Hala Gorani (folút: Hala Basha-Gorani; Arabysk: هالة باشا غوراني, sekuere transliteraasje: Halaẗ Baša-Ġuranī; Seattle, 1 maart 1970), is in Amerikaansk sjoernaliste, ferslachjouster, nijslêzeresse en presintatrise fan mingd Frânsk-Syrysk etnysk komôf. Hja is ien fan 'e bekendste gesichten fan 'e Amerikaanske Ingelsktalige wrâldnijsstjoerder CNN. As korrespondinte yn it Midden-Easten die se ferslach fan withoefolle dramatyske en nijsgjirrige nijsferhalen. Letter wurke se lange tiid benammentlik as nijslêzeresse/presintatrise, fanút it CNN Center yn Atlanta. Gorani hat mei har wurk ferskate prizen wûn, sawol foar harsels, as foar har wurkjouwer CNN.

Hala Gorani
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hala Basha-Gorani (هالة باشا غوراني)
nasjonaliteit Amerikaansk
Frânsk
berne 1 maart 1970
berteplak Seattle (Washington)
etnisiteit Frânsk
Syrysk-Arabysk
wurkpaad
wurksum as nijslêzeresse, ferslachjouster,
presintatrise, sjoernaliste
medium tillefyzje
wurksum by CNN International
bekend fan The World Right Now
jierren aktyf 1988 – no
prizen Edward R. Murrow Award 2006
Gouden Nimf 2010
Emmy Award 2011
offisjele webside
Hala Gorani op Twitter

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Hala Gorani waard yn 1970 berne yn Seattle, yn 'e steat Washington, mar se groeide fierhinne op yn it Frânske Parys, en libbe ek in hoart yn Algerije. Har foarnamme komt yn it Arabysk in soad foar en betsjut "strielekrâns". Gorani studearre ekonomy oan 'e George Mason Universiteit te Fairfax, yn Firginia, ûnder de reek fan 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dêr't se in bachelorstitel behelle. Letter learde se fierder oan it Institut d'études politiques, yn Parys, dêr't se yn 1995 ôfstudearre. Hja sprekt û.m. floeiend Ingelsk, Frânsk en Arabysk, en beskôget Parys, dêr't har mem wennet, as har thús.

Sjoernalistike karriêre

bewurkje seksje

Gorani sette al yn har studintetiid útein mei in karriêre as ferslachjouster, by de regionale Frânske stjoerder La Voix du Nord ("De Stim fan it Noarden"), en by it parse-agintskip AFP. Yn 1994 krige se in baan by de stjoerder France 3. Nei in perioade by Bloomberg Television, yn Londen, joech se har yn 1998 by CNN as presintatrise fan it op Jeropa rjochte moarnsitensprogramma CNN Today. Letter naam se ferskate kearen in hoart in post as korrespondinte op har, û.m. yn Saûdy-Araabje, Irak, Israel, Jordaanje en Palestina.

Yn novimber 2005 wie Gorani as ien fan 'e earste tillefyzjeferslachjouwers op it plak oanwêzich yn 'e Jordaanske haadstêd Amman, nei't Al-Qaida dêr selsmoardoanslaggen op twa hotels útfierd hie. Earder dat jier hie se oer de weromlûking fan Israel út 'e Gazastripe berjochte. Yn 2006 die se fan 'e Libaneeske kant ôf ferslach fan 'e Israelysk-Libaneeske Oarloch, wat CNN in Edward R. Murrow Award opsmiet. Lange tiid presintearre Gorani ek it programma Inside the Middle East, dat it Midden-Easten neier yn eagenskou naam. Dêrby brocht se in ferskaat oan kleurrike en ta neitinken stimmende ferhalen nei bûten ta, lykas de earmoede yn it oaljerike Bachrein, it drege bestean fan keunstners yn it hjoeddeistige Irak, en homoseksualiteit yn it Midden-Easten. Dat lêste ûnderwerp wie noch nea earder op 'e ynternasjonale tillefyzje yn it nijs kommen; dêrfandinne dat Gorani foar dy reportaazje nominearre waard foar in GLAAD Media Award fan 'e Amerikaanske homorjochte-organisaasje Gay and Lesbian Alliance Against Defamation.

Fan 2008 oant 2014 wie Gorani yn 'e Feriene Steaten stasjonearre, en wurke se yn 'e regel fanút it CNN Center, yn Atlanta. Oant 2009 presintearre se mei kollega Jim Clancy it programma Your World Today. Dêrnei hie se ferskate eigen programma's. Njonken har presintear-aktiviteiten waard Gorani by grutte nijsferhalen noch geregeldwei útstjoerd. Yn 2010 die se ferslach fan 'e ferwuostgjende ierdbeving yn Haïty, dêr't se foar CNN in Gouden Nimf mei wûn op it Telefyzjefestival fan Monte Carlo, ien fan 'e heechste prizen op it mêd fan ynternasjonale nijsferslachjouwing. Gorani wie ek ien fan 'e korrespondinten dy't foar harren ferslachjouwing oer de fal fan 'e Egyptyske presidint Mubarak yn 2011 in prestizjeuze Emmy Award krigen yn 'e kategory "nijs en dokumintêre". Yn 2012 holpen har reportaazjes oer de Arabyske Maityd yn Egypte en Jordaanje CNN om in Peabody Award te winnen.

Yn 2014 kearde Gorani werom nei Jeropa, dêr't se no fanút it regionale CNN-haadkertier yn it Britske Londen wurket, en it programma The World Right Now presintearret. Gorani hat troch de jierren hinne ûnder mear fraachpetearen dien mei de Amerikaanske âld-presidint Jimmy Carter; de Britske âld-premier Tony Blair; Amr Moussa, de siktaris-generaal fan 'e Arabyske Liga; de (fermoarde) Libaneeske premier Rafik Hariri; de Palestynske topûnderhannelder Saeb Erekat; de Iraakske premier Nouri al-Maliki; de Israelyske âld-premier Ehud Barak; de Israelyske presidint Shimon Peres; de Dalai Lama; de ferneamde joadske skriuwer Elie Wiesel; en de Frânske presidintsfrou Carla Bruni. Oer har eigen politike en religieuze oertsjûgings wol Gorani gjin útspraken dwaan, neffens eigen sizzen om har sjoernalistike neutraliteit net te skansearjen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.