Tampa is in stêd yn 'e súdeastlike Amerikaanske steat Floarida. It leit oan 'e westkant fan Floarida, mei de stedske agglomeraasje benammen tusken de Baai fan Tampa en de kust fan 'e Golf fan Meksiko ynklamme. Tampa is it haadplak fan it omlizzende Hillsborough County, en hie neffens in offisjele skatting út 2012 krapoan 350.000 ynwenners. Dêrmei is it de grutste stêd yn 'e stêdekloft dêr't ek plakken as Sint-Petersburch, Clearwater en Largo diel fan útmeitsje, en dy't yn totaal in befolking fan goed 2,8 miljoen minsken hat.

Tampa
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Floarida
County Hillsborough County
Sifers
Ynwennertal 347.645 (2012)
Oerflak 441,9 km² (ynkl. wetter)
290,3 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.146,7 / km²
Stêdekloft 2.824.724 (2012)
Hichte 14,6 m
Oar
Stifting 1824
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Koördinaten 27°56′50″N 82°27′31″W
Offisjele webside
www.tampagov.net
Kaart
De lizzing fan Tampa yn Hillsborough County en yn 'e steat Floarida.

Skiednis bewurkje seksje

De krite dêr't Tampa hjoed de dei leit, wurdt al tûzenen jierren bewenne troch lânseigen Yndiaanske folken, yn 't lêstoan troch de no útstoarne Tokobaga. De namme fan Tampa is ôfkomstich út 'e taal fan in oar folk, de Kalûsa, en soe "fjoerstokken" betsjutte, wat neffens de measte saakkundigen ferwize kinne soe nei de simmerdeis gauris foarkommende wjerljochtynslaggen yn it gebiet. Oaren binne fan betinken dat de namme ynterpretearre wurde moat as "plak om te priksykjen".

 
De Tsjerke fan it Hillich Hert.

Yn 'e iere sechstjinde iuw waard de krite besocht troch Spaanske ûntdekkingsreizgers, mar der wiene gjin fêste Jeropeeske of Amerikaanske delsettings oant neidat de Feriene Steaten Floarida yn 1819 fan Spanje oankocht hiene. Yn 'e midden fan 'e achttjinde iuw hie de kolonisaasje fan harren wengebiet yn Georgia en Alabama de dêr wenjende Seminoalen ferkrongen nei Floarida, en doe't de Amerikanen nei 1819 besleaten om ek dy steat te kolonisearjen, wie it in hiele put om se der wer wei te krijen. As ûnderdiel fan it besykjen om it ferset fan 'e Seminoalen te smoaren, fêstige it Amerikaanske Leger yn jannewaris 1824 in foarútskode post op it plak dêr't no it Tampa Convention Center stiet, dy't de namme krige fan Fort Brooke.

Tampa ûntstie koart dêrnei as in lyts doarpke yn 'e neite fan it fort, dêr't de earste kolonisten yn it gebiet beskerming sochten tsjin Seminoalske oanfallen. Yn 't earstoan wie it noch in plakje fan neat, en boppedat sochten ûnder de Twadde Seminoalske Oarloch, dy't yn 1835 oplôge, suver alle bewenners harren heil earnewêr oars. Doe't nei hast sân jier fan fûleindige striid de Seminoalen út 'e omkriten fan Tampa ferdreaun waarden, kaam de kolonisaasje fan it gebiet lykwols gau wer op gong. Yn 1855 krige Tampa offisjeel de status fan stêd.

Yn 1861, oan it begjin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, skate Floarida him mei tsien oare steaten ôf fan 'e Amerikaansk Uny, om 'e Konfederearre Steaten fan Amearika te foarmjen. Fort Brooke krige in Súdlik garnizoen, en ein 1861 sette de Noardlike marine útein mei in blokkade fan alle súdlike havens, wêrûnder Tampa. Súdlike blokkadebrekkers slagge it lykwols geregeldwei om by nacht tusken de Noardlike skippen troch te glûpen, wêrnei't se, almeast op Kuba, slachtfee en sitrusfruchten ferhannelen foar guod dat troch de blokkade yn it Suden krap waard.

Op 30 juny en 1 july 1862 fûn de Slach om Tampa plak, wêrby't de Noardlike marine mei skipsgeskut besocht en skeakelje Fort Brooke út. Dat helle lykwols net in soad út, en oan net ien fan beide kanten foelen der deaden. Op 17 en 18 oktober 1863 fearen twa Noardlike kanonnearboaten oant fuort ûnder de kust en beskeaten dêrwei Fort Brooke en Tampa. Dizze Slach om Fort Brooke rjochte folle mear skea oan as it eardere Noardlike besykjen, en boppedat giene der Noardlike troepen oan lân dy't twa blokkadebrekkersskippen fûnen en ferrinnewearren ear't de pleatslike milysje har tsjinhâlde koe. De oarloch einige yn 1865 mei in Noardlike oerwinning; yn maaie fan dat jier arrivearren der Noardlike troepen dy't yn Fort Brooke legere waarden en yn Tampa oant augustus 1869 as in besettingsmacht fungearren.

 
In cruiseskip yn 'e haven fan Tampa.

Koart nei de oarloch briek der in epidemy fan 'e giele koarts út yn Tampa, dy't mei tuskenskoften oant yn 'e 1870-er jierren oanhold, en foar in nije ûntfolking fan it gebiet soarge. Yn 1883 joech it leger Fort Brooke op, mei't it tsjin dy tiid gjin funksje mear hie. Utsein twa kanonnen dy't noch altiten tepronk steane op it terrein fan 'e Universiteit fan Tampa, binne alle spoaren derfan útwiske. Oant dy tiid wie Tampa mar in lyts fiskersplakje, mar om 'e midden fan 'e 1880-er jierren hinne waard der deunby fosfaat ûntdutsen (dat û.m. foar de produksje fan keunstmest brûkt wurdt). Dat joech de pleatslike ekonomy in bêste triuw yn 'e rêch, en Tampa hat noch altiten in grutte fosfaatútfier.

Koarte tiid letter waard Tampa ek op it spoar oansletten, wat de ekonomy noch mear stimulearre. Yn 1885 brocht Vicente Martínez Ybor syn sigarefabryk oer fan 'e Florida Keys nei Tampa. De neite ta Kuba makke de ymport fan goede Kubaanske tabak oer see maklik, en it nije spoar soarge foar de distribúsje fan 'e sigaren oer de rest fan 'e Feriene Steaten. Mei't Ybor mear arbeiders brûke moast as dat Tampa leverje koe, liet er om syn fabryk hinne hûnderten hûskes sette en loek er grutte oantallen Kubaanske en Spaanske sigaredraaiers oan. Oan 'e ein fan 'e 1880-er jierren folge der in ynfluks fan Italjaanske lânferhuzers en Joaden út East-Jeropa wei. Tsjin 1900 wennen der mear as 10.000 ymmigranten yn 'e wyk dy't doe Ybor City neamd waard.

Yn 'e simmer fan 1898, ûnder de Spaansk-Amerikaanske Oarloch, wie Tampa it plak dêr't de Amerikaanske troepen skip giene nei it doe noch Spaanske Kuba ta. Under de 30.000 man wie ek luitenant-kolonel Theodore Roosevelt, dy't mei syn Rough Riders op Kuba yn 'e Slach om San Juan Hill syn reputaasje makke en dêrtroch letter presidint fan 'e Feriene Steaten waard.

 
De Sunshine Skyway Bridge oer de Baai fan Tampa.

Yn 'e iere tweintichste iuw kaam Tampa yn 'e greep fan ûnderskate groepen fan 'e organisearre misdie, dy't benammen yn 'e tiid fan 'e Drûchlizzing grutte winsten makken mei it slûkjen fan alkohol. Lettere striid om 'e macht resultearre yn 'e hegemony fan 'e organisaasje dy't laat waard troch de Sisyljaanske maffioso Santo Trafficante sr. Nei't dy yn 1954 oan kanker stoarn wie, krige syn soan, Santo Trafficante jr. it yn Tampa foar it sizzen. Dy sleat ferbûnen mei maffiafamyljes yn New York en hie grutte macht yn Floarida en it Kuba fan foar de kommunistyske revolúsje. Dat rûn oan 'e ein fan 'e fyftiger jierren lykwols op 'e non, doe't by in ûndersyk fan 'e nasjonale oerheid de spektakulêre korrupsje fan ûnderskate stedsbestjoerders fan Tampa oan it ljocht kaam.

Tampa hjoed de dei bewurkje seksje

De ekonomy fan Tampa stipet hjoed de dei beanmmen op 'e tsjinstesektor, detailhannel, it fersekeringswêzen, transport, de ûnreplikgoedmerk en toerisme. Fral dat lêste is in noch altiten groeiende brâns. Boppedat bringe in protte minsken út it hiele lân yn Tampa de wintermoannen troch. Toeristen kinne yn Tampa bgl. nei de Lowry Park Zoo, de pleatslike dieretún, dêr't mear as 2.000 eksoatyske en lânseigen bisten te sjen binne; it Floarida-akwarium, mei mear as 20.000 soarten seeplanten en -dieren; of de Busch Gardens Tampa Bay, in ferdivedaasjepark dat it wrâlddiel Afrika as tema hat. Op it mêd fan museä binne der û.m. it Museum fan Wittenskip en Yndustry (MOSI) en it Tampa Museum of Art. Ek it besichtigjen wurdich binne de histoaryske wyk Ybor City en de ûnbidige Sunshine Skyway Bridge oer de Baai fan Tampa. Oare foarmen fan fermaak wurde bean troch de nachtklubs yn it Channelside Distrikt.

Tampa hat twa universiteiten: de Universiteit fan Súd-Floarida (USF) en de Universiteit fan Tampa (UT). Ek sit it Wikimedia-haadrekkensintrum yn 'e stêd. Fierders is Tampa de thúsbasis fan it Amerikaansk footballteam de Tampa Buccaneers, it iishockeyteam de Tampa Bay Lightning en it honkbalteam de Tampa Bay Rays.

Demografy bewurkje seksje

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe yn Tampa fan 'e befolking 12,2 % 65 jier of âlder en 24,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 33,7% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 20,1% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie neffens gegevens yn 2010 sa: 46,3% blanken; 26,2% swarten; 23,1% Latino's; 3,4% Aziaten; 0,4% Yndianen; 0,6% oaren of fan mingd etnysk komôf. Op taalkundich mêd waard fêststeld dat 77,4% fan 'e befolking yn 'e hûs inkeld Ingelsk spriek, wylst it Spaansk mei 17,8% op it twadde plak kaam. De op twa nei grutste taal wie it Frânsk, mei 0,6%. Yn 2006 kaam út in wittenskiplik ûndersyk nei foarren dat Tampa neffens prosinten fan 'e befolking (6,1%) ien fan 'e grutste homoseksuële en lesbyske mienskippen fan 'e Feriene Steaten hat.

 
It Tampa Museum of Art.

Untwikkeling fan de befolkingsgroei bewurkje seksje

Jier Ynwennertal
1850 974
1870 796
1880 720
1890 5.532
1900 15.839
1910 37,782
1920 51,608
1930 101,161
Datum Ynwennertal
1940 108,391
1950 124,681
1960 274,970
1970 277,714
1980 271,523
1990 280,015
2000 303,447
2010 335,709

Berne yn Tampa bewurkje seksje

 
Wolkekliuwers yn it sintrum fan Tampa.

Stoarn yn Wichita bewurkje seksje

Klimaat bewurkje seksje

Tampa leit yn 'e oergongssône fan in tropysk en in subtropysk klimaat, en hat sadwaande hjitte simmers en tige mylde winters. Jannewaris, de kâldste moanne, hat in trochsneed deitemperatuer fan 21,1 °C, yn augustus, de waarmste moanne, is dat 32,3 °C. Rekôrtemperatueren wiene 37 °C op 5 juny 1985 en –8 °C op 13 desimber 1962. De jierlikse delslach is yn Tampa trochstrings 1.175 mm, wêrfan't it meastepart yn it simmerfearnsjier fan juny oant en mei septimber falt yn 'e foarm fan frijwol deistich swierwaar, ornaris op 'e middei. Dêrby wurdt it gebiet om 'e Baai fan Tampa hinne algemien erkend as de "wjerljochthaadstêd fan Noard-Amearika", mei't wjerljochtslaggen der jiers 10 deaden en 30 ferwûnen feroarsaakje.

De lêste mjitbere snie yn Tampa foel op 19 jannewaris 1977. It wie mar in laachje fan ½ sm, mar it ûntwrichte de stêd, dy't op sok waar totaal net taret wie, in hiele dei. Fierders leit Tampa ek yn it paad dat tropyske stoarmen elts jier geane fan 'e Atlantyske Oseaan nei de Golf fan Meksiko. De stêd krige foar it lêst in foltreffer fan in orkaan te ferwurkjen yn 1921. Dat liek yn 2004 eefkes feroarje te sillen, doe't de orkaan Charley rjocht op Tampa tasette. De stêd waard evakuëarre, mar it rûn mei in skamper ôf doe't Charley op it lêste momint fan rjochting feroare.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.