Toan (taalkunde)

taalkunde

Mei toan wurdt yn 'e kontekst fan taalkunde ferwiisd nei it gebrûk fan toanhichte om yn in taal leksikale of grammatikale betsjuttings út te drukken. Alle ferbale talen brûke toanhichte om emosjonele en oare paralinguïstyske ynformaasje troch te jaan en om klam, kontrast en besibbe ferskynsels wer te jaan dy't beflapt wurde kinne ûnder de term yntonaasje. Lang net alle talen brûke lykwols toanhichte om ûnderskie te meitsjen tusken wurden dy't oars homonimen wêze soene. Talen dy't dat wol dogge, wurde tonale talen neamd. Sokke talen brûke toanhichte krekt sa't se ek konsonanten en fokalen brûke, d.w.s. om in wurd út op te bouwen. De toanpatroanen dy't tonale talen fan oare talen ûnderskiede, wurde tonemen (inkeltal: toneem) neamd. Yn East- en Súdeast-Aazje en yn Afrika binne tonale talen tige algemien. Der wurdt rûsd dat mear as 70% fan alle talen yn 'e wrâld tonaal is.

De earste fjouwer toanen fan it Mandarynsk (de fyfde, neutrale toan is weilitten), by de útspraak fan it wurd ma (dat troch de toanen ferskillende betsjuttings kriget).
De útspraak fan boppesteande fjouwer toanen fan it Mandarynsk.

Fersprieding fan tonale talen

bewurkje seksje

Soarten toanen

bewurkje seksje

Yn in protte tonale talen út Afrika, lykas de measte Bantoetalen, wurde toanen faninoar ûnderskaat troch de relative toanhichte yn ferhâlding mei oare toanen. Alle toanen hawwe dêrby dus ien fêste toanhichte. Sa'n tonaal systeem wurdt in registersysteem neamd. Yn wurden dy't besteane út mear as ien wurdlid draacht it hiele wurd dan faak ien toan ynstee dat elts wurdlid in eigen toan hat. Gauris wurdt grammatikale ynformaasje, lykas it ferskil tusken doetiid en notiid, of tusken de earste persoan inkeltal ("ik") en de twadde persoan inkeltal ("do"), of tusken wol en net, poer oerbrocht troch de toan.

Yn it Mandarynsk, de meast sprutsen foarm fan Sineesk, wurde toanen lykwols faninoar ûnderskaat troch harren ynterne foarm. Sa hat it Mandarynsk in hege toan, in opgeande toan, in toan dy't earst omleech en dan omheech giet (de delgeand-opgeande toan), in delgeande toan en in neutrale toan. Sa'n tonaal systeem wurdt in kontoersysteem neamd. Yn in wurd fan mear as ien wurdlid draacht yn it Mandarynsk elts wurdlid syn eigen toan. Foar in soad wurden, benammen as se út ien wurdlid besteane, is de toan op leksikaal mêd betsjuttingsûnderskiedend, wylst de toan yn it Mandarynsk, oars as yn 'e Bantoetalen, amper in rol spilet yn 'e grammatika.

Oer it algemien kin steld wurde dat kontoersystemen karakteristyk binne foar de tonale talen fan East-Aazje en it fêstelân fan Súdeast-Aazje, wêrûnder de Tai-Kadai-talen, it Fjetnameesk en de Sino-Tibetaanske talen, wylst registersystemen dominearje yn Afrika, mank de Afro-Aziatyske talen, de Koisantalen, de Niger-Kongoleeske talen en de Nilo-Saharaanske talen. Guon talen kombinearje in kontoersysteem mei in registersysteem, lykas it Kantoneesk fan súdlik Sina en Hongkong, dat in Sinityske taal is, en de Omoatyske talen fan 'e Hoarn fan Afrika.

In soad oare talen binne net suver tonaal, mar brûke toanhichte op in beheindere wize. Sa hat yn it Japansk minder as de helte fan alle wurden in fallende toan. Dêrby kontrastearje wurden ôfhinklik fan hokker wurdlid oft dy toanfal ûndergiet. Ek guon Yndo-Jeropeeske talen hawwe sokke kwaliteiten, te witten: it Noarsk, Sweedsk, Skotsk en Limburchsk (Germaanske talen), it Servo-Kroätysk en Sloveensk (Slavyske talen) en it Litousk en Letsk (Baltyske talen). Yn 'e measten fan dy talen komme toanen inkeld foar yn wurden fan mear as ien wurdlid, mar yn it Limburchsk komme se ek foar yn inkelwurdliddige wurden. Sa ferskilt de betsjutting fan dáág ("dei") en dáàg ("dagen") ôfhinklik fan 'e toan. It Limburchsk hat wat dit oangiet in twatoanich systeem mei in lykmjittich hege toan en in delgeande toan. Talen mei sokke minimale systemen wurde oer it algemien net as tonale talen beskôge. Ynstee wurdt dan sein dat se in pitch accent hawwe, ek wol bekend as in muzikaal aksint.

Hjirûnder by wize fan foarbyld it toansysteem fan it Mandarynsk, de grutste en bekendste tonale taal.

toannûmer toan foarbyld betsjutting pinyintransliteraasje Wade-Giles-transliteraasje
1 hege toan "mem" ma1
2 opgeande toan "himp" ma2
3 delgeand-opgeande of lege toan "hynder" ma3
4 delgeande toan "beskrobje" ma4
5 neutrale toan in freegjend taheaksel ma ma

Al dy wurden mei ferskillende toanen kinne kombinearre wurde yn in sin as:

妈妈骂马的麻吗? pinyin: Māma mà mǎde má ma? ("Beskrobbet mem de himp fan it hynder?")

Kwa betsjutting is dat fansels nochal fiersocht, mar grammatikaal sjoen is der neat op oan te merken.

Soartgelikense sinnen besteane ek yn oare tonale talen, lykas it Taisk:

ไหมใหม่ไหม้มั้ย. transliteraasje: Mǎi mài mâi mái? ("Wol nije side baarne?")

En yn it Fjetnameesk:

Bấy nay bây bày bảy bẫy bậy. ("Do hast aloan de sân fâlen ferkeard opset.")

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.