City Slickers (film)
City Slickers is in Amerikaanske komeedzjefilm mei in modern westerntema út 1991 ûnder rezjy fan Ron Underwood, mei yn 'e haadrollen Billy Crystal, Bruno Kirby en Daniel Stern. De titel is in delbûgende Amerikaansk-Ingelske term foar "stedsjers". It ferhaal giet oer trije freonen út New York dy't lije ûnder in midlifekrisis en beslute op fakânsje te gean nei in ranch yn Nij-Meksiko, dêr't se as echte cowboys meiwurkje kinne oan in feedriuwerij. City Slickers krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Jack Palance wûn foar syn fertolking fan 'e âlde cowboy Curly Washburn sawol de Oscar as de Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur. Yn 1994 waard mei hast deselde cast in ferfolchfilm útbrocht, City Slickers II: The Legend of Curly's Gold.
City Slickers | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ron Underwood | |
produsint | Irby Smith | |
senario | Lowell Ganz Babaloo Mandel | |
kamerarezjy | Dean Semler | |
muzyk | Marc Shaiman | |
filmstudio | Castle Rock Entertainment Face Productions Nelson Entertainment | |
distribúsje | Columbia Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Billy Crystal Bruno Kirby Daniel Stern | |
byrollen | Patricia Wettig Helen Slater Jack Palance Josh Mostel David Paymer | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 7 juny 1991 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 114 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $26 miljoen | |
opbringst | $180 miljoen | |
prizen | 1 × Oscar 1 × Golden Globe | |
filmsearje | ||
filmsearje | City Slickers | |
● folgjend diel | City Slickers II: The Legend of Curly's Gold |
Plot
bewurkje seksjeMitch Robbins is in 39-jierrige Amerikaan dy't in liedingjaande funksje hat by in radiostasjon yn 'e stêd New York. Al fan bern ôf oan is er bêste freonen mei Ed Furillo en Phil Berquist. Op oantrúnjen fan Ed fine de trije mannen yn 'e fakânsje elts jier wat spektakulêrs út, lykas parasjutespringen of it meidwaan oan it Festival fan San Fermín yn it Spaanske Pamplona, wêrby't se foar in keppel loslitten bollen út troch de strjitten drave. Mitch is yn prinsipe lokkich troud mei de sympatike Barbara, mei wa't er twa bern hat: dochter Holly fan sechstjin en soan Danny fan tsien. Ed, dy't in sportwinkel hat, libbet derhinne as in playboy, oant er fereale rekket op it linzjerymodel Kim, dat mar heal sa âld is as hysels, en mei har trout. Phil sit ûnderwilens al tolve jier finzen yn in leafdeleas houlik mei de fekke Arlene, en wurket foar syn narjende skoanheit as bedriuwslieder fan in supermerk.
Hoewol't Mitch it yn ferhâlding ta Phil poerbêst troffen hat, is er de lêste tiid ûntefreden oer syn bestean, sawol wat syn wurk as wat syn gesinslibben oangiet. Syn baas Lou en syn frou Barbara merke dat allebeide op, en Mitch beseft dat er in midlifekrisis trochmakket. Syn maten hawwe fierhinne itselde probleem. Kim wol bern hawwe en in gesin stiftsje, mar dêr is Ed noch net ree foar. Phil slacht om mei ien fan 'e kassiêres fan 'e supermerk, dy't tinkt dat se fan him swier rekke is. Dat blykt letter net sa te wêzen, mar it net al te snuggere fanke fertelt him dat op Mitch syn jierdeisfeest yn it bywêzen fan Arlene, wat liedt ta in eksplosive rûzje tusken Phil en Arlene dy't in ein makket oan harren houlik.
Phil en Ed hawwe as jierdeiskado foar Mitch in fakânsje fan twa wiken yn Nij-Meksiko boekt. Dêr sille se mei syn trijen op in ranch ferbliuwe, leare hoe't cowboys har wurk dogge en dan in keppel kij alhiel nei Colorado driuwe, as in echte feedriuwerij. Dat is fansels wer in idee fan Ed. Mitch hat dêr earst gjin sin oan, en boppedat hat er oare plannen, nammentlik om mei Barbara en de bern te útfanhûzjen by de skoanfamylje yn Floarida. Mar nei't Phil wiif en wurk ferliest en wannear't Barbara, dy't skjin har nocht hat fan Mitch syn lusteleazens, him fertelt dat se him net mei hawwe wol nei Floarida, beslút er dochs mar mei syn maten te gean.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Yn Nij-Meksiko arrivearje Mitch, Ed en Phil op 'e ranch fan Clay Stone en syn frou Millie en moetsje dêr de oare fakânsjegongers anneks feedriuwers: de neven Barry en Ira Shalowitz, dy't in bedriuw hawwe dat iisko's makket, de swarte heit en soan Ben en Steve Jessup, dy't tegearre in toskedokterspraktyk hawwe, en Bonnie Rayburn, in kreaze blonde frou dy't koartby in relaasje ferbrutsen hat mei in man dy't der benammen op út bliek te wêzen om har sparjild op te meitsjen. Wylst de gasten de folgjende dagen training krije yn hynsteriden en oare feardichheden dy't cowboys net misse kinne, docht bliken dat Mitch net oer de motoaryske koördinaasje beskikt om in lasso te smiten.
Bonnie wurdt seksueel yntimidearre troch Jeff en T.R., de beide echte cowboys dy't meigeane op 'e feedriuwerij, en dy't in kweade dronk blike te hawwen. Mitch komt har te help, mar it slagget him nettsjinsteande syn flotte babbel net om himsels en Bonnie út 'e nipende sitewaasje te praten. Se wurde rêden troch de foarman fan 'e ranch, de âlde cowboy Curly Washburn, dy't Jeff en T.R. sûnder swierrichheden teplak set, mar dêrby Mitch by fersin fernederet dêr't syn maten en Bonnie by binne. Fan gefolgen fielt Mitch oanstriid om oan syn ûnnoflikheid foar Curly oer utering te jaan troch grapkes oer de man te meitsjen. Wannear't er dat docht sûnder te beseffen dat Curly lyk efter him stiet, makket er de sitewaasje dêrmei allinne mar minder.
As se ienris mei it fee op 'en paad binne, begjint de útsjoch dy't Mitch, Ed en Phil op it libben hawwe, stadichoan te feroarjen. Mitch jaget mei syn op batterijen wurkjende kofjebeanemealler by fersin de kij op 'e rin. Nei't de keppel wer betwongen is, oarderet Curly Mitch om by wize fan bestraffing mei te kommen sadat se tegearre in hantsjefol ôfdwaalde kij sykje kinne. No't er twongen is om tiid yn 'e neite fan Curly troch te bringen, dy't er oant dy tiid hieltyd ûntrûn hie, ûntdekt Mitch dat de âlde cowboy eins in hiel geskikte keardel is fan it type rouwe bolster, blanke nút. It docht bliken dat Curly it geheim fan 'e sin fan it libben wit, wat neffens him dàt iene ding is dêr't je gelokkich fan wurde, wat foar eltsenien wer ferskillend is. Hy rikkemandearret Mitch oan om it iene ding te sykjen dat hìm gelokkich makket. Tegearre helpe se in ko dy't kealje moat, wêrby't it keal ferkeardom leit. Se witte it keal te rêden, mar de ko moat ôfmakke wurde. Mitch jout it kealtsje de namme Norman en boarnt it molke út in wurkwant wêryn't er yn 'e punt fan ien fan 'e fingerlingen in lyts gatsje makke hat.
Nei't se har wer by de keppel en de oare feedriuwers jûn hawwe, komt Curly lykwols hommels te ferstjerren oan in hertoanfal. Sa't er foar de moade hat, sit er allinnich op in distânsje fan 'e oaren, dy't pas merke dat er dea is as Mitch beslút om syn nije freon by de groep te heljen. Se begrave Curly op it plak dêr't er stoarn is en sette de feedriuwerij troch ûnder lieding fan 'e cowboys Jeff en T.R. Sûnder Curly om syn mannen yn 'e stringen te hâlden, brekt der lykwols al rillegau gaos út. De kok, dy't skynber gjin oare namme hat as "Cookie", sit ta de sterke drank en riidt mei syn dronken kop de chuckwagon (de kapwein mei it itensiedersreau en de itensfoarrieden) by in heech klif del. Sels wit er krekt op 'e tiid fan 'e bok te springen, mar de beide hynders binne moarsdea en de chuckwagon folslein ferrinnewearre. Cookie hat by syn nuvere babbelegûchjes beide skonken brutsen en moat nei de bewenne wrâld brocht wurde. Heit en soan Jessup nimme dy taak op harren.
Dy jûns bedrinke Jeff en T.R. harren oan 'e ferburgen drankfoarrie fan Cookie, en krekt as earder hawwe se in kweade dronk. Se twinge Mitch om by harren te kommen, mei't se wraak op him nimme wolle foar syn eardere ûnderbrekking fan harren spultsje mei Bonnie. As dúdlik wurdt dat se fan doel binne om Mitch te mishanneljen, gripe syn maten Ed en Phil yn, wêrby't de al tolve jier troch syn frou terge Phil hielendal troch it lint giet. De cowboys wurde ûntwapene en de oare moarns docht bliken dat se yn 'e nacht útnaaid binne, sadat de trije freonen mei Barry, Ira en Bonnie allinne mei de keppel kij yn 'e wyldernis efterbleaun binne. Barry en Ira oppenearje dat dit net de fakânsje is dy't se boekt hawwe, en dat Clay Stone harren net ferantwurdlik hâlde kin foar wat der mei syn fee bart as er harren op 'en paad stjoert mei sokke ûnferantwurdlike lju. Sy wolle it fee efterlitte en nei it tichtstbye bewenne plak ride. Bonnie en Mitch slute harren dêrby oan, mar Ed en Phil wolle besykje om 'e keppel fee nei de bestimming yn Colorado te bringen. Mitch kriget dêroer bot rûzje mei syn beide maten, dat by eintsjebeslút set er ôf mei Barry, Ira en Bonnie en lit Ed en Phil oan har lot oer.
As Ed en Phil letter mei de keppel fee op 'en paad binne en der in potsje fan driigje te meitsjen om't se krekt in cowboy te min hawwe, komt Mitch ynienen werom, mei't er him betocht hat. Trijeresom ride se fierder en kinne de keppel moai de baas. By it oerstekken fan in rivierke by swierwaar driget Norman streamôf spield te wurden. Mitch springt it kealtsje efternei en komt sels ek yn 'e swierrichheden, mar Ed en Phil komme him te help en mei feriene krêften witte se Mitch en it keal wer op it drûge te krijen. Net folle letter berikke se de ranch yn Colorado dy't de bestimming fan 'e feedriuwerij is. Dêr wurde de trije freonen en it fee opwachte troch Clay en Millie Stone, Cookie, de Jessups, de Shalowitz' en Bonnie Rayburn. By wize fan skeafergoeding foar de ferpeste fakânsje jout Stone oan alle feedriuwers harren jild werom.
Mitch, Ed en Phil keare mei nije libbenslust werom nei New York, en, yn it gefal fan Mitch, ek mei in keal dat Norman hjit. By de lofthaven wurdt Mitch ôfhelle troch Barbara en de bern. Barbara sjocht fuortendaliks oan him dat er de âlde Mitch wer is. Mei it keal is se minder bliid, mar de bern binne der útskroeven mei. Mitch bewissiget Barbara derfan dat Norman nei in bernebuorkerij giet sadree't er dat beävensearje kin. Ed, dy't ôfhelle wurdt troch Kim, is no ree om mei har in gesin te begjinnen. Phil en Bonnie krûpe tegearre yn in taksy, wêrmei't suggerearre wurdt dat se fan doel binne in relaasje oan te gean.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Mitch Robbins | Billy Crystal |
Ed Furillo | Bruno Kirby |
Phil Berquist | Daniel Stern |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Barbara Robbins | Patricia Wettig |
Bonnie Rayburn | Helen Slater |
Curly Washburn | Jack Palance |
Barry Shalowitz | Josh Mostel |
Ira Shalowitz | David Paymer |
Clay Stone | Noble Willingham |
"Cookie" de kok | Tracey Walter |
Ben Jessup | Bill Henderson |
Steve Jessup | Phill Lewis |
Jeff | Kyle Secor |
T.R. | Dean Hallo |
Kim Furillo | Walker Brandt |
Arlene Berquist | Karla Tamburrelli |
Holly Robbins | Lindsay Crystal |
Danny Robbins | Jake Gyllenhaal |
Lou | Jeffrey Tambor |
Nancy | Yeardley Smith |
Sal Morelli | Robert Costanzo |
Millie Stone | Molly McClure |
frou Green | Jane Alden |
learling op basisskoalle #1 | Danielle Harris |
learling op basisskoalle #2 | Eddie Palmer |
Spaanske dokter | Fred Maio |
Mitch syn mem | Jayne Meadows (allinne stim, oer de tillefoan) |
Mitch syn heit | Alan Charof (allinne stim, oer de tillefoan) |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeCity Slickers waard regissearre troch Ron Underwood nei in senario fan Lowell Ganz en Babaloo Mandel. As produsint wie Irby Smith by it projekt belutsen foar de filmstudio's Castle Rock Entertainment, Face Productions en Nelson Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $26 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Semler, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Marc Shaiman. Foar de rol fan Phil Berquist waard oarspronklik Rick Moranis cast, mar dy moast op it lêste momint ôfsizze doe't syn frou slim siik waard. Hy waard doe ferfongen troch Daniel Stern. Jack Palance hie oare ferplichtings dêr't er pas op it lêste momint ûnderút komme koe om 'e rol fan Curly op him te nimmen. City Slickers foarme ek it akteardebút fan in jonge Jake Gyllenhaal as Mitch syn soan Danny.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan City Slickers waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 7 juny 1991 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige City Slickers oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "City Slickers wurdt oan 'e man brocht as ien soarte film – in slapstickkomeedzje oer stedsjers dy't noch nea smoarge hannen makke hawwe op in fakânsjeranch – en op dat nivo is de film doeltreffend mar ferraste er my ek om't er folle ambisjeuzer, en súksesfoller, wie as dat ik ferwachte hie. Dit is de sprekwurdlike komeedzje mei de kearn fan wierheid, en mei de trien yn it each dy't mank giet mei it skatterjen fan it laitsjen. Hy is grappich en hy hat wat te betsjutten."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat City Slickers in heech goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 41 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei in uterst talintearre cast en krekt genôch midlifedrama om gewicht ta te foegjen oan 'e folslein healwize boppetoan brûkt City Slickers universele tematyk om in protte laitsjen út te lokjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet City Slickers in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 25 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeCity Slickers brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $124 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $56 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $180 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $26 miljoen betsjut dat in winst fan $154 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
bewurkje seksjeYn 1992 wûn Jack Palance foar syn rol as de cowboy op jierren Curly yn City Slickers sawol de Oscar as de Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur. Syn akseptaasjetaspraak by de Oscars stiet de measte lju noch by fan syn demonstraasje fan ienearmich opdrukken, wat er neffens himsels dwaan moatten hie om 'e fersekeringsmaatskippij fan 'e filmstudio derfan te oertsjûgjen dat er op syn leeftyd (fan 72 jier) noch sûn genôch wie om yn sa'n film te spyljen. Billy Crystal waard foar syn rol yn City Slickers nominearre foar de Golden Globe foar bêste akteur, en de film sels waard nominearre foar de Golden Globe foar bêste film – musical of komeedzje.
Ferfolch
bewurkje seksjeOp basis fan it súkses fan City Slickers waard yn 1994 in ferfolchfilm útbrocht mei de titel City Slickers II: The Legend of Curly's Gold. Dêr wurke fierhinne deselde cast oan mei, allinne waard Bruno Kirby (yn 'e rol fan Ed Furillo) ferfongen troch Jon Lovitz.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |