Churchill (film)

film út 2017 fan Jonathan Teplitzky

Churchill is in Britske histoarysk biografysk oarlochsdrama út 2017 ûnder rezjy fan Jonathan Teplitzky, mei yn 'e haadrollen Brian Cox en Miranda Richardson. De titel ferwiist nei de haadpersoan, de Britske premier Winston Churchill. It ferhaal folget Churchill in wike lang yn ein maaie en begjin juny 1944, as de lâningsoperaasjes op 'e Normandyske kust op D-Day oansteande binne. Hy hat in trauma oprûn troch de soartgelikense Gallipoli-kampanje út 'e Earste Wrâldoarloch, dêr't hy doe as minister fan Marine ferantwurdlik foar wie, en dy't útrûn ramp. Hy hat dêrom gjin fertrouwen yn 'e operaasje en besiket út alle macht, mar om 'e nocht, om D-Day tsjin te hâlden. Churchill krige fan 'e filmkritisy tuskenbeiden resinsjes, hoewol't de aktearprestaasje fan Cox rûnom priizge waard. De film flopte lykwols yn 'e bioskopen.

Churchill
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jonathan Teplitzky
produsint Nick Taussig
Paul Van Carter
Piers Tempest
Claudia Bluemhuber
senario Alex von Tunzelmann
kamerarezjy David Higgs
muzyk Lorne Balfe
filmstudio Silver Reel
Salon Pictures
Embankment Films
distribúsje Lionsgate Films
spilers
haadrollen Brian Cox
Miranda Richardson
byrollen Richard Durden
John Slattery
Julian Wadham
James Purefoy
Ella Purnell
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
premiêre 25 april 2017
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske biografyske
   oarlochsfilm
taal Ingelsk
spyltiid 98 minuten
budget en resultaten
budget $10 miljoen
opbringst $5,4 miljoen
Net te betiizjen mei Darkest Hour, in oare film oer Winston Churchill út 2017.

It binne de lêste dagen fan maaie 1944. De tariedings foar de lâningsoperaasjes op 'e Normandyske kust op D-Day binne yn folle gong. Winston Churchill, de premier dy't it Feriene Keninkryk troch de earste nuodlike jierren fan 'e Twadde Wrâldoarloch hinne skuord hat, ûntbrekt it lykwols oan fertrouwen yn 'e plannen. Dy komme him nammentlik mar al te bekend foar, mei't er sels krapoan tritich jier earder, as minister fan Marine yn 'e Earste Wrâldoarloch, de hân hie yn in soartgelikense lâningsoperaasje. Dy fûn plak yn april 1915 op 'e Turkske kust fan it skiereilân Gallipoli, mar de saneamde Gallipoli-kampanje einige foar de Alliëarden yn in ramp doe't harren troepen yn har brêgehaden op it strân fêst kamen te sitten troch it stege ferset fan 'e Turken. Nei hast in jier fan nutteleas bloedferjitten waarden de Alliëarde troepen út Gallipoli evakuëarre; tsjin dy tiid wiene der yn 'e striid 113.000 deaden fallen. Dat barren pakt Churchill noch altyd o sa mei om en it hat him in psychologysk trauma besoarge, mei't er him foar al dy deaden ferantwurdlik fielt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn in gearkomste mei de Amerikaanske generaal Dwight Eisenhower, dy't de Alliëarde opperbefelhawwer is, en mei de Britske fjildmaarskalk Bernard Montgomery en oare hege Alliëarde ofsieren, dêr't ek kening George VI fan it Feriene Keninkryk by oanwêzich is, oppenearret Churchill syn wjerstân tsjin 'e D-Day-operaasje, ta argewaasje fan Eisenhower en Montgomery. Yn in lettere gearkomste, sûnder de kening, stiet er der by de generaals op oan om net alles op ien kaart te setten, mar ynstee de Dútsers op 'e doele te bringen mei lyktidige oanfallen yn 'e Egeyske See, de Lears fan Itaalje, by Bordeaux en yn Noarwegen. Eisenhower en Montgomery lizze Churchill út dat se dêr simpelwei net genôch troepen foar hawwe, en dat de plannen foar D-Day boppedat al sa fier foardere binne dat se net mear op sa'n yngeande wize feroare wurde kinne.

Churchill, dy't amper noch sliep kriget en himsels geande hâldt mei whisky en sigaren, bliuwt lykwols tige op 'e lâningsplannen tsjin. Syn freon, de Súdafrikaanske premier Jan Smuts, besiket om 'e nocht de deilisskip mei de Alliëarde legerlieding glêd te striken. Underwilens hat Churchill ek spul mei syn eigen frou Clementine, "Clemmie", dy't har ferwaarleazge en ûnwurdearre fielt en ek noch ôfsnaud wurdt as se har man besiket te helpen. Se hat der suver in deitaak oan om 'e typistes en sekretaresses, lykas de jonge Helen Garrett, tsjin har man yn beskerming te nimmen, mei't der op 't heden mar kwealk wat foar nedich is om Churchill op ien ein te krijen.

As er úteinlik ûnder eagen sjen moat dat er D-Day net mear tsjinhâlde kin, beslút Churchill dat er dan de gefaren fan 'e sljochtwei soldaten mar diele moat, troch de lâningsoperaasjes op 'e kust fan Normanje fan deunby te observearjen fan it Britske marineskip de HMS Belfast ôf. Hy bepraat kening George om mei, en presintearret dat idee oan Eisenhower as in foldongen feit. De Amerikaanske generaal, dy't it al mear as drok genôch hat sûnder hieltyd mei Churchill syn nuvere opstigings omgean te moatten, skillet Clemmie op om har man op oare gedachten te bringen. Om't se rûzje hawwe, wit se lykwols dat Churchill no net nei har harkje wol, dat ynstee freget se de iennichste persoan op 'e wrâld om help nei wa't Churchill wol harkje móát: Syn Majesteit kening George.

Dyselde komt by Churchill thús op besite en leit op dimmene, mar wisberette wize út dat er earder foar syn beurt sprutsen hat, doe't er tastimde om mei op 'e HMS Belfast. Hy soe it noch altyd wol graach wolle, mar it soe in ramp foar it lân en dêrmei foar de oarlochsynset wêze as himsels wat oerkaam, dat hy moat spitigernôch ôfsizze. Hy hat alle begryp foar Churchill syn gefoelens, mar Churchill kin likemin nei it front, om't syn dea ek in ramp wêze soe. Los dêrfan wol de kening Churchill ek om persoanlike redens net kwyt. Churchill leit him del by de wil fan 'e kening, wat betsjut dat er net mear út te farren kin op 'e HMS Belfast. As er lykwols letter foar it ferstân kriget dat it Clemmie wie, dy't de kening yn 'e saak behelle hat, beskôget er dat as in foarm fan ferrie en boazet it inkeld noch mar oan mei harren houliksswierrichheden.

Churchill rekket wei yn in suver katatoanyske steat fan depresje en reägearret net mear op oaren. Soks hat er alris earder hân, mar dan skreau syn dokter him in pear wiken rêst yn syn bûtenpleats op it plattelân foar. No komt it wol slim ûngelegen, want as it mei D-Day no goed of min beteart, Churchill sil hoe dan ek in wichtige taspraak oer de radio jaan moatte. Clemmie sit mei de hannen yn it hier, mar Smuts nimt typiste Helen Garrett mei nei Churchill syn sliepkeamer en begjint dêr yn oanwêzigens fan Churchill sels in taspraak te diktearjen. De opbou dêrfan en Smuts syn wurdkar sinnigje de premier sa min, dat er himsels út syn ûnoansprekbere steat omheech klaut om it diktearjen oer te nimmen. Hy en Smuts begjinne te redendielen en einlings jout Churchill utering oan syn oertsjûging dat D-Day in twadde Gallipoli wurde sil: in Alliëarde nederlaach mei tsientûzenen deaden op ien inkele dei. It is Helen Garrett dy't him it swijen opleit as se syn wurden net mear ferdrage kin. It docht bliken dat har ferloofde Arthur Clayton ien fan 'e soldaten is dy't op D-Day yn Normanje oan lân gean sil. Syn begrutsjen mei har makket dat Churchill foar it earst yn dagen syn lulkens farre lit.

Neitiid jout de premier syn aktive tsjinwurking tsjin D-Day op, al hat er noch altyd gjin inkeld fertrouwen yn 'e lâningsoperaasje. As op 'e fêststelde datum bliken docht dat it waar te min is en dat de boel útsteld wurde moat, is er bot optein. Dy jûns bidt Churchill foar it earst yn jierren oan God dat de stoarm oanhâlde mei, mar de oare moarns ier docht bliken dat it waar safierhinne opklearre is, dat it wurde kin mei de lânings. De hiele dei piniget Churchill himsels mei foarstellings fan hoe't it misbeteare kin en is er net te geniten. As de earste berjochten út Normanje bemoedigjend binne, is dat in grutte ferromming foar him. Hy fermoedsoenet him mei Clemmie, wêrby't er tajout dat er te min each hat foar wêr't sy ferlet fan hat, en ek dat er eins net begrypt wêrom't se by him bliuwt. Sy bewissiget him derfan dat er har wis wol gelokkich makke hat, by fleagen, allinne de lêste jierren net. Dat is wat dêr't se tegearre oan wurkje moatte. Om seis oere jûns hâldt Churchill syn taspraak oer de radio, wêryn't er it Britske folk fertelt dat de lânings in súkses binne. Hy einiget mei it ûnthjit dat er nea ophâlde sil mei fjochtsjen foar't de oerwinning behelle is.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Brian Cox.
 
Miranda Richardson.
haadrollen
personaazje                                                               akteur/aktrise
premier fan it Feriene Keninkryk Winston Churchill Brian Cox
Clementine Churchill Miranda Richardson


byrollen
personaazje akteur/aktrise         
premier fan Súd-Afrika Jan Smuts Richard Durden
generaal Dwight Eisenhower John Slattery
fjildmaarskalk Bernard Montgomery Julian Wadham
kening George VI fan it Feriene Keninkryk James Purefoy
Helen Garrett Ella Purnell
fjildmaarskalk Alan Brooke, 1e boarchgreve Alanbrooke Danny Webb
haadloftmaarskalk Trafford Leigh-Mallory Jonathan Aris
admiraal Bertram Ramsay George Anton
kaptein James Stagg Steven Cree
Asa Briggs Peter Ormond
Kay Summersby Angela Costello
Fanshawe Kevin Findlay
adjudant Howard Miro Teplitzky

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Churchill waard regissearre troch Jonathan Teplitzky nei in senario fan Alex von Tunzelmann. As produsinten wiene Nick Taussig, Paul Van Carter, Piers Tempest en Claudia Bluemhuber by it projekt belutsen foar de filmstudio's Silver Reel, Salon Pictures en Embankment Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $10 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan David Higgs, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Lorne Balfe. De opnamen foar Churchill setten op 24 maaie 2016 útein. Der waard filme yn Edinburgh en Glasgow, en it lânhûs Arniston House, yn it Skotske greefskip Midlothian, die tsjinst as it haadkertier fan generaal Eisenhower.

 
It lânhûs Arniston House yn Midlothian, dat yn 'e film trochgiet foar it haadkertier fan generaal Dwight Eisenhower.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Churchill waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film gie op 25 april 2017 yn Barcelona yn premiêre, en iepene dêrnei op 16 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Troch filmkritisy

bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Churchill oer it algemien tuskenbeiden resinsjes. Yn The Daily Telegraph joech Robbie Collin de film 4 fan 5 stjerren. Hy skreau dat Brian Cox it publyk "tûzelsinnich makket yn in fjoerskerpe, aktuele les yn polityk liederskip." Oer it aktearjen fan Cox wiene de resinsinten frijwol ienriedich loovjend. Sa skreau Gary Goldstein yn 'e Los Angeles Times: "De boppe alles útstekkende aktearprestaasje fan Brian Cox is de grutte man sels weardich." Yn 'e Radio Times skreau Alan Jones dat Cox "in treflik optreden weijout as de garismatyske politikus dy't Grut-Brittanje ynspirearre om it tsjin Adolf Hitler yn 'e kant te setten." Tim Huddleston fan Time Out fûn "Cox yn syn ûnfatsoen geweldich." Dêr heakke er oan ta: "Hy wit net inkeld de koppigens fan 'e man te fangen, mar ek de seurende selstwifel yn syn ynderlik." En Peter Travers fan Rolling Stone skreau dat Cox syn aktearprestaasje "sûnder lek of brek is. It is in kursus yn aktearjen foar lju dy't al aktearje kinne." Hy parte de film 3 fan 4 stjerren ta.

De Britske krante The Independent joech de film 3 fan 5 stjerren en murk op: "Der sitte eleminten fan sawol kening Lear as fan kolonel Blimp yn Cox syn Churchill. Krekt as Blimp er er in man bûten syn eigen tiid, dy't derfan beskuldige wurdt dat er in moderne oarloch fiere wol mei in mentale ynstelling dy't fêstsit yn it ferline. Krekt as Lear is er in âldman, dy't himsels oerjout oan razernij tsjin 'e eleminten." Yn The Guardian priizge Peter Bradshaw it aktearjen fan Miranda Richardson, dy't "op slûchslimme wize Churchill syn frou Clemmie spilet: arrogant en yrritearre, mei in eachloaits dy't oeral trochhinne boarret."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Churchill in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 116 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] befettet poerbêst wurk fan Brian Cox yn 'e haadrol, mar dat is net genôch om dizze gaoatyske en by einsluten ûnsúksesfolle ynfalshoeke op in bûtengewoan wierbard ferhaal goed te meitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Churchill in goedkarringspersintaazje fan 44%, basearre op 25 resinsjes.

Troch histoarisy

bewurkje seksje

De Britske histoarikus Andrew Roberts, baron Roberts of Belgravia, in ferneamd biograaf fan Winston Churchill, hie lof foar it aktearjen, de kamerarezjy en de filmmuzyk fan Churchill. Mar foar it senario hied er gjin goed wurd foar oer. Neffens him siet dat grôtfol mei domme flaters, mei as gefolch dat Churchill yn 'e film op grouwélige wize miskarakterisearre wurdt. Sa wiisde er derop dat Churchill hielendal net tsjin 'e lâningsoperaasjes fan D-Day wie, en dat er nea houliksprobemen mei syn frou hie yn 'e mjitte dy't yn 'e film foarkomme.

Churchill hie yn 'e bioskopen wrâldwiid in opbringst fan $5,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $10 miljoen betsjut dat in ferlies fan $4,6 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by opteld wurde moatte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.