Taartpuzel
In taartpuzel is in wurdpuzel yn de foarm fan in taart.
De taart is yn taartpunten ferdield. De taalpunten foarmje in wurd dêr’t ien letter fan mist. De ûntbrekkende letter wurdt oanjûn mei in fraachteken. Earst moat útfûn wurde oft it wurd mei de klok mei of tsjin de klok yn lêzen wurde moat. Dêrnei wurdt dúdlik mei hokker letter it wurd begjint.
Foar taartpuzels wurde meast wurden fan 9 letters brûkt.
2 voor 12
bewurkje seksjeDe taartpuzel waard bekend troch de Nederlânske telefyzjekwis Twee voor twaalf. De ûntbrekkende letter fan de taartpuzel wie ien fan de 12 letters fan de einoplossing. Taartpuzels wurde yn it programma gauris ôfwiksele mei hynstesprongpuzels.[1]Der binne websites om it oplossen fan taartpuzels en hynstesprongpuzels te oefenjen. [2]
Wurdtsjillen
bewurkje seksjeTaartpunten binne in ferzje fan it Ingelske Word Wheel (wurdtsjil).[3] By wurdtsjillen stiet ien letter sintraal. Doel is om safolle mooglik jildige wurden te foarmjen. De sintrale letter moat yn elk wurd foarkomme. Boppedat hat elke puzel minstens ien wurd fan 9 letters. Wurden moatte minimaal trije letters lang wêze. Der besteane lykwols in soad ferskillende spulrigels. Der binne meardere oplosstrategyën. Sa kin bygelyks socht wurde nei anagrammen foarme troch de letters te werskikken) mei de sintrale letter. Of besykje algemiene foarheaksels (bygelyks 'ûn-', 're-') en efterheaksels (bygelyks '-ing', '-en') te finen. Ek kin socht wurde nei besibbe wurden (bygelyks 'kat' - 'katten') of kombinearre koarte wurden om langere wurden te meitsjjen (bygelyks 'sinne' + 'fisk' = 'sinnefisk').
In fysyk Wurdtsjil waard ûntwurpen yn 1882.[4] Dy papieren puzel hie fjouwer tsjillen (skiven) mei rûnom it hiele alfabet fan A oant Z op elk tsjil. De opdracht wie om tagelyk twa fjouwerletterwurden ûntstean te litten. Dit mocht fan de bûtekant nei binnen of fan binnen nei bûten lêzend. Ien inkel wurd fan fjouwer letters is goed te dwaan, mar twa wurden tagelyk is in grutte útdaging. Der binne nammentlik 17.576 unike posysjes fan fjouwer tsjillen. Der binne mar 353 Ingelske twaletterwurden te meitsjen en noch folle minder trijeletterwurden. Dan is it wol lestich om fjouwerletterwurden tagelyk te finen. [5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Taalpuzels | |
---|---|
anagrampuzel
• drûdel
• filippine
• hertpuzel
• hynstesprong
• kryptogram
• krúswurdpuzel
• paspuzel
• pazurgo
• pentagrampuzel
• petpuzel
• rebus
• sânglêspuzel
• scrabble
• sitaatpuzel
• slashpuzel
• spiraalpuzel
• Sweedske puzel
• taartpuzel
• trochrinner
• weefpuzel
• wordfeud
• wurdfrissel
• wurdian
• wurdl
• wurdljedder
• wurdriuwen
• wurdsiker
• wurdwjirm
|