Terminator (franchise)

Terminator is in Amerikaanske mediafranchise dy't oarspronklik kreëarre waard troch regisseur James Cameron en filmprodusinte Gale Anne Hurd. De franchise heart ta de sjenres fan science fiction en aksje en begûn yn 1984 mei de tige súksesfolle film The Terminator, mei akteur Arnold Schwarzenegger yn ien fan syn bekendste rollen as de Terminator. Dat is in cyborg dy't troch de tiid weromreizge is út 'e takomst om 'e jonge frou Sarah Connor te deadzjen, om't hja meitiid mem wurde sil fan 'e man dy't de keunstmjittige yntelliginsje fan it Skynet úteinlik ôfhâlde sil fan 'e wrâldhearskippij. Anno 2021 binne yn it ramt fan Terminator fiif ferfolchfilms makke, in tillefyzjesearje, twa websearjes en ferskaat oan fideospultsjes, stripboeken, romans en oare produkten. Tsjin 2010 hie de franchise al $3 miljard opbrocht.

Terminator
betinker James Cameron
Gale Anne Hurd
eigner ûndúdlik / ferskaat
(sjoch: franchiserjochten)
lân Feriene Steaten
begjinjier 1984
films
langspylfilms The Terminator
Terminator 2: Judgment Day
Terminator 3: Rise of the
    Machines

Terminator: Salvation
Terminator: Genisys
Terminator: Dark Fate
tillefyzje
searjes Terminator: The Sarah
    Connor Chronicles

Terminator Genisys: The
    YouTube Chronicles
tekenfilmsearjes Terminator Salvation: The
    Machinima Series
spultsjes
fideospultsjes ferskaat (sjoch hjirre)
kaartspullen The Terminator Collectible
    Card Game
literatuer
romans T2 (romansearje)
strips ferskaat (sjoch hjirre)
muzyk
soundtracks ferskaat (sjoch hjirre)

The Terminator

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The Terminator.

Yn The Terminator wurdt in cyborg, de Terminator (Arnold Schwarzenegger), troch it Skynet, in keunstmjittige yntelliginsje, út 'e takomst troch de tiid hinne weromstjoerd nei de hjoeddeistige wrâld. Syn opdracht is om 'e jonge Amerikaanske frou Sarah Connor (Linda Hamilton) te deadzjen, mei't hja de mem wurde sil fan John Connor, de lieder fan it minsklike ferset tsjin 'e wrâldhearskippij fan it Skynet. John Connor stjoert lykwols ien fan syn soldaten, Kyle Reese (Michael Biehn), ek werom yn 'e tiid om syn mem te beskermjen. Dyselde wit Sarah te berikken en naait mei har út, efterfolge troch de Terminator. Hja reitsje fereale en Reese wurdt de heit fan John Connor.

The Terminator waard regissearre troch James Cameron nei in senario fan himsels, Gale Anne Hurd, en William Wisher. De film gie op 26 oktober 1984 yn premiêre, en brocht $78,3 miljoen op tsjin in budget fan $6,4 miljoen. The Terminator wie de film dy't Cameron syn karriêre as regisseur fêstige en de titelrol wie (mei Conan de Barbaar yn Conan the Barbarian) ek ien fan 'e wichtichste rollen út 'e aktearkarriêre fan Arnold Schwarzenegger.

 
Arnold Schwarzenegger as de Terminator yn 'e film Terminator 2: Judgment Day (1991).

Terminator 2: Judgment Day

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Terminator 2: Judgment Day.

Yn Terminator 2: Judgment Day is John Connor (Edward Furlong) tsien jier. Syn mem Sarah (Linda Hamilton) wurdt fêstholden yn in psychiatrysk sikehûs en hysels leaut neat mear fan alles dat se him as bern ferteld hat. Dan stjoert it Skynet in twadde cyborg werom yn 'e tiid om John te deadzjen. It is de T-1000 (Robert Patrick), in ferbettere ferzje dy't út floeiber metaal bestiet en frijwol net te ferwoastgjen is. Mar de âldere John Connor stjoert út 'e takomst wei op 'e nij in beskermer werom yn 'e tiid. Diskear is it in troch himsels werprogrammearre orizjinele Terminator (Arnold Schwarzenegger). Underwilens is Sarah wisberet om tsjin eltse priis foar te kommen dat de Oardielsdei (Judgment Day) plakfine kin: de dei dat it Skynet selsbewust wurdt en beslút de minskheid út te rûgjen troch in kearnoarloch te begjinnen en sa in nukleêre holokaust te feroarsaakjen.

Terminator 2: Judgment Day waard wer regissearre troch James Cameron nei in senario fan himsels en William Wisher. De film gie op 1 july 1991 yn premiêre, en brocht $523,7 miljoen op tsjin in budget fan $102 miljoen. De special effects dy't foar Terminator 2: Judgment Day brûkt waarden, foarmen in trochbraak yn 'e filmyndustry. Sa waard yn 'e film foar it earst ea motion capture-technyk brûkt om natuerlike bewegings te jaan oan in kompjûtergenerearre personaazje. Terminator 2: Judgment Day wûn fjouwer Oscars, twa BAFTA's, fiif Saturn Awards en in Hugo Award.

Terminator 3: Rise of the Machines

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Terminator 3: Rise of the Machines.

Yn Terminator 3: Rise of the Machines stjoert it Skynet foar de trêde kear in cyborg werom troch de tiid. Diskear is it de T-X (Kristanna Loken), dy't as opdracht hat om kaaifigueren út it lettere minsklike ferset om te bringen, sadat de rin fan 'e skiednis feroare wurde sil. Under de doelwiten dy't de T-X op it each hat, is Kate Brewster (Claire Danes), de takomstige frou fan John Connor (Nick Stahl), mar net Connor sels, om't it Skynet gjin ynformaasje hat oer syn lokaasje. Connor syn libben komt lykwols dochs op it spul te stean as de T-X him by tafal op it spoar komt. Mar it ferset hat op 'e nij in âlde werprogrammearre Terminator (Arnold Schwarzenegger) troch de tiid hinne weromstjoerd om John en Kate te beskermjen.

Terminator 3: Rise of the Machines waard regissearre troch Jonathan Mostow nei in senario fan John Brancato en Michael Ferris. De film gie op 30 juny 2003 yn premiêre, en brocht $433,4 miljoen op tsjin in budget fan $187,3 miljoen. Terminator 3: Rise of the Machines wie doedestiden de djoerste film út 'e filmskiednis. De film einige yn in oerwinning fan it Skynet en wie foar in protte fans fan 'e franchise in teloarstelling.

Terminator: Salvation

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Terminator: Salvation.

Yn it post-apokalyptyske Terminator: Salvation, dat fuortborduerret op 'e ein fan Terminator 3: Rise of the Machines, hat Skynet, dat yn dizze film de foarm oannimt fan syn betinkster Serena Kogan (Helena Bonham Carter), it meastepart fan 'e minskheid útrûge troch it gebrûk fan kearnwapens. Marcus Wright (Sam Worthington), in moardner dy't yn 2003 de deastraf kriget en syn stoflik omskot donearret oan 'e wittenskip, wurdt fyftjin jier letter wekker yn in ferwoastge wrâld, dêr't in oarloch geande is tusken de keunstmjittige yntelliginsje en syn leger fan masines oan 'e iene kant en de gearklofte restanten fan 'e kriichsmachten fan 'e ûnderskate lannen fan 'e wrâld oan 'e oare kant. Marcus moetet Kyle Reese (Anton Yelchin), dy't lykwols finzennommen wurdt troch de masines. Neitiid liedt Blair Williams (Moon Bloodgood), in lid fan it ferset, him nei fersetslieder John Connor (Christian Bale) ta. Dyselde is djip behelle yn 'e planning fan in, nei't it ferset hopet, beslissende oanfal op it haadkertier fan Skynet. Alles feroaret as Marcus ûntdekt dat hysels in cyborg is.

Terminator: Salvation waard regissearre troch McG nei in senario fan John Brancato en Michael Ferris. De film gie op 21 maaie 2009 yn premiêre, en brocht $371,4 miljoen op tsjin in budget fan $200 miljoen. Oarspronklik wie it de bedoeling dat Terminator: Salvation it earste diel yn in twadde Terminator-trilogy wurde soe, mar doe't filmstudio The Halcyon Company koarte tiid nei de premiêre fallyt gie, rûn dat plan op 'e non.

Terminator: Genisys

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Terminator: Genisys.

Terminator: Genisys wie in reboot fan 'e franchise, dy't it útgongspunt en fan 'e earste film yn in oare rjochting útwurke. De film folget Kyle Reese (Jai Courtney), dy't troch John Connor (Jason Clarke) út 2029 werom yn 'e tiid stjoerd wurdt nei 1984 om syn mem Sarah (Emilia Clarke) te rêden. As er dêr arrivearret, blykt de tiidline lykwols feroare te wêzen troch yngripen fierder tebek yn it ferline. Sarah is net de helpleaze jonge frou dy't Reese ferwachtet, mar in kundige jonge striidster dy't grutbrocht is troch in werprogrammearre Terminator (Arnold Schwarzenegger) dy't se 'Pops' ("Heity") neamt.

Terminator: Genisys waard regissearre troch Alan Taylor nei in senario fan Laeta Kalogridis en Patrick Lussier. De film gie op 22 juny 2015 yn premiêre, en brocht $440,6 miljoen op tsjin in budget fan $158 miljoen.

 
In skematyske werjefte fan 'e kontinuïteit (en it gebrek dêroan) tusken de ferskate ûnderdielen fan 'e Terminator-franchise.

Terminator: Dark Fate

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Terminator: Dark Fate.

Terminator: Dark Fate is in ferfolch op The Terminator en Terminator 2: Judgment Day, mar negearret de rest fan 'e filmsearje. Fiifentweintich jier nei de foarfallen út Terminator 2 stjoert it Skynet in nij model Terminator, Rev-9 (Gabriel Luna) werom yn 'e tiid nei 2020 om Dani Ramos (Natalia Reyes) te deadzjen, mei't har lotsbestimming ferbân hâldt mei de ûntjouwing fan 'e takomst. It minsklik ferset stjoert de sybernetysk ferbettere soldaat Grace (Mackenzie Davis) werom yn 'e tiid om Ramos te beskermjen. Grace kriget help fan Sarah Connor (Linda Hamilton) en de oarspronklike Terminator (Arnold Schwarzenegger).

Terminator: Dark Fate waard regissearre troch Tim Miller nei in senario fan David S. Goyer, Justin Rhodes en Billy Ray. De film gie op 23 oktober 2019 yn premiêre, en brocht $261,1 miljoen op tsjin in budget fan $196 miljoen. Yn Terminator: Dark Fate wiene Linda Hamilton en Arnold Schwarzenegger foar it earst yn 23 jier wer tegearre te sjen.

Tillefyzje en ynternet

bewurkje seksje

Tillefyzjesearjes

bewurkje seksje

Terminator: The Sarah Connor Chronicles

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Terminator: The Sarah Connor Chronicles.

De tillefyzjesearje Terminator: The Sarah Connor Chronicles folget Sarah Connor (Lena Headey) en har soan John (Thomas Dekker) wylst se 'ûnder de radar' besykje te libjen nei't se Cyberdyne Systems, it bedriuw dat it Skynet makket, ferneatige hawwe. Dat lêste barde yn Terminator 2: Judgment day. De searje kin dan ek as in ferfolch op dy film beskôge wurde en fertsjintwurdiget as sadanich in trêde ôfspjalting fan 'e ferhaalline njonken Terminator 3: Rise of the Machines en Terminator: Dark Fate. In Terminator-cyborg dy't Cameron neamd wurdt (Summer Glau) en Derek Reese (Brian Austin Green), de jongere broer fan Kyle Reese, wurde troch it ferset werom yn 'e tiid stjoerd om 'e Connors te beskermjen en in twadde Oardielsdei foar te kommen.

Terminator: The Sarah Connor Chronicles wie as tillefyzjesearje yn 2008 en 2009 twa seizoenen op it Amerikaanske tillefyzjenetwurk Fox te sjen. Der waarden yn totaal 31 ôfleverings fan makke. De searje waard produsearre troch Josh Friedman foar Warner Bros. Television.

Terminator Salvation: The Machinima Series

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Terminator Salvation: The Machinima Series.

De tekenfilmsearje Terminator Salvation: The Machinima Series moat yn 'e franchise pleatst wurde nei Terminator 3:Rise of the Machines en foarôfgeande oan Terminator: Salvation. Yn 'e searje fjochtet Blair Williams (ynsprutsen troch Moon Bloodgood) yn 'e post-apokalyptyske wrâld fan nei de Oardielsdei yn 'e ruïnes fan Los Angeles tsjin 'e masines. Dêr spoart se de hacker Laz Howard (ynsprutsen troch Cam Clarke) op en besiket him oer te heljen om 'e lapen gear te smiten mei it ferset.

Terminator Salvation: The Machinima Series is in kompjûteranimearre websearje dy't produsearre waard troch Warner Premiere Digital. De rige, dy't bestie út seis ôfleverings, kaam tusken mids maaie en ein juny 2009 út fia de webside Machinima. Terminator Salvation: The Machinima Series waard ek op fideo útbrocht yn novimber 2009.

Terminator Genisys: The YouTube Chronicles

bewurkje seksje

Terminator Genisys: The YouTube Chronicles is in websearje ûnder rezjy fan Charles Paek nei in senario fan Jay Bushman. De rige waard op 22 juny 2015 yn trije dielen fia YouTube publisearre om 'e film Terminator: Genisys te promoatsjen. Der wurken ferskate populêre YouTube-stjerren oan mei dy't mei Arnold Schwarzenegger oarspronklike Terminators spilen, wylst se it opnamen tsjin 'e nije T-360 (spile troch YouTube-stjer Toby Turner).

 
Linda Hamilton as Sarah Connor yn 'e film The Terminator (1984).

De folgjende soundtrackalbums binne ferskynd yn it ramt fan 'e Terminator-franchise:

Fan 2001 oant en mei 2004 waard der ûnder de titel T2, in trilogy romans publisearre dy't basearre wiene op 'e Terminator-franchise:

Der binne troch de jierren hinne in protte stripboeken basearre op 'e Terminator-franchise. Sjoch foar in folsleine en byholden opsomming dizze list op 'e Ingelske Wikipedy.

Fideospultsjes

bewurkje seksje

Der binne troch de jierren hinne in protte fideospultsjes basearre op 'e Terminator-franchise. Sjoch foar in folsleine en byholden opsomming dizze list op 'e Ingelske Wikipedy.

Yn 2000 waard troch Precedence Entertainment The Terminator Collectible Card Game op 'e merk brocht, in sammelkaartspul.

Ferskate ferdivedaasjeparken hawwe of hiene attraksjes dy't wijd binne oan 'e Terminator-franchise, wêrûnder T2-3D: Battle Across Time yn 'e Universal Studios Florida yn Orlando (Floarida). Terminator X: A Laser Battle for Survival wie fan begjin 2009 oant 2015 op ferskate lokaasjes aktyf, en Terminator Salvation: The Ride bestie yn 2009 en 2010 yn Six Flags Magic Mountain yn Valencia (Kalifornje).

Franchiserjochten

bewurkje seksje

Ear't The Terminator makke waard, ferkocht regisseur James Cameron de rjochten op sawol dy film as eventuele ferfolchfilms foar it symboalyske bedrach fan ien dollar oan filmprodusinte Gale Anne Hurd. De Hemdale Film Corporation waard fia Hurd eigner fan 50% fan 'e rjochten, oant dat part yn 1990 ferkocht waard oan Carolco Pictures, in bedriuw dat oprjochte wie troch Andrew G. Vajna en Mario Kassar. Terminator 2: Judgment Day kaam it jiers dêrop út. Yn 1995 gie Carolco lykwols fallyt, wêrnei't de 50% fan 'e rjochten dy't de studio yn eigendom hie, foar $8 miljoen by opbod ferkocht waard oan Vajna persoanlik. Tegearre mei Kassar kocht dyselde neitiid foar nochris $8 miljoen ek de 50% fan 'e rjochten op dy't oant dy tiid noch yn it besit wiene fan Hurd, sadat se foar de folle 100% eigener fan 'e franchise waarden.

Nei't yn 2003 Terminator 3: Rise of the Machines útkommen wie, ferkochten Vajna en Kassar de rjochten yn 2007 foar $25 miljoen oan The Halcyon Company, dy't yn 2009 Terminator: Salvation makke. Letter datselde jiers rekke it bedriuw lykwols yn finansjeel swierwaar, en moast it in fallisemint oanfreegje. Fan gefolgen waarden de rjochten op Terminator yn 2010 op 'e nij ferkocht, diskear foar $29,5 miljoen, oan it ynvestearringsfûns Pacificor, dat de grutste skuldeasker fan Halcyon wie. Dat ferkocht se yn 2012 foar minder as $20 miljoen troch oan Megan Ellison, de eigneresse fan Annapurna Pictures. It ferskil yn priis wie it gefolch fan in nije Amerikaanske copyrightwet, dy't makke dat de rjochten yn 2019 wer yn 'e hannen fan Cameron oergean soene. Megan har broer David Ellison en syn Skydance Productions produsearren yn 2015 Terminator: Genisys.

Yn 2019 wurke Cameron, dy't doe wer foar 50% eigner fan 'e franchise wurden wie, gear mei David Ellison om Terminator: Dark Fate te meitsjen. Doe't dy film hast útkommen wie, spande Hurd in rjochtsaak oan om in ein te meitsjen oan in 35 jier âlde auteursrjochtlike skinking, wat har op 'e nij foar 50% eigner fan 'e franchise meitsje soe. Dêrtroch soe Skydance Productions it rjocht ferlieze om fierdere films yn it ramt fan 'e franchise te meitsjen, òf it moast wêze dat de studio in nije oerienkomst wist te sluten. Yn novimber 2020 makke Skydance bekend dat der mei Cameron yndie sa'n oerienkomst sletten wie, en dat de rjochten op 'e franchise foar de foarsjenbere takomst by Skydance yn brúklien bliuwe sille. De rjochten op 'e franchise binne op 't heden lykwols eigendom fan Cameron en Hurd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Terminator (filmsearje)
The Terminator (1984) • Terminator 2: Judgment Day (1991) • Terminator 3: Rise of the Machines (2003) • Terminator: Salvation (2009) • Terminator: Genisys (2015) • Terminator: Dark Fate (2019)