Frysk Sportgala
It Frysk Sportgala is in barren wêrby't ferskate prizen útrikt wurde dy't de sport yn Fryslân en Fryske sporters oanbelangje. It barren wurdt yn 2010 foar it earst organisearre troch de provinsje Fryslân, de gemeente It Hearrenfean, Sportstêd It Hearrenfean, Topsport Stipepunt Noard, De Friesland Zorgverzekeraar en SPORT Fryslân. De priis bestiet út in byldsje fan Pim Mulier ûntwurpen troch keunstner Ruud Peters.
Haadûnderdiel is útrikking fan de Fryske Sportpriis.
- Sjoch ek: List fan Fryske Sportpriiswinners
Fierders wurde yn 7 kategoryen prizen útrikt oan sporters dy't har yn Fryslân op sportgebiet it meast fertsjinstlik makke hawwe:
- Sportstimulearringspriis: sportfrijwilliger
- Sportman, foar de bêste yndividuele manlike sporter
- Sportfrou, oan de bêste yndividuele froulike sporter
- Beheinde sporter
- Sportploech
- Sporttalint, dat op punt fan trochbrekken as topsporter stiet
- Sportpriis Fryske sporten: bêste yndividuele sporter dy't in Fryske sport beoefenet
De oeuvrepriis wurdt takend troch de provinsje Fryslân op foardracht fan de sjuery. By seis kategoryen mei it Fryske pyblyk har stim útbringe. De winners binne foar de helt troch it Fryske publyk bepaald. De oare helte is bepaald troch de nominaasjekommisje. Dizze kommisje wurdt fertsjintwurdige troch sportsjoernalisten fan de Fryske media: Omrop Fryslân, Ljouwerter Krante, Frysk Deiblêd en troch Sport Fryslân en Topsport Noard.
Keatster Afke Hylkema krige yn 2010 de Oevrepriis.
Ferkiezings
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |