Berjocht:Side fan de wike 2019/wike 51
George Vancouver (King's Lynn (Ingelân), 22 juny 1757 – Petersham (Ingelân), 10 maaie 1798) wie in Britsk marine-ofsier en ûntdekkingsreizger fan Ingelsk komôf. Hy waard ferneamd troch de Vancouver-ekspedysje, in maritime ûntdekkingstocht dy't fan 1791 oant 1795 ûnder syn lieding plakfûn en wêrby't de kusten fan Alaska, Britsk-Kolumbia, Washington en Oregon oandien waarden. Vancouver ferkende ek de Hawaï-eilannen en de súdwestkust fan Austraalje. Yn Kanada waarden letter de stêd Vancouver en Vancouvereilân nei him ferneamd, en yn 'e Feriene Steaten de stêd Vancouver (Washington). Fierders drage ek twa bergen, in rivier en in mar syn namme.