Sicario: Day of the Soldado

film út 2018 fan Stefano Sollima

Sicario: Day of the Soldado, yn it Feriene Keninkryk en Itaalje útbrocht as Sicario 2: Soldado, is in Amerikaanske aksje-skriller fan 'e Italjaanske regisseur Stefano Sollima nei in senario fan Taylor Sheridan. It is it ferfolch op 'e film Sicario, út 2015, en hat yn 'e haadrollen Benicio del Toro, Josh Brolin en Isabela Moner. De plot draait om it besykjen fan 'e oerheid fan 'e Feriene Steaten om in oarloch te feroarsaakjen tusken inkele Meksikaanske drugskartels. Sicario: Day of the Soldado wie in kommersjeel súkses, mar koe it neffens de filmkritisy net hâlde foar de oarspronklike film oer. De film waard opdroegen oan 'e neitins oan Jóhann Jóhannsson, dy't foar de oarspronklike film de filmmuzyk komponearre hie en dy't yn febrewaris 2018 ferstoar.

Sicario: Day of the Soldado
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Stefano Sollima
produsint Basil Iwanyk
Edward L. McDonnell
Molly Smith
Thad Luckinbill
Trent Luckinbill
útfierend
   produsint
Ellen H. Schwartz
Richard Middleton
Erica Lee
senario Taylor Sheridan
kamerarezjy Dariusz Wolski
muzyk Hildur Guðnadóttir
filmstudio Black Label Media
Thunder Road Films
distribúsje Columbia Pictures
Lionsgate Films
spilers
haadrollen Benicio del Toro
Josh Brolin
Isabela Moner
byrollen Jeffrey Donovan
Catherine Keener
Manuel Garcia-Ruffo
Elijah Rodriguez
Matthew Modine
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 29 juny 2018
foarm langspylfilm
sjenre aksje-skriller
taal Ingelsk (ek Spaansk)
spyltiid 122 minuten
budget en resultaten
budget $35 – 45 miljoen
opbringst $75,8 miljoen
filmsearje
filmsearje Sicario
● foarich diel Sicario

By in selsmoardoanslach troch islamistyske terroristen yn in supermerk yn Kansas City komme fyftjin minsken om. Frijwol tagelyk wurde oan 'e Amerikaanske kant fan 'e grins mei Meksiko minskesmokkelders arrestearre wylst der him teminsten ien selsmoardoanslachdogger befynt ûnder de lju dy't se besykje it lân yn te smokkeljen. It Amerikaanske regear lûkt in lyntsje tusken dy beide punten en reägearret troch CIA-agint Matt Graver opdracht te jaan om ekstreme maatregels te nimmen tsjin 'e Meksikaanske drugskartels dy't derfan fertocht wurde dat se har troch de dieders fan 'e oanslach yn Kansas City betelje litten hawwe om harren de Feriene Steaten yn te smokkeljen. Graver warskôget minister fan Definsje Riley dat it in smoarch putsje wurdt, mar Riley jout him de frije hân, salang't er der mar foar soarget dat syn dieden net yn ferbân brocht wurde kinne mei de Amerikaanske oerheid.

Graver beslút dat it de baas is om it Sonoarakartel, dat it grinsgebiet behearsket oan 'e Meksikaanske kant fan 'e grins mei de Amerikaanske steaten Arizona en Nij-Meksiko, en it Matamoroskartel, dat oan 'e oare kant fan 'e grins mei de steat Teksas foar master opslacht, mei-inoar yn konflikt te bringen. Dêrta nimt er in grut tal hierlingen yn 'e tsjinst, dy't betelle wurde mei jild dat fia-fia fan 'e Amerikaanske oerheid komt. Ek de hiermoardner Alejandro belûkt er wer by de saak, mei wa't er al ferskate kearen earder gearwurke hat (sjoch: Sicario). Alejandro hat in persoanlik motyf om it tsjin it Sonoarakartel op te nimmen, om't trewanten fan dy organisaasje syn frou en dochter fermoarde hawwe doe't er noch as ofsier fan justysje yn Ciudad Juárez wurke.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Meksiko-Stêd fermoardet Alejandro op ljochtskyndei in foaroansteande abbekaat dy't yn 'e tsjinst stiet fan it Matamoroskartel. In dei letter ûntfiere Graver, Alejandro en de hierlingen de sechstjinjierrige Isabel Reyes, de dochter fan Carlos Reyes, de heechste baas fan it Sonoarakartel. Dêrby dogge se harrensels foar as leden fan it Matamoroskartel, dy't wraak nimme wolle foar de moard op 'e abbekaat. It fanke wurdt boeid en tarist mei in fertsjustere skybril, earbeskermers en in linnense pûde oer de holle, sadat se neat mear sjen, hearre of op in oare wize gewaarwurde kin. Om't har ûntfierders bivakmûtsen droegen, wit se net wa't se binne. Isabel wurdt meinommen nei Teksas, dêr't Alejandro, Graver en de hierlingen harren foardogge as aginten fan 'e Amerikaanske narkotikaresjerzje DEA en har 'befrijing' yn sêne sette. It hiele toanielstikje is bedoeld om har (en har heit) tinke te litten dat se yndie ûntfierd is troch it Matamoroskartel.

It plan is om Isabel no werom te bringen nei Meksiko, dêr't se oan 'e Meksikaanske plysje oerdroegen wurde sil op in plak djip yn it territoarium fan it Matamoroskartel. Dat sil har heit twinge om har dêr op te heljen troch it gebiet fan 'e fijân binnen te kringen en him der dan wer in wei út te fjochtsjen. Graver-en-dy binne derfan oertsjûge dat soks in iepen oarloch tusken de kartels oan 'e gong bringe sil. Nei't se mei Isabel yn in kolonne fan fjouwer Humvees Meksiko binnenriden binne, krije se in eskorte fan 'e Meksikaanske plysje nei harren plak fan bestimming. Underweis docht lykwols bliken dat de leden fan 'e eskorte korrupte plysjes binne dy't yn 'e tsjinst steane fan it Matamoroskartel. Se lokje de Amerikanen yn in mûklaach en falle de Humvees oan, mar om't Graver-en-dy better bewapene binne, einiget de striid mei 25 deade Meksikaanske plysjes.

Underwilens hat Isabel der sa njonkelytsen lucht fan krigen dat der wat net doocht mei har ûntfiering en befrijing. Se fertrout Graver-en-dy dêrom net, en yn 'e gaos fan it gefjocht mei de plysjes sjocht se har kâns skoan en naait út, de woastyn yn. As Graver dat trochkriget, nei't de striid yn it foardiel fan 'e Amerikanen besljochte is, beslút er om te kearen en mei syn mannen werom te riden nei Teksas. Hy wol Isabel oan har lot oerlitte, mar Alejandro seit dat er de operaasje noch rêde kin, dat hy giet der allinnich op út om it fanke te sykjen. Graver jout him in GPS-tracker mei, dêr't de Amerikanen him mei lokalisearje kinne; dat miniskule apparaatsje moat er aktivearje as er deunby de grins is, sadat Graver-en-dy him oppikke kinne. Alejandro wit al rillegau Isabel op te spoaren, en hy rêdt har libben as se troch in lid fan it Matamoroskartel finzennommen wurdt. As se twaresom ôfsette op in lange reis werom nei de grins, docht al rillegau bliken dat Alejandro in oar motyf hie om efter Isabel oan as dat er Graver ferteld hat: hy hat him dúdlik hechte oan 'e dochter fan syn âlde fijân, dy't him blykber syn eigen fermoarde dochter tebinnenbringt.

Underwilens hat Graver werom yn Teksas oare swierrichheden. Undersyk hat oan it ljocht brocht dat de dieders fan 'e selsmoardoanslach yn Kansas City hielendal net it lân binnensmokkele binne, mar dat se eins lju wiene mei de Amerikaanske nasjonaliteit, dy't yn 'e Feriene Steaten opgroeid wiene. No't de spannings mei Meksiko heech oprinne omreden fan it feit dat Amerikanen yn dat lân fiifentweintich plysjes deasketten hawwe, klaut minister Riley tebek. Hy stjoert CIA-aginte Cynthia Foards om Graver nije oarders te jaan: de operaasje moat ôfblaasd wurde en Graver moat derfoar soargje dat de plausibele ûntkenberheid beholden bliuwt. Dat wol sizze dat der gjin inkeld bewiis bestean bliuwe mei dat de Amerikaanske oerheid ek mar yn 'e fierste fierte wat mei de foarfallen yn Meksiko te krijen hân hat. Mei oare wurden: Isabel moat dea, en Foards jout Graver eksplisyt befel om ek Alejandro út 'e ljochten te helpen sadree't er de GPS-tracker aktivearret. Graver nimt, sûnder dat syn bazen it witte, tillefoanysk kontakt op mei Alejandro, en oarderet him om it fanke te fermoardzjen en werom te kommen nei Teksas. As Alejandro wegeret, seit Graver dat er him fierder net helpe kin. Hy fertelt him lykwols neat oer de GPS-tracker.

Alejandro moat no sjen dat er himsels en Isabel sûnder fierdere stipe fan Graver feilich oer de grins hinne bringt. Hy kriget lykwols help fan Ángel, in dôve Meksikaanske boer, mei wa't er yn gebeartetaal kommunisearje kin. Op Isabel har fraach hoe't er gebeartetaal leard hat, antwurdet er dat syn dochter ek dôf wie. Sy wit dan wa't hy is, de fijân fan har heit, wat har paradoksaal genôch mear fertrouwen yn him jout. Alejandro beslút dat se de grins oerstekke sille as in pear yllegale ymmigranten, heit en dochter. Dêrta krije se gaadlike klean fan Ángel. Om te soargjen dat er Isabel net kwytreitsje kin, stoppet Alejandro de GPS-tracker yn har skoech en aktivearret er it ding. Graver wit dan wêr't se binne en fljocht mei syn team yn in pear helikopters nei Meksiko ta om skjin skip te meitsjen.

Yn in grinsplak jouwe Alejandro en Isabel har by oare yllegale ymmigranten nei't se de minskesmokkelders betelle hawwe (dy't hjir krekt as de drugssmokkelders foar it Matamoroskartel wurkje). Ear't se lykwols ôfsette kinne om de grins oer, wurdt Alejandro werkend troch Miguel, in opslûpen jonge fan Meksikaansk komôf dy't troch de minskesmokkelders rekrutearre is om't er in Amerikaansk paspoart hat en him dus frij oan beide kanten fan 'e grins bewege kin. De jonge is in pear dagen earder yn Teksas hast oanriden troch in plysje-auto, dêr't Alejandro yn siet. Hy jout troch oan syn baas dat der in plysjeman tusken de migranten sit, wêrnei't Alejandro en Isabel finzennommen wurde troch leden fan it Matamoroskartel. Syn baas twingt Miguel om Alejandro troch de holle te sjitten, en de minskesmokkelders litte him foar dea efter. Graver is dêr tsjûge fan troch bylden dy't him trochdien wurde troch in spionaazjefleantúch. Om't er de moard dêr't er ta twongen is foar himsels net goedkrije kin, springt Miguel neitiid út 'e laadbak fan in ridende auto en keart de minskesmokkelders de rêch ta.

Underwilens binne de helikopters fan Graver einlings arrivearre, en se hâlde de beide auto's mei minskesmokkelders op 'e wei steande, wêrnei't se de minskesmokkelders dy't harren fersette deasjitte, en dejingen dy't har oerjouwe stânrjochtlik eksekutearje. Wierskynlik om Alejandro negearret Graver dan lykwols syn oarders en nimt er Isabel libben mei werom nei de Feriene Steaten, dêr't er, sa seit er, har yn it tsjûgebeskermingsprogramma opnimme litte sil. Yn 'e tuskentiid is Alejandro wer by bewustwêzen kommen. De kûgel fan Miguel is him dwers troch de mûle gien, it iene wang yn en it oare wer út. Hy wit syn boeiens los te krijen, set geandefoets ôf en fynt de minskesmokkelders dy't troch Graver-en-dy deasketten binne. Hy nimt ien fan 'e auto's en riidt fuort.

In jier letter is Alejandro folslein opbettere. Hy hat Miguel opspoart, dy't trochgien is op it ynsleine paad, en no in behurde krimineel wurden is. Hy komt de jonge oer it mad en freget him: "Dus do woest hiermoardner wurde?" Dan seit er: "Litte we it ris oer dyn takomst hawwe," foar't er de doar tichtdocht.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Benicio del Toro.
 
Josh Brolin.
 
Isabela Moner.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Alejandro Gillick Benicio del Toro
Matt Graver Josh Brolin
Isabel Reyes Isabela Moner


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Steve Forsing Jeffrey Donovan
Cynthia Foards Catherine Keener
Gallo Manuel Garcia-Ruffo
Miguel Hernandez Elijah Rodriguez
minister fan Definsje James Riley Matthew Modine
Andy Wheeldon Shea Whigham
Troy Howard Ferguson jr.
Héctor David Castañeda
Rafael Raoul Trujillo
Ángel Bruno Bichir
Blandina Jacqueline Torres
Shawn Jake Picking
Carson Willis Ian Bohen

Yn septimber 2015 bestelde Lionsgate Films in ferfolch op it súksesfolle Sicario, dat draaie soe om it personaazje fan 'e hiermoardner Alejandro, spile troch Benicio del Toro. Taylor Sheridan, dy't ek foar de oarspronklike film it senario skreau, waard as senarist by it nije projekt belutsen. Denis Villeneuve, dy't de rezjy fan 'e earste film dien hie, soe earst ek de regisseur fan it ferfolch wêze. Nei ferrin fan tiid die lykwols bliken dat er fanwegen oare ferplichtings net oan 'e nije film meiwurkje kinne soe. Dêrom waard doe de Italjaanske regisseur Stefano Sollima oanlutsen. De opnamen setten op 8 novimber 2016 útein op lokaasje yn Nij-Meksiko.

De nije film soe oarspronklik Soldado hjitte. De produksje waard finansierd troch de filmstudio Black Label Media, dat in budget fan $35 miljoen (neffens de studio) oant 45 miljoen (neffens Deadline Hollywood) beskikber stelde. Thunder Road Films beävensearre de organisatoaryske eleminten. Filmprodusinten wiene Basil Iwanyk foar Thunder Road en Molly Smith, Thad Luckinbill, Trent Luckinbill en Edward L. McDonnell foar Black Label Media. As útfierend produsint wiene by de film belutsen Ellen H. Schwartz, Richard Middleton en Erica Lee. De kamerarezjy waard fersoarge troch de Poalske sinematograaf Dariusz Wolski, en de filmmuzyk wie fan 'e hân fan 'e Iislânske selliste en komponiste Hildur Guðnadóttir. Dyselde hie mei har lânsman Jóhann Jóhannsson gearwurke foar de filmmuzyk fan Sicario. Nei't Jóhannsson yn febrewaris 2018 ferstoar oan in by fersin ynnommen oerdoazis drugs, waard de nije film oan him opdroegen.

De filmdistribúsje soe dien wurde troch Lionsgate Films, mar in saaklik skeel tusken Black Label Media en Lionsgate hie as útkomst dat de distribúsjerjochten foar û.m. de Feriene Steaten en Kanada ferkocht waarden oan Columbia Pictures. Columbia feroarde dêrop de titel fan 'e film fan Soldado yn Sicario 2: Soldado, en letter yn Sicario: Day of the Soldado. Behalven yn Noard-Amearika die Columbia de distribúsje ek yn Latynsk-Amearika en Spanje, wylst Lionsgate de film distribuëarre yn 'e rest fan 'e wrâld. Yn it Feriene Keninkryk, Itaalje en de Filipinen waard de film útbrocht as Sicario 2: Soldado. De film hie syn premiêre op 29 juny 2018 en iepene dyselde deis yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Sicario: Day of the Soldado krige foar it meastepart positive kritiken. Yn it Amerikaanske tydskrift Variety neamde Peter Debruge de film "spannend, rûch en bytiden skokkend ûnmeilydsum." Hy skreau: "Soldado is miskien net sa masterlik as it orizjineel fan Villeneuve, mar [de film] set in wrâld oan mooglikheden op om út te wreidzjen oer in yngewikkeld konflikt dat fierstente mânsk is om yn twa oerkes op te lossen." Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter priizge de film as in "weardich […] ferfolch", eat dat neffens him te tankjen wie oan it senario fan Sheridan, de rezjy fan Sollima en de aktearprestaasjes fan 'e haadrolspilers. Yn Entertainment Weekly joech Darren Franich Sicario: Day of the Soldado in B op in skaal fan A (bêst) nei D (minst). Hy priizge de aktearprestaasje fan Benicio del Toro, mar wie kritysk oer de plot fan 'e film: "Alejandro (spile troch Del Toro) fermoardet in kartelfunksjonaris op ljochtskyndei. […] Hy eksekutearret de man en fjurret syn wapen dêrby 417 kear ôf. Dus Sicario 2 is rommel, mar it is freeslik stylfolle rommel."

Net eltsenien wie lykwols posityf oer Sicario: Day of the Soldado. Yn it tydskrift Time fûn Stephanie Zacharek dat de film der mar kwealk mei trochkoe. Se miste benammen in personaazje dêr't de sjogger him- of harsels mei identifisearje koe, lykas dat fan Emily Blunt yn 'e oarspronklike film. Se skreau: "Der is nearne in Blunt te bekennen, hoewol't machomanlju […] weromkeare." Neffens har hie Isabela Moner, yn 'e rol fan 'e jonge Isabel, "genôch tinersjagryn" om dy manlju allegear "in pak op 'e hûd te jaan, mar dat lit de film net ta." Yn in artikel foar NBC News skreau Ani Bundel dat de film "like ûnoannimlik as ûnferantwurdlik is". Ek hie hja krityk op it gebrûk fan negative stereotypen, konkludearjend dat de film "it minste soarte propaganda is." Op IndieWire omskreau Monica Castillo Sicario as "in ûnsympatike ôfskildering fan Meksikanen." It ferfolch rûn neffens har hielendal ta de spuigatten út, en wie neffens har mei syn "ksenofobyske absurditeit" in gefal fan "troch de steat goedkarde propaganda."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Sicario: Day of the Soldado in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 249 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelde: "Hoewol minder kontroversjeel as syn foargonger is Sicario: Day of the Soldado slagge as in stylfolle, dynamyske skriller – ek al is it grimmitich om it amorele machismo yn 'e film oan te sjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Sicario: Day of the Soldado in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 50 resinsjes.

Sicario: Day of the Soldado brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada $50,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria mei-inoar nochris $25,7 miljoen. De totale opbringst kaam dêrmei út op $75,8 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $35 oant 45 miljoen smiet dat in skjinne winst op fan teminsten $30,8 miljoen.

Yn juny 2018, noch ear't Sicario: Day of the Soldado yn premiêre gie, joech filmprodusint Trent Luckinbill te kennen dat der in twadde ferfolchfilm yn ûntwikkeling wie.

Yn 'e popkultuer

bewurkje seksje

Yn jannewaris 2019 die de Amerikaanske presidint Donald Trump in stikmannich ûnwiere bewearings oer de grinsbefeiliging oan 'e Amerikaanske grins mei Meksiko. Hy woe û.m. hawwe dat islamistyske terroristen har beskûlholden mank flechtlingen dy't yllegaal de grins oerstieken, dat efterlitten islamityske gebedsmatten oantroffen wiene by de grins, en dat froulju fan wa't de mûle mei tape ôfplakt wie de grins oer smokkele waarden. Neitiid wiisden ferskate kommentators derop dat dat allegear plotpunten wiene út Sicario: Day of the Soldado, en waard der sadwaande oer spekulearre oft Trump syn belied soms basearre fiktive foarfallen út Hollywoodfilms.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.