Jack Campbell (skriuwer)
Jack Campbell (pseudonym fan luitenant-op-see b.tsj. John G. Hemry; april 1956) is in Amerikaansk âld-marineman en de skriuwer fan in grut tal tige súksesfolle science fiction-romans. Yn 2014 weage er him foar it earst op it terrein fan 'e fantasy. Dêrnjonken hat er ferskate non-fiksjepublikaasjes op syn namme stean.
Jack Campbell | ||
skriuwer | ||
Campbell op Worldcon 75 yn Helsinki, 2017. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | John G. Hemry | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | april 1956 | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | SF, fantasy, non-fiksje | |
bekendste wurk(en) |
The Lost Fleet-rige The Lost Fleet: Beyond the Frontier-rige | |
útjouwer | Ace Books | |
prizen | 2x Analytical Laboratory Award | |
jierren aktyf | 1997 – no | |
offisjele webside | ||
www.johnghemry.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeCampbell waard berne yn 1956 as de soan fan marine-ofsier Jack M. Hemry, dy't in saneamde mustang wie (in ofsier dy't net oplaat wie oan 'e militêre akademy, mar dy't begûn as gewoan matroas en meitiid opklom troch de rangen). Mei't syn heit gauris oerpleatst waard, brocht Campbell syn jonkheid troch op in soad ferskillende plakken, wêrûnder Pensacola, yn Floarida, San Diego, yn Kalifornje, en sels in pear jier op 'e Midway-eilannen, yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan.
Oplieding en militêre tsjinst
bewurkje seksjeCampbell helle yn 1974 syn diploma oan 'e middelbere skoalle fan Lyons, yn Kansas, en folge dêrnei in oplieding oan 'e Amerikaanske Marine-Akademy yn Annapolis, yn Marylân, dêr't er yn 1978 ôfstudearre. Neitiid tsjinne Campbell û.m. as navigator en geskutsofsier op 'e USS Spruance; by it Defense Intelligence Agency (DIA; de militêre wjergader fan 'e CIA); en yn 'e stêf op it haadkertier fan 'e Amerikaanske Marine. Doe't er ein njoggentiger jierren úteinlik ôfswaaide, hied er de rang fan lieutenant commander berikt (ferlykber mei in Nederlânske luitenant-op-see earste klasse).
Skriuwkarriêre
bewurkje seksjeNei't er de marine farwol sein hie, sette Campbell útein mei in twadde libben as skriuwer. Dêrby lei er him ta op militêre science fiction, in subsjenre fan 'e science fiction. Nei't er ferskate koarte ferhalen publisearre hie, de measten yn it tydskrift Analog, kaam yn 2000 syn earste roman út, Stark's War, dy't er skreau ûnder syn eigen namme (as John G. Hemry). It wie it earste diel fan 'e Stark's War-trilogy, dy't in konflikt tusken Amerikaanske soldaten en harren legerlieding foar it fuotljocht bringt dy't plakfynt op 'e moanne. As der wat langer wat minder oandacht oan harren oerlibbingskânsen bestege wurdt, komme de soldaten ûnder lieding fan serzjant Stark yn opstân, wêrnei't dyselde foar drege beslissings komt te stean oangeande syn omgong mei de boargerkoloanje op 'e moanne en mei it Pentagon en it Amerikaanske regear op 'e Ierde.
Fan 2003 oant 2006 publisearre Campbell de Paul Sinclair-rige (fan fjouwer boeken), oer de jonge ofsier mei deselde namme, dy't yn fredestiid op it romteskip de USS Michaelson tsjinnet. Sinclair is juridysk adviseur fan 'e kaptein fan it skip, en yn dy hoedanichheid komt er yn oanrekking mei ferskate misdiesaken. Ek dizze twadde searje waard publisearre ûnder Campbell syn echte namme, mar fanwegen ôffallende ferkeapsifers besleat de auteur yn oerlis mei syn útjouwer mei in skjinne lei mei in nije rige te begjinnen, troch in pseudonym oan te nimmen. Dat pseudonym waard Jack Campbell.
Under dy namme kaam yn 2006 Dauntless út, it earste diel fan 'e rige The Lost Fleet. Dy searje spilet fier yn 'e takomst, as de minskheid him nei de stjerren ta ferspraat hat. De haadpersoan is John "Black Jack" Geary, in romtemarine-ofsier fan 'e Alliânsje, in steatkundige formaasje fan stjerrestelsels dy't in fertocht soad wei hat fan 'e Feriene Steaten. Geary is nei in ferassingsoanfal troch it Sovjet-Uny-eftige Syndikaat yn in rêdingssloep yn oerlibbingssliep (d.w.s. yn beferzen tastân) rekke. As de sloep úteinlik by tafal fûn en Geary sels reänimearre wurdt, docht bliken dat der hûndert jier foarbygien binne. De oarloch tusken de Alliânsje en it Syndikaat giet noch altyd troch, mei ferliezen dy't oan beide kanten sa swier binne, dat ofsieren net langernôch libje om harren kennis troch te jaan, mei as gefolch dat strategy, taktyk en dissipline fierhinne fergetten binne en de beide partijen inkeld noch as gekken opinoar yn huffe. Op it stuit dat Geary fûn wurdt troch de float fan Alliânsje, stiet dy float op it punt om fier efter de frontlinys, yn it hert fan 'e romte dy't behearske wurdt troch it Syndikaat, yn in mûklistich opsette fâle te rinnen. Oan Geary is dan de taak om 'e float te rêden en wer thús te bringen en dêrnei de skynber einleaze oarloch te beëinigjen.
Neffens eigen sizzen basearre Campbell The Lost Fleet foar in part op 'e Anabasis fan Ksenofon (±430-354 f.Kr.), wêryn't dy de mars nei hûs beskriuwt fan 'e saneamde Tsientûzen, in formaasje Grykske hierlingen dy't, yn 'e steek litten troch harren opdrachtjouwer, in Perzyske prins, yn 401-399 f.Kr. djip yn it fijannige Perzyske Ryk fêst kaam te sitten. The Lost Fleet, in searje dy't út seis boeken bestiet en yn 2010 einige mei Victorious, die it folle better as Campbell syn eardere wurk. De skriuwer besleat dan ek om op it ynsleine paad fierder.
Yn 2011 kaam Dreadnaught, it earste diel fan 'e ferfolchrige The Lost Fleet: Beyond the Frontier út, wêryn't Geary, nei't der frede sletten is mei it fersleine en ûnderwilens stadichoan útinoarfallende Syndikaat, nije fijannen de baas moat sjen te wurden yn 'e foarm fan ferskate soarten bûtenierdske wêzens. Dêrnjonken hat er ek noch te krijen mei it ferriedlike regear fan 'e Alliânsje (dat him as in bedriging sjocht) en op 'e nij it Syndikaat, dat him net oan 'e ôfspraken yn it fredesferdrach hâldt. Yn 2015 kaam fan The Lost Fleet: Beyond the Frontier it fyfde boek út, Leviathan. Dêrnjonken is Campbell ek dwaande mei de spin-off-rige The Lost Stars, oer it stjerrestelsel Midway, dat him fan it Syndikaat ôfspjalte hat, en alle swierrichheden dy't presidint Gwen Iceni en generaal Artur Drakon hawwe om 'e prille selsstannichheid fan harren nije steat te behâlden. Fan The Lost Stars kaam yn 2014 it trêde diel út.
Fierders weage Campbell him datselde jiers ek op it mêd fan 'e fantasy, mei de publikaasje fan Dragons of Dorcastle, it earste diel fan 'e rige The Pillars of Reality, dat inkeld as audioboek útbrocht waard. Dêropta skreau er yn 2013 de novelle The Last Full Measure, in alternate history-ferhaal, wêryn't de tsjinst yn it njoggentjinde-iuwske Amearika útmakke wurdt troch de Súdlike plantaazjehâlders en Joshua Chamberlain en Abraham Lincoln yn it tichthús smiten wurde.
Priveelibben
bewurkje seksjeJack Campbell wennet tsjintwurdich yn Marylân mei syn frou en trije bern, wêrfan't de âldste beide autistysk binne. As gefolch fan syn militêre ferline sprekt er noch altyd de restanten fan it Russysk dat in perfester Vladimir Tolstoy (in neikommeling fan dé Tolstoj) him mei muoite yn 'e earen druid hat.
Wurk
bewurkje seksjeAs John G. Hemry
bewurkje seksje- romans
- de Stark's War-trilogy
- 2000 – Stark's War
- 2001 – Stark's Command
- 2002 – Stark's Crusade
- de Paul Sinclair-rige
- 2003 – A Just Determination
- 2004 – Burden of Proof
- 2005 – Rule of Evidence
- 2006 – Against All Enemies
- koarte ferhalen
- 1997 – One Small Spin (yn: Marion Zimmer Bradley's Fantasy)
- 1997 – Agent Problems (yn: Analog Magazine)
- 1999 – Odysseus (yn: Analog Magazine)
- 2000 – Interstellar Navigation (yn: Analog Magazine)
- 2000 – Crow's Feat (yn: Analog Magazine)
- 2001 – Down the Rabbit Hole (yn: Analog Magazine)
- 2002 – Generation Gap (yn: Analog Magazine)
- 2003 – Section Seven (yn: Analog Magazine)
- 2004 – Small Moment in Time (yn: Analog Magazine)
- 2004 – Mightier than the Sword (yn: Turn the Other Chick)
- 2005 – Standards of Success (yn: Analog Magazine)
- 2005 – Working on Borrowed Time (yn: Analog Magazine)
- 2006 – Lady Be Good (yn: Analog Magazine)
- 2006 – Kyrie Eleison (yn: Analog Magazine)
- 2007 – As You Know, Bob (yn: Analog Magazine)
- 2007 – Do No Harm (yn: Analog Magazine)
- 2007 – These Are the Times (yn: Analog Magazine)
- 2009 – Rocks (yn: Analog Magazine)
- 2009 – Failure to Obey (yn: Analog Magazine)
- 2010 – Swords and Saddles (yn: Analog Magazine)
- 2010 – The Rift (yn: Analog Magazine)
- 2011 – Betty Knox and Dictionary Jones in the Mystery of the Missing Teens Anachronisms (yn: Analog Magazine)
- 2011 – Dawn's Last Light (yn: By Other Means)
- 2012 – Hel's Half-Acre (yn: Armored)
As Jack Campbell
bewurkje seksje- science fiction-romans
- The Lost Fleet-searje
- 2006 – The Lost Fleet: Dauntless
- 2007 – The Lost Fleet: Fearless
- 2007 – The Lost Fleet: Courageous
- 2008 – The Lost Fleet: Valiant
- 2009 – The Lost Fleet: Relentless
- 2010 – The Lost Fleet: Victorious
- The Lost Fleet: Beyond the Frontier-searje
- 2011 – The Lost Fleet: Beyond the Frontier: Dreadnaught
- 2012 – The Lost Fleet: Beyond the Frontier: Invincible
- 2013 – The Lost Fleet: Beyond the Frontier: Guardian
- 2014 – The Lost Fleet: Beyond the Frontier: Steadfast
- 2015 – The Lost Fleet: Beyond the Frontier: Leviathan
- The Lost Stars-searje
- 2012 – The Lost Stars: Tarnished Knight
- 2013 – The Lost Stars: Perilous Shield
- 2014 – The Lost Stars: Imperfect Sword
- 2016 – The Lost Stars: Shattered Spear
- The Genesis Fleet-trilogy (in rige prequels fan The Lost Fleet)
- 2017 – The Genesis Fleet: Vanguard
- 2018 – The Genesis Fleet: Ascendant
- 2019 – The Genesis Fleet: Triumphant
- The Lost Fleet: Outlands-trilogy
- 2021 – The Lost Fleet: Outlands: Boundless
- 2022 – The Lost Fleet: Outlands: Resolute
- 2023 – The Lost Fleet: Outlands: Implacable
- fantasyromans
- The Pillars of Reality-rige
- 2014 – Dragons of Dorcastle
- 2015 – The Hidden Masters of Marandur
- 2015 – The Assassins of Altis
- 2016 – The Pirates of Pacta Servanda
- 2016 – The Servants of the Storm
- 2016 – The Wrath of the Great Guilds
- de Legacy of Dragons-rige (ferfolch op The Pillars of Reality)
- 2017 – Daughter of Dragons
- 2017 – Blood of Dragons
- 2018 – Destiny of Dragons
- de Empress of the Endless Sea-trilogy
- 2020 – Pirate of the Prophecy
- 2020 – Explorer of the Endless Sea
- 2020 – Fate of the Free Lands
- de Doomed Earth-searje
- 2024 – In Our Stars
- 2024 – In Our Stars 2
- op harsels steande fantasyromans
- 2013 – The Last Full Measure (in alternate history-novelle)
- 2017 – The Sister Paradox (jeugdboek)
- ferhalebondels
- 2013 – Ad Astra
- 2013 – Borrowed Time
- 2013 – Swords and Saddles
- 2024 – Rendezvous with Corsair (koarte ferhalen yn it ramt fan The Lost Fleet-rige)
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
2006 | Analytical Laboratory Award (fan Analog Magazine) |
wûn | bêste koarte novelle | Lady Be Good |
wûn | bêste koarte ferhaal | Kyrie Eleison |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |