Birmeeske hazze
De Birmeeske hazze (wittenskiplike namme: Lepus peguensis) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Mei twa oare soarten, de Hainanhazze (Lepus hainanus) en de swarthekhazze (Lepus nigricollis), foarmet dit bist it ûnderskaai fan 'e Yndyske hazzen (Indolagus). It ferspriedingsgebiet fan 'e Birmeeske hazze beslacht it grutste part fan Súdeast-Aazje. It is in herbivoar nachtdier. De IUCN klassifisearret dizze soarte as net bedrige.
Birmeeske hazze | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lepus peguensis | ||||||||||||
Blyth, 1855 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding
bewurkje seksjeIt ferspriedingsgebiet fan 'e Birmeeske hazze beslacht it grutste part fan Súdeast-Aazje en rint fan noardlik Birma oant de kust fan 'e Súdsineeske See yn it suden fan Fjetnam. Ek sintraal Birma, noardlik en eastlik Tailân, de Birmeeske en Taiske dielen fan it uterste noarden fan it skiereilân Malakka, westlik Laos en frijwol hiel Kambodja hearre derta. Yn sintraal Tailân, it noarden fan Fjetnam en yn 'e Mekongdelta yn it uterste suden fan dat lân ûntbrekt dit bist lykwols.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe Birmeeske hazze is in lytse oan middelgrutte hazzesoarte, mei trochinoar in kop-romplingte fan 44–50 sm en in sturtlingte fan 61/2–8 sm. It gewicht bedraacht 2–21/2 kg. De lange earen hawwe swarte punten. Fierders is de pels grizich mei wat rodzich hier dertrochhinne. De efterein is folle grizer as de rest fan it lichem, en de bealch en oare ûnderste lichemsdielen binne wyt. De sturt is wyt fan boppen en swart fan ûnderen. De poaten binne wyt by de ûndersoarte yn Birma (de echte Birmeeske hazze), mar by de ûndersoarte yn Tailân (de Siameeske hazze) binne se readbrún oant gielbrûn.
Biotoop
bewurkje seksjeDe Birmeeske hazze is in soarte dy't benammentlik yn it leechlân foarkomt, hoewol't er yn 'e bergen fan noardlik Tailân oant in hichte fan 1.300 m waarnommen is. Yn oare bercheftige kriten komt er net heger foar as 800 m. Karakteristike habitats foar dit bist binne drûch ûnlân, iepen plakken yn tropysk reinwâld en sânige kontreien oan 'e kust. Teffens komme Birmeeske hazzen in protte foar oan 'e iggen fan rivieren, op lân dat der yn 'e reintiid ûnder strûpt. De soarte is ek oanwêzich yn rysfjilden dy't op tradisjonele manear bewurke wurde, mar sterk yrrigearre yntinsive sawa's mijt er.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeBirmeeske hazzen binne nachtdieren mei in herbivoar dieet, dy't benammen gerzen, twiichjes en beamskoars frette. De moerhazze smyt, nei in draachtiid fan likernôch 37 dagen, in nêst fan trochinoar 3–4 jongen. Der wurde ferskate nêsten jongen yn 't jier smiten. De libbensdoer fan 'e Birmeeske hazze bedraacht nei skatting 6 jier.
Status
bewurkje seksjeDe Birmeeske hazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Bedrigings foar lokale populaasjes binne fral de útwreiding fan yntinsive lânbou en oerbejaging.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne 3 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e Birmeeske hazze (Lepus peguensis):
- L. p. peguensis (echte Birmeeske hazze)
- L. p. siamensis (Siameeske hazze)
- L. p. vassali
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|