Cheyenne River Sû Stamme

De Cheyenne River Sû Stamme (Ingelsk: Cheyenne River Sioux Tribe) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Súd-Dakota.

Cheyenne River Sû Stamme
Ingelsk Cheyenne River Sioux Tribe
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Súd-Dakota
haadkertier Eagle Butte (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota
ledetal 16.000 (2013)
oprjochting 1868
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat Cheyenne River Yndianereservaat
lokaasje sintraal Súd-Dakota
oerflak 11.0511/2 km²
ynwennertal 8.500 (2000)
offisjele webside
www.sioux.org
kaart
Cheyenne River Sû Stamme (Súd-Dakota)
Cheyenne River Sû Stamme
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Súd-Dakota.

De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1868, hat 16.000 leden, en it haadkertier is fêstige yn Eagle Butte, yn Súd-Dakota. De leden besteane út etnyske (Sioux) fan fjouwer substammen fan 'e Lakota, nammentlik de Minnikonzjû, Sâns Arks, Swartfuotten (net te betiizjen mei it bekendere Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten) en Twatsjettels. De Cheyenne River Sû Stamme foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.

It reservaat fan 'e Cheyenne River Sû Stamme is it Cheyenne River Yndianereservaat (Cheyenne River Indian Reservation) fan sintraal Súd-Dakota, dat in oerflak hat fan goed 11.000 km², en dêr't yn 2000 8.500 minsken wennen, ynkl. sawol Yndianen as blanken, want troch de Lânwetten fan 1909 en 1910 meie blanken har ek op reservaatlân fêstigje.

Oarspronklik makke it Cheyenne River Reservaat diel út fan it Grutte Sû-reservaat, dat yn 1868 stifte waard, mar nei de nederlaach fan 'e Sû yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waard de helte dêrfan troch de Amerikanen ôfnommen, wylst de rest yn 1889 opdield waard yn fiif lytsere reservaten, wêrfan't Cheyenne River ien wie. De oarspronklike noardgrins mei it Standing Rock Yndianereservaat lei oan 'e Grand River, mar yn 1909 waard troch de Amerikaanske oerheid in stripe lân súdlik dêrfan oerhevele fan Cheyenne River nei Standing Rock.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota