Terminator: Dark Fate

film út 2019 fan Tim Miller

Terminator: Dark Fate is in Amerikaansk-Sineeske science fiction-aksjefilm út 2019 ûnder rezjy fan Tim Miller, mei yn 'e haadrollen Natalia Reyes, Mackenzie Davis, Linda Hamilton en Arnold Schwarzenegger. De titel betsjut "Beëiniger: Tsjuster Lot". De film is it sechsde diel út 'e Terminator-rige en folget as sadanich op Terminator: Genisys (2015). It ferhaal negearret lykwols de lêste trije films en borduerret inkeld fierder op The Terminator (1984) en Terminator 2: Judgment Day (1991). Fiifentweintich jier nei de foarfallen út dy lêste film stjoere de masines út 'e takomst op 'e nij in Terminator, de Rev-9, werom yn 'e tiid, diskear om 'e Meksikaanske jongfaam Dani te fermoardzjen. It minsklik ferset stjoert ek wer in fertsjintwurdiger om 'e Terminator tsjin te kearen, de cyborg-supersoldate Grace. Yn 'e tsjintwurdige tiid jouwe Sarah Connor en in T-800 Terminator fan it Skynet har by Dani en Grace. Terminator: Dark Fate krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive oant tuskenbeiden resinsjes, mar flopte yn 'e bioskopen en koste de ferantwurdlike filmstudio's sa'n $130 miljoen. It hie de bedoeling west om teminsten twa ferfolchfilms te meitsjen, mar nei dat ferlies waarden dy plannen skrast.

Terminator: Dark Fate
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Tim Miller
produsint James Cameron
David Ellison
senario David S. Goyer
Justin Rhodes
Billy Ray
kamerarezjy Ken Seng
muzyk Tom Holkenborg
filmstudio Paramount Pictures
Skydance Media
20th Century Fox
Tencent Pictures
TSG Entertainment
Lightstorm Entertainment
distribúsje Paramount Pictures (Noard-Am.)
Tencent Pictures (Sina
Walt Disney Studios
   Motion Pictures
(ynternasj.)
spilers
haadrollen Natalia Reyes
Mackenzie Davis
Linda Hamilton
Arnold Schwarzenegger
byrollen Gabriel Luna
Diego Boneta
Tristán Ulloa
Enrique Arce
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Sina
premiêre 23 oktober 2019
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjefilm
taal Ingelsk en Spaansk
spyltiid 128 minuten
budget en resultaten
budget $185–196 miljoen
opbringst $261,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Terminator
● foarich diel Terminator: Genisys

Plot bewurkje seksje

Yn 1998, trije jier nei't se de Cyberdyne Systems Corporation ferneatige hawwe (sjoch: Terminator 2: Judgment Day) genietsje Sarah Connor en har soan John fan it libben op in toeristysk strân by Livingston yn Gûatemala. Ynienen dûkt der in T-800 Terminator op, ien fan ferskate fan sokke cyborgs dy't troch it Skynet, de keunstmjittige yntelliginsje dy't Cyberdyne Systems ûntwikkelje sillen hie, weromstjoerd is yn 'e tiid. Hy reaget Sarah oan 'e kant, sjit John dea en jout him like hommels ôf as er kommen is.

Twaentweintich jier letter arrivearret in avansearre Terminator, de Rev-9, út 'e takomst yn Meksiko-Stêd mei de opdracht om Dani Ramos, in Meksikaansk teenagefamke, te fermoardzjen. Tagelyk komt yn 'e stêd ek Grace oan, in sybernetysk ferbettere supersoldate, dy't út it jier 2042 werom yn 'e tiid stjoerd is om Dani te beskermjen. De Rev-9 giet nei Dani har wenadres, dêr't er har heit Vicente treft, in widner. Nei't er dy syn likenis oannommen hat, ynfiltrearret er it autofabryk dêr't Dani en har âldere broer Diego wurkje. Dêr wit er Dani op in hier nei te deadzjen, mar op it lêste stuit wurdt er dwerseide troch Grace, dy't mei Dani en Diego ûntkomt. De Rev-9, dy't gebrûk makket fan syn fermogen om him yn twa selsstannich operearjende entiteiten op te spjalten (syn sybernetysk endoskelet en in fan foarm feroarjend uterlik fan floeiber metaal), komt harren efternei. Dat liedt ta in spektakulêre efterfolging op 'e autosneldyk wêrby't Diego omkomt as er bekneld rekket yn in oer de kop sleine auto dy't raamd wurdt troch de Rev-9. Grace en Dani wurde lykwols rêden troch in ferbittere, op jierren rekke Sarah Connor, dy't beide dielen fan 'e Rev-9 tydlik útskeakelet mei swier wapenreau.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid stelle Grace en Dani earst Sarah har auto. Dani is der raar oan ta as se foar it ferstân kriget dat de Rev-9 inkeld immens foarm oannimme kin troch dy persoan om te bringen, wat betsjutte moat dat behalven Diego ek har heit dea is. Grace hat tefolle enerzjy yn te koarte tiid ferbrûkt en stoart fysyk yn oant se harsels ynjektearje kin mei medisinen tsjin epilepsy. Sarah spoart de beide flechtlingen sûnder folle muoite op en nimt harren mei nei in motel. Se fertelt dat se op sa'n gaadlik stuit arrivearre om't se yn 'e jierren sûnt de dea fan har soan John om 'e safolle tiid kodearre tekstberjochten op har mobile tillefoan ûntfongen hat besteande út 'e geografyske koördinaten fan 'e lokaasjes dêr't Terminators út 'e takomst yn it hjoed arrivearje. Elts fan 'e tekstberjochten einiget mei de kryptyske tekst "Foar John". Sarah hat sadwaande troch de jierren hinne al hiel wat Terminators ferneatigje kinnen foar't se útgroeie koene ta bedrigings.

Grace fertelt dat noch John Connor, noch it Skynet besteane yn har foarm fan 'e takomst, sadat konkludearre wurde kin dat it Sarah slagge is om 'e ûntwikkeling fan it Skynet foar te kommen mei de ferwoastging fan Cyberdyne Systems. Yn it plak fan it Skynet is der lykwols in oare keunstmjittige yntelliginsje skepen, dy't Legion ("Legio") hjit. Troch it Skynet út te skeakeljen hat Sarah dus inkeld it paad klearre foar in rivalisearjende keunstmjittige yntelliginsje. Doe't dúdlik waard dat Legion in bedriging ynhold foar it fuortbestean fan 'e minskheid, waard besocht om him te neutralisearjen troch it gebrûk fan taktyske nukleêre wapens, yn 'e hoop dat de keunstmjittige yntelliginsje fernield wurde soe troch de elektromagnetyske puls dy't dêrmei mank giet. Dat mislearre en de ynset fan sokke wapens late allinne mar ta in nukleêre holokaust dy't it foar Legion makliker makke om mei in wrâldwiid netwurk fan masines de minskheid op 'e râne fan it útstjerren te bringen.

Grace trasearret de anonime tekstberjochtsjes fan Sarah nei Laredo, in stêd yn 'e Amerikaanske steat Teksas, tsjin 'e grins mei Meksiko oan. It blykt deselde lokaasje te wêzen as wêrfan't Grace fan har befelfierend ofsier de koördinaten meikrigen hat foar as se help nedich wêze soe. Dat, Sarah, Grace en Dani nimme yllegaal de trein út Meksiko-Stêd nei de grins mei Teksas, dy't se witte oer te stekken mei help fan Dani har omke Felipe. De Rev-9, dy't himsels tagong ferskaft ta alle bylden fan befeiligingskamera's, sit harren al rillegau wer op 'e hakken. Hy besiket aginten fan 'e United States Border Patrol, de Amerikaanske plysjetsjinst mei foech oer de grinsbeskerming, te brûken om Dani en de oaren op basis fan falske ynformaasje (dat se fjoerwapengefaarlike leden fan Meksikaanske drugskartels wêze soen) út te skeakeljen, mar dat mislearret. Dêrnei besiket er Dani te deadzjen troch in op ôfstân bestjoerde drone fan 'e USBP op har delstoarte te litten, mar Dani wurdt rêden troch Grace.

De trije froulju wurde oppakt troch de USBP en komme yn in detinsjesintrum foar yllegale ymmigranten telâne. De Rev-9 ynfiltrearret dêr mei de bedoeling om in nije moardoanslach op Dani út te fieren, mar Grace ûntsnapt en lit alle finzenen frij. De aginten fan 'e USBP besykje ûnderwilens de Rev-9 tsjin te kearen, mar dy rjochtet in slachting ûnder harren oan. Yn 'e gaos witte Grace, Sarah en Dani te ûntkommen yn in stellen USBP-helikopter. Dêrmei fleane se nei boarne fan 'e tekstberjochten, dêr't se deselde T-800 Terminator ûntdekke dy't twa desennia earder John Connor fermoarde hat.

Nei't er syn misje ferfolle hie en mei't er gjin nije oarders ûntfong fan it Skynet om't dat troch tadwaan fan Sarah en John nea ûntwikkele wurde soe en dêrom yn 'e takomst net mear bestie, bleau de Terminator efter sûnder doel. Troch himsels oan te passen oan 'e minsklike maatskippij waard er meitiid lykwols selsbewust en ûntjoech er wat dat ferlykber wie mei in gewisse. Hy neamde himsels "Carl", naam Alicia, in frou dy't mei har poppe op 'e flecht wie foar har gewelddiedige eks-man, yn 'e hûs, en begûn in tapythannel. Hoewol't er net by steat wie om leafde te fielen, learde er wol wat dat wie en troch de bân dy't er mei Alicia en har soan Mateo krige, begûn er te begripen wat er Sarah oandien hie troch John te fermoardzjen. Mei't Carl by steat is om temporele ferpleatsings te detektearjen (d.w.s. de lokaasjes fan 'e oankomst fan tiidreizgers út 'e takomst), besleat er by wize fan boetedwaning foar himsels dy lokaasjes troch te jaan oan Sarah. Dat hie as bykomstich foardiel dat er har dêrmei ek in nij libbensdoel joech.

Sarah is begryplikerwize net botte bliid om Carl te moetsjen en moat troch Grace derfan wjerholden wurde om him te ferneatigjen. De pragmatyske Grace nimt lykwols it oanbod fan Carl oan om him by harren gefjocht tsjin 'e Rev-9 te jaan. Om Dani te helpen stim Sarah yn mei gearwurking mei de moardner fan har soan. Se meitsje in plan om Dani as lokies te brûken sadat se de Rev-9 besingelje kinne. Dêrnei sille se him ferneatigje troch it brûken fan in militêr elektromagnetysk-pulswapen dat se besette wolle troch in kontakt fan Sarah yn it Amerikaanske Leger. Om't er foarsjocht dat de Rev-9 Sarah, Grace en Dani nei syn hûs ta folgje sil, nimt Carl ôfskie fan Alicia en Mateo, en stjoert se fuort.

Sarah har kontaktpersoan, majoar Dean, leveret it EMP-wapen, mar by de útwikseling dêrfan yn in ferlitten pakhûs komt de Rev-9 harren oer it mad. Dean rekket ferwûne, mar tanksij Carl ûntkomme se yn 'e stellen helikopter. Se bejouwe har nei de legerbasis dêr't Dean tsjinnet, dêr't se, om oan 'e efterfolgjende Rev-9 te ûntkommen, in transportfleantúch stelle. Hoewol't it slagget om út te naaien, reitsje de beide EMP-wapens dy't majoar Dean harren besoarge hat, yn 'e sjitpartij dêr't de ûntsnapping mei mank giet sa swier skansearre dat se ûnbrûkber binne. Under de flecht fertelt Grace einlings dat Dani net de oansteande mem is fan 'e lieder fan it minsklike ferset tsjin Legion, sa't Sarah op basis fan har eigen ferline oannommen hie, mar de lieder sels. It transportfleantúch wurdt troch de Rev-9 raamd mei in tankfleantúch, wat resultearret yn it delstoarten fan beide fleanmasines. De Rev-9 wit it transportfleantúch te interjen en Carl tydlik oermânsk te wurden. Grace, Sarah en Dani springe út it fleantúch yn in Humvee dy't fan parasjutes foarsjoen is en lânje yn in rivier deunby in keardaam mei in wetterkrêftsintrale. Carl en de Rev-9 folgje net folle letter.

 
Natalia Reyes.
 
Mackenzie Davis.
 
Linda Hamilton.
 
Arnold Schwarzenegger.

It is Dani dy't neitiid wegeret om fierder te flechtsjen. Skansearre mar ûnferskrokken wachtsje de fjouwer leden fan 'e groep de Rev-9 op yn 'e wetterkrêftsintrale, dêr't se de striid oangeane mei him en syn autonoom operearjend eksoskelet. Op 't langelêst triuwe Carl en Grace de Rev-9 mei feriene krêften tsjin in draaidende turbine oan. Dat liedt ta in ûntploffing dy't de Rev-9 fan floeiber metaal definityf útskeakelet, mar tagelyk ek Carl op kritike wize skansearret, wylst Grace fataal ferwûne rekket. It endoskelet fan 'e Rev-9 is skansearre mar funsjonearret noch. It oerweldiget Sarah, sadat Dani it neitiid allinnich befjochtsje moat. De ferstjerrende Grace seit tsjin har dat se har de enerzjyreäktor út it boarst skuorre moat dy't har har boppeminsklike krêften jouwe, en dy brûke moat om 'e Rev-9 op te blazen. Dani ûntdocht Grace mei tsjinnichheid fan 'e reäktor, mar ferliest dy al rillegau yn it gefjocht mei de Rev-9. Carl reäktivearret himsels en grypt de Rev-9 fêst, wat Dani de kâns biedt om 'e reäktor wer op te pakken en dy yn it each fan 'e Rev-9 te stekken. Carl sleept himsels en de Rev-9 oer de râne fan in put hinne, en Dani en Sarah sjogge ta hoe't in ein ûnder harren de reäktor ûntploft en sawol de Rev-9 as Carl ferneatiget.

In ûnbeskate tiid letter sjogge Dani en Sarah ta hoe't in tsienjierrige Grace yn in boarterstún oan it boartsjen is. Dani is no wisberet om 'e opkomst fan Legion tsjin te kearen, mei't se net wol dat Grace op 'e nij foar har stjerre moat. Sarah seit tsjin har dat se har dan better tariede kin op wat komme sil. De tsienjierrige Grace sjocht yn fernuvering ta hoe't de beide froulju fuortride.

Rolferdieling bewurkje seksje

haadrollen
personaazje akteur/aktrise               
Dani Ramos Natalia Reyes
Grace Mackenzie Davis
Sarah Connor Linda Hamilton
T-800 Terminator / Carl Arnold Schwarzenegger


byrollen
personaazje                      akteur/aktrise
Rev-9 Terminator Gabriel Luna
Diego Ramos Diego Boneta
Felipe Gandal Tristán Ulloa
Vicente Ramos Enrique Arce
de jonge Grace Stephanie Gil
majoar Dean Fraser James
Alicia Alicia Borrachero
Mateo Manuel Pacific
William Hardell Tom Hopper
Craig Stuart McQuarrie
USBP-agint Rigby Steven Cree
Grace har mem Georgia Simon (allinne stim)
John Connor Edward Furlong (op argyfmateriaal)
dokter Silberman Earl Boen (op argyfmateriaal)

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

De foargeande film út 'e Terminator-franchise, Terminator: Genisys út 2015, hie te lijen ûnder teloarstellende resultaten yn 'e bioskopen. It hie de bedoeling west dat it it earste diel fan in filmtrilogy wurde soe, mar de beide ferfolchfilms waarden neitiid skrast. As gefolch fan in nije Amerikaanske copyrightwet kamen de rjochten op 'e Terminator-rige yn 2019 wer foar 50% yn 'e hannen fan James Cameron, de betinker fan 'e oarspronklike film. Cameron en David Ellison, de produsint fan Terminator: Genisys, wurken dêrnei gear oan in nije film yn 'e rige, dy't fuortborduerje soe op The Terminator (1984) en Terminator 2: Judgment Day (1991), wylst alle lettere films út 'e franchise negearre waarden. Dat waard Terminator: Dark Fate, in film dy't ek wer bedoeld wie as it earste diel yn in filmtrilogy.

Terminator: Dark Fate waard regissearre troch Tim Miller nei in senario fan David S. Goyer, Justin Rhodes en Billy Ray op basis fan in idee fan Cameron, Goyer, Rhodes, Charles H. Eglee en Josh Friedman. As produsinten wiene Cameron en Ellison by it projekt belutsen foar de filmstudio's Paramount Pictures, Skydance Media, 20th Century Fox, TSG Entertainment, Lightstorm Entertainment en it Sineeske Tencent Pictures. Terminator: Dark Fate wie dêrmei in Amerikaansk-Sineeske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $185 oant 196 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ken Seng, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Nederlanner Tom Holkenborg, better bekend as Junkie XL.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar Terminator: Dark Fate setten nei in fearnsjier fertraging op 4 juny 2018 útein ûnder de wurktitel Terminator 6: Phoenix, en duorren oant yn novimber fan dat jier. Der waard filme yn Spanje, Hongarije en de Feriene Steaten. Yn Spanje waard op Isleta del Moro, by Almería, de iepeningssêne op it strân yn Gûatemala opnommen. De bûtendoarsênes yn Meksiko-Stêd waarden filme yn 'e Madrileenske wiken Pueblo Nuevo en Lavapiés. (Filmjen yn earme wiken fan it echte Meksiko-Stêd waard omreden fan 'e feilichheid fan cast en crew yn ferbân mei de ynfloed fan 'e drugskartels dêre net as serieuze mooglikheid yn omtinken nommen.) De efterfolging en yntroduksje fan 'e âldere Sarah Connor op 'e autosnelwei waard opnommen op 'e dyk dy't nei de (doe noch) net iepene ynternasjonale lofthaven by Murcia liedt. De sêne by de keardaam waard filme by de Aldeadávila-daam by Salamanca, dêr't yn 'e 1960-er jierren ek in diel fan 'e film Doctor Zhivago opnommen waard. Oare opnamelokaasjes yn Spanje wiene Catral en Cartagena.

Yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest, dy't him sûnt de milenniumwiksel opwurpen hat as in sintrum fan 'e filmyndustry yn Jeropa, waarden de measte binnendoarsênes opnommen yn 'e Origo Film Studios. Dat gou ek foar de sênes yn it delstoartende transportfleantúch en de ûnderwettersênes by de keardaam. De sênes yn it detinsjesintrum fan 'e United States Border Patrol waarden filme yn in âld Nokiafabryk by de stêd Komárom. De sêne yn it autofabryk yn Meksiko-Stêd dêr't Dani en har broer Diego wurkje, waarden opnommen yn in fabryk fan Mercedes-Benz yn Kecskemét. Yn 'e Feriene Steaten waarden de sênes opnommen by it hûs fan Carl, dat spesjaal foar de film fan 'e grûn ôf nij boud waard.

 
De Aldeadávila-daam, dêr't de klimaktyske einsêne út 'e Terminator: Dark Fate foar in part filme waard.

Special effects bewurkje seksje

Oan Terminator: Dark Fate waarden úteinlik 2.600 special effects-shots tafoege, fersoarge troch Industrial Light & Magic (ILM) en Scanline VFX. De sêne mei de meast yngripende fisuele effekten wie de iepeningssêne op it strân yn Gûatemala. Dêrfoar waard it gesicht fan in jonge Arnold Schwarzenegger oer dat fan body double Brett Azar hinne plakt. Itselde waard dien mei it gesicht in jonge Linda Hamilton en it lichem fan body double Maddy Curley. Foar John Connor waard de likenis fan 'e jonge Edward Furlong, dy't de rol yn 1991 Terminator 2: Judgment Day spile hie, oer dat fan body double Jude Collie hinne plak, wylst Aaron Kunitz de stim fan John Connor ynspriek.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Terminator: Dark Fate waard yn Noard-Amearika fersoarge troch Paramount Pictures, yn Sina troch Tencent Pictures en ynternasjonaal troch 20th Century Fox fia Walt Disney Studios Motion Pictures, de filmdistribúsjepoat fan The Walt Disney Company, dêr't 20th Century Fox in dochterûndernimming fan is. De film soe op 28 oktober 2019 yn it TCL Chinese Theatre yn Hollywood yn premiêre gean, mar dat evenemint moast ôflast wurden om't de lokaasje bedrige waard troch boskbrannen. Fan 23 oktober 2019 ôf wie Terminator: Dark Fate yn it Feriene Keninkryk en ferskate oare Jeropeeske lannen al yn 'e bioskopen te sjen. Yn 'e Feriene Steaten wie dat pas it gefal fan 1 novimber ôf. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Paramount Music. Terminator: Dark Fate kaam op 14 jannewaris 2020 beskikber as digitale download en waard op 28 jannewaris fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Terminator: Dark Fate oer it algemien positive oant tuskenbeiden resinsjes. Sa skreau William Bibbiani fan TheWrap: "Oft [it] no it lêste haadstik yn dit ferhaal is of it earste yn in hiele nije franchise is op dit stuit yrrevant. De film doocht beide kearen troch it ferhaal fan 'e earste beide films ta in befredigjende ein te bringen wylst dêrby de klassike ferhaalline reyntrodusearre wurdt, op in opwinende nije manear, oan in opwûn nij publyk. It is in sikestûkjende kaskreaker en teffens in wolkomme weromkear [foar de franchise] nei in goede foarm." En yn it tydskrift Variety neamde Owen Gleiberman Terminator: Dark Fate "de earste Terminator-ferfolchfilm sûnt Terminator 2 dy't fan fitaal belang is." Hy skreau ek: "Terminator: Dark Fate is in film dy't ûntwurpen is om yndruk te meitsjen mei syn grutskaligens en fisuele effekten, mar it is ek in film dy't weromkeart, op in goede en befredigjende manear, nei it fernimstich foarmjûne, ienfâldige sjenreskrillerklassisisme dêr't de oarspronklike Terminator-film syn impact oan te tankjen hie."

Lang net eltsenien wie lykwols sa jubeljend oer Terminator: Dark Fate. Yn The Wall Street Journal skreau Joe Morgenstern dat de film "gearflânze is troch omkoalen yn in lêste besykjen om winst te wringen út in konsept dat al op stjerren nei dea is. De plot slacht nearne op – tiidreizgjen as multyversum fan dadaïsme. En wat noch minder is, it ferhaal ûntnimt de striid, dy't de earste beide films fan 'e franchise sa'n epyske diminsje joech, eltse betsjutting." Jeffery M. Anderson fan Common Sense Media joech de film 2 fan 5 stjerren. Hy skreau: "Dizze sechsde Terminator-film wisket de foarfallen fan 'e foargeande trije (flopte) ferfolchfilms út, mar úteinlik liket er sels ek wol heal útwiske te wêzen. It is krekt in saaie, bleke, yrrelevante kopy fan in ienris glorieuze hit." Op 'e webside RogerEbert.com parte Christy Lemire oan Terminator: Dark Fate 2 fan 4 stjerren ta. Sy skreau dat de film te lijen hie ûnder "lege fanservice" en fûn dat Linda Halmiton en rest fan 'e froulike cast "better fertsjinnen".

David Ehrlich fan IndieWire priizge it aktearjen fan Hamilton en de kwaliteit fan 'e digitale werskeppings fan har, Edward Furlong en Arnold Schwarzenegger yn 'e iepeningssêne, mar konkludearre: "dizze pynlik generike aksjefilm bewiist dat de Terminator-franchise efterhelle rekke is." Op The Verge fûn Tasha Robinson dat guon fan 'e gefjochtssênes "dúdlik en skjin yn byld brocht binne", wylst oaren "foltroppe binne mei special effects-dizenichheden en troebele aksje en dreech te folgjen binne op in elemintêr 'wa-is-wa-en-libbet-dy-noch-wol?'-nivo. En wanneart Dark Fate wol in kear de muoite nimt om út te lizzen wat der bart, wurdt dy fertsjutsking levere op in waanwize, flústere, knoffelige manear, as soe it publyk ferbjustere wêze moatte troch de ûnnoazelste plotiepenbierings." Fred Topel fan CheatStreet.com hie fral krityk op 'e ûnderûntwikkele personaazjes en de manear dêr't yn 'e film de mem fan 'e fermoarde John Connor de lapen op gearsmyt mei syn moardner. Hy skreau: "De útlis foar de weromkear fan 'e Terminator is sa tin, it liket wol in gearfetting fan 'e plot dy't men fergetten is út te skriuwen ta in folsleine sêne." Dêropta fûn Topel Terminator: Dark Fate "healwizer" as Terminator 3: Rise of the Machines en wied er fan miening dat it personaazje fan Pops yn Terminator: Genisys "in oannimlikere ferâlderjende Terminator" wie.

Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times bekritisearre Terminator: Dark Fate as in "saai oereidzjen fan âld materiaal", hoewol't er de weromkear fan Linda Hamilton ferwolkomme, de "yndrukwekkend effektive" Mackenzie Davis priizge en Natalia Reyes in "ynnimlike oanwêzigens yn 'e film" neamde. Syn wichtichste beswier tsjin 'e film wie dat de "op in suver sydlingse manear" útfierde moard op John Connor, fuort yn 'e iepeningssêne, alhiel ferrinnewearre wat yn The Terminator en Terminator 2: Judgment Day fêststeld wie. Yn it blêd Forbes sette ek Dani di Placido de dea fan John Connor boppe-oan op syn list fan dingen dy't mis wiene mei Terminator: Dark Fate. Hy frege him ôf: "Wat hie al dat krewearjen [fan John Connor en syn mem Sarah yn 'e earste beide films] foar sin, al Sarah har wanhopich besykjen om harsels en har soan yn libben te hâlden? John Connor is sa stadichoan faaks wol neat oars as ballêst, narratologysk sprutsen, mar hy wie de wichtichste bân mei de oarspronklike films, en syn dea makket dy beide films sinleas." Op 'e webside Mashable makke Angie Han in wurdboarterij fan 'e titel fan Terminator: Dark Fate: "It liket wol in Terminator-film dy't útspuid is troch in masine ûntwurpen om Terminator-films te meitsjen. Dat is beslist in tsjuster lot (dark fate) foar dizze franchise."

 
De cast fan Terminator: Dark Fate op 'e San Diego Comic-Con fan 2019. F.l.n.rj.: Linda Hamilton, Natalia Reyes, Diego Boneta, Mackenzie Davis, Gabriel Luna en Arnold Schwarzenegger.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Terminator: Dark Fate in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 338 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] fertsjintwurdiget in oansjenlike ferbettering foar syn direkte foargongers oer, sels al mist er de sikestûkjende spanning foar 'e bêste dielen út 'e rige." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Terminator: Dark Fate in goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 51 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Terminator: Dark Fate brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $62,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $198,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $261,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $185 oant 196 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $65,1 miljoen. Mei't dêr de (mânske) marketingkosten noch ôf moatte, hie Terminator: Dark Fate eins ferlet fan in opbringst fan nei skatting $450 oant 480 miljoen om út 'e kosten te kommen. It tydskrift The Hollywood Reporter berekkene dat de filmstudio's úteinlik sa'n $100 miljoen ferlies lit hiene, wylst de webside Deadline Hollywood it hold op $130 miljoen.

Skraste ferfolchfilms bewurkje seksje

It wie oarspronklik de bedoeling dat Terminator: Dark Fate it earste diel fan in nije filmtrilogy wurde soe. Dêrfoar hiene filmprodusint James Cameron en de senarioskriuwers yn 't foar al in opsetsje makke oer de plots fan trije films. De teloarstellende resultaten fan Terminator: Dark Fate yn 'e bioskopen betsjutten lykwols dat de ferfolchfilms skrast waarden.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Terminator (filmsearje)
The Terminator (1984) • Terminator 2: Judgment Day (1991) • Terminator 3: Rise of the Machines (2003) • Terminator: Salvation (2009) • Terminator: Genisys (2015) • Terminator: Dark Fate (2019)