Smokey and the Bandit

film út 1977 fan Hal Needham

Smokey and the Bandit is in Amerikaanske aksjekomeedzje út 1977 ûnder rezjy fan Hal Needham, mei yn 'e haadrollen Burt Reynolds, Sally Field en Jackie Gleason. It ferhaal giet oer in smokkelder dy't de fuortrûne breid fan 'e soan fan in strange sheriff rêdt, wêrnei't it twatal hûnderten kilometers troch de sheriff en syn soan efternei sitten wurdt. De film wie in produksje fan 'e Amerikaanske filmstudio Rastar op basis fan in senario skreaun troch James Lee Barrett, Charles Shyer en Alan Mandel. De ûntfangst wie by de premiêre min, mar neitiid ûntpopte Smokey and the Bandit him ta ien fan 'e grutste kassúksessen fan it jier, mei in opbringst fan likernôch $300 miljoen.

Smokey and the Bandit
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Hal Needham
produsint Mort Engelberg
Robert L. Levy
senario James Lee Barrett
Charles Shyer
Alan Mandel
kamerarezjy Bobby Byrne
muzyk Bill Justis
Jerry Reed
filmstudio Rastar
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Burt Reynolds
Sally Field
Jackie Gleason
byrollen Jerry Reed
Mike Henry
Pat McCormick
Paul Williams
Macon McCalman
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 19 maaie 1977
foarm langspylfilm
sjenre aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $4,3 miljoen
opbringst $300 miljoen
filmsearje
filmsearje Smokey and the Bandit
● folgjend diel Smokey and the Bandit II

De rike Teksaan Big Enos Burdette en dy syn soan Little Enos sykje in frachtweinsjauffeur om in lading Coors-bier nei harren wenplak yn 'e Amerikaanske steat Georgia te smokkeljen. (Yn 'e 1970-er jierren waard Coors beskôge as it bêste bier fan 'e Feriene Steaten, mar wie it eastlik fan 'e Mississippy yllegaal.) It bier moat yn 28 oeren fan Texarkana, oan 'e eastgrins fan Teksas, nei Atlanta ta riden wurde (want om't oan Coors gjin konservearringsmiddels tafoege wiene, waard it gau ferkeard as it net koel bewarre waard). Ferskate frachtweinsjauffeurs dy't earder besocht hawwe om 'e Burdettes harren bier te bringen, binne ûnderweis tsjinkeard en arrestearre troch smokey (jargon fan frachtweinsjauffeurs foar plysjeminsken, dat ferwiist nei it soarte huodden dat de Amerikaanske plysje in soart draacht, dat sterk liket op 'e hoed fan Smokey Bear, de ferneamde maskotte fan United States Forest Service).

De Burdettes freegje dêrom de legindaryske frachtweinsjauffeur Bo Darville, byneamd Bandit ("bandyt") om it te besykjen. Se biede him $80.000 as er harren 400 kisten Coors-bier bringt, dy't binne 28 oeren ferfierd binne fan Texarkana nei Atlanta. Bandit nimt it foarstel oan en behellet syn maat Cledus Snow, byneamd "Snowman", yn it plan. Snowman sil de eigentlike frachtwein mei it bier bestjoere, wylst Bandit yn in swarte Pontiac Trans Am-sportauto foarút riidt om 'e oandacht fan 'e plysje ôf te lieden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op 'e reis fan Atlanta nei Teksas bart suver neat, behalven dat Bandit ien kear troch in steatsplysjeman fan Arkansas efterfolge wurdt, dy't er lykwols mei gemak ôf wit te skodzjen. Hy en Snowman lizze in oere foar op skema as se Texarkana berikke. Dêr lade se de frachtwein fol en keare om. Frijwol daliks nei't se wer op 'en paad gien binne, pikt Bandit in breid op dy't har eigen houliksplechtichheid ûntflechte is. Hja hjit Carrie, mar hy neamt har Frog ("Kikkert"), om't se, sa seit er "der wol leuk útsjocht, krekt as in kikkert," om't se "altyd oan it omspringen is" en om't hy "har bespringe wol."

Mar troch Frog te helpen, bringt Bandit himsels yn 'e swierrichheden, mei'de man mei wa't se trouwe soe helpsheriff Junior Justice is, de soan fan 'e strange Teksaanske sheriff Buford T. Justice. Dyselde set daliks de efterfolging yn, beselskippe troch syn ûnnoazele soan, wêrby't it twatal de grinzen fan harren eigen rjochtsfoechgebiet folslein negearret. De efterfolging duorret oant yn Atlanta, wêrby't Bandit sheriff Justice hieltyd te fluch ôf is, en de plysje-auto fan Justice by it iene nei it oare komyske barren hieltyd fierder útinoar falt, sadat er úteinlik yn in ridend wrak yn Atlanta arrivearret. Troch de efterfolging fan sheriff Justice lûkt Bandit ûnderweis ek oanhâldend de oandacht fan oare pleatslike en steatsplysjeminsken dêr't hy en Frog dan wer oan sjen moatte te ûntkommen, wylst yn harren sok Snowman ûnopmurken mei it bier trochride kin.

Underweis wurde Bandit, Frog en Snowman holpen troch in hiele staasje kleurrike personaazjes mei wa't se troch gebrûk fan it 27 MC-bakky kontakt lizze, lykas in begraffenisûndernimmer, syn lykweinsjauffeur en harren lykprekaasje, in âldere dame, in servearster yn in drive-inrestaurant en al har klanten, in konfoai fan frachtweinen, en sels in hoeremadam, dy't in bordeel runt yn in camper. Geandewei reitsje Bandit en Frog fereale opinoar, wat liedt ta it dielen fan in pear romantyske mominten dêr't se kostbere tiid mei ferspylje. Wat tichter as se by Atlanta komme, wat yntinser de efterfolging wurdt. Fuort nei't se de grins fan Alabama mei Georgia oergien binne, wurdt Snowman oanholden troch in Georgiaanske steatsplysjeman op in motor. Bandit komt syn maat te help en lokket de motorplysje efter him oan ear't dy it bier ûntdekke kin. Mar de motorplysje freget om help, sadat der mear plysje-auto's efter Bandit en Frog oankomme, wylst der gruttere weiblokkades opboud wurde en der sels in helikopter ynset wurdt.

Untmoedige troch de oanboazjende wjerstân is Bandit mei noch fjouwer myl te gean eins safier dat er it wol oerjaan wol, mar dêr wol Snowman neat fan witte. Hy hellet de Trans Am yn en riidt mei syn frachtwein de blokkade by de yngong fan 'e Lakewood Fairgrounds yn Atlanta oan gruzeleminten. Mei noch mar tsien minuten (fan 'e 28 oeren) te gean, arrivearje se by de Lakewood Speedway, dêr't de Burdettes oanwêzich binne by in autorace. Little Enos biedt dan oan om it bedrach, dat hy en syn heit Bandit ferskuldige binne, te ferdûbeljen as Bandit-en-dy him út Boston wei binnen 18 oeren clam chowder (in gerjocht besteande út in tsjûk sop makke fan skelpdieren) bringe kinne; mar slagget dat net, dan krije se neat. Ynstee fan 'e $80.000 oan te nimmen, geane Bandit en Frog op dy weddenskip yn, en se ride fuort yn in Cadillac Eldorado fan Little Enos, wylst de plysje fan alle kanten nei de Lakewood Fairgrounds tastreamt en de Trans Am en Snowman syn frachtwein yn beslach nimt. Underweis út Atlanta komme se sheriff Justice tsjin, dy't oan 'e kant fan 'e dyk stiet om't syn auto it einlings en te'n lêsten bejûn hat. As in teken fan respekt lit Bandit him witte wêr't er hinne sil en nûget er de âld sheriff út foar in nije efterfolging.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Burt Reynolds.
 
Sally Field.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Bo Darville (Bandit) Burt Reynolds
Carrie (Frog) Sally Field
sheriff Buford T. Justice (Smokey) Jackie Gleason


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Cledus Snow (Snowman) Jerry Reed
Junior Justice Mike Henry
Big Enos Burdette Pat McCormick
Little Enos Burdette Paul Williams
Mr. B Macon McCalman
Hot Pants Susan McIver
sheriff George Branford George Reynolds
Little Beaver Laure Lizer Sommers
Branfords helpsheriff Michael Mann
Sugar Bear Lamar Jackson
steatsplysje út Georgia Ronnie Gay
steatsplysje út Alabama Quinnon Sheffield
snelweiplysje út Alabama Alfie Wise
sleepautosjauffeur Pat Hustis
Foxy Lady Ingeborg Kjeldsen
frachtweinsjauffeur #1 Ben Jones
frachtweinsjauffeur #2 Joe Klecko
frachtweinsjauffeur #3 Hank Worden

Smokey and the Bandit waard regissearre troch Hal Needham, in stuntman foar wa't dizze film syn debút as regisseur wie. De filmprodusinten wiene Mort Engelberg en Robert L. Levy foar de filmstudio Rastar. It senario wie skreaun troch James Lee Barrett, Charles Shyer en Alan Mandel, op basis fan in ferhaal dat optocht wie troch Needham en Levy. De filmmuzyk waard komponearre troch Bill Justis en Jerry Reed (dy't ek Snowman spile). De kamerarezjy waard dien troch Bobby Byrne.

Oarspronklik hie Needham Smokey and the Bandit bedoeld as B-film, mei in budget fan heechút $1 miljoen. Mar doe't akteur Burt Reynolds, oan wa't Needham as stuntman kunde hie, it skript ûnder eagen krige, besefte dy dat der mear yn it ferhaal siet, ek al wie it, sa skreau er letter yn syn autobiografy, it ûngelokkichst skreaune senario dat er ea lêzen hie. Yn it oarspronklike skript fan Needham hiet Carrie Kate en waarden Big Enos en Little Enos Kyle en Dickey neamd. Dat feroare allegear nei't Needham syn wurk werskreaun wie troch in trijetal profesjonele senarioskriuwers, hoewol't it meastepart fan 'e dialooch yn 'e film likegoed noch ymprovisearre waard.

'Buford T. Justice' wie de namme fan echte steatsplysjeman út Floarida, dêr't Reynolds syn heit, dy't kommissaris fan plysje yn Riviera Beach (Floarida) wie, kunde oan hie. It flokwurd en skelwurd sumbitch, dat it sheriff Justice yn 'e film te pas en te ûnpas útslacht, is in ferbastering fan it bekendere skuttingwurd son-of-a-bitch (letterlik: "soan-fan-in-teef"). Ek sumbitch kaam fan Reynolds, dy't letter úthold dat syn heit dat wurd ek oates en toates brûkte. Jackie Gleason, dy't sheriff Justice spile, krige de frije leie oangeande dialooch. Ek waarden ferskate fan syn ideeën yn 'e film ynkorporearre. Sa wie it syn suggestje dat Junior Justice de hiele film by syn heit bliuwe soe, en ek de sêne wêryn't Justice sûnder dat er it trochhat Bandit yn in truckersrestaurant moetet, kaam út syn koker.

 
Regisseur Hal Needham yn 2011.

Smokey and the Bandit waard foar it meastepart opnommen yn Georgia, yn 'e plakken McDonough, Jonesboro en Lithonia. De sênes yn Texarkana waarden filme yn Jonesboro en omkriten, en in soad fan 'e efterfolgingssênes waarden opnommen op Highway 54 tusken Jonesboro en Fayetteville, op Mundy's Mill Road en Main Street yn Jonesboro, op Georgia State Route 400, op 'e Interstate 85 ter hichte fan Pleasant Hill en yn McDonough. De sêne mei it Shell-benzinestasjon waard filme yn Ojai, yn Kalifornje, en ferskate oare sênes waarden opnommen yn Helen (Georgia). De sênes op 'e Lakewood Fairgrounds yn Atlanta waarden dêre op lokaasje filme.

De produksje fan Smokey and the Bandit koste úteinlik nei skatting $4,3 miljoen, wêrfan't $1 miljoen opgie oan it salaris fan akteur Burt Reynolds. Dyselde begûn ûnder opnamen in relaasje mei syn tsjinspylster Sally Field, dy't oant 1982 duorje soe. De film gie op 18 maaie 1977 yn 'e Radio City Music Hall yn New York yn premiêre.

Untfangst en resultaat

bewurkje seksje

Smokey and the Bandit waard oer it algemien reedlik ûnthelle troch de resinsinten. Wol wie it efterôf sjoen in flater om 'e film yn it stedske fermidden fan New York yn premiêre gean te litten, want dêr die de film it min. Doe't er lykwols yn it Amerikaanske Suden yn 'e bioskopen kaam, ûntjoech Smokey and the Bandit him ta in grut súkses. Yn in wykein tiid waard dêr yn 386 filmsealen $2.689.851 fertsjinne, en tsjin 'e ein fan july bedroech de opbringst al $11,9 miljoen. Uteinlik brocht de film yn Noard-Amearika likernôch $127 miljoen op, en wrâldwiid mar leafst $300 miljoen. Dêrmei wie it de op ien nei meast opbringende film fan 1977.

De filmeditors fan Smokey and the Bandit, Walter Hannemann en Angelo Ross, waarden yn 1978 nominearre foar in Oscar foar bêste filmediting. Neffens Burt Reynolds hie hy op 'e set fan Smokey and the Bandit de measte wille fan alle films dy't er makke. De legindaryske regisseur Alfred Hitchcock sei yn in fraachpetear dat Smokey and the Bandit ien fan syn favorite films wie.

Ferfolgen en ynfloed

bewurkje seksje

Smokey and the Bandit ynspirearre ferskate oare truckerfilms, wêrûnder yn it foarste plak twa ferfolgen: Smokey and the Bandit II, út 1980, op 'e nij mei Reynolds en Field, en Smokey and the Bandit Part 3, út 1983, dêr't Reynolds en Field en harren personaazjes net yn foarkomme en de haadrol spile wurdt troch Jerry Reed ("Snowman"). Dêropta makke regisseur Hal Needham yn 1994 fjouwer tillefyzjefilms mei as titels Bandit Goes Country, Bandit Bandit, Beauty and the Bandit en Bandit's Silver Angel. Dêryn waard de rol fan Bandit ferfolle troch Brian Bloom.

Smokey and the Bandit hie ek in grutte ynfloed op 'e lettere, tige populêre tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard, dy't rûn fan 1979 oant 1985. Ek dêryn draaide it ferhaal grutdiels om efterfolgings fan snoade smokkelders troch in ûnnoazele sheriff. Ben Jones, John Schneider en Sonny Shroyer, dy't haadrollen yn The Dukes of Hazzard fertolken, hiene allegearre lytse roltsjes yn Smokey and the Bandit. Yn 2005 spile Burt Reynolds de rol fan 'e korrupte bestjoerder Boss Hogg (yn 'e searje spile troch Sorrell Booke) yn 'e ferfilming, The Dukes of Hazzard.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.