Z for Zachariah (film)

Z for Zachariah is in Amerikaansk-Iislânsk-Nijseelânsk-Switserske post-apokalyptyske science fiction-dramafilm út 2015 mei trekjes fan in psychologyske skriller. de film stie ûnder rezjy fan Craig Zobel, en de trije haadrollen waarden spile troch Margot Robbie, Chiwetel Ejiofor en Chris Pine. It is in ûnôfhinklike film dy't hiel loskes basearre is op 'e roman mei deselde namme fan Robert C. O'Brien. It ferhaal spilet yn in dystopyske takomst as der in nukleêre holokaust plakfûn hat. De iennichste oerlibbene liket de jonge frou Ann te wêzen, dy't yn in lytse delling yn 'e Appalachen wennet dêr't troch in op himsels steand waarsysteem de radio-aktive strieling net trochkrongen is. Ann har iensume bestean feroaret folslein as koart nei inoar twa oare oerlibbenen har delling berikke. Z for Zachariah krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. De film brocht mar in bytsje op yn 'e bioskopen, mar dat wie mear te witen oan in beheinde distribúsje as oan gebrek oan belangstelling.

Z for Zachariah
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Craig Zobel
produsint Stephen Bannatyne
Steven Johnson
Sophia Lin
Tobey Maguire
Skuli Fr. Malmquist
Matthew Plouffe
Sigurjón Sighvatsson
Þór Sigurjónsson
senario Nissar Modi
basearre op de roman fan Robert C. O'Brien
kamerarezjy Tim Orr
muzyk Heather McIntosh
filmstudio Grindstone Entertainment Group
Lotus Entertainment
Lucky Hat Entertainment
Material Pictures
Night Fox Entertainment
Sig Hvat Films
Silver Reel
Zik Zak Filmworks
distribúsje Lionsgate Films
Roadside Attractions
spilers
haadrollen Margot Robbie
Chiwetel Ejiofor
Chris Pine
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
  Iislân
Nij-Seelân
   Switserlân
premiêre 28 augustus 2015
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 95 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst $121.461

De titel fan Z for Zachariah betsjut "Z foar Sacharja" (yn it Frysk komt de inisjaal net oerien). It ferwiist nei in berneboek fan Ann wêryn't de letters fan it Latynske alfabet beskreaun wurde oan 'e hân fan personaazjes út 'e Bibel. Dat begjint mei "A foar Adam", om't dy de earste minske wie. Mei't de z de lêste letter fan it alfabet is, ymplisearret de titel dat de film oer de lêste minske(n) giet.

Ann Burden is in jonge frou dy't, nei't de wrâld troffen is troch in (net fierder útleine) nukleêre holokaust, in solitêr bestean liedt op it lytse boerespultsje fan har famylje. Dat stiet yn in delling fan 'e Appalachen, dy't troch de hege rotsige omkanten besmoute wurdt tsjin 'e radio-aktive strieling. Hja ferbout har eigen iten, hâldt in pear melke kij en follet har menu oan mei jeien en fiskjen. Dat lêste docht se inkeld yn 'e grutte poel dy't fet wurdt fan in ûndergrûnske wetterfoarrie, dêr't ek it drinkwetter yn har saad wei komt. It wetter yn 'e beek dy't troch de delling streamt, komt fan bûten en is besmet mei radio-aktive strieling en dêrtroch giftich. Har libben is tige leech en iensum, mei inkeld har hûn Faro as selskip.

Op in dei, as Ann op jacht is, ûntdekt se in oare oerlibbene yn har delling, in negroïde man. Skruten om kontakt te meitsjen, folget se him om him fan in ôfstân te observearjen. Hy lit syn pakkelaazje op it paad efter, dat Ann giet dêrhinne om it te besjen en ferliest him út it each. As se him leven meitsjen heart, kriget se in kwea fermoeden en hastiget se har wer efter him oan. It docht bliken dat de man oan it baaien is yn it giftige wetter fan 'e poel ûnder de wetterfal dy't de beek yn 'e delling bringt. Ann ropt him op om derút te kommen, mar de man mient earst sy him oerfalle wol, mei't se har jachtgewear noch yn 'e hannen hat. Nei't dat misferstân út 'e wrâld romme is en de man út it wetter kommen is, wurdt er al rillegau slim siik.

Ann nimt him mei nei hûs, bjint him goed skjin en stoppet him dan op bêd, wêrnei't se him dagenlang ferpleecht. Mei't se tige religieus grutbrocht is, bidt se ynmoedich ta God foar syn oerlibjen. De man begjint úteinlik op te betterjen. Hy fertelt Ann dat er John Loomis hjit en dat er foarhinne in yngenieur wie. Hy soe de ramp oerlibbe hawwe yn in bunker fan 'e oerheid, djip ûnder de grûn, dy't er úteinlik lykwols ferlitten hat om't it oerlibjen op dat plak it libben eins net wurdich wie. Mei help fan in sels ûntwurpen strielingspak en anty-strielingsmedisinen is er út it noarden wei oer in perioade fan wiken geandefoets nei de Appalachen tein.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst Loomis stadichoan syn sûnens weromwint, wurdt er in fêst ûnderdiel fan Ann har stille libben. Hy bewiist syn wearde troch Ann út te lizzen hoe't se hânmjittich branje út 'e pleatslike benzinepomp helje moat om har al lang drûch steande trekker wer brûke te kinnen. Dêrtroch kin se makliker in hiel fjild oanplantsje mei lânbougewaaksen, sadat se de kommende winter net wer honger hoecht te lijen. Letter fertelt se him oer har famylje. Har heit wie in boer anneks predikant, dy't mei eigen hannen it kreaze lytse tsjerkegebou yn 'e delling boud hat. Nei de ramp fûnen hy en har mem it harren plicht as kristenen om op 'e siik te gean nei oare oerlibbenen om dy nei harren delling te lieden. Sadwaande teagen se derop út, mar se kamen nea werom. Ann har trettjinjierrige jongere broer gloep op in nacht fuort om harren âldelju te sykjen, mar ek hy kaam net wer werom. Dat wie mear as in jier lyn. Sûnt hat Ann hjir allinne taholden.

As Loomis weromkeart nei de giftige wetterfal, kriget er it idee om 'e wetterkrêft te brûken om elektrisiteit op te wekjen. Dêrfoar moat it wetter wol opfongen wurde yn in houten trôch om nei in wettertsjil ta laat te wurden. Mei't se gjin ark hawwe om 'e beammen út it wâld ta planken te seagjen, sil foar it boumateriaal lykwols in gebou ôfbrutsen wurde moatte. Se hawwe it hûs en de skuorren en hokken nedich, dat it iennichste bouwurk dat dêrfoar yn oanmerking komt, is de tsjerke. Ann fielt dêr neat foar, mei't se net inkeld as djipleauwige kristen twer is fan it ôfbrekken fan tsjerken, mar ek in sin by it gebou hat om't har heit it boud hat. Loomis, dy't sels net religieus is, hat net folle op mei de hilligens fan hout en spikers, mar dat Ann it wurk fan har deade heit net kwyt wol, kin er wol begripe, dat hy trunet der net fierder op oan.

Wylst se tegearre de ikkers bewurkje en oare putsjes op 'e pleats dogge, groeie Ann en Loomis stadichoan nei inoar ta. Ut en troch wurdt harren ûnderlinge relaasje op 'e proef steld, benammen troch kwestjes op it mêd fan religy en Loomis syn dranksucht nei't er yn it winkeltsje by it benzinestasjon in foarrie ûnoansprutsen bier ûntdekt. Yn dronken steat besiket Loomis Ann mei op bêd te krijen, wat foar har in betiizjende ûnderfining is, mei't se wol wol, mar net op dizze manear. De oare moarns is Loomis tige ûntskuldigjend. Dy jûns besiket Ann him te ferlieden, mar diskear is it Loomis dy't foarkomt dat se seks hawwe. Hy fertelt har dat er wol wol, mar dat soks harren relaasje feroarje sil en dat se der better noch in skoftke mei wachtsje kinne. By wize fan kompromis sliepe se tegearre op ien bêd sûnder seks te hawwen.

Underwilens dogge har yn 'e delling riedseleftige ynsidinten foar, lykas de hinnen dy't op in moarn gjin aaien lein blike te hawwen, wat noch nea foarkommen is, en it silhûet fan in man dat Ann yn it doarsgat fan it tsjerkegebou gewaarwurdt as se it oargel bespilet, wylst Loomis letter úthâldt dat er de hiele dei net by de tsjerke west hat. Nei ferrin fan tiid kulminearret dat yn 'e ûntdekking dat der in trêde oerlibbene yn 'e delling arrivearre is, in jongeman dy't Caleb hjit. Ann ferwolkommet him op 'e pleats sa't se dat earder ek mei Loomis dien hat, mar Loomis is fuort tige erchtinkend. Caleb seit dat er in mynwurker wie en dat er de ramp oerlibbe hat trochdat er op it stuit dat dy foarfoel djip yn 'e myn oan it wurk wie. Hy wie fan doel om troch te reizgjen nei de kust fan 'e Golf fan Meksiko, dêr't in hiele mienskip fan oerlibbenen bestean soe. Mar no't er dizze ûnoanroerde delling ûntdutsen hat, wifelet oer wat er sil.

It is net sa nuver dat Loomis him bedrige fielt troch de nijynkommeling, want Caleb is blank (lykas Ann), mear fan Ann har jierren, mear fan Ann har maatskiplike klasse, komt út itselde diel fan it lân as Ann en is boppedat ek noch strang kristlik, lykas sy (of hâldt alteast út dat er dat is). Der ûntjout him in klassike trijehoeksferhâlding, wêrby't Ann har seksueel oanlutsen fielt ta beide manlju. Caleb begjint op subtile wize tusken har en Loomis te stokeljen, û.o. troch te sizzen dat inkeld leauwenden in kâns hawwe om sa'n apokalyps te oerlibjen. Loomis goait syn eigen glêzen yn troch Ann te fertellen dat se him neat ferplichte is en dat se rêstich mei Caleb op bêd gean kin, wylst se dêr op dat stuit noch hielendal net iens oan tinkt. Ta oermjitte fan ramp seit er dat er it wol begrypt dat blanken leaver mei blanken gean wolle, wêrmei't er ymplisearret dat Ann in rasiste is.

It trijetal begjint in min ofte mear stabyl bestean op 'e pleats, wêrby't de beide mannen inoar oanhâldend besykje te ûndermynjen: Loomis stelt fraachtekens by Caleb syn ferhaal en motiven, wylst Caleb trochgiet mei it beklamjen fan 'e religieuze konneksje dy't hy (en Loomis net) mei Ann dielt. Yn in petear ûnder iten dat folslein ûngaadlik is foar dy gelegenheid, bringe Loomis en Caleb allebeide post-apokalyptyske ferskrikkings op 'e aljemint dy't se belibbe hawwe foar't se de delling berikten. Loomis syn ferhaal giet oer in jonge mei fierfoardere strielingssykte dy't him smeekte om him út syn lijen te ferlossen, mar dy't er sa efterliet om't er neat foar him dwaan koe. Letter, as se allinnich binne, bychtet Loomis oan Ann op dat er de jonge wol deeglik holpen hat troch him dea te sjitten, en dat er, oan 'e hân fan 'e foto's dy't se him sjen litten hat, sterk fermoedet dat it har broer wie.

As Caleb heart fan Loomis syn plan om 'e tsjerke ôf te brekken sadat er elektrisiteit opwekje kin, is er fuortendaliks entûsjast. Hy praat op Ann yn en brûkt syn eigen status as mei-leawende om har oer te heljen. Trijeresom sette se útein mei it ôfbrekken fan it tsjerkegebou, wêrnei't Loomis in wettertsjil bout en dat mei Caleb tegearre by de wetterfal ynstallearret. Nei in stikmannich dagen bodzjen sprekt it trijetal op in jûn in flesse wyn oan foar wat wolfertsjinne ferdivedaasje. Oan 'e ein fan dy jûn seit in swierbeskonken Loomis tsjin Ann dat er fan har hâldt, om koart dêrnei bewusteleas op barren bêd del te fallen. Ann, dy't langet nei mear as wurden, heart Caleb yn 'e badkeamer, begluorket him as er neaken is en jout har úteinlik by him, wêrnei't se seks hawwe.

De oare moarns fiet Caleb witten en mienen de spanning op troch mei leafdefolle oanrekkings fan Ann oan Loomis dúdlik te meitsjen wat der bard is. Ann fielt har beskamme troch har ûnberette hâlden en dragen en ûntflechtet de moeting. De beide mannen geane tegearre oan it wurk. Loomis fertelt Caleb dat er tsjin Ann sein hie dat se alles dwaan moast dat nedich wie om Caleb yn 'e delling te hâlden. Caleb antwurdet dat er dêr neat fan leaut, mar it is dúdlik dat Loomis him oan it twifeljen brocht hat.

Twaresoam bejouwe Loomis en Caleb har nei de wetterfal, dêr't se de trôch yn posysje takelje om it wetter op te fangen en nei it wettertsjil ta te lieden. Dêrfoar docht Caleb it antystrielingspak fan Loomis oan om him heech boppe de mei rotsen besiedde poel yn it radio-aktive wetter fan 'e stream te bejaan, dêr't it oer de dellingsrâne kletteret. Nei't de trôch fêstset is, glidet Caleb yn it bombidige pak út as er oer de râne omheech besiket te klimmen. Mei de help fan in feilichheidstou dat troch in katrol rint, skuort Loomis him by de rotsen op. Dêrnei makket er it tou los út 'e katrol. Op dat stuit glidet Caleb yn it wetter fan 'e stream nochris út en driget oer de râne hinne spield te wurden, wêrnei't er perfoarst te pletter falle sil op 'e rotsen yn 'e poel dêrûnder. It iennichste dat soks tsjinkeart, is Loomis, dy't no it feilichheidstou allinne noch mei de hannen fêsthâldt. Wylst Caleb yn 'e weef stiet op 'e râne, sjogge de beide mannen inoar yn 'e eagen.

 
Margot Robbie.
 
Chiwetel Ejiofor.
 
Chris Pine.

Letter keart Loomis allinne werom nei it boerespultsje. Ann besiket har te ûntskuldigjen foar har promiskuïteit mei Caleb de jûns tefoaren, mar Loomis seit dat Caleb ôfset is nei de koloanje fan oerlibbenen oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko. Hy hat de besittings dy't er op 'e pleats efterlitten hat, ruile tsjin it antystrielingspak en hat him ôfjûn sûnder ôfskie te nimmen fan Ann. Dy fettet dat nijs min op en fljocht dravendewei nei de ein fan 'e delling om Caleb te efterheljen, mar se fynt gjin spoar fan him. Neitiid ûntstiet der in spande stilte tusken Loomis en Ann, mei't se deroan twifelet oft syn ferhaal oer de ôfreis fan Caleb wol wier is. Underwilens giet Loomis nei it restant fan 'e tsjerke, dêr't Ann har dierbere oargel no yn 'e bûtenlucht stiet.

Letter dy deis begjint op 'e pleats de kuolkast te brommen ta teken dat der wer elektrisiteit is. Ann rekket yn in opteine stimming en docht alle lampen oan. Se draaft ta it hûs út om Loomis te sykjen, en treft yn in skuorre har oargel oan, dat Loomis binnendoar helle hat om it tsjin 'e eleminten te beskermjen. Mear noch, hy hat it opsteld as yn in tsjerke en hat mei planken en jerrycans in stikmannich tsjerkebankjes ymprovisearre. Wylst Ann in hymne begjint te spyljen, komt Loomis deryn en nimt plak op ien fan 'e bankjes. As Ann him in heal útskroevene, heal ûntrêstge blik ta werpt, sit Loomis hannewringend ta te harkjen wylst it byld ferdizenet ta swart.

Rolferdieling

bewurkje seksje
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Ann Burden Margot Robbie
John Loomis Chiwetel Ejiofor
Caleb Chis Pine

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Z for Zachariah waard regissearre troch Craig Zobel nei in senario fan Nissar Modi. Dat wie hiel loskes basearre op 'e roman dy't ek Z for Zachariah hiet, fan Robert C. O'Brien. It wie O'Brien syn lêste boek, dat by syn dea yn 1973 ûnfoltôge bleau, ôfmakke waard troch syn frou Sally M. Conly en dochter Jane Leslie Conly en postúm útjûn waard yn 1974.

Z for Zachariah wie in Amerikaansk-Iislânsk-Nijseelânsk-Switserske ko-produksje. As produsinten wiene Stephen Bannatyne, Steven Johnson, Sophia Lin, Tobey Maguire, Skuli Fr. Malmquist, Matthew Plouffe, Sigurjón Sighvatsson en Þór Sigurjónsson by it projekt belutsen foar de filmstudio's Grindstone Entertainment Group, Lotus Entertainment, Lucky Hat Entertainment, Material Pictures, Night Fox Entertainment, Sig Hvat Films, Silver Reel en Zik Zak Filmworks. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Tim Orr, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Heather McIntosh.

Casting Opnamen

bewurkje seksje

Doe't de plannen foar de film yn maaie 2013 bekendmakke waarden, soe Amanda Seyfried de rol fan Ann fertolkje. Hja rekke letter lykwols by de produksje wei en waard ferfongen troch de Australyske aktrise Margot Robbie.

De opnamen foar Z for Zachariah setten op 27 jannewaris 2014 útein. Hoewol't de film spilet yn it súdeastlik part fan 'e legere 48 Feriene Steaten, waard er fierhinne opnommen yn Nij-Seelân, yn 'e provinsje Canterbury, yn 'e omkriten fan Christchurch. De iepeningssêne, wêryn't de yn in provisoarysk antystrielingspak klaaide Ann har bûten har delling bejout, waard yn maart 2014 opnommen yn Welch, yn 'e Amerikaanske steat West-Firginia.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Z for Zachariah waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Roadside Attractions en dêrbûten troch Lionsgate Films. De film waard op 24 jannewaris 2015 foar it earst fertoand op it Sundance Filmfestival foar ûnôfhinklike films yn Utah. Op 28 augustus 2015 waard Z for Zachariah yn 'e Feriene Steaten útbrocht yn in beheind tal bioskopen en tagelyk beskikber makke as video-on-demand fia it ynternet.

Ferskillen tusken roman en film

bewurkje seksje

Hoewol't Z for Zachariah basearre is op 'e roman mei deselde namme fan Robert C. O'Brien, binne der grutte ferskillen. Yn it foarste plak is it personaazje fan Caleb in betinksel fan 'e filmmakkers, mei't yn it boek inkeld Ann en Loomis foarkomme. Dêrby is Ann yn it boek jonger, in famke fan sechstjin jier noch mar, wylst Loomis dêr in hiel oare persoanlikheid hat. Hy is in autoritêr figuer en begjint Ann fuort nei syn oankomst de wet foar te skriuwen. As er har besiket te ferkrêftsjen, flechtet se nei in grot. Der ûntstiet in eskalearjende sitewaasje wêrby't Loomis Ann de tagong ta iten ûntseit en har op in stuit sels yn 'e foet sjit. As har skotwûne ûntstutsen rekket, kriget Ann koartsdreamen oer oare oerlibbenen yn in oare delling, dy't se op in stuit begjint te leauwen. Om't se gjin takomst foar har en Loomis tegearre sjocht, stelt se syn antystrielingspak en set ôf om har dreamdelling te sykjen.

Fan 'e filmkritisy krige Z for Zachariah oer it algemien positive resinsjes. Der wie benammen lof foar it aktearjen fan Margot Robbie yn 'e rol fan Ann. Max Nicholson fan IGN joech de film in 7,7 op in skaal fan 1 oant 10. Hy skreau: "Hoewol't de film net sûnder inkele flaters op it mêd fan toan is, ferankerje de aktearprestaasjes – yn 't bysûnder Robbie harres – it ferhaal yn in aldertreflikste, post-apokalyptyske reäliteit." Matt Zoller Seitz fan 'e webside RogerEbert.com parte Z for Zachariah 21/2 fan 4 stjerren ta, en skreau: "Der sitte in hiel soad skerpsinnich skreaune, regissearre en spile mominten fan ferljochting en beklemming yn."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Z for Zachariah in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 89 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] wringt in oangripend drama út in simplistysk útgongspunt – hoewol mei in tempo dat it geduld fan minder prakkesearderige sjoggers wolris op 'e proef stelle kin." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Z for Zachariah in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 28 resinsjes.

Z for Zachariah brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten $121.461 op. Hoewol't it in ûnôfhinklike film betreft, mei in grif net al te grut (mar ûnbekend) budget, liket dat net genôch te wêzen om kyt te spyljen. It beheinde tal bioskopen yn acht nommen dêr't de film draaide, lykje de distributeurs lykwols mear ynset te hawwen op opbringst út video-on-demand en ferkeap foar tillefyzje-útstjoering.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.