Armand de Kersaint
Armand de Kersaint (útspr.: [aʁˈmɔ̃ː də kɛʁˈsɛ̃ː], likernôch: "ach-mông duh kech-sêng"; folút: Armand-Guy-Simon Coëtnempren, greve fan Kersaint; Parys, 29 july 1742 – dêre, 4 desimber 1793) wie in Frânsk marine-ofsier en politikus fan etnysk Bretonsk komôf. Hy kaam út in famylje dy't in skiednis fan militêre tsjinst by de Frânske Marine hie. Under it Ancien Régime klom er op ta de rang fan fise-admiraal. Nettsjinsteande syn aadlike eftergrûn sleat er him nei de Frânske Revolúsje oan by de nije machthawwers. As girondyn wie Kersaint lid fan sawol de Wetjaande Gearkomste as de Nasjonale Konvinsje. Hy foel lykwols yn ûngenede omreden fan syn opposysje tsjin 'e deastraf fan kening Loadewyk XVI. Yn 1793 einige er dêrom sels ek ûnder de guillotine.
Armand de Kersaint | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Armand-Guy-Simon Coëtnempren, greve fan Kersaint | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 29 july 1742 | |
berteplak | Parys | |
stoarn | 4 desimber 1793 | |
stjerplak | Parys | |
etnisiteit | Bretonsk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1755 – 1791 | |
yn tsjinst fan | Keninkryk Frankryk | |
legerûnderdiel | marine ● Frânske Marine | |
heechste rang | fise-admiraal (sûnt 1793) | |
konflikt(en) | Am. Unôfhinklikheidsoarloch Earste Koälysjeoarloch | |
oar wurk | lid fan 'e Wetjaande Gearkomste lid fan de Nasjonale Konvinsje |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeEftergrûn
bewurkje seksjeKersaint waard yn 1742 berne yn Parys. Hy kaam út in âld aadlik etnysk Bretonsk geslacht, dat in skiednis hie fan militêre tsjinst by de Frânske Marine. Syn heit, Guy-François de Coëtnempren de Kersaint, hie himsels as marine-ofsier ûnderskaat, en ek syn broer Guy-Pierre de Kersaint (1747-1822) tsjinne by de Frânske Marine.
Militêre karriêre
bewurkje seksjeKersaint joech him yn 1755 by de Frânske Marine. Yn 1757, doe't er op syn heite skip tsjinne, waard er befoardere ta de rang fan faandrich foar moed yn in oarlochssitewaasje. Yn july 1778 fierde er as kaptein-op-see it befel oer syn eigen 32-kanons oarlochsskip de Iphigénie, doe't er yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch it Britske skip de HMS Lively bútmakke. Yn 1782 hie Kersaint de lieding oer in Frânske ekspedysjemacht dy't útstjoerd waard om 'e troch de Britten besette Steatske WIC-koloanjes Demerara en Essequibo (yn wat no Guyana is) te feroverjen.
Doedestiden wiene de ofsieren fan 'e Frânske Marine ferdield yn twa kampen, de 'readen', oftewol de eallju, en de 'blauwen', oftewol lju fan net-aadlik komôf. Doe't yn 1789 de Frânske Revolúsje útbriek, keas Kersaint, nettsjinsteande syn aadlike eftergrûn, partij fan 'e blauwen. Hy naam de nije ideeën oer en yn in eigenskreaun pamflet mei as titel Le Bon Sens foel er de privileezjes fan 'e adel oan. By de Nasjonale Konstituëarjende Assimblee tsjinne er in foarstel yn foar in reorganisaasje fan 'e marine, dat lykwols ôfwiisd waard.
Politike karriêre
bewurkje seksjeOp 4 jannewaris 1791 waard Kersaint troch de Assimblee yn Parys oansteld as bestjoerder fan it Frânske departemint fan 'e Seine. Dêrnjonken waard er ek as deputé suppléant ("plakferfangend ôffurdige") keazen yn 'e Wetjaande Gearkomste. Al rillegau waard er oproppen om syn sit yn te nimmen, doe't in oare ôffurdige opstapte.
Yn 'e Gearkomste waard it wichtichste doel fan Kersaint om syn ideeën foar reorganisaasje fan 'e marine dertroch te krijen dy't earder tsjinkeard wiene. Hy krige al mei gauwens foar it ferstân dat soks neat wurde soe, of it moast wêze dat der in algemiene herfoarming fan alle ynstellings trochfierd waard. Sadwaande joech er syn stipe oan 'e revolúsjonêren. Sa karde er yn it iepenbier it hâlden en dragen fan kening Loadewyk XVI fan Frankryk ôf en op 10 augustus 1792, nei de bestoarming fan 'e Tuileryen, stimde er foar de ôfsetting fan 'e kening.
Koarte tiid letter waard Kersaint útstjoerd op in misje om it Armée du Centre, it sintraal legere diel fan it Frânske Revolúsjonêre Leger, te ynspektearjen. Op dy reis died er Soissons, Reims, Sedan en de Ardinnen oan. Yn Sedan waard er omreden fan syn aadlik komôf arrestearre troch de pleatslike machthawwers, mar nei in pear dagen liet men him wer frij. Werom yn Parys naam Kersaint aktyf diel oan 'e lêste debatten yn 'e Wetjaande Gearkomste, wêryn't besletten waard om in Bulletin officiel te publisearjen, in rapportaazje oer de fuortgong fan 'e herfoarmings.
Troch it departemint Seine-et-Oise waard Kersaint yn septimber 1792 as ôffurdige nei de Nasjonale Konvinsje stjoerd, dy't it wurk fan 'e Wetjaande Gearkomste fuortsette. Op 1 jannewaris 1793 waard er befoardere ta de rang fan fise-admiraal. Yn 'e Konvinsje wijde er himsels wer oan kwestjes dy't mei de marine en de lânsferdigening te krijen hiene. Sa skreau er in rapport oer it Britske politike systeem en de ynfloed dêrfan op 'e Britske Keninklike Marine. Ek soarge er derfoar dat der yn 'e Konvinsje in dekreet oannommen waard foar de formaasje fan in kommisje foar definsje, dy't nei withoefolle oanpassings úteinlik it Komitee foar Iepenbiere Feilichheid wurde soe.
Tsjin dy tiid hie Kersaint him by de girondinen jûn, de tsjinstanners fan 'e montagnards. Begjin 1793 stimde er tsjin 'e deastraf foar Loadewyk XVI en foàr in oprop oan it folk om genede foar de kening. Op 20 jannewaris leid er syn funksje yn 'e Nasjonale Konvinsje del. Nei de ûnthalzing fan 'e kening waard de opposysje fan Kersaint tsjin it nije rezjym fûleindiger. Hy spriek skande fan 'e Septimbermoarden, wêrby't oanhingers fan 'e Revolúsje 1.100 oant 1.600 finzenen stânrjochtlik eksekutearren. Mar doe't er frege waard om syn miening te rjochtfeardigjen, beheinde er himsels ta in ferbale oanfal op Jean-Paul Marat, dy't op dat stuit geweldich populêr wie ûnder it folk. Syn freonen besochten foar Kersaint de post fan minister fan Marine te besetten, mar dêr kaam alhiel neat fan op 'e hispel.
Arrestaasje en eksekúsje
bewurkje seksjeKersaint waard op 23 septimber 1793 arrestearre yn Ville d'Avray, deunby Parys, wêrnei't er foar it Revolúsjonêr Tribunaal brocht waard. Hy waard beskuldige fan belutsenens by in gearspanning om it Hûs Boerbon yn Frankryk wer oan 'e macht te bringen, en teffens fan mislediging fan 'e nasjonale fertsjintwurdiging troch syn ûntslachnimmen as lid fan 'e Nasjonale Konvinsje. Hy waard ta de dea feroardiele en kaam op 4 desimber 1793 yn Parys ûnder de guillotine.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |