Gruttestêdebelied

It gruttestêdebelied (GSB) waard yn 1994 troch de Nederlânske ryksoerheid opset as spearpunt fan it kabinet-Kok I. Hy waard opset ûnder lieding fan steatssekretaris Jacob Kohnstamm (D66), en ûnder it kabinet-Kok II fuortset troch minister Roger van Boxtel (D66). Under de kabinetten-Balkenende ferdwûn it nei de eftergrûn. De minister foar it grutte-stêdebelied en yntegraasje waard ferfongen troch in minister foar Ymmigraasje, Yntegraasje en Asyl.

Gruttestêdebelied (Nederlân)
Amsterdam
Rotterdam
De Haach
Utert
Eindhoven
Tilburch
Grins
Almeare
Breda
Nimwegen
Ynskedee
Apeldoarn
Haarlim
Amersfoart
Arnhim
Saanstêd
Haarlimmermar
De Bosk
Zoetermeer
Swol
Maastricht
Leien
Doardt
Ede
Ljouwert
Emmen
Alfen oan de Ryn
Fenlo
Delft
Dimter
Alkmar
Sittard-Geleen
Helmond
Hearlen
Oss
Hengelo
Roosendaal
Skiedam
Lelystêd
Almelo
Gouda
Hoarn
Assen
Hilfertsom
Amstelfean
Lizzing fan alle stêden út it gruttestêdebeleid (G4 yn giel; G40 yn blau)

Fan G4 nei G44

bewurkje seksje

Under it kabinet-Kok I rjochte it belied him op de fjouwer grutte stêden, De Haach, Utert, Rotterdam en Amsterdam (de G4). Letter waard er útwreide mei 27 grutte en middelgrutte gemeenten (de G27). Op 28 april 2009 kamen dêr de gemeenten Almeare, Apeldoarn, Ede, Haarlimmermar en Zoetermeer (de saneamde Ortega-gemeenten) bij. Mei yngong fan 1 maart 2011 Delft en Gouda, mei yngong fan 1 maaie 2014 Oss,[1] mei yngong fan 25 septimber 2014 Roosendaal,[2] mei yngong fan 20 novimber 2014 Alfen oan de Ryn[3] mei yngong fan 2 desimber 2016 Hoarn, en mei yngong fan 1 jannewaris 2018 Assen en Hilfertsom, dêr't it totaal G32-gemeenten op 40 troch kaam. Nei oanlieding dêrfan besleat it Stêdenetwurk G32 him mei yngong fan 2018 Stêdenetwurk G40 te neamen.[4] Op 1 july 2022 kaam Amstelfean bij it stêdenetwurk G40,[5] dêr't it totaal G40-gemeenten op 41 troch kaam. Dêrmei komt dus it totale tal (middel)grutte stêden op 45. Dat binne de G4 en de G40 (of G27 of G32, nei eardere tallen). Hja wurde byinoar wol de G31-gemeenten neamd, nei it oarspronklike tal.[6]

Boargemaster fan Breda, Paul Depla, is sûnt 15 maart 2019 foarsitter fan it G40-netwurk, dy't er doe oernaam fan syn foargonger, de boargemaster fan Ljouwert Ferd Crone, dy't fan 25 septimber 2014 oant 15 maart 2019 foarsitter wie.

De G4 bestiet út:

De G40-gemeenten binne[7]:

It gruttestêdebelied hat as doel it wenjen, wurkjen en libben yn de 45 grutte stêden te ferbetterjen. Yn it gruttestêdebelied wurdt foar in tiirek fan 5 jier ôfsprutsen hokker resultaten op ferskate mêden helle wurde moatte. Yn it belied wurdt oan de stêden oerlitten hoe't dy resultaten helle wurde sillen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. G32 verwelkomt gemeente Oss als 35ste lid (argivearre)
  2. G32 verwelkomt 36e lid: gemeente Roosendaal (argivearre)
  3. G32 verwelkomt 37e lid: gemeente Alphen aan den Rijn (argivearre)
  4. Stedennetwerk G32 gaat door als G40, Stêdenetwurk G40, 15 febrewaris 2018
  5. Amstelveen is nieuw lid geworden www.g40stednnetwerk.nl Oproppen 20 novimber 2022
  6. De terminology is dus in bytsje betiisd; sjoch ûnder "Keppelings om utens" foar it aktuele brûken fan de term G32, sjoch bygelyks [1] foar it brûken yn 2013 fan de termen G27 en G31. De termen G32 en G31 wurde almeast net beide yn deselde tekst brûkt.
  7. 41 stêden www.g40stedennetwerk.nl Oproppen op 20 novimber 2022