Sleepless in Seattle

Sleepless in Seattle is in Amerikaanske romantyske film út 1993 ûnder rezjy fan Nora Ephron, mei yn 'e haadrollen Tom Hanks en Meg Ryan. De titel betsjut "Sliepeleas yn Seattle". It ferhaal giet oer in jonge widner dy't troch syn soan, in lyts jonkje, bespile wurdt om syn gefoelslibben bleat te lizzen yn in radioprogramma. Oan 'e oare kant fan it lân harket dêr in jonge frou nei, dy't fereale op him rekket, mar twifelriedich is oft se al of net kontakt mei him opnimme sil. Sleepless in Seattle krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en waard in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Sleepless in Seattle
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Nora Ephron
produsint Gary Foster
senario Nora Ephron
David S. Ward
Jeff Arch
kamerarezjy Sven Nykvist
muzyk Marc Shaiman
filmstudio TriStar Pictures
distribúsje TriStar Pictures
spilers
haadrollen Tom Hanks
Meg Ryan
byrollen Ross Malinger
Rosie O'Donnell
Bill Pullman
Rob Reiner
Barbara Garrick
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 25 juny 1993
foarm langspylfilm
sjenre romantyske film
taal Ingelsk
spyltiid 105 minuten
budget en resultaten
budget $21 miljoen
opbringst $227,8 miljoen

Plot bewurkje seksje

Nei't Sam Baldwin, in arsjitekt út Chicago, syn frou Maggie oan kanker ferliest, ferfart er mei syn jonge soan Jonah nei Seattle om dêr in nij bestean op te bouwen yn in stêd dêr't net alles him syn frou tebinnenbringt. Oardel jier letter is Sam lykwols noch altyd yn rou. De dan achtjierrige Sam sit yn noed om syn heit en op krystjûn skillet er in radioprogramma wêryn't psychologe Marcia Fieldstone harkers rie jout oer harren leafdeslibben. Hy hellet in tsjinnige Sam oer om Fieldstone te wurd te stean en op 'e nasjonale radio te praten oer hoe bot oft er Maggie mist. Tûzenen froulju út it hiele lân wurde rekke troch syn ferhaal en begjinne him fia it radiostasjon brieven te stjoeren.

Ien fan 'e harkers fan it programma is Annie Reed, in sjoernaliste út Baltimore, dy't harsels krekt ferlove hat mei de tige sympatike Walter Jackson, mar hieltyd it gefoel hat dat der wat oan harren relaasje ûntbrekt. Nei't se de film An Affair to Remember, mei Cary Grant en Deborah Kerr, sjoen hat, skriuwt se yn in opwâling in brief oan Sam, wêryn't se foarstelt om him op Falentynsdei te moetsjen boppe-op it Empire State Building yn New York (krekt as yn 'e film). Se bekomt al rillegau wer fan wat se neitiid as in nuvere opstiging beskôget, en goait it brief fuort. Har freondinne Becky strykt it ferfrommele papier lykwols glêd en docht it foar har op 'e post.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens begjint Sam, dy't de brieven fan al dy 'gestoarde' froulju wegeret te lêzen, om te gean mei Victoria, in kollega fan him. Jonah mei Victoria net lije, om gjin inkele oare reden as dat er it brief fan Annie lêzen hat en besletten hat dat sy de wiere foar syn heit is. Hy besiket syn heit dêrfan te oertsjûgjen, mar Sam is net fan doel om mei Falentynsdei nei de oare kant fan it lân te reizgjen om in frou te moetsjen dy't dúdlik net alhiel doocht. Op advys fan syn boarterskammeraatske Jessica beäntwurdet Jonah dan sels mar Annie har brief en stimt dêrby yn mei de moeting op it Empire State Building.

Annie regelet dat se foar in artikel op kosten fan har krante nei Seattle ta kin, dêr't Sam har tafallich op 'e lofthaven sjocht as er Victoria útswaait, en op slach alhiel ûnder har tsjoen rekket. Hy hat lykwols gjin idee wa't se is en ferliest har al rillegau út it each yn 'e minskemannichte. Annie giet nei de wenboat fan Sam, mar treft him net thús. Letter sjocht se him mei Johan op it strân boartsjen, mar doar se him net oan te sprekken. De oare deis, nei't se harsels moed ynpraat hat, sil se dat al dwaan, mar dan sjocht se Sam mei in oare frou (syn suster Suzy), dy't se foar syn freondinne hâldt. Sam sjocht har, mar foar't it ta in petear komme kin, naait Annie út. Neitiid keart se werom nei Baltimore, dêr't se letter wei trochreizget nei New York om op Falentynsdei Walter te moetsjen.

Mei help fan Jessica boekt Jonah fia de kompjûter in flecht nei New York, dêr't er him op Falentynsdei nei it Empire State Building bejout om Annie te sykjen. As Sam ûntdekt wat Jonah dien hat, nimt er it earstfolgjende fleantúch nei New York om him efternei. Dy jûns, as Jonah noch altyd gjin Annie fûn hat en de moedfearren hingje lit, fynt Sam him werom op it observaasjedek boppe-op it Empire State Building. Underwilens is Annie út te iten yn 'e Rainbow Room, dêr't se it Empire State Building wei sjen kin. Se kin har gefoelens op in stuit net mear foar har hâlde en bychtet alles op oan Walter. Dy is tige begrypfol en se beslute op freonskiplike wize in punt efter harren relaasje te setten.

Annie hastiget har dan nei it Empire State Building, dêr't se op it observaasjedek arrivearret inkele mominten nei't Sam en Jonah de lift nei ûnderen nommen hawwe. It is no let en it observaasjedek is alhiel ferlitten. Annie ûntdekt lykwols de efterlitten rêchsek fan in bern en pakt dy op. Op dat stuit komme Sam en Jonah wer út 'e lift om Jonah syn rêchsek op te heljen en sjogge Annie. Sam en Annie stoarje inoar lange tiid oan en nimme dan hân yn hân mei Jonah de lift nei ûnderen.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Tom Hanks.
 
Meg Ryan.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Sam Baldwin Tom Hanks
Annie Reed Meg Ryan


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Jonah Baldwin Ross Malinger
Becky Rosie O'Donnell
Walter Jackson Bill Pullman
Jay Matthews Rob Reiner
Victoria Barbara Garrick
Jessica Gaby Hoffmann
Greg Victor Garber
Suzy Rita Wilson
Maggie Baldwin Carey Lowell
Dennis Reed David Hyde Pierce
Claire Dana Ivey
Cliff Reed Kevin O'Morrison
dokter Marica Fieldstone (oer de radio) Caroline Aaron (allinne stim)
Irene Reed Frances Conroy

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Sleepless in Seattle waard regissearre troch Nora Ephron, nei in senario fan harsels, David S. Ward en Jeff Arch op basis fan in idee fan Arch. As produsint wie Gary Foster by it projekt belutsen foar filmstudio TriStar Pictures. Der wie in budget fan $21 miljoen foar de film beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Sven Nykvist. De filmmuzyk waard fersoarge troch Marc Shaiman, dy't foar de soundtrack ferneamde lieten fan bekende sjongers brûkte, lykas A Kiss to Build a Dream On fan Louis Armstrong, Stardust fan Nat King Cole, Bye Bye, Blackbird fan Joe Cocker, Back in the Saddle Again fan Gene Autry en Stand by Your Man fan Tammy Wynette.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Sleepless in Seattle waard fersoarge troch TriStar Pictures. De film gie op 25 juny 1993 yn 'e Feriene Steaten yn premiêre. It soundtrackalbum wie dêrfoar al útkommen, op 15 juny, by platemaatskippij Epic Records.

Untfangst bewurkje seksje

Sleepless in Seattle krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in frij heech goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 59 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in oandwaanlike klassiker dy't it hiel licht bringt en echte gemy toant tusken de beide haadrolspilers, sels as se de hiele film net yn deselde sêne spylje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Sleepless in Seattle in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 17 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Sleepless in Seattle brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $126,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $101,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $227,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $21 miljoen betsjut dat in winst fan $206,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Sleepless in Seattle in grut kommersjeel súkses.

Prizen bewurkje seksje

Sleepless in Seattle waard yn 1994 nominearre foar twa Oscars, yn 'e kategoryen bêste orizjinele senario (Nora Ephron, David S. Ward en Jeff Arch) en bêste orizjinele liet (A Wink and a Smile fan Harry Connick jr.). De film waard ek nominearre foar trije Golden Globes, twa BAFTA's en fjouwer MTV Movie Awards. Ross Malinger wûn foar syn rol as Jonah Baldwin in Young Artist Award foar bêste filmakteur jonger as tsien jier.

Musicaladaptaasje bewurkje seksje

Yn 2013 waard Sleepless in Seattle adaptearre ta in musical dy't yn Pasadena op 'e planken brocht waard en yn 'e simmer fan 2020 yn Londen iepene.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.