Bringing Up Baby (film)
Bringing Up Baby is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 1938 ûnder rezjy fan Howard Hawks, mei yn 'e haadrollen Cary Grant en Katharine Hepburn. De film wie basearre op in koart ferhaal fan Hagar Wilde mei deselde namme. De titel betsjut "It Fuortbringen fan Baby", mei dêryn besletten dat er nei it noarden (op in lânkaart omheech, up) brocht wurde moat. It ferhaal folget in boekige paleöntolooch dy't der mei de gedachten oer it algemien net alhiel by is, as er tsjin wil en tank ferskate moetings efterinoar hat mei in healwize mar tsjeppe jonge frou, dy't fan har broer in panter tastjoerd krigen hat mei de namme Baby. Sy spant him foar har karke om op syn troudei ynstee mei har it bist út New York nei it lângoed fan har rike famylje yn Connecticut te bringen. Bringing Up Baby krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, mar flopte yn 'e bioskopen. Sûnt de 1930-er jierren is de reputaasje fan 'e film oanwoeksen ûnder sawol kritisy as it filmpublyk. Yn 1990 waard Bringing Up Baby útornearre foar preservearring yn it National Film Registry fan 'e Library of Congress.
Bringing Up Baby | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Howard Hawks | |
produsint | Cliff Reid Howard Hawks | |
senario | Dudley Nichols Hagar Wilde Robert A. McGowan Gertrude Purcell | |
basearre op | it ferhaal fan Hagar Wilde | |
kamerarezjy | Russell Metty | |
muzyk | Roy Webb | |
filmstudio | RKO Pictures | |
distribúsje | RKO Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Cary Grant Katharine Hepburn | |
byrollen | May Robson Charles Ruggles Walter Catlett Barry Fitzgerald Fritz Feld | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 16 febrewaris 1938 | |
foarm | swart-wyt-langspylfilm | |
sjenre | romantyske komeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 102 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $1,1 miljoen | |
opbringst | $1,1 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeDavid Huxley is in boekige paleöntolooch út New York, dy't der mei de gedachten oer it algemien net alhiel by is. De ôfrûne fjouwer jier hat er foar it museum dêr't er wurket, dwaande west mei it gearstallen fan in skelet fan in brontosaurus, dêr't lykwols noch ien bonke fan ûntbrekt: de 'tuskenribskaaibonke'. Hy stiet boppedat op it punt om te trouwen mei syn assistinte, de strange Alice Swallow, dy't him al ferteld hat dat harren houlik foarearst platoanysk bliuwe sil, om't se net wol dat Huxley ôflaat wurdt fan syn wichtige wurk foar it museum. De druk dêr't er ûnder stiet wurdt noch fergrutte troch syn ferlet om in goede yndruk te meitsjen op 'e rike widdo Elizabeth Carlton Random, dy't it idee yn omtinken nommen hat om in miljoen dollar oan it museum te skinken.
De deis foar syn trouwerij hat Huxley op 'e golfbaan ôfsprutsen mei Alexander Peabody, de abbekaat dy't frou Random fertsjintwurdiget. De moeting rint lykwols folslein yn it hûndert as de golfbal fan Huxley, skynber by fersin, fuortslein wurdt troch Susan Vance, in tsjeppe jonge frou mei in frije geast, dy't har neat gelegen lizze lit oan 'e wetten fan 'e logika. Nei't Huxley úteinlik syn bal weromhelle hat, riidt Susan yn syn auto fuort, wêrfan't se úthâldt dat it harres is. Huxley set de efterfolging yn en mist sa syn golfwedstryd mei Peabody.
As er dy jûns in nije ôfspraak mei de abbekaat makke hat yn in restaurant, treft er dêr Susan wer, dy't him derfan beskuldiget dat er har oeral folget. Troch har tadwaan falt Huxley earst boppe-op syn hege hoed en rekket letter it jaske fan syn rokkostúm útskuord. As er by ûngelok op 'e seame fan Susan har jurk stean giet, skuort dêr fan efteren ek in stik ôf, wêrnei't er har, hear dat er is, nei har appartemint begeliedt om derfoar te soargjen dat nimmen har ûnderbroek sjocht. Dêrtroch mist er fannijs syn moeting mei Peabody. It docht lykwols bliken dat Susan kunde hat oan Peabody en wit wêr't de man wennet. As se jûns let dêrhinne geane, leit de abbekaat lykwols al op bêd. Susan beslút him wekker te meitsjen troch stientsjes tsjin syn sliepkeamersrút te smiten, mar as Peabody earder iependocht as ferwachte, goait se him mei in stien bewusteleas.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De oare deis wurdt by Huxley einlings de langferwachte tuskenribskaaibonke fan 'e brontosaurus besoarge. Wylst er risselwearret om dy by it museum ôf te jaan en dan nei juffer Swallow ta foar de trouwerij, wurdt er opskille troch Susan. Har broer Mark hat har út Brazylje wei in nuete panter stjoerd dy't Baby hjit. Se wit net wat se mei it bist oan moat en freget Huxley om help. Hy makket har dúdlik dat er neat mear mei har te krijen hawwe wol, mar as Susan stroffelet en delkneppelet mei in bats en in gjalp, mient er dat de panter har oanfallen hat, in misferstân dat sy frijmoedich oanfiteret. Hy hastiget him dêrom nei har appartemint ta, dêr't fuortendaliks útkomt dat der mei Susan neat mis is. Se hat lykwols al in echte panter yn har badkeamer, dy't neffens it begeliedend brief fan Mark delbêde wurde kin troch it liet I Can't Give You Anything But Love, Baby te sjongen. Neffens itselde bryfke hâldt it bist ek fan hûnen, al is it net dúdlik oft er graach mei hûnen omgean mei of dat se syn leaflingsiten binne.
Om't se de panter dúdlik net yn har appartemint hâlde kin, hat Susan besletten dat Baby nei it lângoed fan har famylje yn Connecticut ta moat, sadat se ris beprakkesearje kin wat se mei it bist oan moat. Se manipulearret Huxley om har te helpen en bring Baby dêrhinne. (Har motiven dêrfoar binne op dat stuit noch ûndúdlik, mar letter bychtet se oan har muoike op dat it foar har leafde op it earste gesicht wie doe't se Huxley op 'e golfbaan seach, en dat alle nuvere dingen dy't se sûnt útheefd hat, bedoeld wiene om him tsjin eltse priis by har te hâlden en foar te kommen dat er mei juffer Swallow trouwe koe.)
Nei in stikmannich brike aventoeren ûnderweis nei Connecticut arrivearje Huxley en Susan úteinlik mei Baby op it lângoed, dêr't se de panter opslute yn in hynstestâl. Om't Huxley ûnderweis Baby út in swannepoel wei wrakselje moatten hat, giet er ûnder de dûs. Susan makket fan 'e gelegenheid gebrûk om syn klean wei te nimmen en fuort te stjoeren om wosken en stoomd te wurden. (Dêrby is it har lykwols net te dwaan om 'e steat fan syn klean, mar om derfoar te soargjen dat er net fuort kin.) Underwilens komt Susan har muoike thús, dy't nimmen oars blykt te wêzen as Elizabeth Carlton Random, de pontinsjele skinkster fan jild oan it museum. Huxley, dy't op dat punt fan it ferhaal yn in neglizjee omrint om't dat it iennichste stik klean is dat er fine kin, smeket Susan om har muoike net te fertellen wa't er is, mei't er him gjin mindere earste yndruk foarstelle kin as dy't er op dit stuit ôfjaan moat. Susan, dy't gau-gau in namme foar him betinke moat, stelt him dêrom oan har muoike foar as menear Bone ("Bonke"), fanwegen de tuskenribskaaibonke fan 'e brontosaurus dy't Huxley noch hieltyd oeral hinne meidraacht.
Wylst Huxley gaadliker klean lient fan frou Random har túnman Gogarty, ûntdekt George, it hûntsje fan frou Random, de bonke, dêr't er mei útnaait. Huxley is yn alle steaten as er ûntdekt dat George de bonke, dy't fan ûnskatbere wearde is, earne op it lângoed bedobbe hat. As frou Random dy jûns majoar Horace Applegate útnûget sadat se mei har fjouweren dinearje kinne, rint Huxley, dy't noch altyd trochgiet foar Bone, hieltyd by de tafel wei as George nei bûten giet, om te sjen oft de hûn him ek nei syn bonke liede sil. Underwilens is der yn in plak deunby it lângoed in sirkus mei in panter dy't de dompteur oanfallen hat. De sirkusdirekteur beslút it bist ôfmeitsje te litten en stjoert twa fan syn mannen der mei de panter op út om nei in slachthûs yn in oanbuorjend plak ta, dat oer in gaskeamer beskikt.
Under iten kriget frou Random in tillegram fan Mark. Ut it petear dat folget, blykt dat Baby eins net bedoeld wie foar Susan, mar foar frou Random, mei't hja altyd al in panter hawwe wollen hat. Tsjin dy tiid is Baby lykwols út 'e stâl ûntsnapt mei't Gogarty sûnder euvelmoed de stâldoar iepenstean litten hat. As Susan dat foar it ferstân kriget, giet se der by tsjuster temûk mei Huxley op út om Baby te sykjen, hoewol't it Huxley mear te dwaan is om George, dy't ek útnaaid is. Se ûntdekke beide bisten oare kant in beekje, mar as se dat oerstekke wolle, blykt it lykwols ûnferwachts sa djip te wêzen dat se kopke-ûnder geane. As se úteinlik dweiltrochwiet de oare kant berikke, binne hûn en panter poater. Letter sjogge se oan 'e trochgeande wei de frachtwein fan it sirkus mei efterop de koai mei de panter. Susan sjocht dat bist foar Baby oan en nimt oan dat de mannen de panter fongen hawwe. Wylst Huxley harren oan 'e praat hâldt, lit sy de panter út 'e koai, wêrnei't dy fuortendaliks útpykt.
Te neare nacht ûntdekke Susan en Huxley ien fan 'e panters op it dak fan in oanbuorjende wente. Om him nei ûnderen te lokjen, begjinne se I Can't Give You Anything But Love, Baby te sjongen. Dat makket de bewenners, de psychiater Fritz Lehman en de frou, wekker, dy't de útlis fan 'e sjongende lju ûnder har finster net leauwe, en de plysje belje. Fan syn berop út nimt Lehman oan dat er mei lju fan dwaan hat dy't wat sljochtsinnich binne. De pleatslike konstabel, Slocum, en syn plysjes komme del om Susan en Huxley mei te nimmen nei it plysjeburo, dêr't se yn sellen opsletten wurde. Slocum leaut it betize ferhaal fan Susan en Huxley likemin, temear om't frou Random, as er har opskillet om te freegjen oft se in muoikesizzer hat dy't Susan hjit, him derfan bewissiget dat Susan op bêd leit en sliept. In dronken Gogarty wurdt troch Slocum-en-dy ek opsletten as er oer in panter begjint. Letter kriget frou Random foar it ferstân dat Susan mist, en set se nei it plysjeburo ta mei majoar Applegate, dy't ûnderwilens in eigen ûnoangename moeting mei de sirkuspanter hân hat. Tsjin dy tiid leaut Slocum neat mear en smyt er harren ek yn 'e sel as er by it tillefoantsje nei it lângoed frou Gogarty, de húshâldster, derfoar kriget, dy't úthâldt dat de echte frou Random op bêd leit en sliept.
Susan fertelt Slocum úteinlik mar wat er hearre wol, nammentlik dat se in trochwintere misdiedichster is dy't "Swingin' Door Susie" neamd wurdt. Mei alle oare finzenen foarmet se de Panterbinde, dy't ferantwurdlik is foar in hiele rige ûnoploste misdriuwen. Wylst Slocum kontrolearret oft har ferklearring wol goed opskreaun wurdt troch syn assistint, ûntkomt Susan troch in iepensteand finster. Ear't de plysjes har efternei kinne, arrivearret abbekaat Alexander Peabody, waans identiteit garandearre wurdt troch dokter Lehman, dy't him inkele dagen lyn noch troffen hat yn itselde restaurant dêr't Susan har jurk teskuord rekke. Peabody kin dêrop ynstean foar de identiteit fan alle oaren.
Slocum beseft syn flater en lit al syn finzenen frij, hoewol't er noch hieltyd it ferhaal oer in panter net leaut. Dat feroaret as George de terriër op eigen manneboet opdaagjen komt mei Baby de panter op sleeptou. Baby wurdt opsletten yn ien fan 'e sellen. Fuort dêrnei arrivearje de beide mannen fan it sirkus om by de plysje oan te jaan dat se hjir yn 'e omkriten in gefaarlike panter weitôge hawwe. Dat hawwe se amper sein of Susan komt werom mei Baby (tinkt se) oan in tou. De oars sa meigeande Baby akselet no lykwols danich tsjin, mar dochs slagget it har om it bist mei te krijen it plysjeburo yn, sadat se oan alle oanwêzigen sjen litte kin dat der in echte panter yn Connecticut omrint. De oaren begripe no lykwols dat it om 'e sirkuspanter gean moat, en Huxley rêdt Susan it libben fan it yrritearre bist troch it mei in stoel yn in oare sel te driuwen.
Inkele dagen neitiid, as Huxley wer werom yn New York is, set juffer Swallow him oan 'e dyk, mei't er de ôfrûne dagen neffens har sjen litten hat hoe't er wier yninoar sit. Hy is sadwaande net de man mei wa't sy trouwe wol. Letter, as Huxley oan it skelet fan syn brontosaurus wurket, siket Susan him yn it museum op. Se hat dagenlang George alle stappen efternei rûn en úteinlik hat de hûn har nei de missende bonke ta laat. Se beklimt in hege en wiffe ljedder om Huxley de tuskenribskaaibonke oer te langjen, en fertelt him ek dat har muoike oan har de miljoen dollar jûn hat en dat sy besletten hat dy oan it museum te skinken. Huxley is dêr wol tige wiis mei en as Susan him fertelt dat se fan him hâldt, moat er tajaan dat er ek gefoelens foar har ûntwikkele hat. Se ferrinnewearret lykwols fjouwer jier fan syn wurk as har ljedder omtrûdelet en se fan needs op it brontosaurusskelet klimt, dat ynstoart ûnder har gewicht. Huxley kin har noch krekt beetpakke en op syn steger helpe. Nei't Susan him bepraat hat om har te ferjaan, liket Huxley him derby del te lizzen dat syn libben tenei ien en al gaos wêze sil en krûpt er har oan foar in tút.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
dr. David Huxley | Cary Grant |
Susan Vance | Katharine Hepburn |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
muoike Elizabeth Carlton Random | May Robson |
majoar Horace Applegate | Charles Ruggles |
konstabel Slocum | Walter Catlett |
Aloysius Gogarty, de túnman | Barry Fitzgerald |
dokter Fritz Lehman | Fritz Feld |
Alice Swallow | Virginia Walker |
Alexander Peabody | George Irving |
Hannah Gogarty, de húshâldster | Leona Roberts |
frou Lehman | Tala Birell |
plysjeman Elmer | John Kelly |
professor LaTouche | D'Arcy Corrigan |
Tom, de barkeeper | Billy Bevan |
de slachter | Billy Franey |
de sirkusdirekteur | Dick Lane |
motorplysje | Ward Bond |
sirkusman | Jack Carson |
George de hûn | Skippy |
Baby / de sirkuspanter | Nissa |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeBringing Up Baby wie basearre op it koarte ferhaal Bringing Up Baby, fan Hagar Wilde, dat oarsponklik yn 'e edysje fan 10 april 1937 fan it wykblêd Collier's Weekly publisearre waard. Regisseur Howard Hawks sleat yn maart 1937 in kontrakt mei filmstudio RKO Pictures foar in filmadaptaasje fan it gedicht Gunga Din, fan Rudyard Kipling, wêrfan't de preproduksje al sûnt de hjerst fan 1936 oan 'e gong wie. Doe't it de studio lykwols net slagge om akteurs Clark Gable, Spencer Tracy en Franchot Tone te lienen, dy't ûnder kontrakt stiene by Metro-Goldwyn-Mayer (MGM), rûn de ferfilming oansjenlike fertraging op. Wylst er wachte, begûn Hawks sadwaande mar oan in ferfilming fan Bringing Up Baby te wurkjen, mei't er in protte wille belibbe hie oan it ferhaal. RKO kocht yn juny 1937 de filmrjochten fan Wilde foar $1.004,– oan.
It senario fan Bringing Up Baby waard spesjaal foar aktrise Katharine Hepburn skreaun en oan har persoanlikheid oanpast troch Dudley Nichols, Hagar Wilde, Robert A. McGowan en Gertrude Purcell, hoewol't de lêste beide net op 'e ôftiteling fan 'e film fermeld waarden. As produsinten wiene Hawks en Cliff Reid by it projekt belutsen, dêr't in budget foar beskikber fan $1,1 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Russell Metty, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Roy Webb. It liet I Can't Give You Anything But Love, Baby, dat prominint yn 'e film foarkomt om't de meldij it iennichste is dat de panter delbêdet, waard spesjaal foar de film skreaun troch Jimmy McHugh en Dorothy Fields.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen fan Bringing Up Baby setten yn septimber 1937 útein yn Los Angeles en duorren oant jannewaris 1938, langer as dat hoegd hie as it filmskema folge wie. De produksje rûn lykwols geregeldwei fertraging op om't haadrolspilers Cary Grant en Katharine Hepburn harren eigen dialooch betochten en inoar dan de sloppe laits oanjagen. Sa duorre it opnimmen fan 'e sêne wêryn't Grant oan Hepburn freget wêr't se syn bonke (Ingelsk bone, ek in sprektaalterm foar "penis") brocht hat, fan 10 oere moarns oant rom nei 4 oere middeis om't de beide filmstjerren har net goed hâlde koene en hieltyd op 'e nij yn laitsjen útbarsten.
Hepburn wraksele fierders mei har komyske rol, mei't se gauris oeraktearre om't se te bot besocht om grappich te wêzen. Walter Catlett, in feteraan fan 'e teäterfoarm vaudeville, waard ynset om har te coachen. Hepburn wie sa ûnder de yndruk fan syn kwaliteiten as komysk akteur, dat se der op stie dat him yn 'e film de rol fan konstabel Slocum taparte wurde soe. Wat ek net holp om 'e opnamen op skema te hâlden, wie dat regisseur Howard Hawks it him op 'e filmset wol oan tiid die en ien kear sels de hiele produksje healwei de filmdei stillizze liet sadat er nei in hurddraverij gean koe.
It wurkjen mei biste-akteurs wie ek net befoarderlik foar it dwaan fan flugge opnamen, mei't de bisten har net folle gelegen lizze lieten oan minsklike skema's. De rol fan 'e terriër George waard spile troch Skippy, in hûntsje dat ek yn ferskate oare films út 'e 1930-er en 1940-er jierren spile en earder mei Cary Grant gearwurke hie yn The Awful Truth (1938).
De rol fan Baby de panter (èn fan 'e útnaaide sirkuspanter) waard spile troch in echt loaihoars dat Nissa hiet. Dat soe 'nuet' west hawwe, mar by eltse sêne dêr't it bist yn ferskynde, stie njonken de kamera trainer Olga Celeste klear mei in swipe om yn te gripen as it mis gie. Dat barde yndie ris, doe't Hepburn har hommels omdraaide mei as gefolch dat har rok fansiden wyndere en Nissa kjel makke. It bist helle dêrop út nei Hepburn, mar skrille tebek doe't de trainer de swipe klappe liet. Hepburn koe fierders goed mei Nissa oer de wei, hoewol't se swiere parfum droech om 'e grutte kat wat te bedwelmjen. Grant, lykwols, wie skitende benaud foar de panter en de measten fan syn sênes mei Nissa binne montaazjes fan him sûnder de panter en close-ups fan lichemsdielen fan in body double mei de panter.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Bringing Up Baby waard fersoarge troch RKO Pictures. De film gie op 16 febrewaris 1938 yn San Francisco yn premiêre, mar iepene dêrnei pas op 23 novimber fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Bringing Up Baby doedestiden oer it algemien positive resinsjes. Otis Ferguson fan The New Republic fûn de film bgl. grappich en priizge de rezjy fan Howard Hawks. It tydskrift Variety hie ek lof foar de rezjy en dêrnjonken foar de aktearprestaasjes fan Katharine Hepburn ("ien fan har meast enervearjende filmkarakterisearrings") en Cary Gant ("giet folslein op yn syn rol"). Wol hie it blêd krityk op 'e lingte fan 'e sêne yn it selleblok. Film Daily neamde de film "letterlik hilarysk fan begjin oant ein", wylst Harrison's Reports spriek fan "in treflike klucht".
Frank S. Nugent fan The New York Times wie lykwols gjin fan fan Bringing Up Baby. Hy fûn dat it ferhaal tefolle oan oare films ûntliend wie en smoarfol klisjees siet, in grienmank fan tsientallen oare komeedzjefilms út 'e foargeande jierren. Hepburn har optreden omskreau er as "efter de pûst, sûnder nut en tige, tige wurchmeitsjend." Syn konklúzje wie: "As jo noch nea nei de film west hawwe, sil Bringing Up Baby in nije ûnderfining foar jo wêze: in healwiis produkt fan 'e nuvere kluchteskoalle. Mar wa hat no noch nea nei de film west?"
Tsjintwurdich wurdt Bringing Up Baby heger wurdearre as yn 'e 1930-er jierren. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 46 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei Katharine Hepburn en Cary Grant op harren […] bêst is Bringing Up Baby in naadleas gearstalde komeedzje mei beklibjende oantrekking." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Bringing Up Baby in goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 17 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeBringing Up Baby brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $715.000 op, en yn alle oare lannen en territoaria $394.000. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.109.000. Ofset tsjin it budget fan $1,1 miljoen betsjut dat dat de film syn eigen produksje werombetelle mar winst noch ferlies makke. Mei't RKO Pictures fansels ek marketingkosten makke hie, waard de film rûnom as in flop beskôge. Nettsjinsteande dat wie de film wól in súkses yn beskate stêden yn 'e Feriene Steaten: San Francisco, Los Angeles, Portland, Cincinnati en Washington, D.C. Yn New York sloech er lykwols gjin dûk yn in pakje bûter en ferdwûn er nei ien wike al wer út 'e bioskopen. Yn 1940 en 1941 waard Bringing Up Baby nochris yn 'e bioskoop útbrocht en waard yn Noard-Amearika $95.000 en om utens $55.000 binnenswile, wêrmei't de film einlings yn 'e swarte sifers kaam.
It teloarstellende resultaat fan Bringing Up Baby late derta dat RKO it kontrakt mei regisseur Howard Hawks ûntbine liet. Dyselde waard doe foar de film Gunga Din ferfongen troch George Stevens. Hawks sei letter dat er mei Bringing Up Baby in grutte flater begien hie trochdat àlle personaazjes yn 'e film healwizelingen wiene, mei as gefolch dat it publyk him net mei in normale haadpersoan assosjearje koe dy't troch tadwaan fan healwizelingen yn bizarre sitewaasjes fersyld rekket. Dy flater begied er neitiid net wer. De film hie ek ynfloed op 'e karriêre fan Katharine Hepburn. Koart nei de premiêre fan Bringing Up Baby waard hja troch de Independent Theatre Owners of America, in feriening fan selsstannige bioskoopútbaters, omskreaun as "bioskoopfergif". Har karriêre soe dat pas twa jier letter te boppen komme, nei it súkses fan The Philadelphia Story (wêryn't har tsjinspiler op 'e nij Cary Grant wie).
Nei't Bringing Up Baby yn 'e 1950-er jierren foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd wie, begûn de reputaasje fan 'e film op te betterjen. Sûnt hat dy ûntjouwing him oan ien wei trochset, en tsjintwurdich wurdt Bringing Up Baby oer it algemien troch sawol filmkritisy as publyk heech wurdearre omreden syn syn nuvere opstigings, bizarre foarfallen, absurde sitewaasjes en misferstannen, en perfekte komyske timing by in rige fan kluchtige misaventoeren en tsjinrampen. Yn 1990 waard Bringing Up Baby troch de Amerikaanske Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it National Film Registry, omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|