De Cecil B. DeMille Award (eins de Cecil B. DeMille Award for Lifetime Achievement in Motion Pictures) is de oeuvrepriis fan 'e Golden Globes, dat nei de Oscars de wichtichste Amerikaanske prizen binne op it mêd fan 'e filmyndustry. Krekt as de oare Golden Globes wurdt de priis elts jier yn jannewaris yn it Beverly Hilton yn Beverly Hills útrikt troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA). Foar de Cecil B. DeMille Award komme yn oanmerking akteurs, regisseurs, filmprodusinten, senarioskriuwers en oaren dy't troch de jierren hinne mei harren karriêre in wichtige bydrage levere hawwe oan 'e filmyndustry fan Hollywood.

Cecil B. DeMille Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar "treflike bydragen oan 'e
wrâld fan entertainment"
útrikt troch HFPA
frekwinsje 1x yn 't jier
datum jannewaris
plak Beverly Hills (Kalifornje)
1e útrikking 1952
offisjele webside
cdn.goldenglobes.org

De Cecil B. DeMille Award waard foar it earst ferjûn op 'e njoggende útrikking fan 'e Golden Globes yn 1952. Hy is ferneamd nei de earste winner, regisseur en produsint Cecil B. DeMille. Sûnt is de Cecil B. DeMille Award elts jier oan ien persoan taparte, útsein yn 1976, doe't men ornearre dat der gjin gadingmakkers wiene, en yn 2008, fanwegen de doetiidske staking fan it Writers Guild of America, it fakbûn fan 'e senarioskriuwers, dy't dat jiers hiel Hollywood platlei.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.