The Genesis Fleet: Triumphant

The Genesis Fleet: Triumphant is in science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Jack Campbell. De titel (Triumphant) betsjut: "Triomfearjend(e)". It boek is it trêde diel fan 'e trilogy The Genesis Fleet, dy't in prequel foarmet fan Campbell syn gruttere romansearje The Lost Fleet. Yn The Genesis Fleet: Triumphant wurdt it ferhaal ferteld fan 'e minsklike kolonisaasje fan fiere planeten yn 'e romte. Lju mei ferkearde bedoelings besykje dêr eigen riken te foarmjen. It is oan goedmienende minsken om dêr it near op te lizzen. Probleem is dat de kolonisten de Ierde en de Alde Koloanjes ferlitten hawwe om frij te wêzen fan regelsucht en de ynminging fan bûtensteanders yn harren libben; it falt dêrom net ta om ta gearwurking te kommen. The Genesis Fleet: Triumphant waard yn 2019 publisearre troch útjouwerij Titan Books.

The Genesis Fleet: Triumphant
algemiene gegevens
auteur Jack Campbell
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 2019
oarspr. útjwr. Titan Books
rige
rige The Genesis Fleet
● foarich diel The Genesis Fleet: Ascendant
● folgjend diel (lêste diel)
kodearring
ISBN 978-1 78 56 50 444

Nei de mislearre ynvaazje fan 'e planeet Kosatka troch troepen út Scatha, Apulu en Turan (sjoch: The Genesis Fleet: Ascendant), binne de striidkrêften fan Kosatka noch drok dwaande mei it ôfweven mei de oarspronklike ynfiltranten út Apulu dy't al foarôfgeande oan 'e ynvaazje op 'e planeet aktyf wiene ûnder de momkape fan in wrâldseigen opstân. De striid konsintrearret him op 'e lege stêd Ani, dy't jierren lyn al boud wie mei it each op 'e fierdere útwreiding fan 'e befolking fan 'e jonge koloanje, mar dy't troch de oangeande striid noch nea syn earste bewenner ferwolkomje kinnen hat. Carmen Ochoa is as frijwillige ynljochtinge-ofsier en skerpskutter faak yn it hjitst fan 'e striid te finen. In bykommend probleem foar har is dat it regear fan Kosatka alle ynljochtinge-ienheden gearfoegje wol ta de Yntegrearre Ynljochtingetsjinst (IIS) ûnder Jayne Redman. Om't Redman ien is dy't inkeld harket nei ynljochtings dy't oerienkomme mei har eigen foarynnommen ideeën oer de militêre sitewaasje, wurdt Carmen ûnder druk set om op te hâlden mei it trochjaan fan ôfwikende ynljochtings. As se wegeret it spultsje mei te spyljen, lit Redman har befeiligingskoades ynlûke sadat se nearne mear tagong ta hat. Dêrop formalisearret generaal Edelman, de kommandant oan it front by Ani, dy't priis stelt op ûnbefoaroardiele militêre ynljochtings, de status fan Carmen as lid fan syn stêf en jout har nije befeiligingskoades.

Underwilens hat Lochan Nakamura, in diplomaat dy't foar it regear fan Kosatka wurket, yn 'e mande mei Freya Morgan, de spesjale fertsjintwurdichster fan it regear fan Catalan, en Leigh Camagan, in lid fan 'e koloanjeried fan Glenlyon, de koloanje Eire berikt. Dêr wurde ferskate moardoanslaggen op it selskip dien, dy't se mar nauwerneed oerlibje. It liket derop dat de aginten fan Scatha en Apulu beslist foarkomme wolle dat Lochan-en-dy mei de taoiseach fan Eire om 'e tafel geane. Dy regearingslieder, Donal Morgan, blykt trouwens de heit fan Freya te wêzen. It falt noch te besjen oft dat in foardiel is of net, want heit en dochter binne slim faninoar ferfrjemde rekke. Op Eire treffe Lochan-en-dy in delegaasje oan fan 'e koloanje Benten, dy't op in selde soarte misje is as sysels, nammentlik om in bûnsgenoatskip te sluten tsjin mienskiplike fijannen. Benten leit fier fuort fan it oarlochsgebiet, mar hat no al slim lêst fan it tichtsetten fan 'e hannelsrûtes troch Scatha, Apulu en Turan. Om sjen te litten dat it harren mienen is, hat it regear de delegaasje stjoerd oan board fan it iennichste oarlochsskip fan Benten, de torpedoboatjager Asahi.

Om't Leigh Camagan troch it regear fan Glenlyon útstjoerd is om mear oarlochsskippen te keapjen, en sadwaande trochreizgje moat nei de Ierde, beneamt se Lochan Nakamura as har folmacht. Dyselde fertsjintwurdiget neitiid dêrom sawol Kosatka as Glenlyon. Underhannelings oer de foarming fan in formeel bûnsgenoatskip, dêr't ek de ambassadeur fan Adowa by belutsen wurdt, geane tige muoisum, mei't net ien fan 'e jonge koloanjes in soad macht of foech ôfstean wol oan sa'n ynterstellêre organisaasje. Scatha en Apulu oerspylje harren hân lykwols troch te besykjen de beide torpedoboatjagers fan Eire te sabotearjen; de opljeppende Donal Morgan rekket dêr sa opsternaat fan, dat er akkoart giet mei ferskate foarstellen dêr't er earder neat fan witte woe. Der wurdt dan in formeel bûnsgenoatskip sletten tusken Eire, Adowa en Benten, dêr't Kosatka, Glenlyon en Catalan har op provisjonele basis by oanslute (ôfhinklik fan úteinlike goedkarring troch de respektivelike regearings fan dy koloanjes). Om't der gjin oerienstimming berikt wurde kin oer in namme, komt it bûnsgenoatskip simpelwei 'de Alliânsje' te hjitten.

Wylst op Kosatka de striid om Ani syn beslissende faze yngiet en op Eire ûnderhannelings oer it sluten fan it bûnsgenoatskip oan 'e gong binne, ferskynt yn it planetestelsel fan Glenlyon in ta troepetransportskip omboud frachtskip begelaat fan in torpedoboatjager en in (swierdere) lichte kruser. De kommandant dy lytse float nimt kontakt op mei it regear fan Glenlyon, en identifisearret himsels as de befelhawwer fan in fredesmacht fan 'e koloanje Hesta, dy't stjoerd is om op Glenlyon de macht oer te nimmen fanwegen de oanhâldende agresje fan 'e koloanje nei oare koloanjes ta. Mei't Hesta inkele jierren earder ûnder de macht fan Scatha kommen is en dêr no in marionetteregear oan 'e macht is dat nei de pipen fan Sactha dûnset, is foar eltsenien fuortendaliks dúdlik dat it praat oer in Hestaanske fredesmacht inkeld in doekje foar it blieden is en dat it hjir giet om in ynvaazje troch of op befel fan Scatha en syn bûnsgenoaten.

Kommandeur Rob Geary, de befelfierder fan 'e Saber, it iennichste oarlochsskip fan Glenlyon, wit dat er mei syn skip gjin skyn fan kâns makket tsjin in torpedoboatjager én in lichte kruser. It iennichste dat er dwaan kin, is de fijannige float lestich falle troch deunby te bliuwen en skynoanfallen út te fieren, oant de fijannige kommandant in flater makket. It is dúdlik dat ien frachtskip net genôch troepen befetsje kin om 'e planeet Glenlyon binnen te fallen, dat wat de fijân fan doel is, is om it romtestasjon fan Glenlyon te besetten, en dêrmei alle ferkear en kommunikaasje fan en nei de planeet ôf te knipen oant Glenlyon him oerjout. Majoar Mele Darcy, de befelhawwer fan it marinierskorps fan Glenlyon, kriget it befel oer de ferdigening fan it romtestasjon, en har tachtich mariniers wurde oanfolle troch likefolle grûntroepen ûnder befel fan kaptein Batra.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op Kosatka hat Carmen ûnderwilens in ôfspraak regele mei premier Hofer om oer de sitewaasje mei de IIS te praten. Hja kin dat dwaan om't se persoanlik kunde oan 'e premier hat, mei't se koart nei har oankomst yn 'e koloanje by in moardoanslach op Hofer it libben fan dyselde rêden hat (sjoch: The Genesis Fleet: Vanguard). Se hat derfoar soarge dat de ôfspraak geheim bliuwt, en Palmer, de siktaris fan 'e premier, hat him pas in healoere yn 't foar yn 'e aginda fan Hofer set. It is in fâle mei Carmen sels as lokies, en Jayne Redman rint der mei iepen eagen yn as sy in pear minuten foar it begjin fan 'e ôfspraak ynienen ek opdaagjen komt. Under it petear mei premier Hofer besiket Carmen him it gefaar dúdlik te meitsjen dat ynherint is oan it monopoalje op it mêd fan ynljochtings dat it regear fan Kosatka oan Redman har IIS jaan wol. Se leit de klam op it belang fan in alternative ynljochtingetsjinst dy't net inkeld as in second opinion fungearje kin op it mêd fan ynljochtings, mar ek in eachje op it dwaan en litten fan 'e IIS hâlde kin. As Hofer har freget om in konkreet foarbyld te jaan fan in gefal dat de IIS syn boekje te bûten gien is, freget Carmen op har beurt oan Redman hoe't dy fan har ûnderhâld mei de premier wist, wylst dat soarchfâldich geheim holden wie. It wurdt dan pynlik dúdlik dat de IIS de digitale aginda fan Hofer hackt hat en it dwaan en litten fan 'e premier yn 'e rekken hâldt. Dat komt foar Hofer as in bysûnder ûnoangename ferrassing.

Nei't se weromkeard is oan it front by Ani, wurdt Carmen troch generaal Edelman belutsen by ûnderhannelings dy't guon hege ofsieren fan 'e fijân begûn binne oer harren oerjefte. Dat is in tige gefoelige kwestje, mei't fjildmaarskalk Lopez, de fijannige oerbefelhawwer, fan gjin wiken witte wol, en de besprekkings mei generaal Idris en kolonel Liu dus yn it djipste geheim plakfine moatte. De beide ofsieren easkje dat Carmen as gizelder by harren komme sil om harren oerjefte persoanlik yn goede banen te lieden. Carmen stimt dêrmei yn en wit har misje te folbringen, ek al besykje troepen dy't loyaal binne oan fjildmaarskalk Lopez it hiele spul noch in stôk yn 'e speaken te stekken. As se ienris feilich oare kant de frontliny binne, jouwe Idris en Liu oan harren troepen, dy't mei-inoar trijefjirde part fan 'e fijannige soldaten yn Ani omfiemje, it befel om 'e wapens del te lizzen. Se jouwe generaal Edeman ek de geografyske koördinaten fan 'e bunker fan fjildmaarskalk Lopez, wêrnei't dy lokaasje troch de torpedoboatjager Shark út 'e romte wei bombardearre wurdt. Sa einiget de striid om Ani yn in Kosatkaanske oerwinning.

Underwilens is by Glenlyon de striid losbrând yn it dwaalhôf fan gongen en romten op it grutte romtestasjon, dêr't Mele en har troepen in guerrilja-eftige strategy folgje troch harren oanhâldend yn lytse groepkes te ferpleatsen en de oermacht fan 'e fijân allegeduerigen mei koarte oanfallen dwers te sitten. De dagenlange striid easket lykwols in priis dy't foar de ferdigeners hast like heech is as foar de ynkringers. Underwilens kin Rob Geary op 'e Saber neat dwaan om te helpen as er syn skip hiel hâlde wol.

As by Kosatka trije torpedoboatjagers út 'e hyperromte ferskine, tinkt eltsenien daliks oan in nije oanfal troch Scatha, Apulu en Turan, mar in berjocht fan Lochan Nakamura biedt klearrichheid. Hy is oan board fan 'e torpedoboatjager Asahi, út Benten, en wurdt beselskippe troch de Caladbolg en Gae Bulg út Eire. Hy leit oan it regear fan Kosatka ferantwurding ôf oer wat er út namme fan 'e koloanje dien hat sûnt er ôfreizge is. It regear beslút him ûnder foarbehâld by de Alliânsje oan te sluten. Lochan hie ferwachte dat by Kosatka de ynvaazje dêr't er by syn ôfreis krekt oan ûntsnapte, noch geande wie, en is oangenaam ferrast dat Kosatka mei help fan Glenlyon de oanfal ôfslaan kinnen hat (sjoch: The Genesis Fleet: Ascendant). Hy jout oan it regear fan Kosatka ek it foarnimmen troch fan kaptein Miho Sori fan 'e Asahi om no troch te reizgjen nei Glenlyon. Premier Hofer en syn ministers, dy't goed foar it ferstân hawwe hoefolle oft se Glenlyon skuldich binne, beslute om in gok te weagjen en harren torpedoboatjager Shark mei de oare skippen mei te stjoeren, hoewol't Kosatka sels dêrtroch ûnferdigene efterbliuwt.

As de fjouwer torpedoboatjagers fan 'e Alliânsje by Glenlyon arrivearje, soarget dat derfoar dat de striid dy't dêr geande is, ta in hichtepunt komt. De fijannige lichte kruser en torpedoboatjager kieze it hazzepaad en litte it frachtskip en de troepen op it romtestasjon efter. Rob Geary docht mei de Saber in nuodlike oanfal op harren, wêrby't syn skip slim skansearre rekket. It soarget der lykwols al foar dat de oandriuwing fan 'e lichte kruser sa'n swiere skea oprint, dat it skip net út it planetestelsel fan Glenlyon ûntkomme kin ear't de fjouwer Alliëarde torpedoboatjagers ticht genôch by kommen binne om mei him ôf te weven. Underwilens ûntdekt majoar Mele Darcy dat de ferdigeners fan it romtestasjon dy't troch de fijân kriichsfinzen nommen binne, har op it frachtskip befine. Se beslút en besykje it frachtskip yn te nimmen. Wylst oare ferdigeners fan it romtestasjon in ôfliedingsmaneuver útfiere, wit sy sels mei fjouwer oare mariniers en fjouwer soldaten it frachtskip binnen te kringen, dêr't se de brêge en de masinekeamer besette. As de fijannige befelhawwer, kolonel Busik, foar it ferstân kriget hoe't syn sitewaasje derút sjocht, beslút er him oer te jaan. De kommandant fan 'e lichte kruser fjochtet troch oant syn skip troch de fjouwer Alliëarde torpedoboatjagers alhiel ferneatige is. Dêrnei jout de kaptein fan 'e fijannige torpedoboatjager syn skip oer.

De soldaten fan kolonel Busik blike in hierlinge-ienheid te wêzen dy't yn syn gehiel troch it marionetteregear fan Hesta oanlutsen is en him mei húshâldings en al op dy wrâld nei wenjen set hat. Se fiele har ferret troch it Hestaanske regear en troch Scathanen. Om't se har yn 'e striid earber holden en droegen hawwe, riedt Mele it regear fan Glenlyon oan om harren mei har frachskip en al har wapens werom te stjoeren nei Hesta, op betingst dat se dêr in revolúsje útfiere en it marionetteregear ûnder fuotten helje. Kolonel Busik nimt dy opdracht oan. Underwilens kundigje de fjouwer Alliëarde torpedoboatjagers oan dat se trochreizgje sille nei Scatha, Apulu, Turan en alle tuskenlizzende planetestelsels om dêr systematysk de bewapene frachtskippen dy't dy planeten as piraten ynsette, út te rûgjen. Eire, Catalan, Adowa, Benten en Kosatka hawwe nammentlik harren ynljochtings ferlike en fêststeld dat de lichte kruser en de torpedoboatjager dy't by Glenlyon útskeakele binne, sa'n bytsje de lêste oarlochsskippen wêze moatte dy't Scatha, Apulu en Turan yn 'e tsjinst hawwe. Mei't se de oanskaf fan sokke skippen betellen út 'e opbringsten fan 'e piraterij, sil it ferdylgjen fan 'e piraten net inkeld de hannelsrûtes wer iepenje, mar ek de fijân de mooglikheid ûntnimme om nije oarlochsskippen te keapjen.

Ear't de Alliëarde torpedoboatjagers ôfsette, seit it regear fan Glenlyon ta him by de Alliânsje oan te sluten. Majoar Mele Darcy is no in grutte oarlochsheldinne, en it marinierskorps wurdt útwreide, yn earste ynstânsje oant 2.000 man. Kommandeur Rob Geary, dy't it grutste part fan 'e tiid neat dien hat, is foar de befolking fan Glenlyon lykwols fan syn fuotstik fallen. Dat der militêr-strategysk sjoen neat wie dat er oars dwaan kinnen hie, makket foar de gewoane man neat út. Presidint Chisolm, dy't in foarsteld offisjeel ûndersyk nei Rob syn dwaan en litten yn 'e kym smoard hat, sit slim mei de sitewaasje yn 'e mage. Se stelt foar om Rob de offisjele militêre fertsjintwurdiger fan Glenlyon by de Alliânsje te meitsjen, eat dat foar de befolking in bestraffing lykje sil, mar dat it feitlik net is. Foar Rob komt dat eins as wie it roppen, want syn frou Lyn hat him no al ferskate kearen mei ynmoed frege om himsels net yn in posysje te pleatsen dêr't er sneuvelje kin en sy almar oer him yn noed sitte moat. Alle leden fan 'e Alliânsje wurdt frege om guon militêre middels ta beskikking fan it nije bûnsgenoatskip te stellen, en Chisolm lit Mele witte dat it regear fan Glenlyon fan doel is om it marinierskorps ta beskikking te stellen. Op Kosatka wurdt Lochan Nakamura oansteld as ien fan 'e wichtichste diplomaten fan 'e nije Alliânsje. Hy freget Carmen Ochoa, dy't foarhinne op 'e Ierde yn 'e tsjinst stie fan it buro foar konfliktbemiddeling, om foar him te wurkjen, mei't de Alliânsje sûnder mis noch in protte ynterne en eksterne konflikten belibje sil.

Mear as fiifhûndert jier letter kriget Tanya Desjani, in fiere neikommelinge fan Carmen Ochoa, it nea publisearre manuskript fan 'e autobiografy fan Mele Darcy yn 'e hannen, en riedt har man, admiraal John Geary, in neikommeling fan Rob Geary (dy't yn 'e searje The Lost Fleet de Alliânsje fan 'e ûndergong rêden hat), oan om it ek te lêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: