amersfoart, mar it transport wie troch de foar de Dútsers almar minder wurdende oarlochssitewaasje stykjen bleaun by Meppel. By de pleats yn Dunegea waarden de tsien manlju strânrjochtlik eksekutearre as represaille foar de dea fan 'e beide Dútske plysjes. Neffens de oerlevering soene se in blyndoek wegere hawwe en ynstee fan "Heil Hitler!" (wat harren hjitten waard te sizzen) "Leve de keningin!" roppen hawwe foar't se deasketten waarden. Harren stoflike omskotten moasten op lêst fan 'e besetter fjouwerentweintich oeren op it plak fan eksekúsje lizzen bliuwe. Hja waarden neitiid provisoarysk begroeven; nei de befrijing fan Fryslân folgen werbegraffenissen yn 'e respektivelike wenplakken. De pleats waard yn 1948 werboud mei in tinkstien yn 'e gevel.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|