Victoria Givens

(Trochferwiisd fan Treasure Coast Media)

Victoria Givens, echte namme: Victoria Elaine Smith (Morgantown (Noard-Karolina), 14 jannewaris 1970), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en regisseur fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Italjaansk etnysk komôf. Hja sette yn 2001 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Givens waard benammen bekend doe't se yn 2004 in wrâldrekôr fêstige op it mêd fan anale gangbangs. Yn 2009 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.

Victoria Givens
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Victoria Elaine Smith
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 jannewaris 1970
berteplak Morgantown (Noard-Karolina)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Italjaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur
jierren aktyf 20012009
offisjele webside
www.victoriagivens.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Givens waard yn 1970 berne yn Morgantown, yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina. Nei't se de middelbere skoalle ôfmakke hie, wurke se jierrenlang as winkelbetsjinde yn in supermerk. Hja krige yn dy tiid twa bern. Yn 2001, doe't se 31 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film om't se, nei eigen sizzen, altyd al pornoaktrise wurde wollen hie.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Givens dêrnei yn mear as 130 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Adam & Eve, Zero Tolerance, Hustler Video, Jill Kelly Productions, Sin City, Vivid Entertainment, VCA Pictures en Extreme Associates. Fierders wie se ek wol yn 't spier foar minder bekende studio's, lykas Metro, Coast to Coast Video, Legend Video, West Coast Productions, Mile High Media, Platinum X Pictures, Taylor Wane Productions en Girlfriends Films.

Givens waard it bekendst doe't se op 23 oktober 2004 yn in nachtklub yn North Hollywood, yn Los Angeles, in nij wrâldrekôr fêstige op it mêd fan anale gangbangs, troch yn 7 oeren tiid, sûnder keunstmjittige glydmiddels te brûken, anale seks te bedriuwen mei 101 ferskillende manlju. Dêrmei ferbriek se it foarrige rekôr fan yn totaal 50 manlju út 1998, dat op namme stie fan Brooke Ashley.

Behalven as pornoaktrise wie Givens ek wurksum as neakenmodel en reizge se as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns. Fierders regissearre se tusken 2003 en 2005 fjouwer pornofilms, wêrfan de earste trije foar de lytse studio's Don Goo, Maximum Grind, resp. Phoenix Releasing. De fjirde makke se foar har eigen produksjebedriuw Victoria Givens Productions. Givens wie ek de oprjochtster in oare filmstudio, Treasure Coast Media. Yn 2009 loek Givens har út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Victoria Givens is blank, mei brune eagen en fan natuere brún hier, dat se ûnder har karriêre as pornoaktrise gauris blondearre of swart ferve. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 50 kg, en kupmaat 36D, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. Behalven de gebrûklike piercings troch har earlellen hat Givens ek in nâlpiercing. Fierders hat se op har heupen twa grutte tatoeaazjes fan blauwe stjerren.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: