Rudolf Muuß
Rudolf Muuß, inkeld ek wol stavere as Rudolf Muuss, (folút: Rudolf August Edgar Muuß; Meldorf, 24 april 1892 – Niebüll, 31 july 1972) wie in Dútsk predikant, bestjoerder en politikus fan etnysk Noardfrysk komôf. Hy wie jierrenlang foarsitter fan 'e Noardfryske Feriening, de folkloristyske streaming mank de Noardfryske minderheid yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Yn nazy-Dútslân waard er as dissidint beskôge. Nei de Twadde Wrâldoarloch hie Muuß in jier lang sit yn 'e Sleeswyksk-Holsteinske lândei. Fierders produsearre er in oersetting fan it Nije Testamint yn it Sleeswykske Nederdútsk.
Rudolf Muuß | ||
politikus | ||
echte namme | Rudolf August Edgar Muuß | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
bertedatum | 24 april 1892 | |
berteplak | Meldorf (Sleeswyk-Holstein) | |
stjerdatum | 31 july 1972 | |
stjerplak | Niebüll (Sleeswyk-Holstein) | |
etnisiteit | Noardfrysk | |
partij | CDU (oant 1957), FDP | |
lid fan 'e Kreistag fan Südtondern | ||
amtsperioade | 1945 – 1949 1957 – 19?? | |
lid fan 'e lândei fan Sleeswyk-Holstein | ||
amtsperioade | 1946 – 1947 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeMuuß waard yn 1892 berne yn Meldorf, yn 'e lânstreek Dithmarschen, dy't súdlik fan Noard-Fryslân oan 'e Noardseekust fan 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein leit, dêr't syn heit Franz Muuß (1860-1955) predikant wie. Yn 1896, doe't Muuß fjouwer jier wie, waard syn heit beroppen yn Flensburg, en sadwaande ferfear it gesin doe dêrhinne. Muuß groeide dêr op en studearre letter teology yn Tübingen, Kopenhagen, Bonn, Marburg en Kiel. Yn 1914 promovearre er mei 22 jier ta doktor yn 'e teology op it proefskrift Die Altgermanische Religion nach Kirchlichen Nachrichten aus der Bekehrungszeit der Südgermanen. Fiif jier letter waard er yn Flensburg ta predikant fan 'e Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn Noard-Dútslân wijd.
Dútsksinnige striid
bewurkje seksjeSleeswyk wie yn 1864, nei't it troch de Dútsers ferovere wie yn 'e Twadde Dútsk-Deenske Oarloch, troch Denemark ôfstien oan Dútslân. Dêrtroch wiene de Noardfriezen en in grutte Deenske minderheid binnen de Dútske grinzen kommen. Nei de Dútske nederlaach yn 'e Earste Wrâldoarloch seagen de Sleeswykske Denen harren kâns skoan om dy sitewaasje werom te draaien. De Noardfriezen rekken dêrtroch opspljalte yn in folkloristysk dútsksinnich diel en in nasjonalistyske deensksinnige kloft.
Muuß hearde ta de dútsksinnige partij en sette him derfoar yn dat Sleeswyk Dútsk bliuwe soe. Hy hold taspraken en waard haadredakteur fan in dútsksinnige krante, it Flensburger Tageblatt, dêr't er sels ek artikels foar skreau ûnder de skûlnamme Jens Paulsen. Doe't der yn 1920 in Sleeswyksk referindum holden waard, die bliken dat yn Noard-Sleeswyk in grutte mearderheid fan 'e befolking bestie dy't wer by Denemark hearre woe, wylst Súd-Sleeswyk, dêr't Noard-Fryslân ta hearde, der foar it meastepart foar stimde om by Dútslân te bliuwen. It gebiet waard doe yn twaen snien, wêrby't it noarden by Denemark kaam en it suden (ynkl. Noard-Fryslân) by Dútslân bleau. Dat barren late ta in duorjende twaspjalt yn 'e Noardfryske gelederen.
Ynterbellum en Twadde Wrâldoarloch
bewurkje seksjeNei it referindum kearde Muuß werom nei de kânsel. Hy waard predikant n Tating en fan 1930 ôf yn Stedesand, dêr't er oant syn emeritaat yn 1957 ta bliuwe soe. Njonken syn amt wie Muuß ek tige aktyf op kultuerpolityk mêd. Yn 1926 stelde er de saneamde Bohmstedter Richtlinien op ûnder de kop Wir Nordfriesen sind deutschgesinnt ("Wy Noardfriezen binne dútsksinnich"). Dat wiene in stikmannich stellings wêryn't it behâld en de befoardering fan 'e Noardfryske taal en kultuer op skoalle en yn tsjerke ûndergeskikt makke waard oan it idee dat de Noardfriezen gjin wier folk, mar in etnysk Dútske streekidentiteit foarmje soene. Yn koarte tiid waarden de Richtlinien troch mear as 13.000 minsken ûndertekene.
Yn 1927 waard Muuß foarsitter fan 'e Noardfryske Feriening (NFV), de organisaasje dy't de oan 'e Bohmstedter Richtlinien besibbe folkloristyske streaming mank de Noardfryske minderheid fertsjintwurdige. Dizze feriening stie dêrby rjocht foar de Foriining for Nationale Friiske oer, dy't de nasjonalistyske Noardfryske streaming fertsjintwurdige en fan betinken wie dat de Noardfriezen in selsstannich folk en in nasjonale minderheid yn Dútslân foarmen. Yn 1930 wie Muuß op it Frysk Kongres yn Husum belutsen by de oprjochting fan 'e Grutfryske Ried, wêryn't kontakten ûnderholden waarden tusken Noard-Fryslân, East-Fryslân en Westerlauwersk Fryslân.
Nei't yn 1933 de Weimarrepublyk ûnder fuotten helle wie troch de nazys, wie Muuß yn 't earstoan de Deutsche Christen tagedien, in nasjonaal-sosjalistyske streaming binnen it Dútske protestantisme. Al yn 'e hjerst fan datselde jiers briek Muuß lykwols mei dy beweging en joech er him ynstee by de Bekennende Kirche, de opposysje binnen de Evangelysk-Lutherske Tsjerke. Sadwaande waard him yn 1934 troch de nazys bûten de tsjerke in sprekferbod oplein, dat de fan krêft bleau oant 1945. Underwilens gie de NFV nei de Gleichschaltung fan 1933 op yn in bredere streekferiening binnen nazy-ferbân.
Nei de Twadde Wrâldoarloch
bewurkje seksjeNei de Twadde Wrâldoarloch krewearre Muuß jierrenlang om 'e NFV wer op te bouwen, en yn 1947 wied er as fertsjintwurdiger fan dy feriening ien fan 'e oprjochters fan 'e Schleswig-Holsteinischer Heimatbund (SHHB), de streekferiening fan hiel Sleeswyk-Holstein. Yn 1952 wied er fierders ek belutsen by de oprjochting fan 'e Deutscher Heimatbund (DHB), in lanlike koepelorganisaasje fan streekferienings. As foarsitter fan 'e NFV wie Muuß foar in diel ferantwurdlik foar de minne relaasje mei de Foriining for Nationale Friiske, dy't oant de 1960-er jierren bestean bleau. Foar in oansjenlik part waard dy twaspjalt yn stân holden troch syn persoanlike rivaliteit mei en antypaty foar Johannes Oldsen, de lieder fan 'e Foriining.
As dissidint yn nazy-Dútslân hie Muuß nei de oarloch, fan 1946 oant 1947, foar de kristen-demokratyske CDU sit yn 'e earste nei-oarlochske lândei fan Sleeswyk-Holstein. Teffens siet er fan 1945 oant 1949 foar de CDU en fan 1957 ôf foar de liberale FDP yn 'e Kreistag fan it distrikt Südtondern.
Ynset foar it Nederdútsk
bewurkje seksjeBehalven foar de Noardfryske taal en kultuer wie Muuß nei de Twadde Wrâldoarloch ek fral yn 't spier foar it Noardsaksyske dialekt fan it Nederdútsk, sa't dat yn Sleeswyk sprutsen wurdt. Sa sammele er Nederdútsktalige predikanten yn 'e Plattdütsche Preesterkring, dêr't yn 1963 de Arbeidskrink Plattdüütsch in de Kark út fuortkaam. Fierders rôp er yn 1952 yn Sleeswyk in 'Nederdútsk jier' út yn 'e tsjerke, dat begûn mei in 'Nederdútske wike'. Muuß sette ek it Nije Testamint oer yn it Sleeswykske Nederdútsk, ûnder de titel Dat Niee Testament, in wurk dat yn 1975 postúm ferskynde.
Ferstjerren
bewurkje seksjeRudolf Muuß kaam yn 1972 yn 'e âlderdom fan 80 jier yn it Noardfryske Niebüll te ferstjerren. Hy waard begroeven yn Stedesand, dêr't er sa lang as predikant stien hie.
Wurk
bewurkje seksje- 1914 – Die Altgermanische Religion nach Kirchlichen Nachrichten aus der Bekehrungszeit der Südgermanen (proefskrift)
- 1920 – Führer durch Flensburg
- 1925 – Plattdütsche Karkenleeder
- 1926 – Das Junge Schleswig-Holstein (mei Georg Ove Tönnies)
- 1931 – Die Friesen (mei Conrad Borchling)
- 1932 – Nordfriesische Sagen
- 1934 – Rungholt: Ruinen unter der Friesenhallig
- 1975 – Dat Niee Testament (oersetting fan it Nije Testamint yn it Nederdútsk)
Literatuer
bewurkje seksje- Steensen, Thomas, Rudolf Muuß: Heimatpolitiker in Nordfriesland und Schleswig-Holstein, Husum, 1997, ISBN 3 88 04 28 425.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, Weblinks en Einzelnachweise, op dizze side. |