De swartnekhazze of swartnekke hazze (wittenskiplike namme: Lepus nigricollis), ek wol Yndyske hazze neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Mei twa oare soarten, de Birmeeske hazze (Lepus peguensis) en de Hainanhazze (Lepus hainanus), foarmet dit bist it ûnderskaai fan 'e Yndyske hazzen (Indolagus). De swartnekhazze komt foar op it Yndyske subkontinint, Sry Lanka en Java. Dit bist is op ferskate oare eilannen troch de minske yntrodusearre as eksoat. De swartnekhazze is in middelgrutte hazze, dy't benammen nachts aktyf is en teffens yn 'e jûnsskimer en de moarnsdage. It is in herbivoar bist dat benammen gers fret. De IUCN klassifisearret dizze soarte as net bedrige.

swartnekhazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus nigricollis
F. Cuvier, 1823
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     lânseigen fersprieding
     troch de minske yntrodusearre as eksoat
     oarsprong ûnwis

Fersprieding

bewurkje seksje

It lânseigen ferspriedingsgebiet fan 'e swartnekhazze beslacht it grutste part fan it Yndyske subkontinint. Dêrta hearre hast hiel Bangladesj, eastlik en súdeastlik Pakistan, de súdlike râne fan Nepal, en Yndia útsein it hegere berchlân fan 'e Himalaya yn it noarden. Der wurdt oannommen dat de swartnekhazze ek foarkomt yn Bûtan, mar dy ûnderstelling wurdt op 't heden noch net troch waarnimmings skoarre. Ek Sry Lanka, foar de súdkust fan it subkontinint, heart ta it lânseigen ferspriedingsgebiet fan dit bist. Fierders komt de swartnekhazze foar op Java, it haadeilân fan Yndoneezje. It is ûndúdlik oft er dêr lânseigen is of in eksoat.

Wol is bekend dat dizze soarte troch de minske yntrodusearre is op 'e Andamanen, in arsjipel yn it noardeastlike part fan 'e Yndyske Oseaan dy't ta Yndia heart. Itselde jildt foar it grutte eilân Madagaskar yn it westlike diel fan 'e Yndyske Oseaan en guon lytsere eilannen dêr net fier ôf: de Komoaren, Majot, Mauritsius, Reünion en de Seysjellen. Yn 'e Yndyske Arsjipel is de swartnekhazze fierders noch troch de minske fan Java ôf yntrodusearre op it grutte eilân Nij-Guineä, sawol yn it Yndonezyske part (West-Papoea) as yn it ûnôfhinklike lân Papoea Nij-Guineä.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De swartnekhazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 33–53 sm. It gewicht bedraacht 1,8–3,5 kg, mei in gemiddelde fan 2,5 kg. Eksimplaren út it suden fan it Yndysk subkontinint binne ornaris wat grutter en foarser as guon út it noarden. De pels is grizich brún útskaaiend nei rodzigens op it meastepart fan 'e rêch de siden, op 'e bûtenkant fan 'e efterpoaten en op 'e wangen, mar readbrún op 'e snút, it foarste diel fan 'e siden en de bûtenkant fan 'e foarpoaten. De binnenkant fan 'e poaten, it boarst en de bealch binne wyt. It meast opfallende skaaimerk fan dit bist wurdt foarm troch de swarte nekke en bopperêch, dêr't de swartnekhazze syn namme oan ûntlient.

Swartnekhazzen libje yn woastinen, steppen, flakten, op gerslân en boulân en yn wâlden, útsein mangrovewâlden oan 'e kust. Yn it Nilgiriberchtme fan súdlik Yndia komt dizze soarte foar oant op in hichte fan 2.000 m en yn 'e Himalaya oant op in hichte fan teminsten 2.400 m.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

De swartnekhazze is benammen in nachtdier en in krepuskulêr bist (aktyf yn 'e jûnsskimer en moarnsdage). Oerdeis lûkt er him werom yn in leger (in ûndjip dobke), dat er makke hat ûnder strewelleguod of middenmank oare tichte begroeiïng. Foar minsken oer hâldt en draacht er him tige skruten. Swartnekhazzen binne herbivoaren en frette oer it algmien gerzen. Op Sry Lanka is ek waarnommen hoe't se swiete jirpels en slaad frette út kokentunen.

De peartiid wreidet him by swartnekhazzen út oer it hiele jier en moerhazzen kinne sadwaande it hiele jier troch drachtich wêze. Oer it algemien komme per smeet 1–4 jongen te wrâld, mar as de drachtigens yn 'e moesson falt, kinne der mear jongen wêze om't dan it foarriedich wêzen fan mear fretten ferwachte wurde kin. Fral jonge swartnekhaskes wurde gauris it slachtoffer fan predaasje troch karnivoare sûchdieren (wêrûnder ek domestisearre hûnen en katten) en troch rôffûgels.

De swartnekhazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten

bewurkje seksje

Der binne 7 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e swartnekhazze (Lepus nigricollis):

  • L. n. aryabertensis
  • L. n. dayanus
  • L. n. nigricollis
  • L. n. ruficaudatus
  • L. n. sadiya
  • L. n. simcoxi
  • L. n. singhala (op Sry Lanka)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: References, op dizze side.