Tommy Morrison (bokser)

Tommy Morrison (folút: Tommy David Morrison; Gravette (Arkansas), 2 jannewaris 1969Omaha (Nebraska), 1 septimber 2013), byneamd the Duke, wie in Amerikaansk bokser fan mingd Skotsk en Yndiaansk etnysk komôf. Hy wie yn 1993 wrâldkampioen boksen yn 'e swiergewichtklasse fan 'e World Boxing Organization. Yn 1996 moast er in ein oan syn sportkarriêre meitsje, doe't er besmet rekke mei HIV. Nei't er yn 2006 om 'e nocht besocht hie en meitsje in comeback, stoar er yn 2013 oan AIDS.

Tommy Morrison
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tommy David Morrison
bynamme the Duke
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 2 jannewaris 1969
berteplak Gravette (Arkansas)
stjerdatum 1 septimber 2013
stjerplak Omaha (Nebraska)
etnisiteit Oto
Ponka
Skotsk
lingte 1.88 m
sportive ynformaasje
sport boksen
ûnderdiel swiergewicht
debút 1988
karriêre-ein 1996

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en komôf

bewurkje seksje

Morrison waard yn 1969 berne yn Gravette, yn 'e Amerikaanske steat Arkansas. Syn heit Tim Morrison sr. wie blank en fierhinne fan Skotsk komôf, mar syn mem Diana wie Yndiaansk, mei sawol Oto- as Ponka-bloed. Morrison kaam net út it stabylste gesin. Syn heit wie in alkoholist dy't him skuldich makke oan húslik geweld, en dy't syn frou allegeduerigen bedreach mei oare froulju oant se him úteinlik ferliet. Morrison syn mem wie earder frijsprutsen fan in oanklacht foar moard, wylst syn âldere broer Tim jr. letter fyftjin jier yn it tichthús siet foar ferkrêfting.

Morrison groeide fierhinne op yn Delaware County, yn Oklahoma, en brocht syn tinerjierren dêr troch yn it plak Jay. Syn bynamme the Duke, deselde bynamme as Hollywoodstjer John Wayne, wie basearre op Morrison syn bewearing dat Wayne (bertenamme: Marion Morrison) famylje fan him wie. Doe't er tsien jier wie, trunen Morrison syn heit en syn âldere broer Tim jr., dy't sels ek bokste, him oan om dy sport op te nimmen. Neffens Morrison sels died er mei trettjin jier mei in falsk identiteitsbewiis mei oan yn totaal fyftjin toughman-wedstriden (de minimumleeftyd dêrfoar wie 21 jier), wêrfan't er fjirtjin wûn hawwe soe.

Bokskarriêre

bewurkje seksje

Yn 1988, doe't er njoggentjin jier wie, wûn Morrison de regionale swiergewichtstitel op it Golden Gloves-toernoai fan Kansas City, wêrmei't er in plak wûn yn it nasjonale Golden Gloves-toernoai yn Omaha. Dêr ferlear er lykwols op in sjuerybeslissing fan Derek Isaman. Twa wiken letter naam Morrison yn Houston diel oan 'e foarriedige kwalifikaasjewedstriden foar de Olympyske Spullen yn Seoel, wêrby't er it toernoai wûn. Wer twa wiken letter ferlear er yn Concord, yn Kalifornje, lykwols op 'e nij op in sjuerybeslissing de definitive kwalifikaasje-omgong fan Ray Mercer, dy't dêrtroch nei Seoel gie.

Neitiid sette Morrison op 10 novimber 1988 offisjeel útein mei syn profesjonele bokskarriêre. Dêrby focht er yn totaal 52 wedstriden, wêrfan't er 48 wûn (42 mei in knock-out). Hy fersloech û.m. de Amerikanen George Foreman, Carl Williams, Joe Hipp, Art Tucker, Bobby Quarry, Pinklon Thomas en James Tillis, de Kanadees Donovan Ruddock, de Samoaan Tui Toia en de Meksikaan Ladislao Mijangos. Syn wedstryd tsjin 'e Amerikaan Ross Puritty einige yn gelykspul, en fan 'e Brit Lennox Lewis en de Amerikanen Michael Bentt en Ray Mercer ferlear er. Fanôf syn oerwinning op George Foreman, op 6 juny 1993, oant syn ferlies tsjin Michael Bentt, op 29 oktober fan datselde jier wie Morrison wrâldkampioen swiergewichtboksen fan 'e World Boxing Organization.

Doe't der yn 1996 in besmetting mei HIV by Morrisoan fêststeld waard, makke dat in ein oan syn bokskarriêre, om't er gjin fergunnings mear besette koe om te fjochtsjen. By in parsekonferinsje op 15 febrewaris fan dat jier wiet er syn besmetting oan in "dryste libbensstyl" en seid er dat er "abslút" nea wer bokse soe. By in oare parsekonferinsje, op 19 septimber 1996, kundige Morrison lykwols oan dat er "noch ien kear" fjochtsje woe, as er in tsjinstanner fine koe, en dat de opbringst fan it gefjocht nei de KnockOut AIDS Foundation gean soe, in stifting ta bestriding fan HIV en AIDS dy't troch himsels oprjochte wie. It slagge him lykwols net om foar sa'n gefjocht in fergunning te krijen.

Yn 2006 besocht Morrison noch en meitsje in comeback. Hy bewearde dat de fêststelling fan syn besmetting mei HIV in fersin wie, en liet himsels ferskate kearen op 'e nij teste, wêrûnder in kear foar de krante de New York Times. Der waard yndie gjin HIV mear by him oantroffen, mar ekspêrs op it mêd fan dat firus suggerearren dat der mei de tests knoeid wie (spesifyk: dat it teste bloed net fan Morrison wie) om't HIV ûngenêsber is. Hoe dan ek, Morrison koe gjin fergunning krije om te boksen en syn plande comeback rûn op 'e non.

Yn 1989 seach akteur Sylvester Stallone in wedstryd fan Morrison, en neitiid frege dy him om yn syn film Rocky V te spyljen. Morrison gie dêr op yn, en naam yn 1990 in healjier lins fan boksen om 'e rol fan Tommy "The Machine" Gunn te fertolkjen, in jonge en talintearre beskermeling fan 'e pinsjonearre bokser Rocky Balboa (spile troch Stallone sels).

Priveelibben

bewurkje seksje

Morrison hie twa bern tsjin 'e tiid dat er njoggentjin jier wie. Hy wie trije kear troud, en yn 1996 makke er him skuldich oan bigamy doe't syn earste houlik mei Dawn Freeman noch net ûntbûn wie wylst er al mei syn twadde frou, Dawn Gilbert, troud wie. Yn 2011 troude er mei syn trêde frou, Trisha. Mei har hied er gjin bern.

Yn desimber 1993 waard Morrison oanklage foar iepenbiere dronkenskip en mishanneling doe't er in studint fan 'e Universiteit fan Iowa in terwinkel ferkocht hie. Yn syn ferdigening seid er dat de oangeande studint him oanstoarre hie. Hy waard feroardiele ta it beteljen fan in jildboete fan $310. Yn oktober 1996 waard er ta in boete fan $100 en in straf ûnder betingst fan seis moannen feroardiele foar it ferfieren fan in laden fjoerwapen yn Jay (Oklahoma). Yn 1997 waard er feroardiele foar in gefal fan riden ûnder ynfloed, dêr't trije minsken by ferwûne rekke wiene.

Yn septimber 1999 krige Morrison twa jier selstraf ûnder betingst foar in oar gefal fan riden ûnder ynfloed. Op 16 septimber fan datselde jier waard Morrison oanholden foar frjemd rydgedrach en ûntdiek de plysje drugs en fjoerwapens yn syn auto, wat resultearre yn ferskate oanklachten. Wylst er datoangeande op syn proses wachte, waard Morrison yn novimber 1999 arrestearre foar op 'e nij riden ûnder ynfloed en teffens foar ferbean wapenbesit. Op 14 jannewaris 2000 waard Morrison feroardiele ta twa jier finzenisstraf foar de saak fan 16 septimber. Dêr krige er op 3 april 2002 noch in ekstra jier by om't er him net holden hie oan 'e betingsten fan syn betidere ynfrijheidsstelling; de rjochter ferrekkene dat jier lykwols mei de tiid dat er earder yn foararrest sitten hie.

Morrison stoar op 1 septimber 2013 mei 44 jier yn it Nebraska Medical Center, in sikehûs yn Omaha, yn 'e steat Nebraska. De deadsoarsaak wie in hertstilstân feroarsake troch it net mear funksjonearjen fan ferskate organen fanwegen in ynfeksje dy't mooglik makke wie troch AIDS.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.