Eva Mendes (Miami, 5 maart 1974) is in Amerikaansk aktrise, model en filmprodusinte fan etnysk Kubaansk komôf. Hja sette har aktearkarriêre ein 1990-er jierren útein, wêrby't hja yn 't earstoan benammen te sjen wie yn B-films. Letter briek Mendes troch mei rollen yn grutte Hollywood-produksjes as Training Day, 2 Fast 2 Furious, Stuck on You, Hitch en We Own the Night. Se is ek aktyf as sjongster en hat û.m. in duët mei sjonger CeeLo Green útbrocht.

Eva Mendes
akteur
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 maart 1974
berteplak Miami (Floarida)
etnisiteit Kubaansk
jierren aktyf 1998 – no
offisjele webside
Eva Mendes yn 'e IMDb

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Mendes waard yn 1974 berne yn Miami, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida, as dochter fan Kubaanske ymmigranten. Nei de skieding fan har âldelju waard se yn it Kalifornyske Glendale, in foarstêd fan Los Angeles, grutbrocht troch har allinnichsteande mem, dy't yn Hollywood yn 'e ferneamde bioskoop Mann's Chinese Theatre wurke en letter in baan yn 'e loftfeartyndustry fûn. Mendes har heit hie in eigen slachterijgruthannel.

 
Eva Mendes yn 2009 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje.

Mendes waard strang roomsk grutbrocht, en Mendes naam it sels in hoartsje yn omtinken en wurd non. Hja folge de middelbere skoalle oan 'e Hoover High School yn Glendale, en learde letter fierder oan 'e Kalifornyske Steatsuniversiteit te Northridge, dêr't se marketing studearre. Dy stúdzje briek se lykwols ôf om in oplieding ta aktrise te folgjen.

Modelle-karriêre

bewurkje seksje

Mendes kaam yn 1996 foar it earst yn 'e belangstelling te stean troch har meiwurking as model oan 'e fideoclip fan it nûmer Miami, fan Will Smith. Datselde jiers wurke hja ek mei oan 'e fideoclip fan it nûmer Se a Vida É (That's the Way Life Is), fan 'e Pet Shop Boys. Yn 1997 wie se te sjen yn 'e clip fan it nûmer Hole in My Soul fan Aerosmith, en yn 2004 wurke se ek mei oan 'e clip fan The End Has No End, fan The Strokes.

Begjin 2000-er jierren waard Mendes it fêste gesicht fan Revlon Cosmetics, as ynternasjonale wurdfierster fan 'e Revlon-kampanje om jild byinoar te bringen foar ûndersyk op it mêd fan boarstkanker. Yn 2007 liet Mendes har, krekt as in protte oare modellen en aktrises, neaken (mar mei de krúsjale lichemsdielen bûten byld) fotografearje foar de anty-bûntkampanje fan 'e dierebeskermingsorganisaasje PETA. It jiers dêrop waard in minder kekene neakenfoto fan har brûkt foar in reklamekampanje fan it Calvin Klein-parfum Secret Obsession; dy foto waard yn 'e Feriene Steaten ferbean.

 
Eva Mendes yn 2009.

Datselde jiers stie Mendes as model op 'e kalinder fan it drankmerk Campari, wylst se dêr ek wurdfierster foar waard. Oare merken dêr't Mendes foar yn 't spier west hat, binne Magnum-iisko's, Cocio-sûkelarjemolke, Thierry Mugler-parfum, Reebok-skuon en Pantène-shampoo. Yn 2011 stie se yn in kleankatalogus fan it Nederlânske warehûs Peek & Cloppenburg. Sels ûntwerpt Mendes ek klean, foar it merk New York & Company. Fierders hat se ek in kolleksje bêdrêding en diggelguod op 'e merk brocht, dy't ferkocht wurde yn 'e warehûskeatling Macy's. Mendes is fierders kreätyf direktrise fan it kosmetikamerk CIRCA Beauty, dat sûnt 2015 eksklusyf troch de Amerikaanske supermerkkeatling Walgreens ferkocht wurdt.

Aktearkarriêre

bewurkje seksje

Mendes har aktearkarriêre begûn nei't in ympressario in foto fan har ûnder eagen krigen hie dy't in freon fan him yn syn portfolio hie. Har earste rol hie se yn 1998 yn 'e horrorfilm Children of the Corn V: Fields of Terror, dy't nea yn 'e bioskopen draaide, mar direkt-op-fideo útbrocht waard. Doe't se de film weromseach wie Mendes teloarsteld oer har prestaasjes, en besleat se in akteartrainer yn te hieren. Neitiid wurke se mei oan oare B-films, lykas A Night at the Roxbury (1998), My Brother the Pig (1999), Urban Legends: Final Cut (2000) en Exit Wounds (2001). Se hie har earste tillefyzjerol yn 1998 yn 'e rige Mortal Kombat: Konquest.

 
Eva Mendes in 2011.

De trochbraak kaam foar Mendes mei har rol as Sara Harris, de mêtresse fan in korrupte plysjeman, yn 'e misdiefilm Training Day (2001). Dêrfoar hie se Denzel Washington en Ethan Hawke as tsjinspilers. It súkses fan dy film besoarge har rollen yn gruttere Hollywood-produksjes. Sa spile se yn 2003 yn 'e autofilm 2 Fast 2 Furious en teffens mei Antonio Banderas en Salma Hayek yn 'e misdiefilm Once Upon a Time in Mexico. Itselde jiers wie Mendes ek te sjen yn 'e skriller Out of Time, op 'e nij mei Denzel Washington, as de (neffens filmkritikus Roger Ebert) "nuveraardich ferjoulike" frou fan in oerhuorrige plysjekommissaris. In fjirde film fan Mendes dy't yn 2003 útkaam, wie de komeedzjefilm Stuck on You, mei Matt Damon en Greg Kinnear, wêryn't se in aspirearjend aktrise spile.

Yn 2005 fertolke Mendes de froulike haadrol yn 'e komeedzjefilm Hitch, mei Will Smith, en yn neifolgjende jierren hie se haadrollen yn films as Guilty Hearts (2005), Trust the Man (2006) en We Own the Night (2007). Yn Ghostrider (2007) fertolke se de rol fan 'e freondinne fan in demoanyske motorrider spile troch Nicolas Cage. Foar Live! (2007) wie Mendes net inkeld aktrise, mar ek útfierend produsinte. Datselde jiers hie se ek in lytse cameo as harsels yn 'e komeedzjefilm Knocked Up, mei Katherine Heigl en Seth Rogen.

Yn 2008 waard Mendes nominearre foar in Golden Raspberry Award foar minste aktrise, foar har rol as rûkersguodferkeapster yn 'e komeedzjefilm The Women, mei Meg Ryan, Annette Bening, Debra Messing en Jada Pinkett Smith. Ek yn 2008 spile se in femme fatale yn 'e film The Spirit, en in jier letter wie se te sjen as prostituee yn 'e misdiefilm The Bad Lieutenant: Port of Call New Orleans, op 'e nij mei Nicolas Cage. Lettere filmrollen hie Mendes û.o. yn The Other Guys (2010) en Last Night (2010), en yn Fast Five (2011) hie se in cameo. Yn 2012 brocht se in besyk oan it Afrikaanske lân Sierra Leöane, dêr't se meiwurke oan 'e dokumintêre Half the Sky: Turning Oppression into Opportunity for Women Worldwide. Dat jiers wie se ek te sjen yn 'e films Girl in Progress en The Place Beyond the Pines, folge troch Lost River (2014). Dat wie har lêste aktearrol oant se yn 2021 as stimaktrise yn in gastrol meiwurke oan in ôflevering fan 'e Australyske tekenfilmsearje Bluey.

 
Evan Mendes yn 2009 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje.

Sjongkarriêre

bewurkje seksje

Yn 2010 song Mendes mei R&B-sjonger CeeLo Green in duët fan it liet Pimps Don't Cry, dat diel útmakke fan 'e soundtrack fan 'e film The Other Guys. Yn 2011 naam se in eigen ferzje op fan it nûmer The Windmills of Your Mind.

Yn 'e ranglist fan 'e 99 meast begearlike froulju fan 'e wrâld, gearstald troch de webside AskMen.com, waard Mendes yn 2008 it fjirde plak taparte, wylst se yn 2009 op it earste plak stie. It tydskrift Maxim joech har yn 2007 it sânde plak en yn 2010 it alfde plak yn in ranglist fan 'e hûndert meast seksy froulju fan 'e wrâld. It Amerikaanske tydskrift People Magazine neamde har yn 2012 de meast kreaze frou fan lykfol hokker leeftyd.

Priveelibben

bewurkje seksje

Mendes gie fan 2002 oant 2010 om mei in George Augusto. Yn septimber 2011 rekke se behelle in relaasje mei akteur Ryan Gosling, har tsjinspiler út 'e film The Place Beyond the Pines. Op 12 septimber 2014 krigen hja in dochterke, Esmeralda Amada. In twadde famke, Amada Lee, waard berne yn maaie 2016. Mendes is in oanhingster fan transendinte meditaasje. Hja is ek peskatariër (yt wol fisk mar gjin fleis), út sawol etyske omtinkens as fanwegen sûnensredens.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1998 Children of the Corn V: Fields of Terror Kir direkt-op-fideo útbrocht
1998 A Night at the Roxbury tsjûge fan 'e breid
1999 My Brother the Pig Matilda
2000 Urban Legends: Final Cut Vanessa Valdeon
2001 Exit Wounds Trish
2001 Training Day Sara
2002 All About the Benjamins Gina
2003 2 Fast 2 Furious Monica Fuentes
2003 Once Upon a Time in Mexico Ajedrez Barillo
2003 Out of Time Alex Díaz Whitlock
2003 Stuck on You April Mercedes
2005 Hitch Sara Melas nom. Teen Choice Award bêste sekssêne
2005 The Wendell Baker Story Doreen
2005 Guilty Hearts Gabriella
2006 Trust the Man Faith Faison
2007 Ghost Rider Roxanne Simpson
2007 Knocked Up harsels cameo
2007 We Own the Night Amada Juarez
2007 Live! Katy Courbet ek útfierend produsinte
2007 Cleaner Ann Norcut
2008 The Women Crystal Allen
2008 The Spirit Sand Saref
2009 Bad Lieutenant: Port of Call New Orleans   Frankie Donnenfeld  
2010 The Other Guys dr. Sheila Gamble nom. Teen Choice Award foar bêste aktrise yn in komeedzjefilm
2010 Last Night Laura Nuñez
2011 Fast Five Monica Fuentes cameo
2012 Holy Motors Kay M.
2012 Girl in Progress Grace Gutierrez
2012 The Place Beyond the Pines Romina Gutierrez
2014 Lost River Cat
tillefyzje
1998 ER Donna gastrol; ôfl. Exodus
1998 Mortal Kombat: Conquest Hanna gastrol; ôfl. Thicker Than Blood
1999 V.I.P. Esmeralda gastrol; ôfl. Val the Hard Way
2000 The Disciples Maria Serranco tillefyzjefilm
2012 Half the Sky harsels dokumintêre
2013 Clear History Jennifer tillefyzjefilm
2021 Bluey yoga-ynstruktrise as stimaktrise; gastrol; ôfl. Born Yesterday
fideoclips
1997 Hole in My Soul nûmer fan Aerosmith
1998 Miami nûmer fan Will Smith
2003 Act a Fool nûmer fan Ludacris
2004 The End Has No End nûmer fan The Strokes

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.