Stasjon Diemen
Stasjon Diemen (Dmn) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske plak Diemen yn de provinsje Noard-Hollân. It waard iepene yn 1882 as halte Kerklaan oan de Easterspoarwei (Amsterdam Sintraal - Sutfen). It stasjon waard yn 1929 sletten, mar op 26 maaie 1974 fannijs iepene, en krige doe de namme stasjon Diemen.
Stasjon Diemen station Diemen | ||
Stasjon Diemen yn 2023 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Diemen | |
plak | Diemen | |
adres | Dr. A.J.J. van Gemertplein 1 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Dmn | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 jannewaris 1882 26 maaie 1974 weriepening | |
sluting | 1 jannewaris 1929 | |
boujier | 1978 stasjonsgebou | |
sloopjier | 2021 stasjonsgebou | |
arsjitekt | C. Douma | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Easterspoarwei | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
- Net te betiizjen mei Stasjon Diemen Súd.
Gebou
bewurkje seksjeDe oarspronklike halte Kerklaan hie gjin gebouwen. Hoewol't it de bedoeling is om it fannijs iepene stasjon ûnbemanne te litten, soarge it ûnferwachts hege tal reizgers derfoar dat Diemen yn 1978 dochs noch in stasjonsgebou krige, in stasjonsgebou bekend as Standerttype Sextant fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It stasjonsgebou fan Diemen ferdwûn ein maart 2021 wer om romte te meitsjen foar de werynrjochting fan de stasjonsomjouwing. It stasjon bestiet no allinnich noch út in tal abrys, in iepen fytsestalling mei fytsklûzen en in pear parkearplakken.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
4600 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Diemen – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almere Sintrum – Almere Bûten – Lelystêd Sintrum – Swol | Ryd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei Den Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leiden Sintraal. |
5800 | Sprinter (NS) | Amersfoart Vathorst – Schothorst – Amersfoart Sintraal – Hilfertsom– Weesp – Diemen – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Skiphol Airport – Hoofddorp | Ryd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|