Zwijndrecht (Nederlân)
Zwijndrecht | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Zwijndrecht is in plak en gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Yn 2022 hat de gemeente neffens it CBS likernôch 45.000 ynwenners.
Sûnt 2003 is de eardere gemeente Heerjansdam part fan de gemeente Zwijndrecht. It doarp Heerjansdam hat 3.800 ynwenners (2021) en it doarp Zwijndrecht 40.840 ynwenners (2021). De gemeente wurket gear mei inkele buorgemeenten yn it regioferbân Drechtstêden.
Skiednis
bewurkje seksjeDe iere skiednis fan Zwijndrecht is besibbe mei dy fan de Zwijndrechtske Waard. De namme Suindrecht foar it gebiet fand e Waard komt foar it earst foar yn 1006 yn in brief fan biskop Ansfryd fan Utert dy't lânguod skinkt oan in kleaster by Amersfoart. Dy skinking befette de tsjerke fan Zwijndrecht. Dy skinking waard yn in akte út 1028 befêstige, dat dus oanjout dat it gebiet yn dy snuorje al bewenne wie. Zwijndrecht hat yn de fyftjinde iuw bloeid as wichtige lokaasje foar it sâltwinnen. Yn de santjinde iuw krige it plak it karakter fan in túnkersdoarp en yn de rin fan de njoggentjinde iuw naam de yndustry ta.
Swin en drecht
bewurkje seksjeDe namme Zwijndrecht is in gearfoeging fan it Westfrankyske wurd 'suin' (swin, swyn) en it wurd 'drecht' dat net fan it Latynske trajectum ôflaat is, mar fan it Westnederfrankyske 'drift fan de rivier'. Swin komt fan 'swinen' en kin oersetten wurde as it weirinnen fan wetter of as it ôfnimmen fan djipte by eb. Drecht betsjut oerstekplak, oerhaal of fear. Zwijndrecht betsjut dus einlik ‘tijgeul dêr’t oerstutsen wurde kin'. Dy útlis docht fermoeden dat Zwijndrecht earder by leech wetter oan Doardt fêst siet, by leech wetter wiene beide delsettings skaat. In sitewaasje dy’t fan foar de 12e iuw wêze soe. Dy sitewaasje soe bestien hawwe oat de Sint-Elisabethsfloed yn 1421. De lyksaneamde Flaamske gemeente Zwijndrecht hat deselde lizzing fandatoangeande mei Antwerpen.
De namme Zwijndrecht gou earst foar de heule Zwijndrechtse Waard, dy’t begrinze waard troch de rivieren de Pelster, de Noard, de Alde Maas en it Waaltsje, tusken Heerjansdam en Oostendam. Bewenners fan dat gebiet moatte al yn de hege midsiuwen (900 - 1300) harren lân foar in part bedike ha, as beskerming tsjin de mannichfâldige oerstreamings.
Ambachtshearlikheden
bewurkje seksjeYn 1322 waard it gebiet troffen troch in swiere stoarm dêr't in soad minsken by om it libbe kamen. Dat wie foar greve Willem III fan Hollân oanlieding en meitsje plannen en bedykje it gebiet. Yn in oarkonde fan 1331 makke er buorkundich da dyjingen dy't in part fan de Zwijndrechtske Waard bediken, ambachtshear fan dat part fan de Waard wurde mochten. Troch dy oarkonde ûntstiene der ambachtshearlikheden, dy't neamd waarden nei harren dykhear, lykas Schobbelands Ambacht, Heer Oudelands Ambacht, Groote en Kleine Lindt, Heerjansdam (eartiids Heeren Heynen Ambacht of Heren Heyenland), Kijfhoek, Meerdervoort, Sandelingenambacht en Alewijns Ambacht.
Yn it tiidrek nei it bedykjen, boude Willem van Duivenvoorde syn kastiel Develstein en waarden, nei 1337 yn de ferskate ambachten wenmienskippen stifte. Ynwenners fan Rijsoord bouden as earste in tsjerke, en om 1395 hinne folgen Heerjansdam, Hendrik-Ido-Ambacht, Kijfhoek en Heer Oudelands Ambacht. Letter kaam der ek de tsjerke fan Schobbelands Ambacht by, wylst yn Kleine Lindt gjin tsjerke stie.
Lettere ûntjouwings
bewurkje seksjeOp 1 novimber 1872 waard it spoar fan Breda nei Rotterdam oanlein en krige Zwijndrecht en stasjon oan dy line. Earder waard al it ferfier oer wetter dien.
Troch de iuwen hinne bestie de befolking fan de Zwijndrechtske Waard, foar it bedykjen fan de fiskerij, en dêrnei fan de lânbou en túnkerij. Fan 1850 ôf beane de túnkers harren produkten oan op merken, en yn d eiere tweintichste iuw ferkochten se harren produkten op de Griente- en Fruitfeiling Zwijndrecht en Omkriten. Om dyselde tiid hinne fêstigen der ferskate konservefabriken yn Zwijndrecht en eksportearren ferskate eksportbedriuwen grienten en fruit nei Dútsklân en Ingelân, nei 1872 mei de trein, boat en frachtwein.
Ek waard foar in skoft ynkommen fertsjinne troch it tarieden fan sâlt. Yn 1590 joech de dykgreve fan de heechhiemrieden in earste fergunning foar it oprjochtsjen fan in sâltsiederij. Yn de santjinde en achttjinde iuw wiene der goed fjirtich sâltsiederijen. Nei it finen fan sâlt yn Twinte rûn it sâltwinnen yn Zwijndrecht tebek. Yn 1958 waard de lâste sâltsiederij yn Zwijndrecht sloopt.
Healwei de njoggentjinde iuw kamen de earste yndustryen yn Zwijndrecht, lykas in finsterglêsfabryk, glêsblazerij, brouwerij en sûkelarjefabryk. Om 1900 hinne kamen gruttere produksjebedriuwen lykas in rystpellerij en gemyske fabriken. Yn de tweintichste iuw yndustrialisearre Zijndrecht stadichoan.
Gemeente
bewurkje seksjeDe ferskate wenmienskippen, dy't ûnder it bestjoer stiene fan ambachtshearen en erfgenamten, krigen yn 1833 i offisjele gemeentlike status. Yn de twadde helte fan d enjoggentjinde iuw ferienen fiif ambachten harren ta Zwijndrecht sa't dy oant 2002 bestie. Yn 1855 kaam Meerdervoort by Zwijndrecht en waard Groote Lindt, dy't sels yn 1857 Heer Oudelands Ambacht en Kijfhoek anneksearre hie, yn 1881 by Zwijndrecht tafoege. Op 1 jannewaris 2003 kaam ek heerjansdam by de gemeente Zwijndrecht.
Geografy
bewurkje seksjeZwijndrecht leit yn de Zwijndrechter Waard (in diel fan it eilân Iselmûn) en grinzget oan de gemeenten Ridderkerk, Hendrik-Ido-Ambacht, Papendrecht, Doardt, Hoekske Waard en Barendrecht, en oan de rivieren de Noard, de Alde Maas en it Waaltsje. It bekende 'Trijerivierepunt', it drokst befarde punt fan Nederlân, leit by Zwijndrecht. De rivieren Noard, Alde Maas en Beneden-Merwede komme dêr byinoar.
Wiken en kearnen
bewurkje seksjeDe gemeente Zwijndrecht besiet út de offisjele kearnen Zwijndrecht en Heerjansdam. Fierder bestiet de gemeente út de buorskippen : Achter-Lindt, Kleine-Lindt, Kijfhoek, Groote Lindt.
Wiken yn Zwijndrecht binne:
- Noard
- Walburg
- Sintrum
- Heer Oudelands Ambacht (ook wel Oudeland)
- Nederhoven
- Kort Ambacht
Ferkear en ferfier
bewurkje seksjeZwijndrecht leit oan de A16 fan Rotterdam nei Doardt en Breda, dy't troch de Drechttunel rint. De ôfslaggen 22 "Zwijndrecht" en 23 "Hendrik-Ido-Ambacht" berikke Zwijndrecht fan dy autodyk ôf. Fierders is Zwijndrecht mei de Stedsbrêge Zwijndrecht oer de Alde Maas hinne ferbûn mei Doardt.
Zwijndrecht leit oan it spoar fan Breda nei Rotterdam en wurdt betsjinne troch Stasjon Zwijndrecht. By Zwijndrecht is it grutste rangearplak fan Jeropa.
Untwikkeling ynwennertal
bewurkje seksjeBefolkingsûntwikkeling sûnt 1996:[1]
Jier | Ynwenners |
---|---|
2022 | 44.789 |
2015 | 44.501 |
2005 | 45.209 |
1996 | 42.348 |
Boargemasters
bewurkje seksjeBoargemasters sûnt 1877:[4]
Namme | Partij | Perioade | Bysûnderheden |
---|---|---|---|
Pieter Johannes Albertus de Bruïne |
1877–1917 | ||
Petrus Doorn | ARP | 1917–1928 | |
Jan Jansen Manenschijn | ARP | 1929–1942 | |
Abraham Aeckerlin | NSB | 1942–1945 | |
Jan Jansen Manenschijn | ARP | 1945–1946 | |
Cornelis Slobbe | ARP | 1947–1967 | |
Hendrik Herman Douma | ARP | 1967–1976 | |
Cees Pijl Hogeweg | ARP, CDA | 1976–1991 | |
Dick Corporaal | CDA | 1991–2001 | |
Antoin Scholten | VVD | 2002–2012 | |
Maria Wiebosch-Steeman | GL | 2012–2013 | waarnimmend |
Dominic Schrijer | PvdA | 2013–2019 | |
Robert Strijk | D66 | 2019 | waarnimmend |
Hein van der Loo | (CDA) | 2019–2023 | |
Edo Haan | PvdA | 2023–no | waarnimmend |
Gemeenteried
bewurkje seksjeDe gemeenteried sûnt 1990:[5]
Sitten | |||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Partij | 1990 | 1994 | 1998 | 2002 | 2006 | 2010 | 2014 | 2018 | 2022 [2] |
Algemeen Belang Zwijndrecht (ABZ) | 3 | 5 | 5 | 8 | 10 | ||||
CU ² -SGP | 3 | 3 | 4 | 4 | 4 | 4 | 5 | 5 | 4 |
VVD | 4 | 4 | 6 | 4 | 4 | 5 | 4 | 3 | 3 |
CDA | 9 | 7 | 6 | 8 | 6 | 4 | 4 | 3 | 3 |
GL | 1 | 1 | 2 | 2 | 2 | 2 | 1 | 1 | 2 |
Zwijndrechtse Plus Partij (ZPP) | 2 | 2 | 2 | ||||||
PvdA | 6 | 5 | 7 | 6 | 9 | 4 | 3 | 2 | 2 |
D66 | 4 | 5 | 2 | 2 | 1 | 3 | 3 | 2 | 1 |
SP | 1 | ||||||||
LPF | 3 | ||||||||
CD | 2 | ||||||||
Totaal | 27 | 27 | 27 | 29 | 29 | 27 | 27 | 27 | 27 |
Opkomst | 58,6% | 64,9% | 58,4% | 51,2% | 55,6% | 48,7% | 49,6% | 47,8% | 43,0% |
¹ 1990-1998: CU = GPV + RPF
Stêdebannen
bewurkje seksjeKeppelingen om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Súd-Hollân | |
---|---|
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht | |
· · |