Hainanhazze
De Hainanhazze (wittenskiplike namme: Lepus hainanus) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Mei twa oare soarten, de Birmeeske hazze (Lepus peguensis) en de swartnekhazze (Lepus nigricollis), foarmet dit bist it ûnderskaai fan 'e Yndyske hazzen (Indolagus). De Hainanhazze komt inkeld foar op it grutte eilân Hainan, yn súdeastlik Sina. It is in solitêr libjend nachtdier, dat relatyf lyts is foar in hazze. De IUCN klassifisearret de Hainanhazze as bedrige.
Hainanhazze | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lepus hainanus | ||||||||||||
Swinhoe, 1870 | ||||||||||||
IUCN-status: bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding
bewurkje seksjeDe Hainanhazze is yn syn fersprieding beheind ta it grutte eilân Hainan yn 'e Súdsineeske See, dat it súdlikste part fan 'e Folksrepublyk Sina foarmet. Op Hainan komt dit bist inkeld foar yn it westlike diel fan it eilân.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe Hainanhazze is relatyf lyts foar in hazze. Hy hat trochinoar in lichemslingte (ynkl. sturt) fan 35–40 sm. It gewicht bedraacht 1,3–1,8 kg. De earen binne 8-10 sm lang, wylst de efterpoaten in lingte hawwe fan 7,6–9,6 sm. Dy ferhâlding, mei earen dy't langer binne as efterpoaten, is hiel ûngebrûklik foar hazzen. De kop is lyts en rûn. De pels is sêft en relatyf fel kleure. De rêch is sânkleurich, mar skaait by de wringe út nei kastanjebrún en swart. De siden en poaten binne kastanjebrún en de bealch is wyt. De sturt is swart fan boppen en wyt fan ûnderen. Om 'e eagen hinne hat de Hainanhazze in wite of krêmkleurige ring.
Biotoop
bewurkje seksjeDe Hainanhazze libbet yn drûch (d.w.s. net sompich) gerslân mei boskjes strewelleguod. Hy mijt berchtmen en lânbougrûn, en komt yn heuvellân foar oant op in hichte fan likernôch 300 m.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeHainanhazzen binne solitêr libjende bisten, dy't inkeld byinoar komme yn 'e peartiid. Se binne oer it algemien benammen nachts aktyf, hoewol't se ek yn 'e jûnsskimer faak al op 'e lapen komme. Soms kinne se ek oerdeis waarnommen wurde. De Hainanhazze graaft gjin hoale, mar jout him oerdeis del yn in leger, in ûndjip dobke, dat er makke hat middenmank strewelleguod of oare opgeande begroeiïng. Hainanhazzen binne herbivoaren, dy't libje op in dieet fan gerzen en krûden. Oer de fuortplanting fan dizze soarte is gjin ynformaasje bekend.
Status
bewurkje seksjeDe Hainanhazze hat de IUCN-status fan "bedrige", mei't syn ferspriedingsgebiet beheind is ta in (diel fan in) eilân, dêr't er troch de oanboazjende ynfloed fan 'e minske ûnder swiere druk stiet. It wichtichste probleem wie foar de Hainanhazze foarhinne oerbejaging om syn pels. Dy bedriging hâldt ek tsjintwurdich yn mindere mjitte noch oan. Mar slimmer noch is op 't heden it oangeande habitatferlies dêr't de Hainanhazze lykas alle oare fauna op Hainan ûnder te lijen hat, mei't de oanwinnende minsklike befolking fan it eilân hieltyd mear wyldernis ûntgint foar gebrûk yn 'e lânbou of foar stedsútwreiding.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|