Sekshâlding

(Trochferwiisd fan Seksposysje)

In sekshâlding of seksposysje, yn 'e folksmûle ek wol in stantsje neamd, is de lichemshâlding dy't minsken brûke om seksuele omgong mei-inoar te hawwen of har oer te jaan oan oare seksuele aktiviteiten. Sokke sekshâldings drage gauris nammen dy't ûntliend binne oan 'e foarm dy't it minsklik lichem dêrby oannimt. Se wurde faak ûnderferdield nei de trije haadfoarmen fan seks: faginale seks, anale seks en orale seks. Hoewol't seksuele mienskip ornaris de penetraasje fan it lichem fan 'e iene persoan troch dat fan 'e oare beslacht, omfetsje sekshâldings sawol penetrative as net-penetrative aktiviteiten, lykas de seksuele stimulaasje fan erogene sônes troch streakjen of masturbaasje of it gebrûk fan in stik seksboartersguod lykas in fibrator.

It reliëf fan in sekssêne út 'e tiid fan it Śuṅga-ryk (1e iuw f.Kr.) op it Yndysk subkontinint.

Sekshâldings hawwe der altyd al west. Sokke praktiken út it ferline kinne byldhouwurken en ôfbyldings op fazen, fresko's en ienfâldige muorreskilderings ynsjoch yn jaan.

Sekshânliedings biede in gids ta sekshâldings. Sokke teksten kenne in lange skiednis. Al yn 'e Klassike Aldheid waard in iere sekshânlieding skreaun troch in Filainis fan Samos, dy't mooglik in hetaira (koertisane) wie yn it Hellenistyske Tiidrek (trêde oant earste iuw f.Kr.). De bekendere Kāmasūtra fan 'e Yndyske filosoof Vātsyāyana, dy't earne tusken de earste en de sechsde iuw foltôge waard, is berucht as sekshânlieding, hoewol't it eins in religieus geskrift is, ferlykber mei in bibelboek. It jout rie oangeande de deugdsume libbenswize dy't it hindoeïsme foarstiet, dêr't in sûn sekslibben no ienris by heart. De ierst bekende sekshânlieding út it moderne Jeropa is de Speculum al Foderi ("Spegel fan 'e Koïtus"), in Katalaansktalich manuskript út 'e fyftjinde iuw, dat in kopy is fan in earder, Midsiuwsk dokumint. It wie iuwenlang ûnbekend, mar waard yn 'e 1970-er jierren weromfûn.

Underskate sekshâldings

bewurkje seksje

Der besteane in grut tal ûnderskate sekshâldings; guon saakkundigen op dit mêd hawwe útholden dat it tal ferskillende sekshâldings winliken ûnbeheind en dêrtroch ûntelber is. Nettsjinsteande dat wurde by faginale seks en anale seks trije of fjouwer sekshâldings beskôge as de basishâldings, dêr't alle oaren fan ôflaat binne. Dêrby giet it yn it foarste plak om 'e misjonarishâlding, de hûntsjeshâlding en de cowgirlhâlding. Guon saakkundigen foegje dêr leppeltsje-leppeltsje noch oan ta, wylst oaren dat as in "kantele" foarm fan 'e hûntsjeshâlding beskôgje.

Hjirûnder in opsomming fan 'e meast foarkommende twapersoans sekshâldings.

By trio's en groepseks binne oare sekshâldings mooglik, lykas:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.