Sicario (film út 2015)

Sicario (útspr.: [si.'ka.ɾjo], likernôch: "si-kaar-joo"; Spaansk foar "hiermoardner") is in Amerikaanske aksje-skriller út 2015. De film waard regissearre troch Denis Villeneuve nei in orizjineel senario fan Taylor Sheridan. De haadrollen waarden fertolke troch Emily Blunt as in FBI-aginte, Josh Brolin as in CIA-man en Benicio del Toro as immen fan wa't pas geandwei de film dúdlik wurdt wa't er krekt is. Sicario draait om it krewearjen fan 'e Amerikaanske autoriteiten om 'e ûnmeidlydsume foaroanman fan in machtich Meksikaanske drugskartel ûnder fuotten te heljen. De film krige rûnom loovjende kritiken en waard nominearre foar trije Oscars, trije BAFTA's, en de Gouden Palm fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Yn 2018 kaam it ferfolch Sicario: Day of the Soldado út.

Sicario
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Denis Villeneuve
produsint Basil Iwanyk
Edward L. McDonnell
Molly Smith
Thad Luckinbill
Trent Luckinbill
útfierend
   produsint
John H. Starke
Erica Lee
Ellen H. Schwartz
senario Taylor Sheridan
kamerarezjy Roger Deakins
muzyk Jóhann Jóhannsson
filmstudio Black Label Media
Thunder Road Films
distribúsje Lionsgate Films
spilers
haadrollen Emily Blunt
Benicio del Toro
Josh Brolin
byrollen Daniel Kaluuya
Victor Garber
Jon Bernthal
Jeffrey Donovan
Raoul Trujillo
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 18 septimber 2015
foarm langspylfilm
sjenre aksje-skriller
taal Ingelsk (ek Spaansk)
spyltiid 121 minuten
budget en resultaten
budget $30 miljoen
opbringst $84,9 miljoen
filmsearje
filmsearje Sicario
● folgjend diel Sicario: Day of the Soldado

FBI-aginten Kate Macer en Reggie Wayne liede in ynfal yn in hûs yn Chandler, yn 'e Amerikaanske steat Arizona, dat yn gebrûk is fan in Meksikaansk drugskartel. As se it hûs ienris ynnommen hawwe, ûntdekke se efter de gipsplaten yn 'e muorren tsientallen yn plestik ferpakte rotsjende liken fan slachtoffers fan it kartel, wylst in bom dy't by wize fan falstrik oan in fallûk yn in bygebou befêstige is, oan twa plysjeminsken it libben kostet.

Nei de ynfal riedt har baas, agint Jennings, Macer oan foar in mienskiplike taakgroep fan it Ministearje fan Justysje en it Ministearje fan Definsje. Oan it haad dêrfan stiet Matt Graver, in CIA-agint dy't frijwat geheimsinnich oer syn funksje docht om't de CIA eins gjin foech hat om binnen de grinzen fan 'e Feriene Steaten te operearjen. As se derfan bewissige wurdt dat de taakgroep dejingen ûnder fuotten helje sil dy't ferantwurdlik binne foar de ferskrikkings yn it hûs yn Chandler, jout Macer har by it team.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Mei Graver en de geheimsinnige Alejandro, dy't har fertelt dat er in Meksikaan is en dat er foarhinne as ofsier fan justysje wurke hat, reizget Macer yn in priveefleantúch ôf nei El Paso (Teksas), dêr't de rest fan 'e taakgroep gearkommen is. Dy't blykt te bestean út in tweintichtal Amerikaanske kommando's en in pear marshals fan 'e U.S. Marshals Service. Yn in konfoai auto's stekke se de Meksikaanske grins oer nei it wetteleaze Ciudad Juárez, dêr't de beide U.S. marshals in finzene oernimme fan 'e Meksikaanske autoriteiten. Macer wit net wa't dat is en hat mar in hiel beheind idee oer wat der eins geande is. Underweis werom komt it konfoai deunby de grinsoergong fêst te stean yn in file. As de auto's fan it konfoai ynsletten driigje te wurden troch auto's mei wapene trewanten fan in drugskartel, begjinne de kommando's middenmank de wachtsjende auto's in fjoergefjocht, wêrby't njoggen leden fan it drugskartel deasketten wurde.

Werom yn 'e Feriene Steaten is Macer poerlulk oer dy healwize gong fan saken, dêr't withoefolle ûnskuldige boargers by yn gefaar brocht binne, mar Graver wiuwt har beswieren fuort. De finzene dy't se ophelle hawwe, blykt Guillermo Díaz te wêzen, de broer Manuel Díaz, dy't oan 'e Amerikaanske kant fan 'e grins oan it haad stiet fan it Sonoarakartel. Guillermo wurdt yn 'e Amerikaanske finzenis troch Alejandro martele oant er fertelt dat it Sonoarakartel by Nogales (Arizona) in tunnel ûnder de grins troch brûkt om drugs de Feriene Steaten binnen te smokkeljen út it oanbuorjende Nogales yn Meksiko wei.

Hoewol't se neat oer de marteling fan Guillermo wit, begjint aginte Macer sterke twifels te krijen oer de yllegale en foar har ûnbegryplike metoaden fan 'e taakgroep. As se weriene wurdt mei Reggie Wayne en him oer har ûnderfinings fertelt, hat dy it der ek net op stean. Tegearre konfrontearje se Graver, dy't úteinlik tajout dat it doel net is om Manuel Díaz te arrestearjen, sa't er Macer oarspronklik leauwe litten hie, mar om 'e drugssmokkel sa te fersteuren dat Díaz weromroppen wurde sil nei Meksiko om ferantwurding ôf te lizzen oan 'e op twa nei heechste baas fan it Sonoarakartel, de ûngrypbere Fausto Alarcón. Troch Díaz te folgjen, hoopje se Alarcón op te spoaren en op te pakken.

De oare deis docht Graver mei syn team in ynfal by in bank dy't troch Díaz brûkt wurdt om it mei drugshannel fertsjinne jild wyt te waskjen. Macer en Wayne wolle de ynformaasje dy't dêrby sammele wurdt, brûke om Manuel Díaz te arrestearjen, mar Graver leit dêr it near op om't syn operaasje foarrang hat. As de beide teloarstelde FBI-aginten neitiid soelaas yn alkohol sykje yn in pleatslike kroech, komme se dêr Ted tsjin, in pleatslike plysjeman dy't befreone is mei Wayne. Macer kin it sa goed fine mei Ted, dat se him oan 'e ein fan 'e jûn mei werom nimt nei har appartemint foar in onenightstand. As Ted lykwols risselwearret om him út te klaaien en dêrta syn spul op 'e tafel smyt, ken Macer in bûnt kleure ilestykje werom dat as twa drippen wetter liket op 'e ilestykjes dy't se earder dy deis om rôlen jild fan it Sonoarakartel hinne sjoen hat, dy't yn beslach nommen binne by de ynfal by de bank. Se besiket by Ted wei te kommen, mar sadree't hy foar it ferstân kriget dat se him trochhat, besiket er har te smoaren. Macer oerlibbet de konfrontaasje inkeld om't Alejandro ynienen yn har appartemint opdûkt en Ted in pistoal tsjin 'e holle oan set.

Neitiid jouwe Graver en Alejandro ta dat se Macer as lokies brûkt hawwe, om't se der omreden fan har opfallende hâlden en dragen by de bank wis fan wiene dat it kartel immen op har ôfstjoere soe. As se Ted op in oan marteling grinzgjende wize ûnderfreegje, jout dy ta dat er foar it Sonoarakartel wurket en dat er stjoerd wie om Macer te ferlieden en har op bêd út te kloarkjen oer de operaasje fan 'e taakgroep. Hy moat úteinlik ek de nammen fan 'e oare korrupte Amerikaanske plysjeminsken priisjaan dy't foar Díaz wurkje, ek al bringt dat net inkeld him, mar ek syn eks-frou en syn jonge dochterke yn gefaar.

Troch alle aktiviteiten fan 'e taakgroep duorret it net lang ear't Díaz weromroppen wurdt nei Meksiko om yn persoan oan Alarcón út te lizzen hoe't it allegear sa misrinne kinnen hat. Macer sjocht net yn hoe't se dêr wat oan hawwe, mei't de Amerikaanske autoriteiten gjin foech hawwe op Meksikaansk grûngebiet. Yrritearre troch har oanhâldende tsjinakseljen jout Graver dan einlings en te'n lêsten ta dat sy en Wayne inkeld en allinne yn 'e operaasje behelle binne om't de CIA sûnder tafersjoch troch de FBI of in oare federale plysjetsjinst net op Amerikaansk grûngebiet aktyf wêze mei. Wayne riedt Macer lulk oan om Graver-en-dy fierders yn harren eigen sop gearsiede te litten, mar Macer wol perfoarst meidwaan oan in plande oerfal op 'e drugstunnel by Nogales, om mear te witten te kommen oer Graver syn geheimen.

Nei't de kommando's de tunnel mei grou geweld ynnommen hawwe, folget Macer as iennichste Alejandro hielendal nei de Meksikaanske útein ta, dêr't se der tsjûge fan is hoe't er Silvio ûntfierd, in korrupte Meksikaanske plysjeman dy't as drugskoerier foar it Sonoarakartel aktyf is. Macer besiket Alejandro te arrestearjen, mar hy sjit har sûnder te wifeljen twa kear yn har kûgelfrij fest, wêrmei't er har de siken benimt en tydlik bûten gefjocht stelt. Wylst Macer har pine ferbyt en muoisum krûpend nei har fallen pistoal ta beweecht, riidt Alejandro fuort mei Silvio yn dyselde syn eigen plysje-auto.

Tsjin 'e tiid dat Macer weromkeard is oan 'e Amerikaanske útein fan 'e tunnel, beseft se dat Alejandro no yllegaal yn Meksiko operearret mei stipe fan 'e Amerikaanske oerheid yn 'e persoan fan Graver. De arrestaasje fan Alarcón troch de taakgroep wie nea mear as in dekmantel. As se Graver mei har fermoedens konfrontearret, leit dy út dat de Amerikaanske oerheid weromwol nei de sitewaasje sa't dy yn 'e 1980-er jierren bestie, doe't de hiele drugshannel yn 'e hannen wie fan ien inkele kriminele organisaasje, it Kolombiaanske Medellínkartel. Om't der doe mar ien tsjinspiler wie, bestie der in oersichtlike sitewaasje dy't foar de Amerikaanske oerheid folle mear mooglikheden ta stjoering bea as de hjoeddeiske gaos. Alejandro is in hiermoardner dy't wurket yn opdracht fan it Medellínkartel om Alarcón, in wichtige konkurrint, út 'e wei te romjen. De motiven fan Alejandro binne lykwols persoanlik: doe't er noch ofsier fan justysje yn Ciudad Juárez wie, hat Alarcón syn frou ûnthalzje en syn dochter yn in fet sâltsoer smite litten.

Underwilens, yn Meksiko, twingt Alejandro de plysjeman Silvio om Díaz oan te hâlden. Hy sjit Silvio dea en riidt mei Díaz fierder nei de hacienda fan Alarcón. As er dêr arrivearret, sjit er Díaz dea en datselde docht er mei alle trewanten fan Alarcón dy't er tsjinkomt, foardat se alaarm slaan kinne. Mei help fan 'e ynformaasje dy't de taakgroep oan him trochjout troch de ynfrareadbylden dy't in helikopter heech yn 'e loft boppe de hacienda makket, kringt Alejandro djip yn it gebou troch, dêr't er Alarcón mei syn frou en beide jonge soannen oan it miel treft. Dêr deadet er Alarcón, mar pas nei't er de frou en de beide jonges deasketten hat.

Nei ôfrin fan 'e operaasje ferskynt Alejandro yn it appartemint fan Macer, dêr't er har ûnder bedriging mei har eigen tsjinstpistoal in ferklearring ûndertekenje lit dêr't yn stiet dat de taakgroep him de hiele operaasje troch oan 'e wet holden hat. As er him ôfjout, rjochtet se fan har balkon ôf har pistoal op him, mar se kin harsels der net ta bringe om 'e trekker oer te heljen.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Josh Brolin, Emily Blunt, regisseur Denis Villeneuve en Benicio del Toro (f.l.n.rj.) by de fertoaning fan Sicario op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes yn 2015.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Kate Macer Emily Blunt
Alejandro Gillick Benicio del Toro
Matt Graver Josh Brolin


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Reggie Wayne Daniel Kaluuya
Dave Jennings Victor Garber
Ted Jon Bernthal
Steve Forsing Jeffrey Donovan
Rafael Raoul Trujillo
Fausto Alarcón Julio Cesar Cedillo
Phil Coopers Hank Rogerson
Manuel Díaz Bernardo Saracino
Silvio Maximiliano Hernández
Guillermo Díaz Edgar Arreola

Sicario waard regissearre troch de Frânske regisseur Denis Villeneuve, nei in senario fan Taylor Sheridan. It wie it earste senario dat ferfilme waard fan Sheridan syn 'trilogy' oer misdie oan 'e moderne Amerikaanske frontier. De oare beide ferfilmings binne Hell of High Water (2016) en Wind River (2017). Sicario waard produsearre troch Basil Iwanyk, Edward L. McDonnell, Molly Smith, Thad Luckinbill en Trent Luckinbill foar de filmstudio's Black Label Media en Thunder Road Films. As útfierend produsint wiene John H. Starke, Erica Lee en Ellen H. Schwartz by de film belutsen. De kamerarezjy waard fierd troch Roger Deakins, wylst de Iislânske komponist Jóhann Jóhannsson de filmmuzyk fersoarge. Foar Sicario wie in budget fan $30 miljoen beskikber. De opnamen setten op 30 juny 2014 útein op lokaasje yn Albuquerque yn Nij-Meksiko.

De filmdistribúsje foar Sicario waard útbestege oan Lionsgate Films. De earste fertoaning fan 'e film wie op 19 maaie 2015, ûnder it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn Frankryk. Dêrnjonken wie de film op 11 septimber 2015 ek te sjen ûnder it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, yn Kanada. Sicario gie yn 'e Feriene Steaten yn premiêre op 18 septimber 2015 mei in fertoaning yn in beheind tal bioskopen, wêrnei't er op 2 oktober 2015 yn bioskopen yn it hiele lân iepene. Op 5 jannewaris 2016 waard Sicario útbrocht op dvd en blu-ray.

Sicario waard rûnom mei loovjende filmkritiken ûntfongen. Yn 'e Chicago Sun-Times joech resinsint Richard Roeper de film in 10. Hy fûn it ien fan 'e bêste films fan it jier en hie benammen in protte lof foar it optreden fan akteur Benicio del Toro yn 'e rol fan 'e ûnmeilydsume en tagelyk tramtearre Alejandro. Dan Jolin fan it tydskrift Empire joech Sicario fiif stjerren (fan fiif) en omskreau de film as "in prachtich troebele, hurde skriller." Ek neamde er Sicario ien fan 'e bêste films fan it jier. Yn 'e Britske krante The Guardian priizge Peter Bradshaw it aktearjen fan Emily Blunt, Benicio del Toro en Josh Brolin. Hoewol't it personaazje fan Kate Macer neffens him ûnoannimlik wie, oerwûn Blunt datoangeande de ûnevenredichheden troch har aktearprestaasje. Krityk kaam der fral fan Enrique Serrano Escobar, de boargemaster fan Ciudad Juárez, dy't oprôp ta in boycot fan Sicario om't de film syn stêd yn in kwea deiljocht stelle soe.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Sicario in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 259 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Oanfierd troch it treflike wurk fan Emily Blunt en Benicio del Toro is Sicario in spande, strak opwûne skriller dy't folle mear biedt as oandachtssykjende fêste setten." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Sicario in goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 48 resinsjes.

Sicario iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen tagelyk mei The Martian en The Walk. De film behelle yn 'e Feriene Steaten en Kanada in opbringst fan $46,9 miljoen, wylst yn oar lannen en territoaria nochris $38,0 miljoen binnenbracht waard. Dêrmei kaam de totale opbringst út op $84,9 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $30 miljoen komt dat del op in winst fan $54,9 miljoen.

Sicario waard nominearre foar in grut tal prizen. Sa mocht de film op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes meitingje nei de Gouden Palm. Fierders waard Sicario nominearre foar Oscars yn 'e kategoryen bêste sinematografy (Roger Deakins), bêste orizjinele filmmuzyk (Jóhann Jóhannsson) en bêste lûdsmontaazje (Allan Robert Murray). Fierders waard de film nominearre foar BAFTA's foar bêste byrol fan in akteur (Benicio del Toro), bêste sinematografy en bêste filmmuzyk. De filmmuzyk fan Jóhannsson waard ek nominearre foar in Critic's Choice Movie Award en in Saturn Award, wylst Joe Walker foar de montaazje in Satellite Award wûn.

Nei it súkses fan Sicario besleat Lionsgate Films in ferfolch te meitsjen oer Alejandro, it personaazje fan Benicio del Toro. It senario foar de nije film waard wer skreaun troch Taylor Sheridan, en njonken Del Toro wie ek Josh Brolin wer fan 'e partij, yn 'e rol fan Matt Graver. Om't Denis Villeneuve troch oare ferplichtings net beskikber wie, waard foar de rezjy de Italjaanske filmmakker Stefano Sollima oanlutsen. De film krige de titel Sicario: Day of the Soldado, en kaam yn juny 2018 yn 'e bioskopen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.