Jon Bernthal
Jon Bernthal (folút: Jonathan Edward Bernthal; Washington, D.C., 20 septimber 1976) is in Amerikaansk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur, dy't syn karriêre yn 'e 1990-er jierren úteinsette mei lytse roltsjes yn toanielstikken. Fan 2002 ôf wied er ek op 'e tillefyzje en it wite doek te sjen. Bernthal briek yn 2010 troch mei syn rol as Shane Walsh yn 'e sombysearje The Walking Dead. Neitiid spile er yn films as The Wolf of Wall Street, Fury, Sicario, The Accountant, Wind River en Widows. Yn 2015 waard Bernthal cast yn 'e rol fan 'e superheld The Punisher, dy't er spile yn 'e tillefyzjesearjes Daredevil en The Punisher.
Jon Bernthal | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jonathan Edward Bernthal | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 20 septimber 1976 | |
berteplak | Washington, D.C. | |
etnisiteit | Joadsk | |
jierren aktyf | 1994 – no | |
offisjele webside | ||
Jon Bernthal op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeBernthal waard yn 1976 berne yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., as de soan fan Eric Lawrence "Rick" Bernthal, in abbekaat en foarsitter fan The Humane Society of the United States (de Amerikaanske bistebeskerming), en dy syn frou Joan Lurie Marx. Hy is sawol fan heite- as fan memmekant fan etnysk Joadsk komôf. Syn pake oan heitekant wie musikus en heechlearaar Murray Bernthal. Jon Bernthal hat twa bruorren, Nicholas, in ortopedist en heechlearaar oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA), en Thomas, in tillefyzjeprodusint dy't foarhinne foar it nijsprogramma fan 'e stjoerder NBC wurke. Adam Schlesinger, lietsjeskriuwer en basgitarist fan 'e band Fountains of Wayne, is in folle neef fan Bernthal.
Jon Bernthal groeide op yn it plak Cabin John, yn Marylân, in foarstêd fan Washington, D.C. Hy folge dêr middelber ûnderwiis oan 'e Sidwell Friends School, dêr't er nei eigen sizzen bekend stie as ûnrêststoker. Nei't er yn 1995 foar syn eineksamens slagge wie, learde Bernthal troch oan it Skidmore Kolleezje yn Saratoga Springs, yn 'e steat New York. Syn oplieding dêre makke er lykwols net ôf. Op advys fan Alma Becker, syn dosinte aktearjen op Skidmore, skreau Bernthal him ynstee yn oan it Teäter foar de Keunsten yn 'e Russyske haadstêd Moskou. Under syn ferbliuw yn Ruslân spile er profesjoneel honkbal. Yn Ruslân waard Bernthal ûntdutsen troch de útfierend direkteur fan it Ynstitút foar Foardere Teätertraining fan 'e Universiteit fan Harvard. Dy helle him werom nei de Feriene Steaten, dêr't er in nije oplieding begûn oan it Amerikaansk Rippertwaarteäter yn Cambridge yn Massachusetts. Bernthal studearre dêr ôf yn 2002, wêrnei't er nei New York-Stêd ferfear om in karriêre op te bouwen.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeIere jierren
bewurkje seksjeBernthal hie syn earste beteljende roltsje as akteur yn 1994 yn it toanielstik Scenes from the New World. Neitiid fertolke er rollen yn ferskate toanielstikken, wêrûnder dy fan Molière yn Cher Molière (1999), dy fan Sancho Panza yn Man of La Mancha (2000), en dy fan Lodovico yn Shakespeare syn Otello (2001). Nei 2002 soed er noch yn mear as tritich oare toanielstikken spylje, sawol ferspraat troch de Feriene Steaten ("regionaal", yn it Amerikaanske teäterjargon) as off-Broadway.
Nei't er him yn 2002 yn New York fêstige hie, makke Bernthal datselde jiers noch syn debút op it wite doek mei in lyts roltsje yn Mary/Mary. Syn oare iere filmrollen, yn Tony n' Tina's Wedding (2004) en Revenge of the Middle-Aged Woman (2004), hiene ek net folle om 'e hakken. Yn deselde tiid wie Bernthal ek yn in stikmannich gastrollen yn tillefyzjesearjes te sjen, te begjinnen mei in ôflevering út 2002 fan 'e plysjesearje Law & Order: Criminal Intent. Ek spile er yn ôfleverings fan û.m. de plysjesearjes Without a Trace, CSI: Miami en Law & Order: Special Victims Unit, it rjochtbankdrama Boston Legal en de komeedzjesearje How I Met Your Mother.
Bernthal ferfear yn 2006 nei Los Angeles. Dêr bemachtige er syn earste fêste rol yn in tillefyzjesearje, nammentlik dy fan Duncan Carmello yn 'e rige The Class, dy't lykwols yn 2007 stopset waard. In oare fêste rol hie Bernthal fan 2009 oant 2010 as Raymond Gardener yn 'e searje Eastwick. Ek spile er yn deselde snuorje yn in gastrol yn 'e searjes Numb3rs en The Pacific. Fierders wied er te sjen yn films as World Trade Center (2006) fan regisseur Oliver Stone, Day Zero (2007), en as maffiabaas Al Capone yn 'e komeedzjefilm Night at the Museum: Battle of the Smithsonian (2009).
Trochbraak
bewurkje seksjeDe trochbraak kaam foar Bernthal yn 2010, doe't er cast waard yn 'e rol fan Shane Walsh, yn 'e sombysearje The Walking Dead, dy't basearre wie op 'e striprige mei deselde namme. Hy fertolke dy rol oant er de searje yn 2012 ferliet, hoewol't er yn 2018 nochris weromkearde. Bernthal waard foar de rol fan Shane Walsh nominearre foar in Scream Award yn 'e kategory 'trochbraakoptreden fan in akteur'. Neitiid hied er in gastrol yn Harry's Law en wied er as stimakteur belutsen by de produksje fan twa ôfleverings fan 'e animaasjesearje Robot Chicken. Yn 2013 hie Bernthal de haadrol fan Joe Teague yn Mob City, in plysjesearje oer in resjersjeur yn it korrupte Los Angeles fan 'e 1940-er jierren, mar dy rige waard nei ien seizoen al stopsetten.
Op it wite doek wie Bernthal yn 2010 te sjen yn 'e skriller The Ghost Writer, fan regisseur Roman Polanski. Yn 2011 hie Bernthal in rol yn 'e toanielpremiêre fan 'e swarte komeedzje Small Engine Repair, dêr't er fan alle kanten lof foar taswaaid krige en ek foar nominearre waard foar in Ovation Award. Doe't it toanielstik nei de premiêre fierder gie yn it off-Broadway MCC Theater yn New York, moast Bernthal fanwegen filmferplichtings ferstek gean litte, en waard er ferfongen troch James Badge Dale. Bernthal spile neitiid yn 'e films Rampart (2011), mei Woody Harrelson, it misdiedrame Snitch (2013), mei Dwayne Johnson (The Rock) en Susan Sarandon, en de sportkomeedzje Grudge Match (2013), mei Robert De Niro, Sylvester Stallone en Kim Basinger. Ek yn 2013 wie Bernthal yn 'e rol fan Brad Bodnick te sjen yn 'e mannichfâld bekroande film The Wolf of Wall Street, fan regisseur Martin Scorsese, mei Leonardo DiCaprio, Margot Robbie en Matthew McConaughey. Hy en de rest fan 'e akteurs waarden nominearre foar ferskate prizen yn 'e kategory bêste cast.
Lettere jierren
bewurkje seksjeYn 2014 spile Bernthal de Suderling Grady "Coon-Ass" Travis yn Fury, in oarlochsfilm oer in Amerikaanske tankbemanning yn 'e Twadde Wrâldoarloch, mei Brad Pitt en Shia Labeouf. Dat jiers wurke Bernthal as stimakteur ek mei oan it fideospultsje Call of Duty: Advanced Warfare. Yn 2015 wied er te sjen yn it aksjedrama Sicario, fan regisseur Denis Villeneuve, nei in senario fan Taylor Sheridan. Dy film waard troch de filmkritisy loovjend ûntfongen en wûn ferskate prizen. Fierders spile Bernthal dat jiers ek yn We Are Your Friends en Me and Earl and the Dying Girl, in film dy't de sjuerypriis foar bêste dramafilm wûn op it Sundance Filmfestival.
Op 'e tillefyzje wie Bernthal yn 2015 te sjen yn 'e minysearje Show Me a Hero, as NAACP-abbekaat Michael H. Sussman. Yn 2015 waard er cast yn 'e rol fan 'e superheld Frank Castle oftewol The Punisher yn seizoen 2 fan 'e Netflix-rige Daredevil. De kritisy wiene tige loovjend oer syn werjefte fan 'e rol. Fan 2017 oant en mei 2019 spile Bernthal sadwaande de haadrol yn syn eigen spin-offsearje, mei de titel The Punisher. Foar dy rol waard er twaris (yn 2018 en 2019) nominearre foar in Saturn Award. Fierders hie Bernthal yn 2018 en 2019 ek in gastrol yn 'e websearje Unbreakable Kimmy Schmidt.
Underwilens wie Bernthal yn 2016 op it wite doek te sjen yn 'e skriller The Accountant, mei Ben Affleck en John Lithgow. Yn 2017 hied er in byrol as de fermoarde freon fan in ferkrêfte en fermoarde jonge Yndiaanske frou (spile troch Kelsey Chow) yn 'e neo-western Wind River, regissearre troch Taylor Sheridan. Datselde jiers spile Bernthal ek yn 'e misdiekomeedzje Baby Driver en it finzenisdrama Shot Caller. Dêropta wied er dat jiers te sjen as in dôfstomme man yn 'e aksjeskriller Pilgrimage, dy't spilet yn it trettjinde-iuwske Ierlân. Om't Bernthal in metoade-akteur is dy't op 'e filmset ek bûten de opnamen om it leafst in character bliuwt, resultearre dat deryn dat er de earste pear wiken fan it opnameproses net mei de cast en crew prate woe. It smiet lykwols in aktearprestaasje op dêr't de filmkritisy allinne mar lof foar hiene.
Yn 'e film Sweet Virginia, ek út 2017, spile Bernthal in hiel oare rol, fan in sêftmoedige moteleigner dy't oanhelle is mei de sykte fan Parkinson, mar op 'e nij krige er foar syn aktearjen fan alle kanten lof taswaaid. Hy hie ek yn 'e biografyske film First Man spylje sillen, mar dat moast er ôfsizze doe't syn dochter yn it sikehûs rekke. Yn 2018 wied er te sjen yn 'e heistfilm Widows, fan Steve McQueen. Fierders spile Bernthal yn 2019 mei yn 'e ûnôfhinklike aventoerefilm The Peanut Butter Falcon en hied er de rol fan autofabrikant Lee Iacocca yn 'e film Ford v Ferrari. Fierders liende er dat jiers syn stim oan en spile er mei motion capturetechnyk de rol fan majoar Cole D. Walker yn 'e fideospultsjes Tom Clancy's Ghost Recon Wildlands en Tom Clancy's Ghost Recon Breakpoint. De film The Many Saints of Newark, in prequelfilm fan 'e misdiesearje The Sopranos, wêryn't Bernthal de rol fan Johnny Soprano spilet, is ein 2019 yn 'e postproduksjefaze en sil yn 'e rin fan 2020 útkomme.
Priveelibben
bewurkje seksjeBernthal troude op 25 septimber 2010 yn Potomac, yn 'e Amerikaanske steat Marylân, mei Erin Angle, in polyklinysk ferpleechkundige spesjalisearre yn 'e behanneling fan slimme ferwûnings. Hja is de omkesizzer fan showwrakselder Kurt Angle. Alma Becker, Bernthal syn âlde akteardosinte, wie dejinge dy't him en syn frou troude. De Bernthals wenje (anno 2018) yn it Kalifornyske Ojai. Se hawwe trije bern: Henry (2011), Billy (2013) en Adeline (2015).
Yn 'e mande mei syn broer Nicholas fiert Bernthal it behear oer de non-profitorganisaasje Drops Fill Buckets, dêr't se goede doelen mei ûnderstypje. Fierders set er him o sa yn foar de akseptaasje fan pitbullterriërs en is er wurdfierder foar de Animal Farm Foundation, in organisaasje dy't sokke hûnen rêdt en de gelikense behanneling fan pitbullterriërs oanfiterje wol. Bernthal hat sels trije pitbullterriërs, dy't him gauris beselskipje nei de filmset. Twa fan syn hûnen, Boss en Venice, hiene lytse roltsjes yn 'e film Rampart, út 2012.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
2002 | Law & Order: Criminal Intent | Lane Ruddock | gastrol; ôfl. Malignant |
2004 | Without a Trace | Alex Genya | gastrol; ôfl. Bait |
2004 | Dr. Vegas | Greg | gastrol; ôfl. Dead Man, Live Bet |
2004 | Boston Legal | Michael Shea | gastrol; ôfl. Questionable Characters |
2005 | Jonny Zero | Brett Parish | gastrol; ôfl. I Did It All for the Nooky |
2005 | CSI: Miami | Harry Klugman | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2005 | Law & Order: Special Victims Unit | Sherm Hempell | gastrol; ôfl. Goliath |
2005 | How I Met Your Mother | Carlos | gastrol; ôfl. Purple Giraffe |
2006–2007 | The Class | Duncan Carmello | fêste rol; 19 ôfl. |
2009–2010 | Eastwick | Raymond Gardener | fêste rol; 12 ôfl. |
2010 | Numb3rs | Mike Nash | gastrol; ôfl. Growin' Up |
2010 | The Pacific | Manuel Rodriguez | gastrol; 2 ôfl. |
2010–2012 & 2018 | The Walking Dead | Shane Walsh | fêste rol; 20 ôfl. nom. Scream Award foar bêste manlike trochbraakoptreden |
2012 | Harry's Law | Lucas Trassino | gastrol; ôfl. The Whole Truth |
2012 | Robot Chicken | Hawkeye | as stimakteur; gastrol; 1 ôfl. |
2013 | Mob City | resjersjeur Joe Teague | weromkearende rol; 6 ôfl. |
2015 | Show Me a Hero | Michael H. Sussman | weromkearende rol; 4 ôfl. |
2015 & 2018 | SuperMansion | Rat-A-Pult | as stimakteur; weromkearende rol; 4 ôfl. |
2016 | Daredevil | Punisher (Frank Castle) | weromkearende rol; 12 ôfl. |
2017 | Robot Chicken | Shane Walsh | as stimakteur; gastrol; 1 ôfl. |
2017–2019 | The Punisher | Punisher (Frank Castle) | haadrol; 26 ôfl. nom. Saturn Award foar bêste akteur op 'e tillefyzje nom. Saturn Award foar bêste akteur yn streaming media |
2018–2019 | Unbreakable Kimmy Schmidt | Ilan | weromkearende rol; 2 ôfl. |
20?? | We Own This City | Wayne Jenkins | fêste rol |
films | |||
2002 | Mary/Mary | Manny | |
2004 | Tony n' Tina's Wedding | Dominic Fabrizzi | |
2004 | Revenge of the Middle-Aged Woman | man yn kantoar | |
2006 | World Trade Center | Christopher Amoroso | |
2007 | The Air I Breathe | ynterviewer | |
2007 | Day Zero | James Dixon | |
2008 | Bar Starz | Donnie Pitron | |
2008 | A Line in the Sand | Banzai | |
2009 | Night at the Museum: Battle of the Smithsonian | Al Capone | |
2010 | The Ghost Writer | Rick Ricardelli | |
2010 | Date Night | jongeman | |
2011 | Rampart | Dan Morone | |
2013 | Snitch | Daniel James | |
2013 | Grudge Match | B.J. Rose | |
2013 | The Wolf of Wall Street | Brad Bodnick | nom. Critics' Choice Movie Award foar bêste cast |
2014 | Fury | soldaat Grady "Coon-Ass" Travis | |
2015 | Me and Earl and the Dying Girl | McCarthy | |
2015 | Sicario | Ted | |
2015 | We Are Your Friends | Paige Morrell | |
2016 | Justice League vs. Teen Titans | Trigon | as stimakteur |
2016 | The Accountant | Braxton Wolff | |
2016 | The Escape | Holt | koarte film |
2017 | Wind River | Matt Rayburn | |
2017 | Baby Driver | Griff | |
2017 | Sweet Virginia | Sam | |
2017 | Pilgrimage | de Dôfstomme | |
2017 | Shot Caller | Frank | |
2018 | Widows | Florek Gunner | |
2019 | The Peanut Butter Falcon | Mark | |
2019 | Ford v Ferrari | Lee Iacocca | |
2020 | Viena and the Fantomes | Monroe | |
2021 | Those Who Wish Me Dead | sheriff Ethan Sawyer | |
2021 | The Many Saints of Newark | Johnny Soprano | |
2021 | King Richard | Rick Macci | |
20?? | Sharp Stick | ? | ek útfierend produsint |
20?? | Small Engine Repair | Terrance Swaino | ek filmprodusint |
fideospultsjes | |||
2003 | Manhunt | Cerberus | neimakke likenis |
2014 | Call of Duty: Advanced Warfare | korporaal Jim Decker | as stimakteur; spylber personaazje yn modus Exo Zombies |
2017 | Tom Clancy's Ghost Recon Wildlands | majoar Cole D. Walker | as stimakteur; ek motion-capture |
2019 | Tom Clancy's Ghost Recon Breakpoint | luitenant-kolonel Cole D. Walker | as stimakteur; ek motion-capture |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Jon Bernthal op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Jon Bernthal yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|