It Hotel Lauswolt of it Lângoed Lauswolt is in eardere bûtenpleats yn it Fryske doarp Beetstersweach, dy't sûnt healwei de tweintichste iuw as hotel en resort tsjinst docht. It lângoed beskikt, njonken it tige deftige eigentlike hotelgebou, ek oer in heech oanskreaun restaurant, in golfbaan en oare foarsjennings. De namme 'Lauswolt' is yn Fryslân ferneamd, en is suver synonym mei lúkse en beslettenens. Yn it hotel útfanhûzje gauris ferneamde persoanen, en yn 2007 wie it it toaniel fan 'e Nederlânske kabinetsformaasje. Oant mids 2018 makke Lauswolt diel út fan 'e hotelkeatling Bilderberg.

Hotel Lauswolt
algemien
hist. namme Lângoed Lauswolt
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor horeka (hotel en resort)
fêstige yn Beetstersweach (Fryslân)
oprjochte 1954
oprjochter AFLM
eigner Stifting FB Oranjewâld
offisjele webside
www.lauswolt.nl

Lauswolt is ferneamd nei de oarspronklike einierde famylje dy't op it stee wenne, de famylje Lauswolt fan Beetstersweach. De namme 'Lauswolt' komt (yn it Nederlânsk) ek foar as plaknamme Lauswold, Louwswoud en Louswolt. It tinken is dat it in ôflieding is fan 'e jongesnamme Nikolaas, yn it Dútsk Nikolaus. It lêste diel fan 'e gearstalling, "-wolt", kin yn it Frysk oerset wurde as "wâld", mar kin sawol op bosk as op heide slaan.

It oarspronklike hûs Lauswolt waard boud yn 'e santjinde iuw en wurdt foar it earst yn histoaryske stikken neamd yn 1631. De earste eigner fan it lângoed wie de famylje Lauswolt fan Beetstersweach, dy't yn 'e omkriten fan it doarp in stikmannich pleatsen besiet. Yn 'e rin fan de njoggentjinde iuw kaam Lauswolt yn eigendom fan jonkhear Jan Anne Lycklama à Nijeholt, de boargemaster fan Opsterlân. Mids 1860-er jierren joech de nije eigner opdracht oan 'e Uterter arsjitekt Samuel Adrianus van Lunteren (1813-1877) om op syn lângoed in hearehûs te setten. Dat wie it hjoeddeistige Lauswolt, dat yn 1867 reekaam.[1]

 
It Hotel Lauswolt fan 'e loft út besjoen.

Jan Anne syn soan Augustinus Lycklama à Nijeholt wie de earste bewenner fan Lauswolt. Hy ferbleau der lykwols net lang, mei't er nei syn houlik, yn 1872, rillegau ferfear nei de buorren fan Beetstersweach. Yn 1878 ferkocht de famylje Lycklama à Nijeholt de bûtenpleats Lauswolt foar ƒ100.000 oan Reinhard baron van Harinxma thoe Slooten. Augustinus Lycklama à Nijeholt útfanhuze neitiid geregeldwei yn it hûs fan syn heit en nei har ferstjerren yn dat fan syn suster, it Lycklamahûs, yn Beetstersweach.[2] Van Harinxma thoe Slooten bewenne Lauswolt mei syn beide bern en húshâldster oant syn dea yn 1928. Syn dochter Adriana, dy't troud wie mei in Jan Bieruma Oosting fan It Oranjewâld, urf it lângoed doe, en liet it gebou ferbouwe troch arsjitekt Willem Gerretsen en de yndieling fan 'e tún oanpasse troch S. Voorhoeve.

Yn 1954 kaam Lauswolt yn it besit fan 'e Algemiene Fryske Libbensfersekering Maatskippij (AFLM). Fan it hearehûs waard doe in hotel makke, dat al gau bekend kaam te stean om syn lúkse, dy't it ta in ûntwyk foar de Nederlânske hegerein makke. Yn 1990 waard it hotel ferkocht oan 'e Bilderberggroep, in ynternasjonaal operearjende Nederlânske hotelkeatling.[1] Mids 2018 waard bekend dat Bilderberg Lauswolt foar 6,8 miljoen ferkocht hie oan FB Oranjewâld, dy't ek eigner is fan it Lângoed It Oranjewâld. Reden dêrfoar wie dat Bilderberg yn 2017 sels oernommen wie troch de Singapoereeske First Sponsor Group en it Dútske Event Hotels. It belied fan 'e nije eigners wie om har te konsintrearjen op 'e stêden, en it lanlik sitewearre Lauswolt paste net yn dat plaatsje.[1]

Kabinetsformaasje

bewurkje seksje
 
In diel fan 'e eftergevel mei yngong.

Begjin jannewaris 2007 wie Hotel Lauswolt it toaniel fan besprekkings foar de kabinetsformaasje fan Nederlân (2006-2007). Dielnimmers dêroan wiene ynformateur Herman Wijffels en partijlieders Jan Peter Balkenende (CDA), Wouter Bos (PvdA) en André Rouvoet (KristenUny). Letter soe Balkenende sizze dat yn Beetstersweach de basis lein wie foar de formaasje fan it Kabinet-Balkenende IV.

Foarsjennings

bewurkje seksje

Hotel Lauswolt telt 65 lúksueuze hotelsuites. Fierders binne yn it hotelgebou ek Bistro Nijholt en it restaurant De Heeren van Harinxma húsfêste. Sjef-kok Marc van Gullick soarge dat it restaurant fan 2001 oant 2006 in Michelinstjer hie. Letter waard op 'e nij in Michelinstjer byinoar-itensean troch sjef-kok Arjan Bisschop.[1] Lauswolt beskikt ek oer in golfbaan fan 18 holes fan 'e Golf & Country Club Lauswolt.

Op ien fan de pleatsen fan it Lângoed Lauswolt wenne oant syn ferstjerren yn 2019 de ferneamde akteur Rutger Hauer.[3]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 Hellinga, Jaap, Hotel Lauswolt aan FB Oranjewoud verkocht, yn: de Ljouwerter Krante, 12 juny 2018, s. 22.
  2. Ynformaasje oer it Lycklamahuis te Beetsterzwaag.
  3. Landgoed Lauswolt