Death Wish (film út 1974)
Death Wish is in Amerikaanske aksje-, misdie- en dramafilm út 1974 ûnder rezjy fan Michael Winner, mei yn 'e haadrollen Charles Bronson en Vincent Gardenia. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Brian Garfield. De titel betsjut "Deadswinsk". It ferhaal giet oer Paul Kersey, in arsjitekt dy't as figilante kriminelen begjint om te bringen nei't syn frou fermoarde en syn dochter ferkrêfte is by in oerfal by him thús. Death Wish krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, dy't har der benammen oan steurden dat de roman dêr't de film op basearre wie, figilantisme ôfwiisde, wylst de film it krekt omearme. Nettsjinsteande dat wie de film in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen, om't er in gefoelige snaar rekke by it publyk yn in tiid dat de kriminaliteit yn grutte Amerikaanske stêden almar tanaam. Acht jier letter waard in (minder wurdearre) ferfolchfilm makke, Death Wish II, en úteinlik soene der yn totaal fiif films makke wurde yn 'e Death Wish-filmrige. Yn 2018 waard fan 'e oarspronklike film in remake makke, dy't ek Death Wish hiet, mei Bruce Willis yn 'e haadrol.
Death Wish | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Michael Winner | |
produsint | Dino De Laurentiis Hal Landers Bobby Roberts | |
senario | Wendell Mayes Gerald Wilson | |
basearre op | de roman fan Brian Garfield | |
kamerarezjy | Arthur J. Ornitz | |
muzyk | Herbie Hancock | |
filmstudio | Dino De Laurentiis Cinematografica | |
distribúsje | Paramount Pictures (Fer. Steaten) Columbia Pictures (ynternasj.) | |
spilers | ||
haadrollen | Charles Bronson Vincent Gardenia | |
byrollen | Kathleen Tolan Steven Keats Stuart Margolin Hope Lange | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 24 july 1974 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksje-misdie-dramafilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 94 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $3,7 miljoen | |
opbringst | $22 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Death Wish | |
● folgjend diel | Death Wish II |
Plot
bewurkje seksjePaul Kersey is in súksesfolle arsjitekt yn syn middeljierren mei in liedingjaande baan by in grut arsjitekteburo mei fêstigings yn 'e hiele Feriene Steaten. Hy is krekt weromkeard yn New York nei't er mei syn frou Joanna op fakânsje west hat nei Hawaï. Oan syn relatyf soargeleaze bestean komt in ein as Joanna en harren troude dochter Carol op in dei nei in besyk oan 'e supermerk nei hûs ta folge wurde troch trije jonge kriminelen, dy't it appartemint fan 'e Kerseys binnenkringe op 'e siik nei jild. As bliken docht dat de froulju mar in pear dollar yn 'e bûse hawwe, wurdt Joanna swier mishannele en Carol ferkrêfte. Nei't de mannen útnaaid binne (om nea wer weromfûn te wurden), wit Carol de plysje te skiljen. Sy en har mem wurde nei it sikehûs ta brocht, dêr't Joanna koarte tiid letter oan har ferwûnings komt te ferstjerren.
Koart nei de begraffenis fan syn frou wurdt Kersey op 'e strjitte oanholden troch in oerfaller, dy't er mei in selsmakke wapen besteande út in sok mei in pear rôlen kwartsjes deryn, fan him ôf slacht. It ynsidint grypt Kersey sterk oan, mar tagelyk fielt er ek in beskate eufory. Om't er mient dat Kersey der baat by hawwe sil as er ris in skoft yn in oar fermidden is, stjoert syn baas him nei Tucson yn 'e Amerikaanske steat Arizona, dêr't in rike kliïnt, Ames Jainchill, nochal wat noaten op 'e sang hat oangeande in nij wenningbouprojekt.
Wylst er dêr is en de winsken fan 'e kliïnt mei dy fan it arsjitekteburo besiket te fermoedsoenjen, rekket Kersey befreone mei Jainchill. Dyselde nimt him op in jûn mei nei in sjitklub, dêr't Kersey fertelt dat er yn 'e Koreaanske Oarloch as hospik tsjinne hat om't er gewissebeswierde wie. Dat kaam om't syn heit omkommen is by in jachtûngemak doe't er sels noch lyts wie, wêrnei't syn mem neat mear fan fjoerwapens witte woe. Kersey blykt lykwols in earsten skerpskutter te wêzen, en as er weromgiet nei New York, jout Jainchill him in ynpakt kado mei, dat letter in kistke mei in revolver en alle tahearren blykt te wêzen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Werom yn New York heart Kersey fan syn skoansoan Jack Toby dat syn dochter Carol sljochtsinnich wurden is om't se net oankin wat har oandien is. Se is yn in katatoanyske steat bedarre wêrby't se har hielendal yn harsels weromlûkt, en moat sadwaande opnommen wurde yn in psychiatryske ynrjochting. In pear dagen letter fertrêdet Kersey him jûns let in eintsje yn it park, wêrby't er út foarsoarch de revolver yn 'e bûse dien hat. As in drugsferslaafde him ûnder bedriging mei in pistoal besiket te berôvjen, sjit Kersey him dea. Hy naait dêrnei fluch út nei hûs, dêr't himsels nei it húske hastiget om te spuien. Mar hy hat gjin spyt fan syn die en de folgjende jûns giet er op 'e nij de stêd yn, diskear om aktyf kriminelen op te sykjen mei de bedoeling om as figilante foar eigen rjochter te spyljen. Hy sjocht hoe't trije oerfallers in man in steechje yn skuorre en yninoar slane, wêrnei't er de oerfallers alle trije deasjit. As de plysje derby komt, begjint ynspekteur Frank Ochoa, dy't de foargeande jûns ek by de moard op 'e drugsferslaafde roppen wie, in patroan te sjen. Hy ûnderfreget it slachtoffer fan 'e trije kriminelen, dy't Kersey dúdlik sjoen hat, mar de man hâldt út dat it bloed fan in wûne oan 'e foarholle him yn 'e eagen rûn wie en dat er dêr tydlik troch ferbline wie.
De folgjende wiken giet Kersey troch op it ynsleine paad. Hy begjint himsels as lokies te brûken, troch opsichtich mei in grutte pûde fol boadskippen om te rinnen en yn in kafee by it ôfrekkenjen syn beurs wiid iepen te dwaan, sadat eltsenien sjen kin hoefolle kontant jild oft er by him hat. Dat giet lang goed, mar op in stuit wurdt er oermoedich en by in konfrontaasje mei twa oerfallers yn in leech metrostasjon wit ien fan 'e mannen him mei in mês yn it skouder te stekken foar't er him deasjitte kin. Underwilens stelt Ochoa, foar wa't dúdlik is dat der in figilante yn 'e stêd oan it wurk is, in list op mei famyljes dêr't koartby immen út ferstoarn is by in oerfal. De lange list dy't dat opsmyt, skaaft er by oan 'e hân fan it earste plak delikt, dat neffens him grif yn 'e buert fan 'e wente fan 'e figilante lei, en dêrnei sjocht er nei oarlochsfeteranen yn 'e famyljes, mei't dy de minste muoite hawwe sille om sels de wapens (wer) op te nimmen.
Sa komt Kersey op in stuit by Ochoa yn byld, dy't him earst in ûnwierskynlike dieder achtet, syn status fan gewissebeswierde yn acht nommen. By in temûke hûssiking fan it appartemint fan Kersey treft er lykwols beblet ferbân oan, en hy wit dat ien fan 'e oerfallers yn it metrostasjon syn moardner stutsen hat. In fjoerwapen kin er lykwols net fine om't Kersey dat op syn kantoar bewarret. Nettsjinsteande dat hinget Ochoa derta oer om Kersey op te pakken, mar ear't er dat dwaan kin, wurdt er by de plysjekommissaris en de ofsier fan justysje roppen. Dy lizze him út dat it tal oerfallen yn New York, sûnt Kersey oan syn moardtocht begûn, mei twa-trêde part omleechgien is. Ek al mei er dan in moardner wêze, foar de befolking fan New York, dy't der folslein syn nocht fan hat om hieltyd wer berôve te wurden, is er in held. Dat it komt derop del dat de kommissaris en de ofsier fan justysje Kersey net hawwe wolle: net om't dat foar oerfallers it sinjaal wêze soe dat de kust wer feilich is; net om't dat fan Kersey in martelder meitsje soe; en ek net om't plysjekommissaris en ofsier fan justysje yn 'e Feriene Steaten keazen funksjes binne, en de beide mannen it by de folgjende ferkiezings wol skodzje kinne soene as se sa'n populêr persoan as Kersey efter de traaljes setten. Ochoa fynt it mar neat, wat der no fan him frege wurdt, mar hy stimt dermei yn om te besykjen om Kersey "ôf te skrikken".
Neitiid besiket Ochoa Kersey te yntimidearjen troch him ûnderweis fan syn wurk nei hûs hurdhannich oanpakke te litten troch in pear plysjes, dy't dêrnei har ûntskuldigings oanbiede en sizze dat se ien sochten mei syn sinjalemint. Ek skillet er Kersey anonym op om him te warskôgjen dat al syn kommen en gean troch de plysje yn 'e rekken holden wurdt. Kersey lit him lykwols net sa maklik ôfskrikke en wylst de plysje de haadyngong fan syn appartemintekompleks observearret, giet hy troch de efterdoar nei bûten. Hy hellet op syn wurk syn revolver op en giet der wer op út. Diskear, lykwols, treft er oerfallers dy't sels ek in fjoerwapen hawwe. Kersey sjit twa fan harren dea, mar rint sels in skotwûne op. Lykwols efterfolget er de trêde oerfaller, dy't er úteinlik yn it nau driuwt en dan útdaget ta in revolverduël yn 'e westernstyl, sa't er dat sjoen hat by in wyldwestshow doe't er yn Tucson wie. Ear't it dêr lykwols fan komme kin, falt Kersey derhinne fan bloedferlies. Syn revolver wurdt weinommen troch Jackson Reilly, in jonge plysje, dy't it wapen letter oerdraacht oan Ochoa. Dyselde jout him opdracht om te ferjitten dat er it ea sjoen hat.
Kersey belânet yn it sikehûs, dêr't de plysje de gearklofte media wysmeitsje dat er gewoan in slachtoffer fan in oerfal is en alhielendal net de figilante oer wa't eltsenien it hat. Ochoa siket Kersey op en hjit him nei in oar diel fan it lân te ferfarren, mei't er yn New York net mear wolkom is. Sadree't er heart dat dy ferhuzing syn beslach krigen hat, sil er Kersey syn revolver ferdwine litte. Dat, Kersey freget syn baas om him oer te pleatsen nei in fêstiging yn in oare stêd. Sa arrivearret er net lang nei't er út it sikehûs kommen is mei de trein op Union Station yn Chicago, dêr't er ôfhelle wurdt troch in meiwurker fan 'e pleatslike fêstiging fan it arsjitekteburo. As Kersey sjocht hoe't in jonge frou lêstich fallen wurdt troch in stikmannich jonge liddichgongers dy't har har bagaazje út 'e hannen slane, giet er nei har ta om har te helpen it spul op te krijen. De jonges meitsje obsene gebearten nei him, mar Kersey glimket en makket in fingerpistoal nei harren werom.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Paul Kersey | Charles Bronson |
ynspekteur Frank Ochoa | Vincent Gardenia |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Carol Toby | Kathleen Tolan |
Jack Toby | Steven Keats |
Ames Jainchill | Stuart Margolin |
Joanna Kersey | Hope Lange |
Sam Kreutzer | William Redfield |
plysjekommissaris | Stephen Elliott |
Hank | Jack Wallace |
plysje Joe Charles | Robert Kya-Hill |
oerfaller #1 | Jeff Goldblum |
oerfaller #2 | Christopher Logan |
oerfaller #3 | Gregory Rozakis |
plysje Jackson Reilly | Christopher Guest |
Andrew McCabe | Hank Garrett |
Alma Lee Brown | Helen Martin |
plysje Gemetti | Olympia Dukakis |
resepsjoniste | Marcia Jean Kurtz |
plysje yn it sikehûs | Paul Dooley |
oerfaller yn it metrosasjon #1 | Eric Laneuville |
oerfaller yn it park | Lawrence Hilton-Jacobs |
kassiêre yn 'e supermerk | Sonia Manzano |
dokter yn 'e polyklinyk | Tom Hayden |
befeiligingsman yn hal | Al Lewis |
kioskhâlder | Billy Curtis |
berôver | Robert Miano |
oerfaller yn 'e metrotrein #1 | John Herzfeld |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjePreproduksje
bewurkje seksjeDeath Wish waard basearre op 'e roman Death Wish, dy't yn 1972 ferskynde fan 'e hân Brian Garfield. Dyselde waard ynspirearre ta it skriuwen fan syn boek troch inkele ûnderfinings út syn eigen libben, doe't it hântaske fan syn frou stellen waard en doe't syn auto fandalisearre waard. Beide kearen wie syn earste gedachte dat er de dieder wol fermoardzje woe, mar by lettere prakkesaasjes besleat er dat dat 'primitive tinzen' wiene, by him opkommen op in stuit dat er der net wach tsjin wie. Doe frege er him ôf hoe't it wêze soe as in man him op in momint fan razernij oan dy wize fan tinken oerjoech en him der nea wer oan ûntwrakselje kinne soe. Syn roman krige geunstige resinsjes, mar waard gjin bestseller. Hy ferkocht de filmrjochten op sawol Death Wish as in oare roman fan sines, Relentless, oan Hal Landers en Bobby Roberts, de iennichste filmprodusinten dy't der wat yn seagen. Neitiid waard Garfield de kâns bean om ien fan beide boeken om te wurkjen ta in senario, en hy keas foar Relentless, om't er fan miening wie dat dat makliker te ferfilmjen wie.
It senario foar Death Wish waard skreaun troch Wendell Mayes, dy't de basisstruktuer fan 'e roman en in grut part fan 'e filosofyske dialooch behold. It fergrutsjen fan 'e rol fan ynspekteur Frank Ochoa ta ien fan 'e wichtichste personaazjes kaam út syn koker. It personaazje fan 'e figilante hiet op dat stuit noch Paul Benjamin, krekt as yn 'e roman. De iere ferzjes fan it senario hiene in oare ein as de úteinlike film. Yn ien ferzje folge Mayes fierhinne de roman fan Garfield, wêryn't Benjamin úteinlik de trije kriminelen opspoart dy't syn frou en dochter tenei kommen binne, mar it libben lit yn in konfontaasje mei harren. Neitiid fynt Ochoa it pistoal fan Benjamin en freget himsels ôf oft er it wurk fan 'e figilante fuortsette sil. Yn in oare ferzje wurdt Benjamin ferwûne nei it sikehûs brocht en bliuwt syn lot dizenich, wylst Ochoa op 'e nij it wapen fynt en ompakt mei de fraach oft er dat brûke sil.
Oarspronklik soe Death Wish regissearre wurde troch Sidney Lumet, wylst Jack Lemmon de figilante en Henry Fonda de rol fan Ochoa spylje soe. Lumet besleat lykwols ynstee Serpico (1973) te meitsjen, wêrnei't ferskate oare regisseurs yn omtinken nommen waarden. Filmstudio United Artists, dy't de finansiering fan it projekt fersoarge, keas lykwols úteinlik foar Michael Winner. Dyselde woe Charles Bronson foar de haadrol hawwe, mar dy syn ympressario Paul Kohner fûn dat de film in gefaarlik boadskip útdroech, en boppedat beskreau it doetiidske senario de figilante as in sloppe boekhâlder, wat Bronson gjin gaadlike rol foar himsels fûn. Hy rette oan om Dustin Hoffman derfoar te freegjen. It filmprojekt waard troch United Artists ôftanke, nei't Landers en Roberts út jildneed harren filmrjochten ferkeapje moatten hiene.
De nije produsint wie de Italjaansk-Amerikaanske filmmagnaat Dino De Laurentiis, mei syn Dino De Laurentiis Cinematografica, dy't Paramount Pictures oerhelle om 'e finansiering fan 'e film oer te nimmen. Der kaam in budget fan $3,7 miljoen beskikber. Neitiid waard Gerald Wilson ynset om it senario fan Mayes te bewurkjen, mei as spesifike opdracht om 'e haadrol passender te meitsjen foar Charles Bronson. Wilson feroare de namme 'Paul Benjamin' yn 'Paul Kersey', dy syn berop fan boekhâlder yn arsjitekt en syn eftergrûn as feteraan út 'e Twadde Wrâldoarloch yn gewissebeswierde út 'e Koreaanske Oarloch. Ferskate sydplots fan Mayes dy't ûnnedich achte waarden, skraste Wilson út it skript. Regisseur Michael Winner wie de betinker fan 'e begjinsêne, wêryn't Kersey mei de frou op fakânsje is yn Hawaï; noch de roman noch it oarspronklike senario hiene sênes wêryn't de haadpersoan mei syn frou omgie.
Opnamen en postproduksje
bewurkje seksjeDe kamerarezjy fan Death Wish wie yn 'e hannen fan Arthur J. Ornitz, en de filmmontaazje waard fersoarge troch Bernard Gribble. De opnamen fûnen op lokaasje yn New York plak yn 'e winter fan 1973 op 1974. De soundtrack fan 'e film waard makke troch de ferskate kearen mei in Grammy Award bekroande jazzmuzikant Herbie Hancock. De Laurentiis woe oarspronklik in goedkeap Ingelsk orkest ynhiere, mar de doetiidske freondinne fan regisseur Michael Winner wie de jonge Portorikaanske aktrise Sonia Manzano, dy't yn 'e film in kassiêre yn 'e supermerk spilet. Sy wie in fan fan jazz en brocht Winner yn 'e kunde mei it wurk fan Hancock. Dêrnei woed er inkeld dyselde noch hawwe om 'e filmmuzyk te meitsjen.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Death Wish waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Paramount Pictures en om utens troch Columbia Pictures. De film gie op 24 july 1974 yn New York yn premiêre. Yn 1980 waard Death Wish foar it earst útbrocht op VHS-keapfideo, yn 2001 foar it earst op dvd en yn 2014 foar it earst op blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeDeath Wish krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mei't se it net sasear in minne film fûnen, mar benammen yn noed sieten oer de ynfloed dy't it yn harren eagen ymmorele boadskip fan 'e film op 'e Amerikaanske maatskippij hawwe soe. It goedpraten fan figilantisme koe neffens doetiidske resinsinten nammentlik net troch de bûgel, en dêrnjonken wie der ek krityk op it grafyske geweld yn 'e film, benammen de sêne mei de brute mishanneling fan Kersey syn dochter (al is der útsein in bytsje neakenens eins neat fan 'e eigentlike ferkrêfting te sjen).
Vincent Canby fan The New York Times wie ien fan 'e measte útsprutsen kritisy fan Death Wish, in film dy't er yn twa lange artikels wiidweidich ôfrinne liet. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte de film 3 fan 4 stjerren ta om't er him goed makke fûn, al wie ek hy it net iens mei de útdroegen filosofy. Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune joech Death Wish 2 fan 4 stjerren; neffens him besocht de film net iens om oannimlik te wêzen, mar inkeld om 'e sjogger sa fluch yn it ferhaal te beheljen dat er gjin tiid hie om te beseffen hoe absurd it eins is.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Death Wish in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 28 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is ûntsjinstriiber eksploitaazjekost – en ek ûntsjinstriidber effektyf." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Death Wish in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 7 resinsjes.
Ek Brian Garfield, de skriuwer fan 'e oarspronklike roman, wie ûngelokkich mei de úteinlike film, dy't er "oprokkenjend" neamde. De lettere ferfolchfilms fûn er sinleas en "trang" (Ned.: ranzig) om't se figilantisme promoaten wylst syn roman krekt oantoane woe dat dat in heilleaze wei wie.
Resultaat
bewurkje seksjeDeath Wish brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid yn totaal $22 miljoen op. Ofset tsjin it budget fan $3,7 miljoen betsjut dat in winst fan $18,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Foar begripen út 1974 wie de film dêrmei in grut kommersjeel súkses.
Filmsearje en remake
bewurkje seksjeDeath Wish waard letter it earste diel fan 'e filmsearje mei deselde namme, doe't yn 1982 Death Wish II makke waard, mei frijwol itselde ferhaal. Yn 1985, 1987 en 1994 waarden noch trije hieltyd minder wurdearre dielen yn 'e rige makke, eltse kear mei in âldere Charles Bronson yn 'e haadrol. Yn 2018 kaam der in remake fan Death Wish yn 'e bioskopen, dy't ek fan Death Wish hiet. Diskear spile Bruce Willis de haadrol.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
Death Wish (filmsearje) | |
---|---|
Death Wish (1974) • Death Wish II (1982) • Death Wish 3 (1985) • Death Wish 4: The Crackdown (1987) • Death Wish V: The Face of Death (1994) • Death Wish (2018) |