Bad Moms
Bad Moms is in Amerikaansk-Sineeske komeedzjefilm út 2016 ûnder rezjy fan Jon Lucas en Scott Moore, mei yn 'e haadrollen Mila Kunis, Kristen Bell en Kathryn Hahn. De titel betsjut "Minne Memmen". It ferhaal giet oer Amy Mitchell, dy't al jierren besiket de bêste mem yn 'e wrâld te wêzen, mar yn dy bedoeling jammerdearlik faalt, oant se op in dei beslút om in 'minne mem' te wêzen en har dêr net mear foar te skamjen. Bad Moms krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar waard in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In ferfolchfilm, A Bad Moms Christmas, kaam yn 2017 út.
Bad Moms | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Jon Lucas Scott Moore | |
produsint | Bill Block Suzanne Todd | |
senario | Jon Lucas Scott Moore | |
kamerarezjy | Jim Denault | |
muzyk | Christopher Lennertz | |
filmstudio | STX Entertainment H. Brothers Tang Media Productions | |
distribúsje | STX Entertainment | |
spilers | ||
haadrollen | Mila Kunis Kristen Bell Kathryn Hahn | |
byrollen | Christina Applegate Jada Pinkett Smith Annie Mumolo Jay Hernandez Oona Laurence Emjay Anthony David Walton | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Sina | |
premiêre | 19 july 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 101 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $20 miljoen | |
opbringst | $183,9 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Bad Moms | |
● folgjend diel | A Bad Moms Christmas |
Plot
bewurkje seksjeAmy Mitchell is in troude frou dy't yn in foarstêd fan Chicago wennet mei har man Mike en harren beide jonge bern Jane en Dylan. Hja wurket as ferkeapster foar in 'hippe' kofjeprodusint, dêr't sy mei goed tritich jier fierwei de âldste wurknimmer is en nettsjinsteande har ûnôflittende ynset foar it bedriuw net wurdearre wurdt troch har jongere baas, dy't har as in krimmenearjende seurpyt sjocht. Amy is oerwurke en hat fierstente folle dingen dy't se bûten har wurk om dwaan moat, lykas it klearmeitsjen fan brea-iten en sûne itenspakketten foar tusken de middei foar de bern, it dwaan fan it húswurk fan 'e bern, en it bringen en wer ôfheljen fan 'e bern op skoalle en by alderhanne bûtenskoalske aktiviteiten, wylst Mike mar wat oankloatet en amper in hân útstekt. Dêrboppe-op komme dan nochris de hast deistige gearkomsten fan 'e âlderried fan 'e skoalle, belein troch de freeslik bazige foarsitter Gwendolyn James, dy't mei har trewanten Stacy en Vicky alle oare memmen en ek de learaars tirannisearret. Har gearkomsten geane ornaris oer ûnderwerpen dy't ek noch neat om 'e hakken hawwe.
As Amy op in dei Mike trappearret wylst er masturbearret mei de camgirl Sharon, mei wa't er al tsien moannen digitaal blykt om te slaan en op wa't er fereale rekke is, ynterpretearret Amy dat as in foarm fan oerhoer en wâdet him ta it hûs út. Neitiid besiket se har hiele bestean rinnende te hâlden sûnder it lytse bytsje help dat se dêrby earder fan Mike wist los te peuterjen, mar dat slagget har net. Nei in dei fol mislearrings en tsjinrampen hat Amy skjin har nocht, en as se te let op in gearkomste fan 'e âlderried komt dy't op 'e nij nearne oer giet, seit se Gwendolyn it mannewaar op en wegeret se noch mei te wurkjen oan har nuvere opstigings.
Ynstee giet Amy nei de kroech om har te bedrinken, dêr't se Carla Dunkler treft, in lakonike, tige seksueel aktive allinnichsteande mem, dy't by de opfieding fan har soan de laisser faire-oanpak huldiget. Kiki, in húsfrou dy't omkomt yn 'e easken dy't har fjouwer jonge bern en har bazige en gemaksuchtige man Kent oan har stelle, folget Amy nei de kroech om har te fertellen hoe'n bewûndering oft se hat foar de skrobbearring dy't se oan Gwendolyn James jûn hat. De trije memmen reitsje oan 'e praat en begjinne trijeresom glêzen te leegjen. As se goed dronken binne, beslist Amy dat se fan no ôf oan net mear besykje sil om 'e bêste mem fan 'e wrâld te wêzen, om't dat dochs nea slagje sil. Ynstee sil se akseptearje dat se in minne mem is en dêr moat de wrâld mar mei leare te libjen. De oare beide memmen slute har dêrby oan.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De oare deis begjint Amy har nije filosofy fuortendaliks yn 'e praktyk te bringen troch gjin brea-iten foar har bern klear te meitsjen. As dy dêr oer kleie, seit se dealeuk dat se âld genôch binne om sels iten klear te meitsjen. Se bringt de bern nei skoalle yn 'e klassike auto dêr't Mike sa sunich op is, en jout harren foar tusken de middei snacks út in fastfoodrestaurant mei. As Dylan letter ferwachtet dat Amy syn húswurk foar him dwaan sil, stegeret se dat ôf en fertelt him dat er mar ris fan syn loaie kont ôf komme moat om syn eigen húswurk te dwaan. As Jane seit dat se eins hielendal gjin sin hat oan 'e bûtenskoalske lessen Mandarynsk dy't se folget, nimt Amy har ynstee mei nei de djoere skientmesalon dêr't Carla wurket, dy't harren troch de efterdoar binnenlit sadat se fergees in behanneling krije kinne.
Oanfitere troch Carla en Kiki beslút Amy dat se wer op ôfspraakjes gean moat, mar by in spesjale jûn foar allinnichsteanden yn in pleatslike hotelbar, skrikt se de iene nei de oare man ôf troch de dwersferkearde dingen te sizzen. Uteinlik rekket se oan 'e praat mei Jesse, in knappe widner waans dochterke op deselde skoalle sit as har bern. Jesse fertelt har dat er altyd al temûk in eachje op har hân hat, en se beëinigje de jûn troch te tútsjen.
Op 'e 'bakferkeap' fan 'e âlderried (wêrby't âldelju eigenbakte koekjes en taartsjes ferkeapje om jild yn te sammeljen foar in goed doel) komt Amy opdaagjen mei doughnuts dy't se kant en klear yn 'e winkel kocht hat. Gwendolyn, dy't omreden fan harren eardere oanfarring dochs al it grau op Amy hie, beskôget dat as in oarlochsferklearring. De oare deis set se coach Craig, de trainer fan it fuotbalteam fan 'e skoalle, ûnder druk om Amy har dochter Jane foargoed op 'e reservebank te setten. Jane is alhiel yn triennen oer dy gong fan saken, dat om Gwendolyn oan te pakken, stelt Amy har ferkiesber foar de posysje fan foarsitter fan 'e âlderried. Underwilens hat Amy har man Mike, nei in folslein mislearre besykjen ta houliksterapy, ynstimd mei in freonskiplike skieding.
By de presintaasje dy't Amy fan harsels as kandidaat hâldt, komt, ôfsjoen fan Carla en Kiki, mar ien oare mem opdaagjen, en dat allinne om't Carla har ferteld hie dat sy mei har man sliepe soe as se fuortbleau. Fan dy mem kriget it trio te hearren dat alle oare memmen nei in gearkomste gien binne dy't Gwendolyn mei sin op deselde jûn belein hat, wêrfan't de catering fersoarge wurdt troch Martha Stewart. Om't Amy-en-dy in hiele steapel doazen mei goedkeape wyn foar de gasten ynslein hiene, beslute se dêr sels mar oan te begjinnen. Gwendolyn goait har eigen glêzen yn troch in saaie taspraak te hâlden dy't oerenlang duorret, wylst de oanwêzige memmen foto's op harren mobile tillefoanen ûntfange fan 'e wyndrinkende en feestfierende Amy en har freondinnen. De oare memmen begjinne dan stikem wei te wurden of ferlechjes te betinken om no daliks fuort te moatten, sadat se ynstee nei Amy ta kinne. Ek Martha Stewart naait út om by Amy thús eigenmakke bonbons mei in folling fan sterke drank te servearjen. Oan 'e ein fan jûn stjoert Carla op Amy har mobyltsje in seksueel tinte berjocht oan Jesse, wat deryn resultearret dat Jesse delkomt en de nacht mei Amy trochbringt.
Gwendolyn is lykwols net foar ien gat te fangen, en mei Stacy en Vicky kringt se te neare nacht it skoalgebou yn om marihûana yn Jane har locker te lizzen. As de drugs dêr ûntdutsen wurde, ûntseit de skoallieding Jane foar straf de tagong ta alle bûtenskoalske aktiviteiten. Jane jout har mem de skuld fan al har resinte tsjinrampen en yn 'e mande mei Dylan en Roscoe de hûn giet se te útfanhûzjen by har heit Mike. Dyselde deis jout Dale, Amy har baas, har dien om't er wegeret begryp op te bringen foar har redens om 'e lêste tiid ferskate dagen frij te nimmen.
Alhiel telider slein is Amy net fan doel om noch diel te nimmen oan 'e âlderriedsferkiezings, mar Carla en Kiki wegerje har yn selsbegrutsjen weisakje te litten. Se slepe har mei nei de gearkomste. As Kiki ûnderweis dêrhinne in tillefoantsje fan har man Kent kriget mei it boadskip dat de fjouwer bern him tefolle wurde en dat se no fuortendaliks thúskomme moat, lit se har foar it earst net op 'e kop sitte. Se seit tsjin him dat se no gjin tiid hat om him te helpen, dat er net sa'n mytsje wêze moat en dat er mar sjen moat dat er no ris syn eigen kont rêdt. Op 'e gearkomste oankommen, jout Amy in ynsprirearjende taspraak oer hoe't memmen harrensels tastean moatte om fouten te meitsjen en dat se allegear ferlet hawwe fan mear frije tiid. Dêrom sil sy, as se foarsitter wurdt, minder gearkomsten en minder eveneminten organisearje. Dat liket de oare oanwêzige memmen skoan ta en Amy wint de ferkiezing ta foarsitter fan 'e âlderried mei de hannen op 'e rêch. As se letter sjocht dat Gwendolyn James allinnich yn har auto sit te gûlen, giet se nei har ta om har te treastgjen. Gwendolyn biedt har ûntskuldigings oan foar de marihûana yn Jane har locker en bychtet op dat har eigen libben ek net perfekt is, mei't har man krekt oppakt is foar fraude.
Inkele wiken letter is eltsenien in stik lokkiger. Amy hat no in fêste relaasje mei Jesse. Mei help fan Gwendolyn hat se foarinoar krigen dat Jane wer meispylje mei yn it fuotbalteam fan 'e skoalle, en Dylan hat leard om sels iten te sieden en docht no sûnder kleien syn eigen húswurk. By Kiki en Kent thús is it machtslykwicht bliuwend ferskood nei de kant fan Kiki, en Kent helpt no folop mei by de fersoarging fan 'e bern. Carla hat fan 'e oare memmen leard om har krekt wat mear ta te lizzen op 'e opfieding fan har soan, dy't dêrtroch oangenaam ferrast is. Alle oare memmen, Stacy en Vicky ynbegrepen, binne no better útrêst en hawwe mear enerzjy. Amy har âlde baas Dale, dy't ta de ûntdekking kommen is dat Amy dejinge wie dy't syn bedriuw draaiende hold, skillet har yn panyk op om har te freegjen werom te kommen, mar Amy betinget dêrfoar in salarisferheging fan 100% en trije folwoeksen wurknimsters om har mei de wurklêst te helpen. De film einiget as Gwendolyn Amy, Carla en Kiki meifreget yn it priveefleantúch fan har man, foar in dei fan ferdivedaasje.
(Under de ôftiteling binne bylden te sjen fan leden fan 'e cast (Mila Kunis, Kristen Bell, Kathryn Hahn, Christina Applegate, Jada Pinkett Smith en Annie Mumolo) dy't harren eigen echte memmen ynterviewe oer harren opfieding.)
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Amy Mitchell | Mila Kunis |
Kiki | Kristen Bell |
Carla Dunkler | Kathryn Hahn |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Gwendolyn James | Christina Applegate |
Stacy | Jada Pinkett Smith |
Vicky | Annie Mumolo |
Jesse Harkness | Jay Hernandez |
Jane Mitchell | Oona Laurence |
Dylan Mitchell | Emjay Anthony |
Mike Mitchell | David Walton |
Dale Kipler | Clark Duke |
dokter Elizabeth Karl | Wanda Sykes |
rektor Daryl Burr | Wendell Pierce |
coach Craig | J.J. Watt |
Tessa | Megan Ferguson |
Cathy | Lilly Singh |
Kent | Lyle Brocato |
Jaxon | Cade Cooksey |
harsels | Martha Stewart (cameo) |
Russyske mem | Eugenia Kuzmina |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeBad Moms waard regissearre troch Jon Lucas en Scott Moore nei in senario fan eigen hân. As produsinten wiene Bill Block en Suzanne Todd by it projekt belutsen foar de filmstudio's STX Entertainment, H. Brothers en Tang Media Productions. De film wie dêrmei in Amerikaansk-Sineeske ko-produksje. Der wie foar Bad Moms in budget beskikber fan $20 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jim Denault, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christopher Lennertz. De opnamen setten útein op 11 jannewaris 2016 en duorren oant en me 1 maart fan dat jier. Hoewol't de film yn 'e foarstêden fan Chicago spilet, waard er opnommen yn New Orleans.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Bad Moms waard fersoarge troch STX Entertainment. De film gie op 19 july 2016 yn New York yn premiêre, wêrnei't er op 29 july iepene yn 'e Amerikaanske bioskopen. Bad Moms kaam op 1 novimber 2016 út op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Bad Moms mingde resinsjes. Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone parte de film 21/2 fan 4 stjerren ta en skreau: "[Bad Moms] siket oan 'e ein in leffe útwei troch fan it ynsleine paad ôf te wiken, mar it is noch hieltyd hardcore-hilariteit foar oerwurke memmen dy't op 'e siik binne nei in jûntsje út mei de freondinnen." Lindsey Bahr fan it parseburo Associated Press skreau: "Bad Moms hie safolle kânsen om geweldich, op it rântsje ôf en ynsjochjaand te wêzen, mar nimt ynstee genoegen mei it flauste kommentaar dat mooglik is op it moderne memwêzen."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Bad Moms in ridlik goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 169 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] beskikt oer in geweldige cast en jout in wolkomme draai oan 'e komeedzje oer húshâldings – en dat is faak genôch om it ûngelokkige ûnfermogen fan 'e film goed te meitsjen om folslein fan dy foardielen te profitearjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Bad Moms in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 34 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeBad Moms brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $113,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $70,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $183,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $20 miljoen betsjut dat in winst fan $163,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. It Amerikaanske tydskrift Deadline Hollywood berekkene de úteinlike skjinne winst op $50,8 miljoen.
Prizen
bewurkje seksjeBad Moms waard nominearre foar twa People's Choice Awards, en wûn de priis yn 'e kategory favorite komeedzjefilm. De oare nominaasje wie foar favorite aktrise yn in komeedzjefilm (Kristen Bell).
Ferfolchfilms
bewurkje seksjeYn novimber 2017 kaam fan Bad Moms in ferfolchfilm út, mei de titel A Bad Moms Christmas. Dêryn krije de minne memmen mei de kryst besite fan harren eigen memmen, dy't noch minder binne as sysels. De film waard makke troch fierhinne deselde crew en mei deselde cast, dêr't Susan Sarandon, Christine Baranski en Cheryl Hines har by joegen as de memmememmen.
Fierders waard yn oktober 2016 de spin-off-film Bad Dads ("Minne Heiten") oankundige, mar anno 2021 liket dat projekt op 'e lange baan skood te wêzen. Yn 2019 waard ek oankundige dat Sarandon, Baranski en Hines harren eigen film krije soene: Bad Moms' Moms, wêrfan't de produksje lykwols fertraging oprûn troch de koroanafiruspandemy.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Bad Moms
- (in) Ynformaasje oer Bad Moms yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |