Tsjerke fan Kolderveen
De Tsjerke fan Kolderfean is in tsjerke fan de herfoarme gemeente Kolderfean-Dinksterfean (Ned.: Kolderveen-Dinxterveen) yn de gemeente Meppel. De tsjerke is in sealtsjerke út de 15e iuw en stiet in hiel ein fan de wei ôf tusken greidlân.
Herfoarme tsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
gemeente | Meppel | |
plak | Kolderfean | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1471 | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 30962 [1] | |
offisjele webside | ||
Gerfoarme gemeente Kolderfean |
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard op in ferheging yn it lân stifte as dochtertsjerke fan de Klemenstsjerke fan Stienwyk. Neffens de oerlevering stie de tsjerke earder oan de Simmerdyk yn Meppel en ferhûze de tsjerke mei de ferhûzing fan it doarp. De dielen fan de tsjerke waarden op in boerewein meinommen oant ien fan de hynders stroffele, in foet briek en ek de as fan de wein stikken rekke. De skrokken boeren seagen dêr in teken fan de Heare yn en op dat plak, 300 meter súdlik fan it doarp, waard de tsjerke wer opboud.
De bou fan de tsjerke waard yn 1471 foltôge. De toer stie der al earder en datearret út de 14e iuw. It is ûnwis wat de patroanhillige fan de tsjerke west hat foar de reformaasje. Njonken it haadalter stiene der noch twa sydalters: ien foar Marije en ien foar Antonius. Tsjin de noardlike muorre stiet in houten portaal dat it klompehok neamd wurdt. Yn 1857 waard tsjin de súdlike muorre in konsistoarje oanboud.
Omskriuwing
bewurkje seksjeDe tsjerke hat ien skip en wurdt eastlik ôfsletten fan in trijesidich koer. It koer is nei alle gedachten krekt wat jonger as it skip. Op de hoeken fan it koer hâlde steunbearen it gebou op it plak. It finster yn de eastlike gevel is fanwegen de ferhûzing fan de preekstoel fan de súdlike muorren nei it koer tsjintwurdich tichtset. It skip bestiet út trije traveeën, dy't fan inoar skieden wurde troch deselde steunbearen as dy fan it koer. Elts travee hat in smel spitsbôgefinster. It tsjintwurdige dak fan de tsjerke datearret út it twadde fearn fan de 16e iuw.
Toer
bewurkje seksjeDe toer is trijeris lidde en heart ta de saneamde Drintske tuorrefamylje. Skaaimerk foar dat type toer is dat eltse frije side fan de toer yn de twadde, tredde en/of fjirde lidde in hege, djippe nis mei yn twa dielen trasearre spitsbôge hat. It dak fan de toer is net altiten gelyk. Oare leden fan dy tuorrefamylje binne te finen yn Beilen, Dwingeloo, Havelte, Oosterhesselen, Rolde en Ruinerwold. Al dy tuorren kinne in ûntwerp west ha fan 'Johan die Wercmeyster’, om 1380 hinne in begoede ynwenner fan Ruinen en nei alle gedachten arsjitekt fan berop wie. No foldocht de tsjerke fan Kolderfean net hielendal oan de skaaimerken fan dy famylje troch de rûnbôge yn de twadde lidde, mar de toer hat ek net altiten in piramidedak hân. Op in tekening fan Cornelis Pronk hat de tsjerke nammentlik in sealtek.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe tsjerke hat in blau houten tonferwulft mei blauwe lûkbalken. De flier is belein mei grize tegels. Oarspronklik stie de preekstoel oan de súdlike muorre. Yn 1843 ferhûze dy nei de eastlike muorre, wylst it doophek tusken it koer en it skip kaam te stean. By de restauraasje fan de tsjerke yn de jierren 1972-1974 binne de tsjerkebanken út it koer ferwidere en ferfongen troch stuollen.
Oan de súdlike muorre stiet in hearebank út de twadde helte fan de 18e iuw. De bank is fan grenenhout, mar sa beskildere dat it mahonyhout liket. De bank wie eartiids fan de famylje Paaslo, eigners fan de ôfbrutsen havezate Zwollingerkamp by Wanneperfean. Boppe de hearebank is in stiennen plaat ta neitins fan Thijs van Urk, dy't yn 1890 yn'e âldens fan santjin jier ferstoar en syn mem foar dy tiid frege syn erfdiel oan de tsjerke en de earmen te jaan. Dêrmei koe de tsjerke restaurearre en it tsjerkepaad mei boeken beplante wurde. Ek de bou fan de kosterswente oan it begjin fan de leane koe sa betelle wurde.
Yn de flier fan it koer is noch in alterstien te finen. Op de stien binne fiif krusen oanbrocht, symboal foar de fiif wûnen fan Kristus.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1867 boud troch Petrus van Oeckelen as in ienmanualich ynstrumint mei acht registers en in oanhongen pedaal. Troch allegear feroarings oan it oargel wie it al hiel lang yn strieminne steat oant yn 2012 nei it krijen fan in legaat de earste tariedings foar in restauraasje makke waarden. Yn 2013 sette oargelmakkerij Steendam útein mei de restauraasje fan it oargel. De oarspronklike disposysje waard rekonstruearre en in Mixtuur waard tafoege neffens it foarbyld fan it oargel fan de grifformearde tsjerke fan it Grinslânske Midwolda, in oargel dat in soad fan it oargel fan Kolderfean hat. Ek waarden it ûntbrekkend fykwurk fan de middentoer oanfolle en fergulde, de oargelkas yn de oarspronklike swarte kleur werombrocht en de klaviatuer hersteld. It oargel waard yn oktober 2014 wer yn gebrûk nommen.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|