Maskwacis

(Trochferwiisd fan Hobbema (Alberta))

Maskwacis (útspr.: ['mʌskwətʃi:s]; likernôch: "mas-kwuh-tsjiis") is in gemeentefrije delsetting (unincorporated community) yn it sintrale diel fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta. De namme betsjut "Beareheuvels" yn it Kry, de taal fan 'e pleatslike Yndiaanske befolking. Foar 1 jannewaris 2014 hiet it doarp Hobbema. In diel fan Maskwacis foarmet in buorskip yn Ponoka County. Neffens gegevens út 2011 hie Maskwacis yn 2011 in befolking fan rom 7.600 minsken.

Maskwacis
Bestjoer
Lân Kanada
Provinsje Alberta
County Ponoka County
Sifers
Ynwennertal 7.642 (2011)
Oerflak ûnbekend
Befolkingsticht. ûnbekend
Oar
Stifting 1891
Tiidsône UTC –7
Simmertiid UTC –6
Koördinaten 52°49′36″N 113°27′06″W
Kaart
Maskwacis (Alberta)
Maskwacis
Lizzing yn Alberta.

Maskwacis leit by de krusing fan Alberta Highway 2A mei Alberta Highway 611, op in ôfstân fan likernôch 70 km súdlik fan 'e stêd Edmonton. It leit op 'e grins fan Ponoka County mei it Ermineskin Yndianereservaat 138, fan 'e Ermineskin Kry Naasje, en it Samson Yndianereservaat 137, fan 'e Samson Kry Naasje. It noardlike diel fan it doarp leit yn it Ermineskin Reservaat, westlik fan Highway 2A, wylst it súdlike diel yn it Samson Reservaat leit, eastlik fan Highway 2A en oan 'e noardkant fan Highway 611. It restearjende diel fan it doarp leit binnen de grinzen fan Ponoka County, oan 'e westkant fan Highway 2A, lyk foar it diel oer dat yn it Samson Reservaat leit, en besuden it diel yn it Ermineskin Reservaat.

De krite dêr't Maskwacis no leit, stie oarspronklik (d.w.s. foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan Alberta troch de blanken) bekend as Maskwacis: de Beareheuvels. Yn 1884 en 1885 besocht de misjonaris Constantine Sollen der in roomske missypost op te setten, dy't er Bear Hills neame woe. Dat rûn lykwols op 'e non, hoewol't Sollen en in opperhaad dat Koartsturt (Bobtail) hiet, ûnder de Noardwestlike Opstân de pleatslike krigers derfan wisten te wjerhâlden om har by de rebûlje te jaan.

As doarp waard Maskwacis yn 1891 stifte, doe't de Calgary and Edmonton Railway troch de krite hinne oanlein waard. De delsetting krige doe de namme Hobbema, nei de Fryske keunstskilder Meindert Hobbema. Yn 'e tweintichste iuw stie yn Hobbema de Ermineskin Indian Residential School, in ynternaat foar Yndiaanske bern, dy't dêr skaat fan harren âlden grutbrocht waarden mei as doel om harren har eigen taal, leauwe en kultuer te ûntnimmen.

Yn 2008 krige Hobbema yn Kanada nasjonale bekendheid troch de swierrichheden mei misdie en geweld troch strjitbindes. Doe waard de saneamde Hobbema Cadet Corp oprjochte, mei as doel om bern jonger as acht jier fan 'e strjitte te hâlden. Yn 2013 waard besletten om 'e namme Hobbema te feroarjen yn Maskwacis. Yn it foarste plak wie dat de oarspronklike namme yn 'e taal fan 'e measte bewenners, en teffens hie Hobbema troch de problemen mei misdie in minne byklank krigen. De nammeferoaring waard om midsnacht op 1 jannewaris 2014 offisjeel.

Maskwacis hjoed de dei

bewurkje seksje

Maskwacis is yn haadsaak in Yndiaanske delsetting, dy't as regionaal sintrum tsjinnet foar fjouwer troch it Kanadeeske federale regear erkende stammen fan 'e Kry-Yndianen. Dy fjouwer stammen steane pleatslik bekend as 'de fjouwer naasjes'. It binne de Erminskin Kry Naasje, de Samson Kry Naasje, de Louis Bull Earste Naasje en de Montana Earste Naasje.

Yn Maskwacis binne in arbeidsburo en in klinyk fêstige, en ek it Maskwachees Cultural College, in middelbere skoalle. Fierders stiet yn it doarp it tillefyzjestasjon CHOB-TV en it Pê Sâkâstêw Sintrum, in minimaal befeilige tichthûs dat basearre is op Yndiaanske genêzingsprosessen. Eltse simmer is Maskwacis it toaniel fan in grutte powwow.

Neffens gegevens út 2011 hie Maskwacis doe 60 ynwenners, op in oerflak fan 2,7 hektare, mar dy sifers omfiemen inkeld it diel fan it doarp dat troch Statistics Canada erkend wurdt as designated place, binnen de grinzen fan Ponoka County. De befolking fan 'e reservaten fan 'e fjouwer Kry-stammen bedroech dat jiers lykwols 7.582 (3.746 fan 'e Samson Kry Naasje; 1.874 fan 'e Ermineskin Kry Naasje; 1.309 fan 'e Louis Bull Earste Naasje; en 653 fan 'e Montana Earste Naasje). Yn totaal hie Maskwacis yn 2011 sadwaande 7.642 ynwenners, al wenne in part dêrfan bûtenút, op 'e romte.

Berne yn Maskwacis

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.